donderdag 30 oktober 2014
David Eugene Edwards - The Preacher (Full Documentary, VPRO)
De doku út 2002. David Eugene Edwards spilet op 29 novimber op Explore The North. Yn it kommende nûmer fan De Moanne fan my fjouwer siden plus foto's.
dinsdag 28 oktober 2014
Ferrassingspoëzij fan Tet
Fragmint út 'De wurden en de kleuren 2', út de bondel Brek dyn klank dy't takom jier by de Gerben Rypma Stifting ferskynt.
zondag 26 oktober 2014
Tip fan de Goedhillichman: Sprankeskyn no yn 'e oanbieding foar 5,- euro!
Yn de webwinkel fan de Afûk te bestellen!
Oaren oer Sprankeskyn (Friese Pers Boekerij, Ljouwert 2010):
,,Als lezer hoef je niet alle lagen en beweegredenen van de auteur te doorgronden om onder de indruk te raken van het fantastische, associatieve, beeldenrijke taalgebruik van de dichter. Sprankeskyn is de titel, met het Friese woord spranken in de dubbele betekenis van sterren en vonken. Het dekt de lading in ruime mate, want de woorden spatten als vonken van het papier."
Rynk Bosma yn Wijd en Zijd
,,De foto's daarentegen bij de cyclus 'De timpel' zijn werkelijk adembenemend, net als de gedichten trouwens."
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
,,Sprankeskyn is skitterjend foarmjûn."
Cornelis van der Wal yn it Friesch Dagblad
,,De Vries docht it faker yn syn bondel: twa wrâlden ferbine, twa helten optille. Alderearst binne dêr de keunstfoto’s fan eigen hân, no en dan oan de fersen taheakke, of oarsom. Tekst en byld slute net altyd ien op ien oan, en krekt troch dy spanning wurde beide nei in oare diminsje tild. By de rige ‘Sân sakraminten’ sjogge we in pear kear in neaken model yn it sakrale, en ferkalke, ynterieur fan in tsjerke. It bleate liif fan in frou yn it hûs fan God, ieuwen dominearre troch fergeastlike en dogmatyske mannen."
Eppie Dam yn de Leeuwarder Courant
zaterdag 25 oktober 2014
donderdag 23 oktober 2014
maandag 20 oktober 2014
zondag 19 oktober 2014
dinsdag 14 oktober 2014
David Eugene Edwards op Explore The North 2014!
As I went out one morning
To breathe the air around Tom Paine's,
I spied the fairest damsel
That ever did walk in chains.
I offer'd her my hand,
She took me by the arm.
I knew that very instant,
She meant to do me harm.
Depart from me this moment,
I told her with my voice.
Said she, but I don't wish to,
Said i, but you have no choice.
I beg you, sir, she pleaded
From the corners of her mouth,
I will secretly accept you
And together we'll fly south.
Just then Tom Paine, himself,
Came running from across the field,
Shouting at this lovely girl
And commanding her to yield.
And as she was letting go her grip,
Up Tom Paine did run,
I'm sorry, sir, he said to me,
I'm sorry for what she's done.
.
maandag 13 oktober 2014
Sis jim lidmaatskip fan It Fryske Gea mar op
Henk de Vries, direkteur fan It Fryske Gea, lit oer it wynmûnepark Harlingen Seedyk, dat neffens plan en sûnder protest fan natuerklups realisearre wurde moat boppe-op de súdlikste fan de fiif natuerterreinen 'De Bjirmen', flakby Roptasyl, it neifolgjende witte:
,,De Bjirmen bestaat uit vijf kleine terreinen die tegen de zeedijk aan liggen. Deze gebieden hebben vooral een relatie met de Waddenzee. De clusters molens hebben geen invloed op de natuurwaarden van de Bjirmen, daar staan ze ver genoeg weg van de Waddenkust. Dat was één van de punten waar we goed naar gekeken hebben."
Koartsein: IFG giet akkoart mei Harlingen Seedyk. Ien mûne (170 meter heech) stiet op sa'n tachtich meter ôfstân fan in Bjirmen-terrein. In oare mûne (170 meter heech) stiet op sa'n 150 meter fan Roptasyl sels.
IFG fynt it belangriker om mei de wolven yn de bosk mei te gûlen as te dwaan dêr't it troch leden en donateurs foar betelle wurdt, nammentlik syn natuergebieten te behearen as in goed rintmaster.
Profisiat, Henk de Vries. Ik hoopje dat dizze stommiteit jim bergen leden kostet - en ik sil fan myn libben net lid wurde fan sa'n klup natuer- en lânskipsferrieders as IFG.

Om dit gebiet giet it:
zondag 12 oktober 2014
zaterdag 11 oktober 2014
It Fryske Gea: provinsjale organisaasje foar it ferkwânseljen fan natuergebieten?
De kommisje-Winsemius hat it wynpark Harlingen Seedyk op it each as in plan dat realisearre wurde moatte soe: 170 meter hege yndustriële mêsten tusken de yndustryhaven fan Harns en Roptasyl.
De sammele natuerklups, ynklusyf It Fryske Gea, hawwe posityf op it adfys fan de kommisje reagearre.
Mei net in wurd reppe de sammele natuerklups nóch It Fryske Gea oer it lullige feitsje dat in part fan ien fan de natuergebieten fan It Fryske Gea, ‘De Bjirmen’, presys tusken de yndustryhaven fan Harns en Roptasyl yn leit. En der is al helendal gjin praat troch de sammele natuerklups, noch troch It Fryske Gea, oer it unike hillige plak dat Roptasyl is.
De blanken moarden de buffalo’s út en It Fryske Gea ferbrast net allinnich syn eigen kapitaal oan de waan fan de dei, mar en passant ek ien fan de meast bysûndere ‘lieus de mémoire’ oan de Fryske waadkust. In oare konklúzje is net mooglik.
De direkteur fan It Fryske Gea, Henk de Vries, hat begin dit jier noch by heech en by leech folhâlden dat It Fryske Gea him teskoar sette soe tsjin elke bedriging fan syn natuergebieten. Mar Henk de Vries produsearre mei dat sizzen blykber itselde fenomeen as dêr’t aansen de subsydzjemûnen boppe-op syn (no noch) natuergebiet op draaie: wyn.
Aansens sille Deputearre en Provinsjale Steaten kedize oer it adfys fan de kommisje-Winsemius. As ien fan de spesjaalste plakjes fan Fryslân gjin beskerming krijt fan Fryslâns ‘natuerbeskermers’, dan sille heil en sûn ferstân komme moatte fan ús politisy. Fan de FNP op it foarste plak.
Rêd Roptasyl, skras Harlingen Seedyk.
Miskien helpt it in lyts bytsje as jo dizze tekst yn in mailtsje plakke en stjoere nei sawol It Fryske Gea (info@itfryskegea.nl) as nei de Steatefraksje fan de FNP (fnp@fryslan.nl).

dinsdag 7 oktober 2014
Al protest heard fan It Fryske Gea?
Hjir, by Roptasyl, moatte 170 meter hege wynmûnen komme te stean, inisjatyf fan in boer. Boppe op it natuergebiet De Bjirmen fan It Fryske Gea. Al protest heard fan It Fryske Gea, anyone? Wat foar Annigje Toering fan de FNP?
Sjoch ek: Dossier Wynenerzjy
Abonneren op:
Posts (Atom)