zaterdag 3 mei 2025

De Fergese Feartfisker Anty-Oarlochsbibleteek (maart 2022-april 2025)

 

Im Osten etwas neues? 30 april 2025

https://seedyksterfeartfisk.blogspot.com/2025/04/im-osten-etwas-neues.html

 

Let op: we worden de oorlog ingepiepeld, 7 maart 2025

https://seedyksterfeartfisk.blogspot.com/2025/03/let-op-we-worden-de-oorlog-ingepiepeld.html

 

Defensienota ondermijnt Nederlandse veiligheid, 7 septimber 2024

https://seedyksterfeartfisk.blogspot.com/2024/09/defensienota-ondermijnt-nederlandse.html

 

De keunst fan it weilitten, 29 july 2024

https://seedyksterfeartfisk.blogspot.com/2024/07/de-keunst-fan-it-weilitten.html

 

In feilichheidspakt foar hiel Europa, 30 jannewaris 2024

https://seedyksterfeartfisk.blogspot.com/2024/01/in-feilichheidspakt-foar-hiel-europa.html

 

Cijferspelletjes en militaire logica in Oekraïne, 15 desimber 2023

https://seedyksterfeartfisk.blogspot.com/2023/12/cijferspelletjes-versus-militaire.html

 

Moaie ferhaaltsjes en histoaryske mominten. En poëzij, 1 oktober 2023

https://seedyksterfeartfisk.blogspot.com/2023/10/moaie-ferhaaltsjes-en-histoaryske.html

 

Oekraïense doden redden westerse politieke gezichten, 20 febrewaris 2023

https://seedyksterfeartfisk.blogspot.com/2023/02/oekraiense-doden-redden-westerse.html

 

Westen heeft allesbehalve de morele overhand in Oekraïne, 31 maaie 2022

https://seedyksterfeartfisk.blogspot.com/2022/05/westen-heeft-allesbehalve-de-morele.html

 

Het ‘vrije woord’ vereist zelfkritische journalistiek, 30 maaie 2022

https://seedyksterfeartfisk.blogspot.com/2022/05/het-vrije-woord-vereist-zelfkritische.html

 

De anatomie van propaganda. Waarom we liever niet praten over de inzet van fléchettes in ‘urban warfare’, 3 maaie 2022

https://seedyksterfeartfisk.blogspot.com/2022/05/de-anatomie-van-propaganda-waarom-we.html

 

De militarisering van de media. Hoe Nederland volop meedoet aan de informatie-oorlog tegen Rusland, 25 april 2022

https://seedyksterfeartfisk.blogspot.com/2022/04/de-militarisering-van-de-media-hoe.html

 

Europa moet bij zinnen komen, wil vrede een kans krijgen, 18 april 2022

https://seedyksterfeartfisk.blogspot.com/2022/04/europa-moet-bij-zinnen-komen-wil-vrede.html

 

In het compromis ligt het begin van de vrede, 17 maart 2022

https://seedyksterfeartfisk.blogspot.com/2022/03/in-het-compromis-ligt-het-begin-van-de.html

woensdag 30 april 2025

Im Osten etwas neues?


It wachtsjen is op in trochbraak yn de petearen oer frede yn Oekrayne. Net Poetin, sa’t jo krante jo foarspegelet, mar in ferdield Trump-regear en deidreamend Europa binne dêr debet oan.


Okkerdeis seach ik de oarlochsfilm All Quiet On The Western Front wer ris, basearre op de klassiker Im Westen nichts neues fan Erich Maria Remarque. Wat my diskear opfoel, wiene net sasear de grouwélige bylden fan it front, de útinoar skuorde soldateliven, it bloed, de drek en de dea. Nee, it wie it entûsjasme wêrmei’t Dútske jongens, ‘Deutschlands eiserne Jugend’, har noch yn it tredde jier fan de oarloch frijwillich oanmelde by it leger. Fansels, al gau wolle se allegear graach werom nei heit en mem. Mar dan is it al te let.

Ik tocht oan myn eigen tiid ûnder de wapens, earst as tsjinstplichtige, letter as KVV-ofsier oplaat by de militêre ynljochtingetsjinst. Us lân wie net yn oarloch. Myn strategyske en taktyske kapasiteiten koe ik suver inkeld mei shine yn de kompjûteroefeningen dy’t de Lânmacht optúgde, itsij op de Feluwe itsij oan de Westdútske eastgrins.

In kear stie myn klupke op it punt om de fijân beslissend oan it kleed te kommen – in útdrukking dy’t in âld adjudant fan ’e seksje stikem graach brûke mocht – doe’t it ynienen skoft wie. Us Amsterdamsk-Surinaamsk nasjonaal tiim ferovere de Europakup op kosten fan Dútslân yn ’e heale finale en fan de Sovjet-Uny yn ’e einstriid. Moaiere wapenstilstân hat der nea wer west.

‘Tijd voor Defensie’

Mar nou binne wy 37 jier fierder. ‘De onrust in de wereld neemt toe’, seit in snor yn it nijste reklamespotsje foar it Nederlânske leger. ‘Tijden veranderen. En dat vraagt om jou. Om mensen waar meer in zit. Vind de plek die je uitdaagt. Tijd om er écht toe te doen. Tijd voor Defensie.’ De Belgen kamen ferline jier mei in nij filmke. ‘By Defensie doen we alles, zodat jou niks overkomt’, seit in Flaamske frouljusstim. ‘We grijpen in aan de andere kant van de wereld, zodat jij hier veilig bent. We scheren door de lucht aan hoge snelheid, zodat je hier gewoon op je gemak kan zijn. We blijven alert, zodat jij op beide oren kan slapen. Altijd standby. Zodat jij in een veiligere wereld kan leven. Vandaag en morgen.’

‘Tijd van praten is voorbij’, sei lêstlyn ien of oare Nederlânske generaal mei pinsjoen, alteast, neffens it ledebledsje fan wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW dat him ynterviewde. Klinkt stoer. Fynt it kabinet ek. Dat wol de Nederlânske kriichsmacht oanboazje litte fan 70.000 man/frou no nei 100.000 man/frou yn 2030 en nei leafst 200.000 man/frou net hiel folle letter. Sûnder de militêre opkomstplicht opnij yn te fieren. It moat fan reservisten komme. Fan de Natres, dat binne de wykeinsoldaten dy’t yn it simmerskoft it Mata Hari-fiadukt befeiligje mei nachtpatrûljes en dy’t oermoedige siperske katten rêde út it waaibeammehout fan Camminghabuorren.

Urginsje. It gefoel oerbringe dat it now or never is. Dêr giet it om yn de nijste Definsjekampanjes. Wat is der presys sa urgint? Dat is net hiel maklik út te lizzen. It hat wat te krijen mei hackers, glimmende knoppen en griene byldskermen. Frisse jongens en famkes stean pal foar de demokrasy, blykber benammen foar de imazjinêre demokrasy yn fierweie lannen.

Ferdraaie

Paul Bäumer, de lêste fan ’e sân freonen dy’t noch libbet, komt by Remarque lullich oan syn ein, op in dei flak foar de ein fan ’e striid. Syn tiid fan praten wie yndie foarby. Is de tiid fan praten oer Oekrayne ek foarby? Grif net, de generaal b.d. bedoelt fansels, de tiid fan praten mei Ruslân is foarby. Of miskien bedoelt er noch wat oars, it is dreech út te meitsjen want it sitaat boppe it ynterview mei de generaal (‘Tijd van praten is voorbij, we moeten in actie komen’) komt yn it stik net út syn mûle, it komt út ’e tomme fan VNO-NCW. Dat it ferdraaien fan ’e wierheid gjin probleem fynt, salang’t it mar helpt om oait, urginsje, op dy 200.000 út te kommen.

De wurkjouwers stean yn dat stribjen net allinnich, wolnee. Alle grutte kranten fan Nederlân helpe mei by dat ferdraaien en dat stribjen. Alle dagen. No sil ik dy stelling hjir net útputtend bewize kinne, dat ik behein my ta íen foarbyld, dat lykwols represintatyf is foar in hieleboel ‘kwaliteitsjournalistiek’ te uzes. NRC-redakteur Eva Cukier hie op 29 april in stik yn har krante oer de fuortgong, of leaver it brek oan fuortgong, yn it stribjen fan de 47e presidint fan Amearika om in ein oan de Oekraynske oarloch te meitsjen.

Dy ympasse is Poetin syn skuld. ‘Er lijkt een einde te komen aan de Amerikaanse welwillendheid met Rusland’, mient Cukier, dy’t it ‘traineren en vertragen van de gesprekken over Oekraïne’ en it ‘openlijk saboteren’ troch Poetin een ‘succesvolle strategie’ neamt. Der leit in ‘gunstig pakket aan Amerikaanse toezeggingen’, en noch is it net genôch. Dy’t it nijs folget, wit al lang dat Cukier in bytsje blyn is oan ien each. Dat Ruslân gjin tydlike wapenstilstân wol sûnder ôfspraken oer in permaninte fredesregeling is al op syn minst sûnt juny 2024 sa klear as in klûntsje. Dat stânpunt is net feroare. In permaninte fredesregeling moat neffens Moskou de ûnderlizzende oarsaken fan de oarloch weinimme en dêrneist de anneksaasje troch Ruslân fan Luhansk, Donetsk, Zaporizja, Kerson en de Krim erkenne.

Ek moat fêstlein wurde dat Oekrayne gjin lid fan de NAVO wurde kin, no net en noait net, en dêrneist moat Oekrayne weromkeare nei syn eardere neutrale status (fêstlein yn ’e Oekraynske konstitúsje fan 1991) en mei it lân der gjin grut leger mear op neihâlde. Dat mei-inoar foarme en foarmet de Russyske ynset.

In realistysker koerts

Wêrom skriuwt NRC der dan sa nuver yn om? In bern begrypt dat inkeld mar in tydlike wapenstilstân neat oars betsjutte kin as grutskalige werbewapening fan Oekrayne, al of net mei in Europeeske ‘resilience force’, ja, ja, stasjonearre westlik fan’e Dnjepr. Wêrnei’t Ruslân op ien of oare wize derta brocht wurde moat om belies te jaan en him werom te lûken út alle regio’s dy’t it beset hâldt cq. befrijd hat. Unnedich te sizzen dat sokke útstellen, fan de Amerikaan Kellogg, fan Macron, fan Starmer, gjin skyn fan kâns hawwe yn Moskou.

Inkeld Witkoff, de special envoy fan Trump, skynt mei syn ideeën in realistysker koerts te farren. De Frânsen en de Britten jouwe Zelensky lykwols alle kâns om de Amerikaanske ynspanningen fansiden te skowen. Dát is sabotaazje, mar dêr hat Cukier it net oer. Dêrom jout Zelensky gjin millimeter priis. Hy mei hoopje dat, as Trump aansens genôch hat fan Oekrayne, Europa de rol fan Amearika as freon nûmer 1 oernimme sil.

Wishful thinking, fansels. Europa? Of inkeld Frankryk en Grut-Brittanje, eventueel yn ’e mande mei it Dútslân fan Merz? Mar gotskes, dy lannen ha grutte problemen en lis oan it thúsfront út wêrom’t se hûnderten fan miljarden oan Kiev ferklapbûtse. Wylst der yn eigen lân noch safolle ellinde is om op te romjen. Twad, se ha domwei de spierballen net om Moskou op oare gedachten te bringen. Harren legers binne útrûpele troch jierrenlange besunigingen én troch alle wapenleverânsjes oan Zelensky. De Britten ha leau ’k noch 40 ynsetbere tanks.

Dêrby komt dat ‘Europa’ amper noch bestiet. Sjoch mar nei de ferdwûne rol fan Brussel op it wrâldtoaniel. Der is gjin Europeeske ienheid, gjin Europeesk leger, gjin Europeeske bûtenlânske polityk. Sa’t der ek gjin funksjonearjende NAVO bestiet salang’t Trump it Wite Hûs bewennet. Mar wol heech fan ’e toer blaze. Lês foar de grap ris in speech, makket net út watfoar, fan de wrâldfrjemde fantast Starmer. Steatslju mei ûnderfining, lykas Poetin en Lavrov, skuorre har grif de bûsen út oer it amateurisme en de riedeleazens dy’t ‘ús’ politisy etalearje. Miskien dat Brexit aansen weromdraaid wurde kin. Dat is dan noch wát.

Stelle fan it folk

Mar meitsje ús net wiis dat it yn Oekrayne giet om demokrasy en wearden en noarmen en frijheid en beskaving, en it probleem hjit inkeld fan Poetin. Wolnee, it giet om jild. It assosjaasjeferdrach mei de Europeeske Uny dat Oekrayne yn 2013 ôfwiisde, hie foar de Oekraynske ekonomy in ramp betsjutten. Dat Biden junior in sit hie yn ’e ried fan bestjoer fan de Oekraynske gasgigant Burisma (2016-2019) makke ek dúdlik wêr’t it om giet yn it Westen. Trump syn ‘minerals deal’ is it jongste foarbyld. Wilens is heal Oekrayne eigendom fan fermogensbehearder BlackRock en genetyske knoeier Monsanto en neam de multynationals mar op. Grûn, fabriken, delfstoffen. Earlik troch it kriminele Zelensky-rezjym stellen fan it Oekraynske folk en ferpatst oan Amerikaanske biljonêrs of oare heechste bieders. En dan moat dy ‘minerals deal’ noch komme.

O ja, se ha it altyd wol oer dy Oekrayners, mar dy Russen binne ek gjin leave jongens. Wêrfan akte.

It giet net om it oanwizen fan leave en minder leave jongens. Dat kinne wy allegear wol. No giet it om in ein oan de oarloch. In ein oan it lijen. It sneuveljen. It bloed, de drek en de dea. Hûnderttûzenen leave jongens binne net mear ûnder de libbenen. Dat hie net hoegd, as Frankryk, Dútslân en Amearika har ynset hiene foar de Minsk-akkoarden fan 2014 en 2015. Dat hie net hoegd, as Grut-Brittanje en Amearika yn april 2022 net ûnder dekking fan ‘Bûtsja’ it konsep-akkoart fan Istanbul de nekke omdraaid hiene. 

It wachtsjen is, koartsein, op im Osten etwas neues. By foarkar in alomfetsjende fredesregeling. Zelensky, finzene fan it nasjonalistysk spûk dêr't er foar wurket, sil dan earst wol plakmeitsje moatte. Oant dy tiid is foar sawol Oekraynske as Russyske soldaten it biedwurd: wês wach. Tink oan it lot fan Paul Bäumer.

.

woensdag 19 maart 2025

De Burgumer Jut mei 't Oargel



Yn ’e drip fan ’e stiifhege strange Krústsjerke

lizze beweechlike rêsten bedobbe

dy’t har nachts ferienje ta in dichter.

Foar ús each in skym yn ’e leanen om Burgum,

is it Tsjibbe Gearts, linich Winter-

jûnenochter, klokmakker en frijsprekker,

flugger as wetter, earlik fantast safolle as ’t moast.

 

Oait hat syn stee in biedermeierich oan-

dwaand ovaalrinnend eareteken krige

dêr’t gjin mosk fergees op sitte wol,

en wat moais stiet der net op: it Selskip

foar et setera, foar ’t earelid dy-en-dy,

dy’t libbe fan doe-oant-doe, fan dêr-ta-dêr,

en sels dy pear letters fiele har opsletten.

 

Tsjibbe is nachts oan ’t meänderjen,

swankeswalkjen, swieren by de poppestien,

schmieren oer op ’e tee by de ruling class,

en hy rint, sa’t Gosses sei, in boskryk paad

yn syn dichtsjen, want gefoel is binnentroch

nei it hert fan ’e wâldsjer. Is dit in stien

foar de skald fan Harmen Sytstra’s lyksang?

 

Tekenje dan, leafhawwers, in nij tinkteken

dat in Frysk bryk- en tsjintinker fangt.

De winner wurdt grif in Jut mei ’t Oargel,

de âldomke fan Jan mei de Pet,

de reizger dêr’t it doarp foar útrint,

de snoade ferteller fan ’e orale tradysje,

de sjonger yn ’e hoeke en it folk brekt de klompen.

 

Mei Waling ha ’k it bepraat, en dy is ’t goed.


(Foto: Wikiwand)

dinsdag 18 maart 2025

Ferversfeintegrêf te Ryptsjerk



Jan Tjerk Auke Wytzes Boonemmer,

ferver fan berop, ferversfeint,

opstriker fan te lytse rinten,

likefolle talinten as soarten fan toarst,

de man stoar as folkstaalleginde yn it earmhûs.

 

No wit ik wol dat te Stoppelgea

noait gjin skylfisk komt,

en ek wol dat men al

waarlijk een stuk om den hoek is

als men weet waarover men het hebben zal,

 

mar op in dei komt men dan, it rint al nei fiven,

de sinne djip yn ’t westen en it folk op hûs oan,

út by in hôfke. En men trêdet oer ’t grind,

suver bûten jinsels fan ’e spanning,

en men stiet stil by de earestien

en dikeret

mei bange eagen

 

yn it Neat.

 

Tsjinprestaasje?

 

‘Wat ik jim opdreune kin’, seit Auke,

‘is oars net as it bytsje Frysk dat ús mem en de boeren

my leard hawwe.’


maandag 17 maart 2025

De spoarleaze stien fan 'e Redúster




Freonen, as ik moarn ynienen net mear witte soe

wa’t Alle Jans Smeding wie, de smeier

fan ’e bolle sudewyntsjes dy’t waaie,

de wurdsmid, fan ’t Selskip earelid en mei-oprjochter,

 

och, hy sjongt mar jimmer wei

            lâns dy hiele lange dei.

fen moarnsier ôf ont jouns let,

            swijt syn oärgelkieltsje net,

 

dan is it tiid, dan is ’t myn tiid, as de beammen

gjin fruchten mear falle litte kinne,

as de rizige noardewyn syn koffers al útpakt,

tiid om de tsiensints flintertinne boekjes yn.

 

o, dat sjongen, wol it leauwe,

kin sa faek myn leed fordrjuwe

’t docht altyd oan myn gemôet

sök in onútsprekber gôed.

 

Wiete blêden besette wiete stiennen

op ’t hôf om ’e spitse tsjerketoer hinne.

It hôf dêr’t bûten myn ferreinde ikken

inkeld roeken en mosken Smeding kenne.

 

en mannichien wonk er oan Hanke,

oan Hanke, sa hjitte de faem;

hja seach ’t wol, mar hâlde hjar krekt sa,

hjar krekt sa as hja ’t net fornaem.

 

Dit sankje sjongt fan ’e Smedingstien spoarleas.

It opskrift útwiske, de rots weirekke, fuorthelle?

Kaam op ’t âld hôf fan Reduzum oan tiids treast

by neare nacht en roekerop in rom- en earleas ein?

 

mei Gods hân myn sjonger sparje

en by kjeld en snie biwarje,

den komt, is de maitiid dêr,

            hy mei nije sankjes wer?

.

zondag 16 maart 2025

Earefoarsitter yn Wommels



Ik dreamde, ik wie in deftige notarissoan út Sint Anne,

dan soe ik lichtwol rjochten studearje yn Frjentsjer,

fyftich jier lang soe ik regint wêze kinne,

en net fier fan ’e Freule bedobbe wurde meie.

 

Mar ik waard wekker en lei ûnder in brutsen stien.

Doe’t ik ûntsnappe koe troch in spjalt yn it granyt,

wie, die bliken, myn namme net te lêzen

op it eareteken; ik hie gjin namme mear.

 

De nacht dêrnei wie ik in arbeidersjonge út Winaam,

en myn wurk bestie út it opkreazjen

fan earetekens, en myn wurkferdieler

hie my nei Jacobus van Loon stjoerd.

 

As opsketten knaap hie ik wol ompolske

by ien fan dy púnfallen oerbleaun fan

panwurken lykas dy fan him by Húns, alearen

de heechst opstokele ûne fan ’e Fryske literatuer;

 

net deselde literatuer dy’t him no telider gean lit

oan it waar, treddegraads. Klauwen ha ik

mei taal en teken, ik sil syn troanje byhelpe,

him weromsette op syn literatuerhistoarysk troantsje!

 

Fannacht dream ik neat. Of bin ik net

klearwekker, dream ik aloan diametraal ferkeard?

Ik wit wol hoe’t weislyt wat wy út ’e wei sette,

hoe’t ús fynkerrelich profyl yn ’e tiid ferwaait,

 

mar ik fyn mysels yn Wommels werom,

op it earefjildsje neist de drokbeklante Jumbo,

myn mobyltsje paraat, om in plaatsje by dit praatsje

foar de minsken thús dy’t graach ris in Frysk boek lêze.

.

Foarby Winsum loftsôf



Moarn riid ik faaks nei it greidhoekedoarp Baard;

ik riid nei Baard om de stien fan Harmen Sytstra te sjen.

 

Hat men in kursus folge

en is men net alhiel ûnbekend mear mei de kanon,

en falt de nacht al njonkelytsen,

dan brekke de grêven iepen

en begjinne de earderen te sprekken.

 

In gemeentekaptaal oan boeken soe er ferpatst hawwe.

Mei de dochter fan ’e te lûdsjongende foarsjonger

omslein hawwe.

Mei de wylde widdofrou fan ’e deasike foargonger

omgong hân hawwe.

Op Regine, it jonge Fryslân,

it each falle litten hawwe.

 

Ik lies oer wize beppes, sublime stoarmen,

tsjoenende alleswitters, getsier oer it erfskip fan liken;

ik lies, ek al koe ’k mar net wiiswurde út syn letters,

oer syn iere opkommen foar de earmen,

syn fûle warskôgjen fan ’e riken.

 

Hy sei mei spyt:

syn stjerrekaart en -status wie er kwyt,

miskien kloppe noch syn sosjaal hippyhert avant la lettre.

 

Harmen, de boeren binn’ oan ’t jarjen.

Nachten falle as oardielen oer dyn greidhoekedoarp,

dat in rots is ûnder Ursa Maior,

de geweldige Grutte Bear;

        foarby Winsum loftsôf.


zaterdag 15 maart 2025

Earestien, oantroffen op it hôf fan Hallum



It granyt brekt troch de boppeste punt fan 'e M,

tamtearret de krún fan ’e earste E,

hakket ’m suver de wreef midstwa.

It brekt op twa plakken troch de D

en trochboarret hast it boarst fan ’e R.

Ek de twadde R hat gjin idee.

 

‘Al leit syn lyk yn ’t grêf bisletten,

Syn fleurich liet wirdt net forgetten.’

 

Ik banjerje oer in doarps tsjerkhôf

en it is my dêr in partij roetkâld.

Thomas Gray, ik sjoch de pettekoppen ek gean

har keamers yn. De neimiddei is foar my,

 

op in gekjeiend jong stel nei,

it famke blûn, de jonge meager,

dat inoar by de bealch krijt

op ’e tegels neist it finsterleas lykhúske.

 

Winter noch, mar suver al ein maart.

In koele sinne keatst mei de monuminten,

de fergroeven grûn is dridzich fan earder op ’e dei,

út ’e keukens de roken fan it fette jûnsmiel

waaie oer de grêven.

 

En ik tink oan wat Arthur Scargill skreau

yn 1982 yn The Sunday Times:

 

‘My father still reads the dictionary every day.

He says your life depends on your power

to master words.'


.

vrijdag 7 maart 2025

Let op: we worden de oorlog ingepiepeld

 


‘Zelensky koerst aan op een staakt-het-vuren. Rusland moet de aanvallen op de civiele infrastructuur staken, afzien van bombardementen en geen militaire operaties uitvoeren in de Zwarte Zee. Daarna kunnen echte onderhandelingen beginnen. De uitwisseling van gevangenen kan dan bijdragen aan het opbouwen van vertrouwen’ (NRC).

Zo luidde onlangs de boodschap van de Oekraïense vredesstichter aan de Europese Unie. Het gesprek met Europese regeringsleiders in Brussel ‘verliep in een rustige, zakelijke sfeer’, heel anders dus dan de eerdere ontmoeting van Zelensky met Trump en Vance in Washington. Natuurlijk willen de Russen geen staakt-het-vuren, ze willen een alomvattende vredesregeling, maar een kniesoor die daar op let. Zelensky verkoopt het soort sprookjes waar ‘Europa’ graag in wil geloven.

Wie weleens naar Napoleon Macron luistert, of de Duitse mislukking van Buitenlandse Zaken Baerbock, of de Britse oorlogshitser-zonder-leger Starmer, die snapt wel wat de westerse bedoeling is met zo’n staakt-het-vuren. Dezelfde bedoeling die achter de Franse en Duitse steun aan de Minsk-akkoorden van 2014 en 2015 stak: om een ‘window of opportunity’ te creëren waarin Oekraïne kan worden herbewapend, zodat de oorlog daarna met fröhliche moed kan worden voortgezet.

Deze keer wordt zelfs gefantaseerd over Europese ‘peacekeepers’ in Oekraïne. Die zouden zo’n wapenstilstand dan op een of andere manier moeten garanderen. Maar Rusland heeft de stationering van Amerikaanse of Europese troepen in Oekraïne al menigmaal categorisch afgewezen. Zonder hun instemming komen zulke troepen er niet, nog afgezien van de vraag of het Europese publiek er akkoord mee zou gaan. Italië en Polen hebben al beleefd bedankt voor de eer. Het is ook een héél slecht idee. Voorbeelden genoeg, neem Bosnië, van strijdende partijen met hun eigen agenda die bloedige ‘incidenten’ creëren rond vredestroepen. Maar in dit geval breekt voor je het weet de Derde Wereldoorlog uit.

Niettemin stomen ze door. We worden de oorlog in gepiepeld. EU-kopstuk Von der Leyen heeft recentelijk bedacht dat de Unie zich voor 800 miljard euro in de schulden moet gaan steken om de herbewapening van zichzelf en beschermeling Oekraïne te bespoedigen. Die 800 miljard euro komt bovenop de reguliere, immer hogere defensiebudgetten van de lidstaten. En bovenop de 120 miljard euro die de Unie al aan Oekraïne heeft verpatst in de vorm van giften en leningen en geleverd schiettuig.

Al met al een biljoen Europese euro’s voor een confrontatiepolitiek jegens Moskou die louter zelfdestructief uitpakt. Groot-Brittannië en Duitsland zijn in recessie, hun legers uitgekleed, hun binnenlandse politiek verkeert in een permanente staat van crisis. In Nederland is het niet veel beter; het stikstof regeert en de inflatie stijgt met de energieprijzen mee als een F-35 op een ‘Frisian Flag’-oefening. Die dingen gieren over mijn huis, as we speak. 

Maar als we het niet in de broek doen voor de boeman wordt het niks met die 800 miljard euro. Dan gaan we ons, stel je voor, zorgen maken over belangrijke zaken. Zoals de belastingdruk, de sociale zekerheid, de jeugdzorg, de gezondheidszorg, het milieu, de cultuursector, het openbaar vervoer. De kunst is om iedereen voortdurend te laten geloven in een of andere acute militaire dreiging. Dat doe je door ‘narrative control’. Je dwingt je lezers één perspectief door de strot. Systematisch. Net zolang tot ze het lekker vinden. En de Derde Wereldoorlog een feit is.


.

donderdag 27 februari 2025

Pilatus Pier wasket de hannen


Pier Boorsma út Grins is dichter en neamt himsels ek filosoof. Okkerdeis hie er in stik yn de Ljouwerter mei it boadskip dat Fryske literatuer ynternasjonaal net meikomme kin om’t syn besprekkers him net ferlykje mei ynternasjonale literatuer. ‘De Fryske skriuwer Anne Wadman’, neffens Boorsma, ‘skreau yn de fyftiger jierren fan de foarige iuw dat de Fryske skriuwers stribje moasten nei Europeesk nivo. Mar dat kin allinne as de Fryske literatuer ferlike wurdt mei de Europeeske literatuer.’

Om’t ik ien fan dyjingen bin dy’t Fryske literatuer besprekke, ha ik mei mysels oerlein oft Boorsma miskien in bytsje gelyk hat mei syn krityk op de krityk. Mar dan moatte je earst derachter sjen te kommen oft Fryske literatuer kwa nivo yndie achterbliuwt, en op it twadde plak, as dat sa is, wa’t Boorsma dan krekt de skuld taskowe wol. Want in rigel earder hie er in, op it each, oare oarsaak oanwiisd foar it ûnderstelde achterbliuwen fan Fryske literatuer ferlike mei ynternasjonale literatuer: ‘Trochdat minsken yn in minderheidsgebiet it gefoel hawwe dat har taal en kultuer eftersteld wurdt, kompensearje hja dat fan en ta mei in oerskatting fan de eigen kulturele produkten.’

Dan giet it net sasear oer de literêre krityk, mar oer ‘minsken yn in minderheidsgebiet’ en har 'gefoel', en faaks giet it dan ek oer de minderheidstalige skriuwers sels. Dy’t blykber gjin weet hawwe fan wat der foarby de taalgrinzen skreaun wurdt, en dy’t dêrom har eigen wurk oerskatte soene. Mocht dat ‘minsken’ breder opfette wurde moatte – Fryskpraters yn it algemien –  dan moat it Fryske lêzerspublyk blykber beskôge wurde as in klupke omkoalen mei dûbeld fel foar eagen dy’t noait mei oarstalige literatuer yn ’e kunde komme.

Earst mar de earste fraach: bliuwt de Fryske literatuer ‘achter’? Dat soe bêst kinne, mar dêrfan jout Boorsma gjin inkeld bewiis, lit stean argumint, behalve dan dat de Skriuwersbûnkommisje dêr’t hy ferline jier sels diel fan útmakke, gjin Fryske proazaïst oanwize koe mei yn ’e fierste fierte in kâns op it takend krijen fan de P.C. Hooftpriis. Syn opinystikje is krekt in bibelsk toanielstikje: hy is de Pilatus dy’t in Skriuwersbûnplan om sjippe holpen hat, en no moat er syn hannen noch efkes waskje.

De twadde fraach easket mear omtinken: stel, de Fryske literatuer lit it yndie sitte, wat ynternasjonaal nivo oanbelanget, hoe komt dat dan? Op dy fraach binne ôfgeand op Boorsma syn stikje rûchwei trije antwurden mooglik. It komt om’t resinsinten net ynternasjonaal ferlykje, sa’t er úthâldt; miskien ek om’t Fryske skriuwers inkeld mar Fryske boeken lêze, of om’t it Fryske publyk oer ’t generaal sa dom is as oalje en fierstente gau ‘Fryslân boppe!’ ropt, ek in mooglikheid.

No is it idee dat literêre produkten yn ferskillende talen, út ferskillende lannen en ferskillende kultueren mei-inoar ferlike wurde moatte om in idee krije te kinnen oer har nivo nochal diskutabel. Dat idee is basearre op it tinken dat literatuer ‘autonome keunst’ is dy’t ûnôfhinklik bestiet fan syn persoanlike, talige of sosjaal-maatskiplike achtergrûnen. Ik tink dat sokke literêre keunst op syn bêst yn ’e marzje bestiet en dat men op grûn dêrfan gjin literatueren mei-inoar ferlykje kin. Literatuer kin net ‘ferlykber’ makke wurde troch simpelwei syn essinsjele konteksten fuort te litten. Literatuer moat op it foarste plak beoardiele wurde op syn eigen foarwearden, neffens syn eigen ambysjes, en binnen syn eigen mooglikheden en beheiningen.

Soene Fryske skriuwers dan inkeld mar Fryske boeken lêze, gjin weet hawwe fan oare literatueren, en dêrom har eigen pony foar in priishynder ferslite? Dat liket my ek flauwekul. Underwiis, ynternet en eigen belangstelling soargje al desennia lang foar in konstante oanfier fan ‘lânsfrjemde’ literatuer, en in bytsje skriuwer sjocht werklik wol hoe’t in oar it docht en wat in oar better docht. 

Ek noch mooglik: Fryskpraters binne dommer as filosofen. Dat sil sa wêze, of net, mar Boorsma syn opstiging hoege wy dêrom noch net hiel serieus te nimmen. Miskien is er op dit stik fan saken wat tefolle ‘filosoof’ en wat te min sosjolooch. Wa’t de Fryske literatuer yn in ynternasjonaal ramt delsette wol, kin der net ûnderút om earst mar ris syn smelle demografyske, sosjale en ûnderwiiskundige basis te sketsen, tinkt my. En dêrnei soe der miskien ris in wurd falle kinne oer de hegemony fan it Nederlânsk, ek in maatskiplik ferskynsel dat Boorsma net yn relaasje bringt mei literêr nivo. In wrâld fol realiteiten dêr’t er oan foarbygiet.

Ik leau net - mar earlik is earlik, ûndersyk ha ik der net nei dien - dat it wurk fan de bêste Fryske skriuwers en dichters sa meager ôfstekt tsjin dat fan Nederlânske of bûtenlânske auteurs. Knoffelders ha je oeral tefolle. Dat gjin Fries oait in Nobelpriis krije sil, dêr hoege wy net oer te harsensskrabjen. Mar it is sinleas om bygelyks Riemersma syn wurk neist dat fan Reve, Hermans of Mulisch te hâlden en dan wat algemiene útspraken te dwaan oer ferskil yn literêr 'nivo', sûnder rekkening te hâlden mei tiid, taal, plak en konteksten.

.

vrijdag 21 februari 2025

Dit gedicht; in antwurd



dit gedicht

(jimme hearre it my net sizzen)

heart net by Fryslân

 

in gedicht (earste werhelling) is

samar in samling wurden

yn samar in folchoarder

mei samar in ritme

ast se earst net deasjitst

of ynslokst

 

dit gedicht

(twadde werhelling)

leit inkeld mar op myn tonge

 

dat sit sa, dit gedicht (tredde, ferfelend)

hat gjin website om yn te wenjen

der is gjin bankrekken foar iepensteld

der binne gjin advertinsjes foar opmakke

der binne gjin krantekolommen foar rommakke

 

kin ek net

want wa wit wêr’t it no is

dit flutgedicht

 

miskien leit it al ferjitten op in buro

neist in beliedsplan

miskien hie it himsels net sa werhelje moatten

en is ien kear taal al mear taal as taal genôch

 

al wol de mûle

ek noch sa faak de nippel

al komme de dichters

ek mei safolle pampers

oanswingen

dit gedicht

is gjin bernewein

is gjin doktersadvys

 

en it is mear as in kuierke troch it wintergrien

fan jim Fryslân

dit gedicht dit gedicht dit gedicht dit gedicht

 

ha se by de poat hân

oan it ynfús lein

yn in bilbonke stutsen

foar de gek holden

it murch derút leppele

de reade disel jatten

 

ja allegear al kut

foar gewoane minsken

lit stean foar in autonoom fers

dat nergens by heart en nergens thús is

 

mar dochs dúdlik it bêste mei jim foarhat

en altyd al by jim wie

as taal en nacht en bla bla bla

 

kniper op ’e skine

wat oerbliuwt is dit kreupelskonkjend gedicht

foar jimme

lju dy’t fiele foar it frysk

 

in wurd foar de weeshuzen




[As de Dichter fan Fryslân mei in mânsk fers foar de kreamen komt, dan is dat, oft je it no in goed fers fine of net sa, in literêre ferklearring dy't om refleksje freget. Dat nimt dan wol in oerke, mar as nimmen op in Ynstitút antwurdet, wêrom ha wy it dan?]

donderdag 9 januari 2025

Brief oan X., of: Lang libje Mark Zuckerberg


Oer dyn yn myn eagen frij naïve opfetting fan ‘feiten’.

Do silst it wol mei my iens wêze kinne dat net alle feiten

in like feitlik karakter hawwe. Tink oan it ferskil tusken

dizze twa bewearingen: ‘Saniis gie myn telefoan’ en

‘Wy libje yn in demokrasy.’

 

Ek al wennesto yn Y., do silst wol fan my oannimme wolle

dat myn telefoan oergie saniis. Mar hoe sit it mei de twadde

útspraak? Jout dy in werjefte fan in feit? Of is er in ferhaal, in

ynterpretaasje?

 

De feiten dêr’t wy sinfol fan miening oer ferskille kinne,

binne yn ’e regel fan de twadde soarte,

en dan is it lang net altyd dúdlik

wat it feitlik karakter fan útspraken presys is.

 

Al hielendal net

as it ferwizingen oanbelanget nei saken dy’t yn it ferline spilen,

of wêrfan’t sein wurdt dat se yn it ferline spilen. It ferline

is der nammentlik net mear. Wy kinne net in útspraak

oer it ferline ferlykje mei it ferline sels en dan sizze

oft se aardich oerienkomme of net.


Wy kinne útspraken oer it ferline inkeld mar beoardielje

op konsistinsje, konsekwintheid, folsleinens,

ferhâlding ta kontekst, ymplikaasjes

en sa mear.

 

Sok filosofearjen is ferfelend

foar lju dy’t it leafst bûter by de fisk wolle.

 

En gelokkich mar

kinne wy alles wól roppe

(binnen de grinzen fan de wet).

 

Dat ha wy te tankjen oan de Frijheid fan Mieningsutering.

Dy’t yn ’e grûnwet, de lêste kear dat ik ’m lies,

net beheind wurdt troch dizenige groepkes ‘fact-checkers’

dy’t betelle wurde troch grutte bedriuwen en oerheden

en dy’t altyd beskate ‘feiten’ wol

en oare ‘feiten’ net tsjekke.

 

Groepkes dy’t funksjonearje as narratyf-ûnderstipers.

 

Ik wit wol, der komme hieltyd mear lju dy’t spûkbenaud binne

foar mear demokrasy, mar ik lit my myn rjocht om te sizzen

wat ik fyn, en it ek publyklik te sizzen,

net ôfpakke troch minsken dy’t bang binne foar har evenminske

en dy’t delsjogge op har evenminske

en dy’t har eangst ferpakke

yn ferwizingen nei boemannen (Trump)

dy’t it folk manipulearje en dy’t al it heilsume wurk

fan ’e foargongers (Obama, Biden) teneate dwaan sille.

 

Meast binne it ommers sokke bangeskiters sels dy’t,

by better sjen, likegoed besykje it folk te manipulearjen,

en meast blykt ek, by better sjen,

dat it mei dat heilsume wurk fan de earderen wol in slach tafalt.

 

Myn wapen is it wjerwurd, ûnderwiis, ûndersyk, tsjingas.

Wat se yn de 19e iuw ‘folksopfieding’ neamden.



(Dichte foar publyk dat mient dat de frijheid fan mieningsutering inkeld foar harsels bestiet. Aansens ek te lêzen yn myn tolfde dichtbondel Njoggen dagen yn it gers, dy't fan 't jier by Utjouwerij DeRyp ferskine sil.)