donderdag 28 september 2023

De delgong fan de i-Moanne



Tongersdei 28 septimber. Ik rin nei wat der op de webside fan de Moanne te rêden is. Yn de fan lofts nei rjochts rinnende banner boppe oan de side kom ik tsjin:

* In parseberjocht fan de provinsje dat Sytze de Haas út Warkum de Lytse Gysbert krijt. * In resinsje fan de Fryske oersetting, út 2016, fan Bomans syn Erik of it lyts ynsekteboek. * In Nederlânske tekst fan Huub Mous oer de ferbylding fan it Fryske lânskip. * In koart stikje reklame foar de podcast fan ‘Anita en Ritsko’. * In koart stikje reklame foar de kursus Poëzij lêze mei Arjan Hut.

En yn it hert fan de side, fan boppe nei ûnder:

* In parseberjocht fan de provinsje dat Jetske Bilker de Gysbert Japicxpriis takend krigen hat. * In earder al yn de papieren Moanne ferskynde oersetting, troch Arjan Hut, fan in gedicht fan Carolina Pihelgas. * In In memoriam troch Arjan Hut foar Aggie van der Meer. * In oankundiging fan in jûn fan de Pauper-dichters. * It kolofon fan De Moanne 22-04. * In parseberjocht oer de poëzijposterwedstriid organisearre troch de Dichter fan Fryslân. * In blogstikje fan Arjan Hut oer de film Barbie. * In oankundiging fan in podcastôflevering yn de rige Gabriëlle & Arjan bedoele it net ferkeard. * In parseberjocht oer in literêr festival yn Dokkum. * In stikje frustraasje fan Arjan Hut oer in brosjuere mei gedichten. * Alwer in oankundiging fan in podcastôflevering yn de rige Gabriëlle & Arjan bedoele it net ferkeard. * In parseberjocht oer in poëzijtableau op it tsjerkhôf fan Huzum….

En sa fierder, en gjin ein.

No bin ik it efkes kwyt. Is de Moanne langer net in ‘algemien-kultureel opinyblêd’, sa't er himsels affisjearret? En ‘in breed en kreatyf poadium foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten’? Lit de Moanne langer net ‘sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media’? 

Ja, wol de Moanne eins wol dwaan wat er belooft: ‘net stjoerd troch de fraach fan in bepaalde groep fan minsken’ ‘yn alle ûnôfhinklikens it brede kulturele libben yn Fryslân registrearje, befreegje, analysearje en fan kommentaar foarsjen’?

De Moanne op ynternet is it ekwivalint fan in VVV-folder: dit is wat foar jo, seit de site, dit meie jo net misse, dêr moatte jo hinne. Miskien is it blêd op papier wol in écht blêd, dat wit ik net, want ik ha gjin abonnemint. Mar wy libje yn in tiid fan digital first, sa’t oeral trochkrongen is mar blykber net op de Bûterhoeke. Yn dy hoeke rint de webside fan de Moanne net foarop, mar wurdt de site, nettsjinsteande alle koartklinkende kattebeltsjes oer hippe blogs ensafierderhinne, beskôge en behannele as it ôffierputsje fan it papieren tydskrift.

Wêr binne de ‘spraakmakende’ fraachpetearen mei keunstners? Wêr de skôgingen oer aktuele literatuer? Wer de dichters mei har nijste kreäasjes? Wêr is de krityk, it kultuerpolitike debat? Wêr binne de ferrassende fiersichten, de ferbjusterjende details? Wêr is it ûnderhâld fan it literêre ferline?

En dan ha ik it noch net iens oer de ûneinige stream subsydzjesinten dy’t dizze VVV-folder oereinhâldt. Tiid foar besinning troch de 7-koppige redaksje? Of tiid foar in oare redaksje?



.