donderdag 29 september 2011

Eastfrysk folksferhaal oan de basis fan 'oudewijvenzomer'?

Ik krige hjoed in mailtsje fan Johan Veenstra dy’t it hie oer de ooldewievezoemer, yn it Hollânsk de oudewijvenzomer. Hat it Frysk ek net in moai wurd foar sokke simmerske dagen yn septimber en oktober? Ik ha it net fine kind.

De Sweden neame dizze dagen Brittsommar, nei de hillige Brigitta, yn Engelân sizze se St. Luke’s little summer, yn Frankryk l’été de St. Dénis, yn Itaalje de simmer fan Theresia. Dus dêr wurde hilligenammen brûkt. Indian summer, sizze se yn Amearika.

Yn Dútslân (Altweibersommer), yn Tsjechië (babí léto) en yn Ruslân (babje ljeto) is de heidenske oarsprong better bewarre bleaun en wurdt referearre oan Noars-Germaanske mytology. Nei analogy fan de triedden dy’t spintsjes spinne yn dizze tiid fan it jier, wurdt wiisd op needlotsgoadinnen (Nornen) dy’t de triedden fan it minsklik libben spinne. Mar ek kinne de ‘âlde wiven’ weromfierd wurde op in froulike wettergeast mei lang wyt hier.

Yn dy lêste betsjutting liket it derop dat it ferbân tusken it simmerwaar yn dizze tiid fan it jier en âlde wiven in (east-)Fryske oarsprong hat. De wetterheks Mettje, dy’t oan de mûning fan de Weser wennet, is skuldich oan de legende. De iennichste boarne dy’t ik fine kinnen ha is in roman fan Heinrich Lübben (1883-1934), in pedagooch en zoölooch út Bremerhaven dy’t ûnder de skriuwersnamme Garlich Ferking it boek Der Bruderkuss. Ein Friesenroman skreau (Friesen-Verlag, Bremen/Wilhelmshaven 1922). Ik jou it fragmint:

Die Mettje spinnt, sagt der Bauer, die Wetterhexe. (..)
Aber die Mettje ist eine fleißige Spinnerin, das muss man ihr lassen. Sie spinnt und webt den Totenschleier des Landes, das im Glaste der Herbstsonne daliegt, und sie bessert die Schäden, die der späte Erntewagen in ihren Schleier riss, schnell wieder aus. –
Oder ist das graue Gewebe vielleicht gar schon wieder der Brautschleier der Erde für das nächste Jahr?
Ja, morgen wohl kommt schon der Bauer wieder mit dem Pfluggespann und gräbt neue Furchen. Der immer wieder jungfräuliche Boden der Marsch öffnet seinen Schoß und empfängt die Wintersaat, und wieder wenige Tage später braust der Novembersturm über das besamte flache Land.
Dann zieht die Mettje sich müde zurück in ihr feuchtes Reich, in Gräben und Sümpfe, und grollt dem Menschen, der sich nicht kümmert um ihre mühevolle Arbeit.
Dann liegt sie da und brütet Rachepläne aus.
Lasst nur den Winter kommen, dann lockt sie Euch aufs schwache Eis des Fleets, Ihr Kinder, und zieht Euch grausig lachend in die Tiefen.


Dat, as der oars net in aardich wurd yn it Frysk is, soe ik útstelle wolle: metsjesimmer.

*

UPDATE: In korrespondint út Heiloo meldt it folgjende:

“Op http://nl.wikipedia.org/wiki/Tessels vond ik dit:

‘Ook de vogelstand heeft het dialect sterk verrijkt met woorden en uitdrukkingen. Als het in april zachtjes, welhaast warm regent, regent it grâs en kiewieseiers. Mooi voorjaarsweer is heendekukeltjesweer, terwijl helder weer in oktober, als de lijstertrek op gang komt, liesterweer heet. Wie zich 's zomers heerlijk zit te koesteren in de warmte, zit as ien lieuwerik in it seuersontje. De schemering gaat op Texel gepaard met het naar de bossen vliegen van de houtsnippen, en daarom heet de schemering ook wel snippevluchie. Heerlijk najaarsweer (als de Amerikaanse Indian summer) heet kroaieseumer, omdat er dan veel kraaien over de dorpen vliegen.’

Het Tessels is volgens deze website onderdeel van het West-Fries en daarmee ook verbonden met het Fries. Misschien moeten we het voor de Friese variant van oudewijvenzomer ook in de sfeer van de vogels zoeken.

Er zijn meer Westfriese woorden die bewaren wat in Friesland verloren gaat. Piet Paulusma heeft het altijd over ‘wynstjitten’ terwijl hij ‘wynpûsten’ bedoeld. Een ‘stjit’ is volgens mij vooral een stoot met de elleboog. In West-Friesland zeggen ze als het hard waait: ‘er staat een puist wind’. 

Wie weet was het dus ooit ‘roekesimmer’ en verwijst dat ook nog eens naar Wodan. Metsje nog maar even in de wachtkamer houden?”

zaterdag 24 september 2011

grien grut wurdboek

                                foar dat

op de earste dei fûn de dichter de letter b út
                               en de loft kleure blau

hy folle de loft mei grutte kloften skiere fûgels
                              en sei boem

it reinde grize fearren oer it lege boerelân

op dei twa
luts er in streekrjochte line om de see te kearen
                              hy sei nee
                              tsjin de grize see

de tredde dei baarnde er in kearske
te witten in kearske foar in dream

de fjirde dei bombardearre er himsels ta sjef
                              fan it oanbegjin
                              it wurd dat er spruts
waard in beam om it libben omhinne te lizzen

op dei fiif
siedde er in bytsje goudstof
yn de opswolle fuorge fan ’e taal
                              hoe’t it tille soe fan de koalsiedgiele minsk

op dei seis socht er nei in god
om it tsjin te sizzen

op dei sân
              stie syn eigen
                               grien grut wurdboek
                                                 net te dwêsten yn ’e brân

KOLLUM (15): Unbetsjuttende tekst oer monumintaal dichtwurk

Wat binne de minimale easken dy’t men oan in yn- of útlieding by de samle fersen fan in grut dichter stelle mei? Wat soe de skriuwer fan sa’n yn- of útlieding besykje moatte, ek al is er miskien net werklik, troch it ûntbrekken fan analytysk en/of syntetisearjend talint, skriuwfermogen of simpelwei feeling foar poëzij, by steat om te slagjen yn syn opdracht?

Wat mei de poëzij sels, dy’t yn syn hiele hear en fear op dy lêste, dy alderlêste operaasjetafel lein wurdt, ferwachtsje fan in besprekker dy’t mient dat einoardiel in poeticis ferwurdzje te sillen?

En wêr freget de Fryske literatuer om, dêr’t de dichter him yn bejoech?

Sûnt de ferskining, okkeries, fan de Samle Fersen fan Douwe Annes Tamminga (1909-2002) by de Friese Pers Boekerij is ien ding dúdlik: dy literatuer wol yn alle gefallen dat frou Tineke Steenmeijer-Wielenga, eartiids direkteur fan it FLMD, hokker oare fertsjinsten sy ek hat, noait wer in ynlieding op samle fersen skriuwt. Dat sis ik, om te begjinnen, de NachtRider nei. En ik mei lije dat dit no werklik de lêste kear west hat dat de redaksje fan de Holder-Rige, in kommisje ûnder auspisiën fan de Fryske Akademy, har frege hat om sa’n put wurk te fersetten.

Komselden ha ik my as leafhawwer fan Fryske poëzij, dy machtige tún dêr’t ik sels sa út en troch ek in hoeke fan omhakje en byknippe mei, sa teloarsteld field nei it lêzen fan in yn- of útlieding op samle fersen. Earlik, ik bin der suver fan slach fan.

Sa monumintaal it dichtwurk fan Tamminga is, sa ûnbetsjuttend is dizze tekst oer dat dichtwurk.

Sa fol fan tiidleaze taalmacht en fakmanskip it dichtwurk fan Tamminga is, sa lam, fantasij- en ynspiraasjeleas binne de hjir en dêr byinoar liende wurden dêr’t it dizze jonge ieu mei ynstjoerd wurdt.

Sa grutsk de Fryske literatuer wêze mei op Tamminga, sa fûl moat dyselde literatuer yn opstân komme tsjin ympresjonistyske, recycljende, al te maklike, al te gau thús wêze wollende, oeuvres fan harren kontekst rôvjende, oeuvres dus net allinnich fan harren literêr-histoaryske mar ek fan harren hjoeddeistige betsjutting ôfsnijende wizen fan yn- of útlieden.

En nee, ik ha gjin nocht om it allegear mar wer út te lizzen en út te tekenjen en om hjir wer twa nachten korreksjewurk te dwaan yn tsjinst fan, yn dit gefal, Douwe Annes Tamminga.

Want dat is sa’n grut dichter, syn wurk kin it maklik ôf sûnder myn help.

Jo moatte sels mar sjen hoe en wat. Mar it soe dêrby, by jo mieningsfoarming bedoel ik, goed wêze en hâld it rychje fragen út de earste alinea's fan dit stikje yn ’e achterholle. Keapje en lês dit fierder prachtich fersoarge boek, dat ien fan de wichtichste Frysktalige poëzij-oeuvres fan de ôfrûne ieu befettet – al wit Tineke Steenmeijer-Wielenga net wêrom’t dat sa is, want sy seit it allinnich oaren mar nei.