donderdag 1 januari 2026

In freonlik skopke ûnder de kont

 


Jelma Knol (eks-ensafh) hat in stikje op de ‘literêre’ site fan ensafh skreaun oer de ynterviewbondel Wêr bliuwe de froulju? fan Janneke Spoelstra. Jelma Knol fynt dat de Fryske manlike skriuwers in skop ûnder de kont hawwe moatte. It is tink ik it meast neatsizzende stikje op ensafh fan 2025. En dat seit wat.

 

Knol hat it oer ‘in yndrukwekkende, erudite stúdzje, grôtfol analyzes, literatuerferwizings nei stúdzjes oer de rol fan de frou yn de literatuer, de posysje yn oare taalgebieten en boppedat moaie, djipdollende ynterviews mei tsien dichteressen’. Mar wêrom’t Knol dit sa’n yndrukwekkende stúdzje fynt, dêr moatte wy nei riede. Knol woe dan ek net in resinsje skriuwe, se woe graach reklame meitsje. ‘Lês fral it boek fan Janneke!’ is it advys.



Jawis, lês foaral dat boek. De ynterviews binne nijsgjirrich. Mar jo sjogge dan ek al ridlik gau dat it eins net oer in ‘stúdzje’ giet. Der is gjin ûndersyksfraach, gjin hypoteze dy’t toetst wurde moat, gjin kennis dy't ferovere wurde moat. Der binne wol wat sifers, en dy wize út dat fan froulju folle minder dichtbondels publisearre wurde as fan manlju, en dat dichtsjende froulju folle minder faak in priis krije as dichtsjende manlju. Lykwols, dat hat Spoelstra net útfûn, dat wisten wy al.

 

De fraach dy’t se stelle moatten hie, is hoe’t dat komt. Ynstee fan in wittenskiplike ekspedysje om in antwurd op dy fraach te formulearjen, binne der tsien ynterviews mei tsien froulike dichters. Oan dy dichters wurdt de hamfraach lykwols net steld, alteast, der komt gjin antwurd op. Wêrom net?

 

‘Dat dichteressen [de froulju yn kwestje neame harsels leaver ‘dichter’] noch altyd yn de marzje fan de Fryske literatuer operearje sjoen it lytse tal bondels dat útkomt en de seldsume bekroaningen mei literêre prizen’, skriuwt Knol, ‘bewiist Spoelstra mei har sifermjittige analyze.’ Nee, dat bewiist se net. Har boek giet net oer froulju dy’t proaza skriuwe, bygelyks. En wat se oer froulike dichters beweart, dat wisten wy lykas sein al lang.

 

Sifers dy’t wol ljocht smite kinne op de mear of minder marzjinale posysje fan froulju yn de Fryske literatuer wurde nuvergenôch net troch Spoelstra oanhelle (Rely Jorritsmapriis). Ut dy sifers blykt dat froulju suver like faak in Rely ‘wûn’ hawwe mei ferhalen as manlju.

 

‘Sûnt myn boek út 1993 is der eins gjin ferbettering te sinjalearjen yn de posysje fan Fryske skriuwsters’, skriuwt skriuwster Knol. Falt te betwiveljen, sjoen de Rely-sifers dy’t ik yn myn resinsje fan Spoelstra har boek jûn ha. Mar Knol stoomt gewoan fierder. Se hat mei har buorman praat, en dy jout har grut gelyk: ‘It is in eksakte ôfspegeling fan wat him yn de gewoane wrâld oan diskriminaasje ôfspilet.’

 

Handich fan Knol: sa kin se moai efkes it wurd ‘diskriminaasje’ falle litte sûnder dat se der op oansprutsen wurde kin. O nee, sorry. In pear sinnen letter seit se nammentlik samar hielendal op eigen manneboet, ha, ha, oer de Fryske literatuer dat ‘sels dêr (..) net in frije romte te finen (is), sûnder diskriminaasje’.

 

En se doart it noch wol sterker op te sizzen ek: ‘Soms wurdt dy romte ek noch besmodze mei seksistyske uterings, wylst de âldere generaasje besprekkers (út myn tiidrek) benammen in wat delbûgjende paternalistyske hâlding hie.’



De grutte pine fan ditsoarte frij ferfeelsume identity politics is blykber – ik ha dat yn it Friesch Dagblad ek oanjûn – dat poerbêste froulike dichters as Margryt Poortstra, Baukje Wytsma en Albertina Soepboer de Gysbert (noch) net krigen hawwe. Dy priis hiene se yndie wol (al) fertsjinne. Soepboer kin him de folgjende kear dat er wer foar poëzij útrikt wurde sil suver net misrinne. Mar fan ’t jier wie de priis foar Elmar Kuiper. Miskien mient Knol dat Soepboer har wurk better is? En dat de froulju dus fan ’t jier wer krimineel diskriminearre binne?

 

‘De selsbewustens fan de Fryske dichteressen dy’t út de ynterviews fan Janneke Spoelstra sprekt, de trochlibbe literatueropfettings en striidberens, meitsje my fleurich’, skriuwt Knol. ‘Wêr bliuwe de froulju? Sy binne der al en hawwe der ek altyd west. It binne de oaren dy’t in skop ûnder de kont hawwe moatte.

 

Neffens my moat mear as de helte fan de ynterviewde froulju in skop(ke) ûnder de kont hawwe. Want óf se dichtsje al jierren net mear, óf se litte it al jierren by in debútbondel (seis fan de tsien ynterviewden). Watfoar soarte fan selsbewustens dêr út sprekt, dêr is inkeld Knol mei bekend tink.

 

En oan ’e ein fan de reklametekst wit de lêzer noch hieltyd net a) wêrom’t froulju minder faak dichtsje as manlju, b) wêrom’t froulju minder faak prizen foar dichtwurk krije as manlju, en c) wêrom’t dat presys in probleem is, in probleem sels dêr’t in boek tsjinoan smiten wurde moat? Soe it wêze kinne dat Fryske froulju minder nocht hawwe oan dichtsjen as Fryske manlju, en dat se just wol nocht hawwe oan de ferhaleskriuwerij? Dêr soene de Rely-sifers op wize kinne. Mar sûnder ûndersyk bliuwt ek dat mar in slach yn ’e loft.

 

It nijste idee fan Spoelstra is dat der in aparte Gysbert komme moat foar froulju. Echt wier. Ik lês it yn it magazine fan de Fryske Akademy. Ik fan myn kant fyn dat wy ek rekkenje moatte mei, yn alle gefallen yn ’e takomst, in aparte Gysbert foar minsken fan kleur, ta slaaf makke minsken, non-binêre of geslachtsleaze of geslachtsferoare minsken, fegetariërs, feganisten, blowers, alkoholisten, lymsnuvers, útkearingsûntfangers en fierder foar alle ûnderbeljochte, tamtearre, bespotlik makke of op in oare wize diskriminearre groepen meiminsken dy’t ik no – sorry - ferjit.

 

‘Groupism’, neamde Rogers Brubaker sok tinken. Gau mei ophâlde. En oars graach mei echte ûndersiken komme, dêr’t wy dan in sinfol petear oer hawwe kinne.