woensdag 29 april 2020

Q & A oer it belang fan krityk yn de Fryske literatuer

Literêre krityk is net in populêr métier. Much ado about nothing, tinkt men dan (wie it mar wier). Al dat harsensskrabjen troch skriuwers en dichters oer ‘goede’ en ‘minder goede’ teksten benimt jin de nocht om sels wat te skriuwen yn it Frysk, is al gau it lûd. En is wat mear ferkeapet, automatysk fan mindere kwaliteit? Of oarsom, is wat net in soad ferkeapet altyd better? En it soart literatuer dat mar in bytsje lêzen wurdt, moatte wy dat sa belangryk fine? Oer dy kwestjes in koart fraach-antwurdpetear. 

Ik soe graach Frysk skriuwe, mar wat in geëamel oer keunst en fernijing en mear fan soks. It is gewoan myn taal. Litte we mekoar flink de maat nimme, dat nimt minsken as mysels foar de taal en literatuur yn. Net. 

It eameljen oer keunst en fernijing, of net, hjit literêre krityk. Dêrsûnder is der gjin literatuer mear, inkeld noch mar skriuwerij. It beswier tsjin dyn riddenaasje wurdt sa gau dúdlik. Skriuwerij is der altyd al en om dy fierder te stypjen hawwe wy bewegers. Literatuer lykwols is der net altyd en om dy fierder te stypjen hawwe wy behalve skriuwerij en bewegers ek (krityske) Skriuwers noadich. 

Ik wit net wat der bart as der gjin 'literatuer' is. Taal bestiet by de graasje fan de minsken dy't it brûke, aktyf of passyf. Literêre skriuwers besteane by de graasje fan harren lêzers. Binne dy der net? Dan is it literatuer om de literatuer en is de krityk sa op it earste each allinne bedoeld om mekoar yn stân te hâlden. 

Mar keunst bestiet net inkeld by de graasje fan it publyk. Wie it net Van Gogh dy't by syn libben noait ien - of ien, dêr wol ik ôf wêze - skilderij ferkocht? Skriuwers dy't foaral in soad ferkeapje wolle, hawwe in wearzge fan keunst, dat begryp ik wol. Al dy ferfelende lju dy't úthâlde dat der wat oan jo boek mankearret. Mar oarsom bin ik bliid mei sokke populêre skriuwers hear. Se soargje derfoar dat der teminsten noch in kâns is dat der immen opdûkt dy't keunst meitsje sil. Gie dy solidariteit no mar ris twa kanten op. Myn protest betreft net sokke skriuwers, mar kritisy en sjoernalisten en redakteuren dy't gjin ûnderskied mear meitsje. De Fryske literatuer is net ûngelyk oan it keatsen. Wy kinne de ledekeatsers net misse, mar sûnder de toppers wol it ek net. 

Beide moatte der wêze? 

Ja, mar om't it iene myn stipe better brûke kin, tink ik, as it oare, nimt dat iene mear fan myn tiid... Ik wol hjir - foar't ik hielendal ôfskildere reitsje as in elitêre fantast - jim noch yn it omtinken bringe dat ik de earste wie dy't de skriuwerij fan Hilda Talsma sinjalearre en der in stikje oer skreaun ha. Dat, foar my stiet de wearde fan tagonkliker skriuwerij net yn 'e kiif. De takomst fan de wat 'dregere' skriuwerij is yn gefaar, dat is myn boadskip. En ik fyn it spitich as de 'brede' kant soks opfettet as in delsjen op wat sy dogge. Elk docht wat er docht. Mar ferskillen binne der wol. En ik beneam se. 

Mar sport is aardich mjitber, oars as taal en literatuer. Kwaliteit yn taal is amper mjitber. En ik haw muoite mei it feit dat der ûnder skriuwers sa'n ûnderskied makke wurdt. Op basis fan wat? Net it oantal lêzers, mar in kwaliteit dy't troch ien sjoen wurdt (of net)? Taal is korrekt of net korrekt, mar net mjitber. Kinst sels de kritearia betinke en dan yts ôfsjitte. Of priizgje. Watst mar wolst. Mar der is neat objektyfs of reedliks oan. 

Literatuer is net itselde as taal. Literatuer is in foarm fan taalgebrûk. It brûken fan taal is de ien better yn as de oar. Dat is net allinnich yn it kafee sa, mar ek op papier. Om út te meitsjen wa't dêr better yn is as de oar, hawwe wy yn it kafee it omsittend laach, en yn de skriuwerij kritisy. Dy beweare wat, en hawwe dêr hooplik arguminten by, oars soenen it gjin goede kritisy wêze. En dan moat men ek noch mar ôfwachtsje oft de arguminten dy't op tafel bedarje wol goede arguminten binne. Soks is gjin wiskunde. Soks is de útkomst fan in petear fan minsken dy't der har wurk (suver) fan meitsje om arguminten yn literêre kwestjes oan te dragen en te hifkjen. Dat soks oan in hieleboel minsken net bestege is, dat is dúdlik en wurdt ek wol dúdlik út dyn bydrage en wize fan sjen. 

Ik nim oan dat it de bedoeling is dat it lêzen wurdt. En as dat net sa is, is de fraach.... Hokker doel kin dan berikt wurde? En as dat yndied sa is... Wêrom is kwantiteit dan gjin kwaliteit? 

Ja, dat soe it maklikst wêze. Mar Jantje Smit, of wie it Smid, as de Mount Everest fan de Nederlânske popkultuer? Ik wit net. De trien fan it sigeunerjonkje of wie it in famke as it summum fan skilderkeunst? Ik wit net. Ik bin bliid dat in soad minsken it moai fine, dêr net fan, mar ik bin minder bliid dat dyselde minsken Van Gogh ferskriklik fine, as se dat dwaan soenen. 

It eins net witte ûntbrekt wat al te faak yn krityk yn it algemien. It is in miening. Op basis fan sels oanleine kriteria. 

Nee, do wolst gjin kritearia, mar dy binne der wol. Sei Trump net dat bleekmiddel drinke helpt tsjin koroana? De bêste man hat rjocht op syn miening, en it folk hat rjocht om syn miening foar wier te nimmen, mar ik soe it de minsken net oanriede. Wêrom net? Omdat ik kritearia hantearje. 

Ik soe minsken lekker frij litte yn wat se goed en net goed fine. Sûnder bagaazje. 

Ja, frijlitte, dat dogge wy hjir yn ús lân ek en dat is hiel bêst. Mar krekt om't relatyf mar in bytsje minsken kieze foar kwaliteit, en in hieleboel minsken foar kwantiteit, hawwe wy útfûn dat wy de kwaliteit beskermje moatte. Sa is it mei it Frysk ek al sa'n bytsje. Mar oan dyn stânpunt te fernimmen, likesto de oerheidsstipe foar it Frysk ek mar neat te finen. De minsken kieze ommers sels wol?

Do dochst oft kwantiteit kwaliteit útslút. Dêrmei ûntstiet in tsjinstelling dy't net nedich is. Uteinlik, om ek marris it fergelyk mei it keatsen te meitsjen. Ledepartijen binne prima, mar sûnder taskôgers is de glâns ek wol fan de haadklasse ôf. In pear sjoernalisten dy't dat fan kommentaar foarsjugge, dogge gjin rjucht oan dy kwaliteit en dat makket ek net dat der mear of minder kwaliteit is. Dan wurdt it kwaliteit dy't net of amper sjoen (en yn it gefal fan boeken: lêzen) wurdt. Wat is dêr de wearde fan? Dus ja, de lêzer beslút. Mar wat is in skriuwer of kritikus dy't net of amper lêzen wurdt?

Oant safier.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten