zaterdag 6 september 2014
Ensafh ta oan ynhâldlike weroriïntaasje
Foar my op tafel leit ensafh 6-3. Ensafh is it iennichste literêre tydskrift foar Fryske literatuer en telt alve redaksjeleden. De ynhâldsopjefte fan nûmer 6-3 fermeldt sân fersen (fan Jacobus Smink, Edwin de Groot, André Looijenga, Obe Alkema en Pier Boorsma), trije oersette fersen (Kloos, oerset troch Andries Miedema), seis besprekken (fan Friduwih Riemersma, Tryntsje van der Steege, Janneke Spoelstra, Geart van der Meer, Imke Hooijenga en Babs Gezelle Meerburg), ien ferhaal (fan Anne Feddema) en ien foarpublikaasje út in roman (fan Ferdinand de Jong).
De trije langste skôgjende stikken binne dy fan Geart van der Mear, in besprek fan in Poe-oersetting (fiif siden), fan Imke Hooijenga, in besprek fan de roman Littenser merke (acht siden), en fan Babs Gezelle Meerburg, in besprek fan Mearkes út ’e Wâlden (njoggen siden). It binne spitigernôch net de sterkste en nijsgjirrichste bydragen oan it tydskrift.
Geart van der Meer hat wat ‘dinkjes’ fûn yn de oersetting, troch Anne Tjerk Popkema, fan Poe’s ferhaal 'De skacht en de slinger'. ‘Jaja, hâld no mar op, it is wol goed, hear, ik sjoch it al,’ lit Van der Meer healwei syn stik de lêzer tinke. Krekter oersette, Popkema, en net altyd mar mear sinnen brûke as de skriuwer fan it orizjineel, is it wat skoalmasterlik boadskip fan de resinsint.
Imke Hooijenga hat de dûbelbekroane roman Littenser merke fan Ale van Zandbergen lêzen en leit wat saken út oangeande de struktuer fan it boek. Tusken noas en lippen troch komt krityk op de roman oan ‘e oarder (karakters binne net goed yn te fielen, persoanen binne net altyd ‘like fêst’, de ferhalen wolle net in gehiel wurde, it boek ‘stiet fol mei klisjees, symbolyk, metafoaren en ferwizings nei foaral bibelske ferhalen dy’t wol klopje, mar der net altyd likefolle ta dogge’). Al mei al is dat nochal wat – en dus is der ek nochal wat dat om útlis en foarbylden freget. Mar dat komt dan wer net.
Babs Gezelle Meerburg brûkt har te besprekken boek om wat te sizzen oer it plak fan it folksferhaal yn de folkskunde, de literatuerskiednis en de literatuerpsychology; har konklúzje is dat Mearkes út ‘e Wâlden (in blomlêzing fan troch Dam Jaarsma sammele ferhalen) op niisneamde trije mêden in nijsgjirrige útjefte is. Se freget har wol ôf oft it op ‘e merk bringen fan âlde spoekeferhalen hjoeddedei noch wol sin hat: ‘oft it yn ús tiid fan games, films, muzyk – fan feroarjend kultuerbesef – reëel is om in mearkesamling foar jong en âld te meitsjen’. Mar it boek ferkeapet goed, blykt even fierderop. Dat, hoesa net reëel?
De oare, koarte besprekken geane oer Eric Hoekstra, Lofts! Rjochts! Lofts! In Fries yn Afghanistan (Elikser, 2013), Rommert Tjeerdsma, Ferliezers (KFFB, 2014), Steven Sterk, De midden en beide einen (Bornmeer, 2012) en Meindert Bylsma, Rys mei rezinen – Grôt mei krôde (Elikser, 2013). Yn in tiid dat kranten hieltyd minder romte hawwe foar literêre besprekken, is it in goed ding dat ensafh in protte omtinken jout oan dizze ûnderôfdieling fan it literêre bedriuw.
De poëzij is, lykas wy fan ensafh en fan ien fan de beide foargongers fan ensafh, hjir, wend binne, hap-snap op basis fan it kritearium ‘wat ha wy binnenkrigen?’ It is, liket my, it oerweagjen wurdich om in mear strukturearre poëzij-oanpak te hantearjen. Wêrom net yn elk nûmer nij wurk fan íen dichter bringe, ynklusyf in moai stik oer dy dichter en syn poëzij? Soks soe twinge ta mear refleksje op poëtysk wurk, soe sok wurk ek better tagonklik meitsje foar de lêzer en soe der better yn slagje om de lêzer waarm te meitsjen foar poëzij. Inkeld mar de tafallige poëtyske produksje fan de redaksjeleden ôfprintsje, it wurket net.
Proaza is der yn dizze ôflevering fan Anne Feddema en Ferdinand de Jong. Fan De Jong is der in foarpublikaasje, no ja, besteande út in fragmint fan syn nije, ferline wike presintearre roman Bedoarne hannel (Friese Pers Boekerij). Earlik sein ûntgiet my de sin fan it foarpublisearjen út in roman dy’t noch gjin wike letter as it tydskrift ferskynt.
Ensafh lit mei syn tredde nûmer fan jiergong 6 (op ’e nij) sjen – as ik myn sin sis – dat der in grutte diskrepânsje bestiet tusken it grutte tal redaksjeleden en it ‘rjochtingleaze’ karakter fan it blêd. Yn gewoane taal: der is ferlet fan in ynhâldlike weroriïntaasje mei dêrby, en dêrmei lykopgeand, mear kulturele ambysje as it giet om saken as ferdjipping, debat en aktualiteit. It blomlêzende, útsoarte eigenwillige karakter fan ensafh smyt yn tiden fan smeller wurdende literêre produksje en ôfnimmend tal lêzers in risseltaat op dat net folle literatuerleafhawwers bûten de rûnte fan it redaksjonele legioen befredigje sil.
.
Abonneren op:
Reacties posten (Atom)
Geen opmerkingen:
Een reactie posten