donderdag 12 september 2024

Wêrom bliuwt de Provinsje dôf en Tresoar blyn?


Asinus ad lapidem non bis offendit eundem, seit it sprekwurd. Trije jier lyn hiene Koos Tiemersma en ik sei de gek in tsjin-better-witten-yn-petear mei deputearre Poepjes oer de advisearring by de Gysbert Japicxpriis.

Wy wiisden derop dat yn literêre ‘sjuerys’ literêre spesjalisten hearre te sitten, en dêrneist dat it oansykjen fan sjueryleden troch Tresoar (mei advys fan de Fryske Akademy) dat ynstitút in ûnwinsklik grutte ynfloed jaan kin op de kar fan de priiswinner.

Us advys oan de deputearre wie om in grutte ‘Gysbertrie’ yn it libben te roppen fan in m/f as tweintich om oer de priiswinner te kedizen. Sa’n rie soe yn in langere perioade funksjonearje kinne en soe de mooglikheden fan besteande ynstituten en ynstellingen om it priisproses te stjoeren ôfdwaande tsjingean.

Om har movearjende redenen hat Poepjes ús útstel net oernaam. Mar der kaam wol in wiziging yn de regleminten fan de Gysbert Japicxpriis. Twa fan de trije advyskommisjeleden soene lykas altyd oansocht wurde troch Tresoar/FA, en de tredde beneaming soe no fia in ‘foardracht út it fjild’ ta stân komme (as hearre Tresoar/FA net ta ‘it fjild’, mar goed).

Yn 2022 gie it al dalik mis. Der wie gjin ‘foardracht út it fjild’ ynkaam, berjochte de Provinsje, dat de hiele sjuery kaam lykas altyd wer út de koker fan de ynstituten. Okkerdeis waard bekend dat ek foar de advyskommisje fan de Gysbert Japicxpriis 2025 gjin eksterne foardracht ynkaam is. De leden (Johanneke Liemburg, Sytse Jansma en Ytsje Hoekstra) binne dus alle trije gewoan wer oansocht troch Tresoar/FA.

En op ’e nij giet it mis. Yn 2022 waard Jelma Knol foar de advyskommisje frege, Knol dy’t as eardere redakteur fan de Friese Pers Boekerij hurd botste mei suksesskriuwer Hylke Speerstra – ien fan de grutte kânshawwers foar de priis yn 2023. Diskear krijt Sytse Jansma in sit yn de sjuery – in dichter dy’t de ôfrûne tiid dwaande west hat om wurk fan GJ-gadingmakker Albertina Soepboer yn ’e hichte te stekken. Sjoch ûnder mear ‘Leestip voor de zomer  #4” fan Tresoar (dd. 15 augustus) dêr’t Jansma de bondel Delta fan Soepboer oanbefellet. Earder, op 22 july, kaam Jansma oan it wurd yn De Poëziepodcast fan Daan Doesborgh, dêr’t er ien fers fan himsels en trije fan de troch him o sa bewûndere Soepboer foarlies.

No is Soepboer fansels in fantastyske dichter en it is moai dat Jansma har wurk sa tige wurdearret. Mar it literêre ‘fjild’ leit der tafallich fan ’t jier sa hinne, dat der eins mar twa reëele kandidaten binne foar de Gysbert yn syn fariant fan oeuvrepriis, sa’t elkenien begrypt dy’t it wrâldsje al langer as efkes folget. Dy twa binne Elmar Kuiper en, krekt, Albertina Soepboer.

Mei dy podcast is oars wat nuvers oan ’e hân, sa liket it. ‘De opname wordt uitgezonden op maandag 19 augustus’, neffens Jansma op syn eigen Facebook. Mar dizze ôflevering 93 is – oars as alle 92 foarôfgeande ôfleveringen – anno 12 septimber lykwols net op Spotify en net by de SLAA te finen en wurdt ek net fermeld op Jansma syn eigen promosite. Wie it sa'n beroerd petear?

No kin it fansels wêze dat Doesborgh al in moanne as twa op fakânsje is yn Nepal. Of soe Jansma, doe’t er noch net frege wie foar de advyskommisje fan de Gysbert, him ûntfalle litten hawwe dat Soepboer foar him in belangrike ynspiraasje en ek ‘meilêzer’ west hat foar syn Nederlânsktalige debútbondel Rozige maanvissen? Dy bondel is ferskynd by Atlas/Contact, dat ek de útjouwer is fan it Nederlânsktalige wurk fan Albertina Soepboer.

Oer Nepal of dat ‘meilêzen’ wit ik fierder neat hear. Ik ken Doesborgh net, en it petear mei Jansma kinne jo en ik dus net (mear?) beharkje. It punt is: Tresoar hie witte kinnen, en wist heechstwierskynlik, dat Jansma himsels resintelik nochal publyklik ta ‘fan’ fan Soepboer ferklearre hat. Ergo, om de skyn fan beynfloeding fan it prizeproses út ’e wei te gean hie Tresoar Jansma net freegje moatten foar de sjuery. Al hielendal net no’t der mar twa werklike kandidaten binne foar de priis, en ien fan dy twa hjit fan Soepboer.

In ezel stjit ’m net twa kear… mar dat sprekwurd giet yn Fryslân lang net altyd op. Dêrom noch mar werris itselde advys: stel in brede Gysbertrie yn. Dan binne wy hooplik fan dit amateuristyske gedonder ôf.

Wa’t no mient dat ik in persoanlik belang ha by dit stikje, hat it mis. Ik ferwachtsje foar myn Bloedprikke werklik net foar de twadde kear de priis en dat moat ek net. As de sjuery diskear gjin oeuvre mar ien dichtbondel bekroane wol, ek in mooglikheid, dan binne der wol oare kandidaten, alwer Soepboer en Kuiper, mar bygelyks ek Sipke de Schiffart. Mar it advyskommisjeprobleem feroaret dêr net fan. 

En nochrisom: Albertina Soepboer fertsjinnet yn myn eagen de priis likegoed as Elmar Kuiper. Beide binne it grutmasters. En beide hiene se him al lang krije moatten. Lykwols, in proseduere wêryn't de skyn net stelselmjittich út 'e wei gien wurdt, bedjert alles. Dat is al sa faak opmurken. Dêrom is it sa alderivichste spitich, foar de Fryske literatuer, dat op it stik fan de advysproseduere de Provinsje him dôf en Tresoar him blyn hâldt. 

Ik kin dêr mar ien ferklearring foar betinke. Wy ha hjir te krijen mei in Provinsjaal-Literêr regintekompleks dat leaver in priis nei gychem helpt as dat it de macht út hannen jout oan 'it fjild'.

.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten