zondag 26 april 2020

'Cultural distancing'

‘Troost’, seit de fergese Van Dale online, betsjut ‘bemoediging bij verdriet’. Myn trijedielige Van Dale út 1984, 11e printinge, neamt de trije belangrykste betsjuttingen: 1. ‘het schenken van bemoediging en verzachting in geestelijke nood of lichamelijke pijn; leniging van smart of droefenis (door woorden of daden)’; 2. ‘het gevoel van geestelijke steun te kunnen verwachten of te ontvangen’; 3. ‘vergetelheid, dat wat dient om verdrietige omstandigheden draaglijker te maken’. 

Treast is big business hjoed-de-dei. De kultuersektor – in ûneinich ferskaat fan ynstellingen, organisaasjes en yndividuen dy’t mienskiplik hawwe dat se har jild fertsjinje mei, of har publike status ûntliene oan, it produsearjen en fermerken fan ‘kultuer’ – hat koroana werkend as kâns om dóchs wat út ’e wei te setten yn in tiid dat elk safolle mooglik thús bliuwt en dus gjin gebrûk makket fan it wenstige kultueroanbod yn seal en sirkus. Tresoar is út ein set mei ‘Treast Telefyzje’; LF2028 mei ‘Fryslân fan Boppen’; City of Literature mei gedichten foar bewenners fan fersoargingstehuzen, en de list is noch folle langer. 

Fryslân is dêr fansels net unyk yn, en ek gjin foaroprinner. ‘Dit is jullie soundtrack van de coronacrisis: hoop en troost in onzekere tijd’, kopte it AD online trije dagen lyn. ‘Welk nummer blijft ons voor altijd herinneren aan deze periode? Lezers reageerden massaal.’ Ien fan de meast wurdearre nûmers? ‘Laat me leven’, in midlife crisis sankje fan de sigeunertrientsjelûkers Tino Martin en Gerard Joling: ‘Laat me leven / Heb jij ooit echt om mij gegeven? / En waarom ben je niet gebleven? / Zijn de vragen met veel pijn / Ik hou me sterk al zijn m’n dromen nu voorbij / Voorbij.’ Ek yn it rychje stie ‘We shall overcome’ fan Pete Seeger, in bekende Amerikaanske boargerprotestsong út de ‘civil rights movement’ fan de fyftiger jierren fan de foarige ieu. Ek Joan Baez hat it songen. 

Begjin april wie der op de radio al de ‘Samen Sterk Top 100’, in yn ’e mande-inisjatyf fan Radio10, Veronica en Radio538. De NPO die ek mei; ‘Dichters proberen troost te bieden in corona-crisis’, melde it programma Langs de Lijn en Omstreken op 5 april. ‘Vijf dichters wisselen elkaar dagelijks af.’ Het Noordhollands Dagblad frege ein maart al oan syn lêzers: ‘Wat biedt u troost tijdens de coronacrisis? Laat het ons weten.’ Wer earder, midden maart, wie der al de earste koroana-hit: ‘De verlaten stad’ fan Frank Boeijen: ‘Het is stil op straat / Niemand te zien / Weg is iedereen / Verlaten lijkt de stad / En ik denk aan jou / Denk je ook aan mij’. 

De treastlist komt gjin ein oan en Fryslân docht mei. Dichter Joost Oomen hat útfûn dat syn foarnamme rimet op troost en LF2028 wit dêr wol ried mei: ‘De Troost van Joost: Afterparty’ pleitet op Facebook frij skamteleas foar mear finansjele stipe yn dizze barre tiden foar ‘onze vrienden’ fan LF2018. Aktive jonges, dêr by LF2028: se betochten ek it al neamde barren ‘Fryslân fan Boppen!’ yn ’e mande mei de LC, de Omrop en, slach acht, ‘de Friese burgemeesters’. 

Eartiids, yn de tachtiger jierren, ferkocht de krante loftfoto’s makke mei kamera’s yn fleantugen, tsjintwurdich komme de bylden út drones, en in ferskil is ek dat der diskear minsken op ’e grûn regele wurde dy’t in boadskip – fansels in treastboadskip – sichtber meitsje foar de drones yn ’e loft. Dichter fan Fryslân Nyk de Vries hat wat rigels op in pear eilânstrannen skriuwe litten. De Fryske kultuerûndernimmers wolle ús graach entûsjast meitsje foar Fryslân fan Boppen: ‘Heb jij ook een mooie boodschap voor de hele mienskip achtergelaten? Deel ’m dan met ons! Vinden we leuk!’ En: ‘Heb jij jouw boodschap al gespot?’ 

Bewenners fan mar leafst 88 lyts- en grutskalige fersoargingstehuzen hawwe mooglik wol de treastboadskip fan Ljouwert City of Literature – al krekt sa’n semy-oerheids kultuerklup as LF2028 – oppikt. Roergonger Ernst Bruinsma, ek manager by de Afûk en útjouwer by de Afûk, skeakele syn setbaas Syds Wiersma fan it dichterskollektyf Rixt yn om in stikmannich gedichten beskikber te krijen dy’t er op kaarten besoargje litten hat by de goed 5.000 bewenners. Sympatyk fansels. Bruinsma: ‘Mei dizze aksje wolle wy treast en hope jaan yn dizze – foar âlderen – drege tiid.’ 

Mar oft al dizze aksjes ek yndie ‘bemoediging en verzachting in geestelijke nood’ bewurkmasterje, of méar ‘bemoediging en verzachting in geestelijke nood’ opsmite as bygelyks it sjen nei in ljip dy’t op in wikel slacht of in bij dy’t delstrykt op in beltsjeblom, en foar wa en foar watfoar soart fertriet dan, dat wit net ien. 

Wól dúdlik is dat de kultuersektor belang hat by it finansierd en útfierd krijen fan projekten dy’t har beskriuwe litte yn it alfabet fan de treast. Ek dúdlik is dat massamedia belang hawwe by it oppikken en kritykleas werjaan en beskriuwen fan sokke projekten – se wurde troch de mainstream sjoernalistyk omearme en oankrûpt (as it om ‘goede doelen’ giet, jilde de wenstige sjoernalistike mores net mear). 

Ek dúdlik is dat de literatuer himsels oerstallich makket troch út frije wil plak te nimmen yn de frette-foar-in-euro-muorre fan dizze nije, troch semy-oerheid en semy-keunstners sa entûsjast begroete snackbarkultuer. Ik wit net hoe’t it mei jo is, mar ik leau net dat ik treastge wurd troch minne gedichten en flauwe teksten-mei-boadskip. Ik tink de measte minsken net. Mar wy moatte it mar ûndergean. As wy der wat fan sizze, krije wy gjin respons. Fansels net. Belangen.

De Treastpleach is ûnder ús en jout himsels net yn besprek. Dy kin inkeld mar yn ’e stringen hâlden wurde as wy fier, sa fier mooglik weibliuwe fan syn tredderangs produkten dy't in min foarbyld jouwe en liede sille ta deasike keunst. Sok ôfstân hâlden hjit ‘cultural distancing’. Rutte sil der wol net oer op ’e tekst komme. 


.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten