dinsdag 5 mei 2026

It fatale hobbyisme yn 'e Fryske literatuer

 


Net-profesjonele oanpak, beunhazerij, amateurisme, dat binne de meast gongbere synonimen fan ‘hobbyisme’. Hat de Fryske literatuer dêr slim fan te lijen?

De lju dy’t yn Fryslân it provinsjale kultuerbelied mei-meitsje, en de spesjalisten dy’t om advys frege wurdt, sille fansels net fan hobbyisme beskuldige wurde wolle. Mar Josse de Haan skreau it al yn 1970 yn Trotwaer: ‘It hobbyistysk amateurisme wurdt heech oanslein’ yn in Frysk-kultureel klimaat dat ‘bepaald wurdt troch in to min oan geastlike fleksibiliteit, in brek oan fantasije en in burokratyske starheit by de pommeranten’.

Wat wurdt hjir bedoeld mei ‘hobbyistysk’? Hast alle skriuwers binne yn profesjonele sin ‘hobbyisten’. Se kinne net fan har pinne bestean. Se ha ek gjin diploma noadich. Skriuwer is gjin beskerme berop. Elkenien mei himsels of in oar sa neame. Slim ferkeard is dat allegear net. Men soe maklik úthâlde kinne: út it bêste hobbyisme komt de nijsgjirrichste literatuer nei foarren. It ferwyt dat yn it wurd hobbyisme besletten leit, sa’t De Haan it brûkte, treft dus net de skriuwers sasear as wol oare spilers yn it literêre fjild. Bygelyks útjouwers, redaksjes fan tydskriften, sjuerys fan literêre prizen, bestjoeren fan ynstituten en stichtingen. De opstellers en útfierders fan kultuerbelied.

‘A-visionêre krêften’

Josse de Haan wie, lykas bekend, net in master yn de keunst fan de nuânse, noch in grut leafhawwer fan it understatement. Yn syn swart-wyt skema’s steane altyd himelbestoarmjende ‘fernijers’ lyk foaroer ‘de ‘a-visionêre krêften, de neipraters, de kranteknippers [dy’t] hjir de tsjinst útmeitsje’. De flamboyante keunstner set him ôf tsjin de saaie burokraat; de fisionêr tsjin de behâldsucht; de revolúsjonêr tsjin de stilstân. Dy romantyk fan de jierren sechstich mei syn skerpe tsjinstellingen, ‘sweeping statements’ en útdruklike rop om feroaring – needsaaklik om troch it neigeslacht as ‘avant-gardist’ betitele wurde te kinnen – docht ús no miskien wat datearre oan. Mar De Haan syn hammer rekke wolris in spiker.

Want yndie hat yn in lytse, minderheidstalige literatuer de Fryske de skriuwer in oare, minder feilige, minder ‘autonome’ posysje yn it literêre fjild as yn in gruttere, mearderheids- of steatstalige literatuer. Hy moat fûler fan him ôfbite en tagelyk mear minsken te freon hâlde. Hy is skriuwer, net op it foarste plak tanksij in publyk, want fan de ferkeap kin er net bestean; hy is skriuwer tanksij de meiwurking fan oare spilers yn it fjild dy’t him syn posysje ‘taskikke’. It tal oare spilers dat dêrby in rol hat is relatyf grut yn in lytse literatuer. In literatuer dy’t foaral om ’e taal wurdearre wurdt, dy’t ynkapsele is yn polityk-burokratyske beskerming, en dy’t dêrom ûnderwerp is fan yntinsive ynstitúsjonele begeleiding cq. stjoering.

Wat is yn dat fermidden dan ‘fataal hobbyisme’? It moat eat te krijen hawwe mei goede bedoelingen, mar mindere resultaten. Mei it net foldwaan oan in kwaliteitsnoarm. Miskien om’t men it langer net iens is oer wat kwaliteitsnoarmen binne, of om’t men it leaver hielendal net mear oer noarmen hawwe wol. Sa’n dúdlik, algemien akseptearre en breed útdroegen ideaal dat neistribbe wurde moast, in ideaal dat ek droegen waard yn sosjale en kulturele netwurken en dat as noarm funksjonearre, wie bygelyks fan de njoggentjinde iuw ôf it ideaal fan in libbene, sa kompleet mooglike Fryske, dat wol sizze Frysktalige literatuer.

Ideaal by de dyk

It liket derop dat it Fryske literêre fjild fan hjoed-de-dei dat ideaal by de dyk set hat. Dy’t eagen hat om te sjen, sjocht de kontener al stean, fannacht delset doe’t wy allegear sliepten. Ensafh runt syn blochrubryk op basis fan persoanlike ditsjes en datsjes, De Moanne pleitet foar mear Nederlânsktalige literatuer yn De Moanne, Gysbert-sjuerys witte saneamd langer net hoe’t it heart,  Explore the North leveret saneamd essinsjele bydragen oan it behâld fan it Frysk.

It behâld fan it Frysk – dat doel rint gau út op fataal hobbyisme. Dy hiele ynstitúsjonele Fryske ‘skyl’ om de skriuwer hinne wie ynfrastruktureel behindere om taal en literatuer te skieden; literatuer waard yn it sintsje set om ’e taal, net om ’e keunst. Foar in grut part is dat noch sa. Mar wilens hat in nije generaasje him oantsjinne, dy’t taal oeral weihellet. Op it Frysk komt it net sa mear oan. Fan ’e weromstuit smite no semy-oerheidsynstellingen as City of Literature en De Moanne har op de kommersjele promoasje fan artistike meartalichheid. Oer wat dat foar it Frysk betsjut, praat yn oerheidsrûnten leaver net ien. Fataal hobbyisme seit: wy ha in Taalplan.

Dan is it wol moai om te sjen dat fan ûnderop, organisearre troch It Skriuwersbûn, esseeskriuwerij plaktfynt dy’t wat om ’e hakken hat. Yn it Frysk. De priiswinnende ynstjoeringen – ik mocht yn de sjuery sitte – wurde publisearre yn in kommende ôflevering fan ensafh.

Ik tink dat Josse de Haan in produkt wie fan de skyl, mar der likegoed bang fan wie. En hy hie gelyk. Foar de skyl, en soms ek foar de net-Fryske bûtenwrâld, wie er in Fryske, net in algemiene skriuwer. En sels op dat beheinde, lytse Fryske plakje wie er net eigen baas oer syn keunst, want der wiene blêden en rieden en kommisjes. Mar dy hiene wol mienskiplik dat se har allegear uterje moasten, op ien of oare wize, oer Fryske literatuer. Dêr’t De Haan in produsint fan wie. En dêr ûntliende er wol in fjildopstelling oan.

Sirkwys, media en poadia

No – dat wol sizze yn it oanbrutsen tiidrek fan it fataal hobbyisme – is net inkeld de opstelling weimoeze, ek it fjild is net werom te kennen. Je kinne suver net iens mear prate fan in fjild yn kultuersosjologysk opsicht. Der binne ‘sirkwys’ en ‘media’ en ‘poadia’ dêr’t it Frysk in gruttere of lytsere rol spilet. Faak binne dy ferbûn mei subsidiearjende (semy-)oerheidynstellingen dy’t it ûnderstypjen fan it Frysk – wat? hoe? wannear? wêrom? – ‘derby’ dogge.

Meastal hat de subsydzjejouwer ek noch in hiele trits oare easken, duorsum, grien, froufreonlik, tagonklik foar behinderen, respektfol foar dy-en-dy oare groepen, gjin abstrakte taal brûke. Yn ferwachtingspatroanen dy’t troch media oproppen of útlokke wurde, stiet it Frysk net op in hiel prominint plak. Dêr’t dat wol sa is, sprekt jo Provinsje. Dat allegear befoarderet fataal hobbyisme. Fataal, om’t it fjild himsels langer net definiearret cq. it der langer net oer iens is, en it ek net besiket te wurden, oer wat ta ‘de Fryske literatuer’ rekkene wurde moat, en wat literatuer ûnderskiedt fan multymediale poadiumkeunst.

Oan no ta blykt net folle selsreflektyf ferlet om dat ‘útinoar fallen’ fan it Fryske literêre fjild en de dêrmei ferbûne feroaringen yn de posysje fan Fryske skriuwers (en útjouwers) yn kaart te bringen. Elk hat it te drok mei syn eigen beheinde toko. It tilt op fan ’e frijwilligersfergoedingen en de fergoedingen it letterteken; de kranteknippers wurde beselskippe fan ’e bontsjefregers, de beursûntfangers fan ’e prizepikkers, de fûnslûkers fan ’e crowdfunders, de poadiumtigers fan ’e omropsponsors.

Elk slagget mar alles. Hobbys mislearje net. In bingojûn is gau útskreaun. Elk wol wol in gruttere caravan. Presys dêrom bliuwt it sa stil. En krekt dat is sa fataal.

.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten