Wy moatte inoar ris wat minder please, sei psycholooch Saskia de Bel okkerdeis yn in NRC podcast. Dêrom doar ik no wol sizze dat de gedichten fan de Dichter fan Fryslân my net bêst foldogge.
No bin ik fansels in ‘besprekker’, net in ‘gewoane lêzer’. It
kin wêze dat jo en ik fan miening ferskille. Myn miening ferskilt behalve fan
dy fan it folk oars ek gauris fan dy fan oare besprekkers. Dat wol net sizze
dat jo my leauwe moatte en it folk net fansels. Smaken ferskille ek!
Mar goed, dy gedichten fan Hut. Dy sille ein takom jier wolris
in kear bondele wurde tink, en dan komt it einresultaat wol by my op it kranteburo
te lizzen. Dan sil ik, yn myn funksje fan de helte fan ’e Fryske-poëzij-yn ’e-krante-besprekkers,
der wol wat fan fine moatte op in offisjele manier. Al hielendal om’t immen op ’e
Bûterhoeke it samar yn ’e plasse krije kin en beleanje sa’n DfF-produkt mei in ekstraspesjale
priis fan de Fryske VVV – dat is ommers alris earder bard.
Lit my hjir op ’e Feartfisk alfêst efkes oefenje. De
gedichten fan de DfF – oft it no om de ferskes fan Sigrid Kingma, Nyk de Vries,
Eeltsje Hettinga of Arjan Hut giet, dat is gûl om goarre – binne oer ’t
generaal – men moat altyd de nuânse sykje – sa min as strie. Oars sein, dy ‘poëzij’
is in boel strie mar mei in lichte kerl. En as strie en fjoer byinoar komme,
dan is der gauris brân. Men lit it each op sa’n gedicht falle en it instantly
selfdestructs. Mear as jiske bliuwt der net fan oer.
Tink oan McDonald’s. Je ha der sin oan, it liket lekker. Dat
docht de kommersy. Mar je ha de kliemske Big Mac noch net achter de knopen of
je ha al gleone spyt fan ’e seis of sân euro dy’t je der tsjin better witten yn
oan ferklapbûtst hawwe. En dy’t je better besteegje kinnen hiene oan de streksume
dichtbondels fan Abe de Vries. Foar dy priis jout de Afûk je der sels twa of
trije stiks!
Om’t ik leaver by de Friezinn yt as by de McDonald’s, dêrom wurdt
my yn de dûbele rûnte fan Frysk-nasjonalen en Frysk-kommersjelen wolris
oanwreaun dat ik ‘elitêr’ bin en ‘hiërargyske’ opfettingen oer poëzij haw. Se ha
grut gelyk. Ik fyn bygelyks dat je in ynpoldere stik greide net beskriuwe
moatte as in ‘einleaze see’. Net om’t it in mislik klisjee is, mar om’t in polder
no ienris grinzen hat. Ik fyn bygelyks ek dat je better net kuierje kinne ‘ûnder
de wjokslach fan de nacht’, want dat dy greidefûgels je dan op ’e kop skite.
Wol sympatyk is in bewyske maatskippijkrityk. Dy polder leit
ek ‘ûnder de reek fan de grutte dream’, ik nim net oan dat dêr Ljouwert mei
bedoeld wurdt, hoewol’t se dêr altyd wol graach grut dreame meie, nee, ik lês
dan in frij freonlik tikje op ’t skouder fan de fillabesitter dy’t syn dreamwente
boud hat dalik njonken de ljippenêsten. Okee, it is gjin antyfa. Gjin klap yn ’t
gesicht. Ek de besitters moatte ommers yn ’e ferlieding brocht wurde en lês ris
in noflik, hoeden, sy it wat behaachsiik, yn alle gefallen posityf einigjend Frysk
gedicht.
Om’t wy mar ‘in momint yn in momint’ binne en ‘in weach / yn
in weach’ is myn wize fan sjen der mar ien ûnder tûzen. Wat dat oanbelanget soe
it yndie moai wêze as der mear besprekkers fan poëzij nei foarren kamen, sa’t
Arjan Hut graach wol. Hy bedoelt leau ’k dat mear ‘gewoane lêzers’ ris witte
litte moatte soene wat se fan fjouwer tiidwurden op in rychje fine. Faaks dat
de Bûterhoeke dêr nochris in aparte website foar bout, in plak dêr’t it earmoedzjend
folk foar elk te sjen syn bewûndering útsprekke kin foar dy ‘alles sizzende’, ‘wylde
dichters’, dy yllúzjonisten dêr’t yn in earder DfF-gedicht de kafees en hotels
op Skier har mei folsûgen by gelegenheid fan in kultureel festival dêr’t ek de
DfF yn mei figuerkeseage.
Begryp my goed: ik ha neat tsjin op demokratisearring fan
keunst. Krekt oarsom: it soe prachtich wêze as keunst hieltyd gruttere groepen
minsken berikke soe. Dêr soe belied foar komme moatte. Mar ik mien te sjen dat
de kulturele karavaan presys de oare mooglike ynstek kiest: mei minder(e)
keunst mear minsken berikke. Fiele jo it ferskil?
En ik moat dêr dan dalik by sizze: dat ik sels ek dichtsje,
hat leau ’k net folle te krijen mei wat ik fan de hjirboppe oanhelle beide
lêste DfF-gedichten fyn. As Hut net besprekke wol – hy is nota bene redakteur
fan De Moanne – om’t er gjin ‘kollega’s’ op it sear komme wol, dat moat
hy witte. Oars wol kreas dat er net de dichter-besprekkers yn it algemien mar
himsels as dichter-besprekker yn 'e kiif set. Sels fûn er it yn syn tiid as
poëzijbesprekker ‘dreech om objektyf en oardieljend te resinsearjen’, om’t er him
in slach yn ’e rûnte workshopte en ‘hast alle kollega’s persoanlik koe’.
Oan freontsjespolityk moat in besprekker him yndie net
besûndigje. Yn syn resinsjes sil er op syn eigen ideeën oer poëzij ôfgean
moatte en oars nearne op. Literatuer ken gjin kollega’s. Trinus sil it, mei
folle moaiere wurden, ek wol in kear sein hawwe. Literatuer is in striid om op
papier te krijen wat op papier wêze moat. Al it oare is bysaak.
Moatte je wat fan poëzij ôfwitte om der wat sinnichs oer
skriuwe te kinnen, freget Arjan Hut. Wolnee, jout er it antwurd sels mar. Je
hoege gjin ‘grutte kennis’ te hawwen om in ‘stevige miening’ jaan te kinnen. Hut
wol oare stevige mieningen as dy fan eksperts, of fan beskate eksperts. Dêrom kiest
er foar de populistyske flecht nei foarren. ‘Wolle jim minder keunst? Dan krije
jim minder keunst!’
Mar okee, sorry, de DfF moat no ienris 'it grutte publyk' berikke, dat stiet yn 'e opdracht dy't Provinsjale Steaten him jûn hawwe. Hy kin it ek net helpe. Behalve dan dat er wegerje kind hie.
.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten