dinsdag 26 juli 2011

Koos Tiemersma: Freegje Skriuwersboun om te ûnderhanneljen oer bettere fergoedingen foar stikken

Koos Tiemersma skriuwt:

"By de hifkings dy’t de provinsje in pear jier ferlyn opset hat om hannen en fuotten oan nij belied te jaan, krigen wy in A4 om yn stekwurden op te skriuwen wat goed wêze soe om it letterebelied in ympuls te jaan. Ik ha mar ien wurd opskreaun: JILD. Dat waard my net yn tank ôfnommen. Blykber ferneare keunst en jild elkoar net. Dat op dizze side sa’n op himsels nuttige útwikseling oer dit ûnderwerp te lêzen falt, is weardefol, gjin misferstân, mar it is ek in herhelling fan setten. Alles wat hjir sein waard en wurde sil is earder sein.

Ik soe it no wolris safier hawwe wolle dat der spikers mei koppen slein wurde. Foar jild binne twa partijen nedich, de iene freget en de oare jout. Jim freegje, mar wa betellet, dat is de fraach. En noch simpel te beäntwurdzjen ek. As je skriuwe wolle foar De Moanne, dan betellet De Moanne. En kom dan net oan mei it ferwar dat dêr it jild net sit, want dat is net wier. De foarmjouwing is aaklik perfekt, om mar ris wat te neamen, en leau my mar, dat is gjin âld papier/leafdewurk. Dus je geane nei de redaksje en freegje in bettere fergoeding. Yn dat kader is it trouwens ûnderhannelings technys sjoen net handich je priis op in iepenbiere side as dizze op tafel te lizzen. Wa’t hjir € 100 seit, sil merke dat oan de oare kant tafel sa’n bedrach tankber oernommen wurdt. As fraachpriis, wol te ferstean, dat je komme thús mei 55. En dat wie de bedoeling net. Wa’t 100 fange wol, freget 300, sa wurket it.

Hawar, je kinne as skriuwer dan twa dingen dwaan. Je geane akkoart mei dy 55 of net. Yn ’e regel dogge skriuwers it earste, it is better as neat, je hoege der net perfoarst fan te bestean en je namme komt nochris yn de blêden, ek net wei foar guon. Yn dat gefal moatte je net seure. Sterker noch: mei sa’n hâlding hâlde wy it systeem yn stân of oars sein en dat is dan ek myn konklúzje: de besteande situaasje hawwe wy te tankjen oan ússels.

Der is in alternatyf. Je kinne ek net akkoart gean. Yn dat gefal folget in wegering om it artikel te skriuwen. Dêr sil de beteller net wekker fan lizze, der binne genôch oaren dy’t it stokje oernimme wolle. It wurdt oars as skriuwers harren organisearje, ik tink oan It Skriuwersboun. Alle skriuwers dy’t meiwurkje oan in blêd freegje It Boun te ûnderhanneljen. Is it resultaat net befredigjend, wurdt der net mear skreaun. De redaksje stiet dan foar it blok en kin twa dingen dwaan: it blêd opdoeke of nei de provinsje om de situaasje foar te lizzen. No hat de provinsje der gjin belang by wannear’t Frysktalige produksje weiwurdt, sa hat men krekt it foech om ûnderwiisbelied te meitsjen binnen helle. Wannear’t yn it fjild de taalproduksje fuort falt, hat ûnderwiisbelied ek net folle doel mear. Of oars sein: as skriuwers steane wy sterker as dat wy faak tinke.

Wol moat helder wêze dat wa’t him better betelje litte wol, ek kwaliteit leverje moat. By in bettere betelling stiet de redaksje ek sterker, dy hoecht net mear alles te akseptearjen. Dat is in kant om yn ’e gaten te hâlden. No is it sa dat bgl. De Moanne, alteast troch my, even trochblêde wurdt, fan lêzen komt net folle, net nijsgjirrich genôch. It hat ek te krijen mei it algemien kulturele karakter fan it blêd, it is fan alles krekt te min. Erges hjirboppe lies ik dat De Moanne him better ûntwikkelje kin nei in Friesland Post Plus. Neffens my is dat no al sa en dan is de fraach wa’t dêr wat mei opsjit. Twa Friesland Posten is ien te folle, liket my. Ik soe leaver sjen dat alles ynset wurdt op ynhâld, mar dat is myn persoanlike miening, lykas alles yn dit stik. Dit mar even om foar te kommen dat de foarsitter fan It Boun wer fan alles yn ’e mûle lein wurdt, ûnnoazelen genôch op dit punt."

(Dizze reaksje waard jûn op myn blogbydrage oer de ynterpretaasje fan in gedicht fan Cornelis van der Wal. Dêr binne ek eardere reaksjes te finen oangeande de sitewaasje fan de Frysktalige skriuwerij fan Ate Grypstra, Elske Schotanus en mysels.)

24 opmerkingen:

  1. Ik hie de helte fan dyn bydrage lêzen, en tocht doe: mar wêrom ropt it Skriuwersboun net op ta in boykot fan min beteljende blêden?
    De wei dy'tsto oanjoust, is yndie de wei om te gean. It Skriuwersboun soe út namme fan de leden mei de blêden om tafel moatte en it helder stelle: wy wolle dizze tariven, en oars gjin teksten mear.
    Stel in stik op, meitsje der in omskriuwen fan, skriuw in gearkomste út en dan kin it los.

    BeantwoordenVerwijderen
  2. In hoefier binne dejingen dy't bydragen oan (ûnder mear) de blêden leverje lid fan it Boun? En yn hoefier sille skriuwers ien sile lûke? Los dêrfan is it goed as it Boun fjouwerkant achter de belangen fan skriuwers stiet, oft dy no lid binne of net.

    BeantwoordenVerwijderen
  3. Dat sil allinnich mar fêststeld wurde kinne as It Skriuwersboun it inisjatyf nimt. It soe goed wêze om alfêst ris ynformeel guon skriuwers te freegjen oft se eventueel meigean wolle yn sa'n inisjatyf. Dan giet yn myn optyk benammen oer aksje rjochting de Moanne en ensafh, om't dy twa hast folslein ôfhinklik binne fan subsydzjes, oerheden en ynstitúsjes. De kranten betelje ek min, mar dat binne bedriuwen dy't net draaie op mienskipsjild. De mooglikheden foar It Skriuwersboun om subsidiearre blêden ûnder druk te setten, binne folle grutter.

    BeantwoordenVerwijderen
  4. It kin gjin kwea ek de net-leden te beneierjen. Mei 'ûnder mear' tocht ik net oan de kranten, mar oan inisjativen as in boekje fan Tresoar en de essees oer Riemersma.

    BeantwoordenVerwijderen
  5. Bin benijd wat oft oare skriuwers hjir fan fine. Dat is it moaie fan ynternet: elk kin reagearje...

    Yntusken bliuwt it fan 'e kant fan 'e ensafh-redaksje aaklik stil... De sinten wurde op 'e nij ferparte: it is dus wer smoardrok yn 'e achterkeammerkes...

    BeantwoordenVerwijderen
  6. @Koos: der is in dúdlik ûnderskied tusken de Friesland Post en de Moanne-minus-primêre-literatuer. De FP is ornearre foar it allerbreedst mooglike publyk en is boppedat foar it meastepart yn it Hollânsk. De Moanne moat yn myn eagen in blêd wêze dat foar in publyk dat mear djipgong easket, skriuwt oer / ferslach docht fan kulturele barrens en ûntjouwings yn Fryslân. Teksten oer literatuer kinne dêryn in plak fine, mar dan as kollum / skôging / ynterview. De primêre literatuer kin oan ensafh oerlitten wurde. Fan in eigen identiteit as it oer literatuer giet, sa't Ate hawwe wol, sjoch ik net folle.
    It is no ienris sa dat it publyk foar primêre Frysktalige literatuer mar lyts is. In protte omtinken foar dy keunstfoarm stiet in fierdere groei fan De Moanne yn 't paad. It is, krekt foar dy Fryske literatuer, belangryk dat der in sa breed mooglike 'toplaach' fan Frysk-lêzers bliuwt, sadat de literatuer net fan syn eigen achterban isolearre rekket. Ik sil ien en oar de kommende dagen noch wolris yngeander behannelje op dit plak.

    BeantwoordenVerwijderen
  7. By Ensafh lizze se in linkje nei in blog dêr't in muzykfilmke op stiet. Literêr blêd, no?

    By myn witten hat Ensafh noait smoel sjen litten as it om besunigings giet. Net dy op Parnas, net oer de 200 miljoen, net, wat spesifiker, oer dy op TRyater of wat it foar de literêre blêden betsjutte soe. Bêst genôch, mar der is mear yn de wrâld as in ferhaaltsje en in ferske.

    Ik sil in link op facebook sette.

    Oer facebook praat: dêr is in diskusje geande oer in opinystikje fan Afshin Ellian op Elsevier. No kinst net alle dagen op facebook of blogs skriuwe, mar Fryske skriuwers diskusearje amper oer de polityk-maatskiplike realiteit. Ris in opmerking dy't in 'vind ik leuk' opsmyt, mar dat is it dan.

    Sit soks yn de genen of is it 'net prate ûnder it iten'?

    BeantwoordenVerwijderen
  8. @ Abe. Der is, by dy, in âlde affiniteit mei Ensafh. Mar hoefolle skriuwers binne der wol net dy't nèt yn it blêd publisearje?

    BeantwoordenVerwijderen
  9. It giet my hjir benammen om it idee fan in wetterskieding tusken twa blêden: in algemien-kultureel moanneblêd en in literêr blêd. Oft dat lêste ensafh wêze moat of in opfolger, is my om it even. Ik leau dat ensafh it op papier better docht as op ynternet. Ensafh is al opnommen yn it subsydzjesysteem - oft dat sa bliuwe sil, witte wy op dit stuit fansels net, mar ik gean mar fan de besteande sitewaasje út. Foar'tst in nij blêd yn de subsydzjehimel hast, moat der hiel wat wetter troch de Ried...

    BeantwoordenVerwijderen
  10. @Abe: Dû skriuwst: 'Fan in eigen identiteit as it oer literatuer giet ... sjoch ik net folle.' Dat kin yn it foarste plak wjerlein wurde troch op ES har opmerking te wizen dat der skriuwers binne dy't wol yn it iene blêd publisearje en net yn it oare.
    Oan de oare kant is it fansels ek sa dat der auteurs binne dy't yn beide periodiken harren plak fine. Mar it moaie is krekt dat dat op it stuit allegear noch mooglik is.
    Troch it knyft te hantearjen en mar ien primêr literêr tydskrift oer te hâlden, ha je dochs yn earste ynstânsje it tal publikaasjemooglikheden halvearre (of it moat al sa wêze dat it nije tydskrift 17x jiers op papier útkomt).
    Soest fansels stelle kinne dat der dan altyd noch in (frekwintere) ynternet-publikaasje-komponint is, mar foar my persoanlik fielt in publikaasje yn in tydskrift noch altyd mear statushawwend oan as in publikaasje op in Flechtich Medium.
    Dêrneist wol ik der noch efkes op wize dat je Yn Abe syn plan as skriuwer 'feroardiele' binne ta ien sinjatuer en ien redaksje. En dat liket my hoe dan ek in ferskraling ta.

    BeantwoordenVerwijderen
  11. Dat in skriuwer al yn it iene en net yn it oare blêd publisearje wol, hat wierskynlik allinnich mar mei persoanen te krijen: men kin goed mei dy-en-dy en minder mei dy-en-dy. Beide tydskriften hawwe wat literatuer oanbelanget allinnich mar in blomlêzende ambysje; literêr-programmatyske ferskillen binne der net. Dus dat "ien sinjatuer" kin amper as in beswier jilde.
    It pinepunt is mear dat de redaksje fan ensafh der folslein neat fan bakt as it op ynternet oankomt en ek op papier neat nijs betinkt cq. docht. O ja, der binne jonge skriuwers dy't har ferliede litte ta publikaasjes (dy't net redigearre wurde troch de âlde garde - sjoch it besprek fan Sigrid Kingma fan Albertina Soepboer har bondel) en in sit yn 'e redaksje. Sadat de âlde garde (eks-Hjir) rjochting Amsterdam en it provinsjehûs yn Ljouwert sizze kin: sjoch, wy dogge oan "fernijing".
    It wurdt heech, heech tiid dat de minsken by ensafh dy't al 20 jier of langer yn 'e redaksje sitte (eks-Hjir) plak meitsje foar oaren, mei mear enerzjy, mear fizy en mear kriich.
    Ek by de Moanne sille der pynlike besluten nommen wurde moatte. De literatuer gean litte en jin rjochtsje op it meitsjen fan in folslein algemien-kultureel blêd foar it boppenste segmint fan de Fryske lêzersmerk. Sjoernalistyk folle better de finger oan 'e pols hâlde. Kollumkes dy't noait erges oer gean, derút mikke. Mear foardiel helje út de gearwurking mei de ynstitúsjes.

    Foar wa't it noch net begrypt: it is krisis. Tiid om besluten te nimmen.

    BeantwoordenVerwijderen
  12. Dat fyn ik wol in nijsgjirrige stellingname: dat der gjin literêr-programistyske ferskillen tusken de Moanne/Trotwaer en Ensafh wêze soenen. Dêr soe ik fan de betreffende (oare) redaksjeleden wolris wat mear oer hearre wolle.
    As skriuwer kin ik sizze dat it myn ûnderfining west hat dat Ensafh foar de debútant wat tagongkliker wie. By de Moanne lei (en leit) de latte yn myn optyk heger. Net dat dêr gjin plak foar de nijkommer wêze soe (der is sels sprake fan skriuwersbegelieding), mar it is myn ûnderfining dat ek de fêstige auteur kommentaar op syn kopij krije kin en sels nee op rekest krije kin.
    Ik bin it wol mei dy iens dat it der oer it algemien blomlêzend te wurk gien wurdt. Dat soe nei myn smaak wol oars meie, dat wol sizze: lit de literêre tydskriften mar wer mear in eigen smoelwurk krije, wurkjend fanút in dúdlik werkenbere literêre fyzje.
    Bist net mijen rjochting Ensafh, trouwens. Ik sis net dat dyn krityk gjin hout snijt, mar dat moat wol beselskippe wurde fan respekt foar wat guon lju út 'e wei setten ha. Dêrneist freegje ik my ôf oft der sûnder, watstû oantsjutst as 'de âlde garde überhaupt noch wol in Ensafh wêze soe, mar earlik sein wit ik dêr ek net it krekte fan. Oars sein: kin de jonge garde eigentlik wol op eigen skonken stean En wêrom litte se dat dan net sjen?
    Wat de Moanne betreft: it literêre part ôfstjitte bin ik dus noch altyd net mei dy iens (sjoen it argumint fan ferskraling, noch ôfsjoen fan it Letterenfonds-ferhaal). De rest wurdt oan wurke.

    BeantwoordenVerwijderen
  13. Ennuh... moaie blochkleurkes sa, by de wei!

    BeantwoordenVerwijderen
  14. By de Moanne leit de latte wat heger, simpelwei om't der folle minder romte is foar literatuer. Dan is it nochal wides (wiedus? wydes?) dat debutanten net boppeoan it listje steane. Mei in programmatysk ferskil hat soks net folle te krijen.
    Ik ha respekt foar elkenien dy't in protte út 'e wei set en set hat. Dêr hearre útdruklik ek de minsken by dy't fan de Hjir-redaksje oergien binne nei de ensafh-redaksje. Mar ik tink ek dat it is sa't it is, en dat soks sein wurde moat. By ensafh mei de jonge garde meidraaie, mar alle besluten wurde redaksjebreed nommen yn in soarte fan redaksjedemokrasy dy't as risseltaat hat: vleesch noch visch.
    In redaksje fan 10, 11 man/frou soe in hiel protte út 'e wei sette kinne by in goede taakferdieling. Twa m/f foar poëzij, twa m/f foar proaza, trije m/f foar resinsjes/skôgings, twa m/f multymedia/ynternet, ien m/f einredakteur papier, ien m/f einredakteur ynternet, en neat gjin redaksjebreed oerlis oer dielbeleid en besluten om in bydrage al of net te pleatsen. Bygelyks.
    Wat de Moanne oanbelanget, it blêd soe himsels en de Fryske literêre ynfrastruktuer helpe troch de literatuer oan ensafh oer te litten. Dan pas kin men de merk op en dêr in rommere posysje feroverje as no it gefal is. Foar de yntrede fan de ynstitúsjes mei harren freone-ferienings wiene der net mear as 700 beteljende abonnee's, as ik it goed ha. Wylst der yn de merk romte wêze moatte soe foar in pear tûzen beteljende abonnee's. De redaksje soe as belangrykste "target" hawwe moatte om it oantal beteljende abonnee's (bûten de ynstitúsjes om) te ferdûbeljen yn sis twa jier tiid. Dat sil noait slagje mei literêr proaza en poëzij.
    As ik it goed oanfiel, sil dy kar lykwols net makke wurde. De Moanne lûkt de subsydzje fan it Letterenfonds nei him ta, ensafh komt droech te stean, en wy bliuwe achter mei fjouwer siden proaza, twa gedichten en fjouwer bespreksiden per (de) Moanne.
    Myn punt is: as it Letterenfonds noch mar ien Fryske publikaasje stypje wol, dan is dit de wei om te gean. Hoe sjocht dyn alternatyf der dan út?

    BeantwoordenVerwijderen
  15. Abe, earst mar tige tank datst rekkening holden hast mei it diel fan de naasje dat de eagen net mear op stokjes hat! Ik sjoch dat de diskusje no mear giet oer de ynhâld fan de blêden. Fansels wol apart dat sa'n útwikseling net by de blêden sels plakfynt. Dat sil by einsluten wol moatte, liket my. Earst wat rjochtsette: De Moanne is foar my net altyd minder nijsgjirrich. It is hjir op de side troch oaren ek al sein, nûmer seis foldie my ek skoander. Sa, dat is derút. Fierder haw ik alle respekt foar dejingen dy't altyd wer klearsteane om de blêden fan ynhâld te foarsjen. Der sit genôch tiid yn en dat foar sa goed as nul sinten. Dat bringt my op de beleanning, in punt fan frustraasje foar in oantal minsken hjirre. Ik ha hjir in útstel dien en kom hjir yn de earstfolgjende bestjoersgearkomste fan It Boun op werom. Wy sille besjen wat de mooglikheden binne, wêrby't earst helder wêze moat hoefolle skriuwers hjiryn meidwaan wolle. Binne dat te min, dan wurket it net, dat wat netwurkje ûnder elkoar kin gjin kwea, liket my.

    BeantwoordenVerwijderen
  16. 'Wylst der yn de merk romte wêze moatte soe foar in pear tûzen beteljende abonnee's'.
    Foar in algemien-kultureel opiny tydskrift, op HBO+nivo, yn it Frysk? Of moatte we dan dat lêste, tegearre mei de literatuer, ek mar skrasse?
    Sjoch, wêr't neffens my ferlet fan is, is goede analyze fan / ûndersyk nei de (potinsjele) merk. Dy tûzenen dêr'tstû it oer hast koenen wolris basearre wêze om it abonnemintbestân fan wat oait Frysk en Frij wie. Of haw ik dat mis?
    Dêrneist haw ik it gefoel datstû better ynformearre bist as ik oer de defintive plannen fan it Letterenfonds oangeande de Fryske tydskriften. Is it al foar hûndert prosint wis dan dat it LF 'noch mar ien Fryske publikaasje stypje wol'?
    Dit is de stân fan saken foar safier't ik dy op it stuit neigean kin:

    Directeur Henk Pröpper in een brief van 11 juli 2011 aan uitgevers en redacties:

    ‘Het fonds houdt zich aan zijn huidige afspraken en subsidieert de tijdschriften tot en met 2012. Per 1 januari 2013 vervalt de regeling, dat punt is reeds beslecht. Wel maak ik ruimte vrij uit de eigen middelen van het fonds, om met het oog op thema's als talentontwikkeling, erfgoed, digitale ontwikkelingen en excellentie een aantal belangrijke tijdschriften structureel te blijven ondersteunen. Zaken overigens waar we ons met het tijdschriftenbeleid al een paar jaar op richten, in die zin verandert er weinig.

    […] Feit blijft dat het budget flink krimpt en het fonds harde keuzes zal maken om op een zinvolle manier in de literaire tijdschriften te kunnen blijven investeren.’

    Mar nochrisom: miskien bistû better op 'e hichte?

    BeantwoordenVerwijderen
  17. Ek wol aardich, dizze kleurkes... Fijn dat blogger it allegear foarkôget! Dat It Skriuwersboun serieus besjen sil wat oft de mooglikheden binne om foar skriuwers ta bettere tariven te kommen by ensafh en De Moanne, is prachtich nijs. Myn stipe ha jim alfêst. Wilens is it wol saak om net it ûnmooglike te easkjen. Ik lies al wat oer 20,- euro de oere, soks falt neffens my yn dy kategory. Netwurkje ûnder elkoar is prima, mar miskien is it ek goed om in mailing de wrâld yn te stjoeren? Dit en dat is der mis, dêr- en dêrom, en wy wolle no sus, wat fine jim? Ien probleem: der sitte allinnich al sa'n 15 skriuwers yn 'e redaksjes fan de blêden yn kwesty...

    BeantwoordenVerwijderen
  18. @Ate: Ut de NRC fan 12 july:

    "Extra geld voor de tijdschriften heeft hij niet gekregen. Tot nu toe was er drie ton subsidie beschikbaar. Pröpper verwacht dat dat een bedrag tussen de 50.000 en 100.000 euro wordt. 'We zullen vier à vijf bladen kunnen blijven subsidiëren van de twaalf die nu nog worden ondersteund.' Publieksbereik zal zwaarder meewegen; dat lijkt goed nieuws voor bij voorbeeld Hollands Maandblad. Ook wordt, aldus Pröpper, 'een vorm van digitale aanwezigheid vrij essentieel', wat gunstig zou kunnen zijn voor Tirade. Pröpper: 'En sommige bladen zijn cultureel erfgoed, zoals De Gids. Dat speelt ook een rol.'"

    Sjoch ek myn kollum fan in dei letter. Sa helder as wetter seit Pröpper dat der noch "vier à vijf" tydskriften oerbliuwe fan de 12 subsydzjeklanten.

    Tinksto dat der twa Frysktalige tydskriften sitte by dy lit ús no mar sizze 5 oerbliuwers?

    Nochrisom: hoe tinksto dan dat it moat, as boppesteande kloppet?

    BeantwoordenVerwijderen
  19. Koart:
    - moai, Koos datst it meInimst nei it Boun
    - miskien is it net te dwaan, 6 nûmers en om de 14 dagen. It giet net om kwantiteit, wol?
    - miskien giet it by al as net foar in blêd kieze net om de persoanlike relaasjes, mar om it fertrouwen yn de kwaliteit fan in redaksje.
    - ik sjoch gjin ferskil as it om identiteit giet. Ensafh is wat Frysk(sinnig)er. Beide blêden binne my te nuet.
    - as der lanlik mar in pear blêden goed genôch binne om noch jild te krijen soenen beide blêden woltis gjin jild mear krije kinne. As ien fan de twa de bydrage hâldt, dan soe it hiel goed wêze kinne dat it de taal is dy't de trochslach jaan sil. Och, ja, der moat ek noch wat mei dat Frysk...
    - merkûndersyk hat gjin doel as it om de ynhâld giet. De Moanne wol alles betsjinje, wat taal, want pompeblêd, wat literatuer, want..., wat PR foar tresoar, wat lichte kost. Mar it is in kar: òf breed (ynbegrepen literatuer, mar gjin skôgings en gjin essees) òf smel, mar dan gjin Swettenûmers. Op himsels fyn ik dat der in breed blêd wêze moat. De basis foar it literêre leit ommers yn de sichtberens fan it skreaune Frysk. 
    - Wol is it sa dat ien literêr blêd knap meager is en Ensafh wurdt net automatysk better as de Moanne in oare kant opgean soe.

    Ik koe it net litte om toch noch in kear te reagearjen, mar fan myn kant is it de lêste bydrage oer it ûnderwerp.  Genietsje de simmerske dagen!

    BeantwoordenVerwijderen
  20. @ES: Moai, sa'n lêste bydrage, fral om't dy nochal wat wolkomme oanfollings befettet. En dû ek mar in protte simmerwille tawinske!

    @Abe: Ja, hast gelyk. Ik hie allinne noch mar 'een aantal belangrijke tijdschriften' yn 'e holle, mar hy seit yn it NRC wol deeglik 'vier à vijf'. Ik stim it dy mei dat de kâns net bysûnder grut is dat de beide Fryske blêden dêrby sitte sille. Mar nochrisom, 100% wis is dat net en boppedat kin der, mei in yngongsdatum fan jannewaris 2013, yn in jier tiid noch fan alles feroarje. Oft dat wierskynlik is? Nee, wy lykje dochs wol op ramkoers te sitten.
    Dus wat is myn alternatyf? Dochs mar wer de kult-hoeke opsykje, mei beheinde middels, op souderkeamers en op stensilapperaten, à la Alternatyf en De Blauwe Fedde? Soks hat ek syn sjarmes, moat ik sizze.
    Of it dochs digitaal better oanpakke à la Kistwurk en Farsk? Ek dat hat syn sjarmes, mar dreau tefolle op inkelingen dy't har folslein oer de kop wurken.
    It mei dúdlik wêze, Abe: ik ha gjin maklike oplossings. Dy fan dy is ek net maklik, sjoen de pynlike konsekwinsjes. Op himsels wol goed trochtocht, dat moat ik dy neijaan. In goed en needsaaklik praatstik foar de redaksjes foar nei de simmerstop, tinkt my.

    BeantwoordenVerwijderen
  21. Moai datst sa iepen meitocht hast, Ate! In foarbyld foar oare redaksjeleden fan de twa blêden yn kwesty. Sjoch, je kinne wol deechlik oer Fryske literatuer prate sûnder dat de Herder út 'e bûse moat... Yndied, maklike oplossings binne der net. Of de provinsje moat wer as in "deus ex machina" út de himel delkomme en mei in pûde ekstra jild alles wer (in skoftsje) oplosse... Yn dizze ûnlijige tiid fan besunigingen wurdt de provinsje hieltyd wichtiger. We sille it sjen.

    BeantwoordenVerwijderen
  22. En dêrmei foarearst 'amen'. Jim ek betanke foar it ynspirearjende petear en, spesifyk foar Abe: thanx foar it 'hosten'.
    (wat by the way wol wer te tinken jout wêrom't soks sa min fan de grûn komt by de literêre digitale platfoarms... mar da's in diskusje op himsels).
    No earst op nei Abe syn nijste kollum!

    BeantwoordenVerwijderen
  23. Trotwaer is fan 1969, hjir kaam ien of twa jier letter. Neffens my is it tiid foar in nij tydskrift - yn twa of mear talen, ferbiningen sykjend mei oare skriuwers yn Europa. Of ha jonge minsken gjin ferlet literere ideeen en produkten ut te wikseljen hjoed de dei?

    Ik miste yn de diskusje dizze mooglikheid. It allinnich taspitsen op it jild liket my wat meager. Meitsje in nij ynspirearjend en folslein alternatyf literer bled. Fryslan 2018 hat der ferlet fan. As je op jild wachtsje bart der nea wer wat.

    BeantwoordenVerwijderen
  24. http://stikelstekker.blogspot.com/2011/07/literatainment.html

    BeantwoordenVerwijderen