Utjouwer Johannes Jans Kuiken (1860-1936) as Georgist
Doe’t Domela Nieuwenhuis op 21 april 1890 fiiftûzen stakende feanarbeiders út de Tynje, Beets en Nijbeets taspruts, wie myn oeroerpake fan memmekant, ‘lytse’ Sjoerd de Vries (1866-1951), boerearbeider yn ’e Biltse Westhoek, presint. Tegearre mei syn maat Gerrit de Jong (1866-1939) fan Sint Anne wie er de moarns al ierebetiid ûnderweis. Se rûnen op klompen fan it Bilt nei Nijbeets, inkeld mar om ‘ús Ferlosser’ te hearren. In healjier earder, op 27 oktober 1889, wie yn in herberch yn ’e Westhoek it earste lânarbeidersfakbûn fan Nederlân oprjochte, Broedertrouw. Yn it bestjoer siet neist foarsitter Germ van Tuinen en aksjelieder Jan Stap ek Jacob Willems Louwenaar (1852-1927), in omke fan myn oerpake fan memmekant Jan Louwenaar.
Gjin wûnder, liket my, dat it ‘reade Bilt’ altyd myn
bysûndere belangstelling hân hat. Ien fan de sintrale figueren yn dy skiednis
is de boekhanneler, printer en útjouwer Johannes Jans Kuiken (1860-1936) fan
Sint Anne. Kuiken wie ein njoggentjinde iuw net inkeld in pylder fan de Biltse
arbeidersbeweging, mar ek in belangrike fersprieder op nasjonale skaal fan revolúsjonêre
ideeën oer lânnasjonalisaasje. Yn dit opstel wol ik in portret jaan as
oanfolling op eardere notysjes fan Kees Kuiken (2010; 2013; 2017) en Johan Frieswijk
(1990). Ik brûk dêrby in pear eigen oantinkens oan Biltse foarâlden as couleur
locale en in eksploraasje fan Kuiken syn publikaasjefûns as grûntoan.
‘En dan mar sjonge’
Oeroerpake lytse Sjoerd de Vries wie letter gernier en anargist.
Fan sosjalisten – ‘dy ferrekte proletariërs’ – moast er neat hawwe. Dy
wjeraksel sil syn achtergrûn wol hân hawwe yn it ferrinnen fan de grutte
lânarbeidersstaking op it Bilt fan 1890-1891. It oerlean gie in pear sinten
omheech, mar fierder feroare der net folle. Myn oerbeppe Sijke Louwenaar,
dochter fan Sjoerd de Vries en Attje van Dijk, hat faak ferteld hoe’t se al as famke
op knibbels op it lân lei. En de boerinne mei har gouden earizers mar achter de
dyk wei gluorkje oft de bern wol iverich genôch ierdappelsochten. ‘En dan maar zingen van
’s morgens vijf tot ’s avonds zes’, sei myn oerbeppe yn 1967, doe’t in tal
folkslietsjes út har mûle optekene waard troch it Amsterdamske Meertens
Ynstitút, te witten ‘Daar waren eens twee koningskinderen’, ‘Vaarwel geliefde
Rosalijn’ en ‘Sta toe dat ik mij hier verschuil’.
Dat lêste
wie in anargistysk spotliet op de jacht dy’t de plysje yn de jierren nei 1900
makke op de bandyt Frans Rosier, bynamme ‘Haarlemsche Frans’, dy’t mar hieltyd
út ynrjochtingen en finzenissen ûntsnapte:
Sta toe dat ik mij hier verschuil
Maar voor een ogenblik
Politie zit mij achterna
Dat is voor mij een schrik
Ben Frans Rosier, maar schrik maar niet
Ik ben een flinke guit
Voor wie me aan ’t gerecht verklapt
Maar ik lach ze allen uit!
In oare dochter fan Sjoerd, Sjoukje, troude mei in soan fan
har heit syn maat Gerrit. Dy soan wie typograaf Jacob de Jong, dy’t yn ’e
Twadde Wrâldoarloch yn Grins fersetsbledsjes printe, troch de Dútsers oppakt
waard, yn konsintraasjekamp Neuengamme bedarre en op 9 maaie 1945 yn Sweden
ferstoar, 41 jier âld. Jacob syn broer Dirk wie yn 1935 ien fan de twa
oprjochters fan De Bildtse Post. Jacob en Dirk de Jong hiene it fak fan
lettersetter leard yn de printerij fan Johannes Kuiken yn Sint Anne, dy’t oant
1922 de Bildtsche Courant útjoech. Dat jier giene krante en printerij
oer nei Kuiken syn wurknimmer Adolf Hoekstra, dy’t oant 1963 trochsette soe mei
it blêd.
‘Brief aan alle Bildtkerts’
Johannes Jans Kuiken (1860-1936) kaam yn 1880 yn it bedriuw
fan syn heit Jan. Dy hie yn Sint Anne in printerij en in boekhannel en doe’t yn
1869 it deiblêdsegel derôf gie, wie er dalik mei de Bildtsche Courant
úteinset. De krante, dy’t twaris yn ’e wike ferskynde, hie ynearsten in
liberaal-frijsinnige sinjatuer. Mar Johannes hie mear each foar de need fan de
arbeiders krigen as syn heit en joech dêr fan it ein fan de tachtiger jierren
ôf hieltyd mear omtinken oan.
As begjinpunt kin faaks jilde de troch him skreaune, mar yn
1884 anonym publisearre Brief aan alle Bildtkerts en niet-Bildtkerts, naar
anlaiding van ’e slechte tiid, schrewen en op eigen kosten drukke laten deur ’n
Bildtkert. In jier letter printe er yn de Bildtsche Courant de
foardracht ôf dy’t Domela op 12 april 1885 yn Sint Anne holden hie; in
foardracht dy’t dalik dêrnei ek as boek (Algemeen stemrecht) fan de
parse rôle. ‘Laat ons niet wachten op een verlosser (verlossers zijn er al
zoveel geweest), wij hebben grote behoefte aan verlossing en die moeten wij
onszelf verschaffen’, hie de reade messias de Bilkerts meijûn.
It broeide fansels op mear plakken yn Fryslân, dat hurd
troffen waard troch de Grutte Agraryske Krisis. Yn dyselde jierren (1884-1885)
rekke yn Ljouwert kranteman Oebele Stellingwerf fan it Friesch Volksblad
ûnder de yndruk fan de Amerikaanske ekonoom Henry George (1839-1897), dy’t opfallende
pleiten skreau foar it nasjonalisearjen fan ynkomsten út grûnbesit. In ‘single
tax’ soe dan oare belêstingen ferfange kinne. Yn it Volksblad diskusearren
in Piet Ploeger en in Jan de Zaaier - nei alle gedachten beide skriuwersnammen
fan Stellingwerf sels - omraken oer syn wurk.
Hat dy skriuwerij Kuiken oansprutsen? Tusken 1890 en 1900
jout er it iene nei it oare striidskrift út fan saneamde ‘Georgisten’. Sa ferskine
yn Sint Anne boeken en boekwurkjes fan Anne Rauwerda, Jan Stoffel, Michaël
Flürscheim en Derk Roelof Mansholt, en yn 1895 ek in ‘nieuwe druk’ van Sociale
vraagstukken, in Nederlânske oersetting fan Henry George syn Social
problems (1883). Letter sil fegetariër en ûnthâlder Kuiken him benammen
talizze op it fersprieden fan propaganda foar de ôfskaffing, mar yn de jierren
tweintich jout er opnij in Georgistysk skriuwer de romte. Fan de Wierster
‘reade boer’ Arjen Sevenster (1881-1973) bringt er it wurk Landbouw en
maatschappij (1922) op ’e merk. Sevenster komt dan al jierren geregeld by
Kuiken thús; hy hat him it paad nei Henry George en ek nei de drankbestriding
wiisd.
Arjen Sevenster liedt fan 1938-1941 sels in ‘Henry
George-skoalle’ yn Sint Anne, in opliedingsynstitút fan de Georgistyske partij
Recht en Vrijheid. Har hiele fierdere libben sille Arjen en soan Siebe
Sevenster (1905-1993) besykje om it Georgisme yn Nederlân te fersprieden; de
lêste ûnder mear mei it iene nei it oare ynstjoerd brief yn lanlike kranten, oan
de ein fan ’e jierren tachtich ta.
As Kuiken syn affêren al oan Hoekstra oerdien hat (hy hat in
swakke sûnens), komt de Stannebuurster útjouwerij, grif op syn oanstean, noch
mei in brief fan Tolstoj, Over Henry George en diens grondwaardebelasting
(1927), en in skriuwen fan de menistedûmny fan Berltsum Luurdo Reinders oan it kristen-sosjalistyske
blêd De Blijde Wereld, titele Grondwaardebelasting! Geen
socialisatie! (1927).
Patriotten
Histoarikus Kees Kuiken neamt Johannes Kuiken yn syn
proefskrift Het Bildt is geen eiland (2013) inkeld yn it foarbygean, as
‘sympathisant van de arbeiders’; yn syn stik oer memoarjekultuer op it Bilt (De
Vrije Fries, 2010) is Johannes Kuiken inkeld ‘zeer familiebewust’ en in
ferstjintwurdiger fan in ‘vooroorlogs notabelennetwerk dat zichzelf het liefst
zag als het oude “Steven Huigensvolk”’. Moai is it koarte profyl yn Van
Aartsma tot Zwaluwa. 99 bijzondere personen uit de Bildtse geschiedenis
(2017). Earder skreau sosjaal-histoarikus Johan Frieswijk in berjocht yn it Biografisch
Woordenboek van het Socialisme en de Arbeidersbeweging in Nederland 4
(1990), mar al mei al liket in speurtocht nei wat mear detail, kleur en
biografyske achtergrûn net ûnwolkom.
Oft Johannes Kuiken syn famyljebewustwêzen foaral te krijen
hie mei syn besibbens oan de Wassenaar-clan en de earste Hollânske ymmigranten
op it Bilt, liket my bygelyks gjin útmakke saak. Het Bildt is geen eiland
jout rom omtinken oan de fûl-patriottyske boer Dirk Cornelis Kuiken, yn
1795-1796 provinsjaal represintant yn de Steaten-Generaal en lid fan de
Nasjonale Gearkomste yn Den Haach, mar de netwerkstúdzje meldt dan wer net dat
dy Dirk Cornelis Kuiken in omke wie fan in oerpake. Dy oerpake wie Jan Jans
Kuiken (1773-1844) út Sint Jabik, dy’t as earste luitenant yn 1799 fochten hat
tsjin de Ingelsen bij Starum, de Jouwer en Harns, yn 1805 boer waard oan de
Nijebiltdyk boppe Sint Anne en de boeken yngien is as patriottysk bestjoerder,
adjunkt-maire fan Sint Anne (1813-1814) en stichter fan in legere skoalle oan
de Aldebiltdyk (1812).
Syn demokratysk sin sil er sûnder mis oerdroegen hawwe oan
syn soan Johannes Jans Kuiken (1807-1871), de pake fan ús man. Dy is earst
keapman, mar fan it midden fan de tritiger jierren ôf stiet er yn de papieren
as mr. bakker. Hy sil net min buorke hawwe yn Sint Anne; nei syn dea wurdt syn
besit ferkocht, dat dan bestiet út ‘een huis met broodbakkerij’ (3000 gûne) en
boulân (2000 gûne). Op syn begraffenis wurdt er ûnder mear priizge om syn
‘vrijzinnige denkbeelden’, alsa Kuiken yn Van A tot Z.
Tûke sakelju
Bakkerssoan Jan Kuiken (1833-1898), Johannes syn heit, wurdt
troch Johan Frieswijk wat misliedend ‘een bakkersknecht’ neamd foar’t dy yn
1859 mei in boekhannel úteinset. Yn 1861 folget in printerij en yn 1869 de Bildtsche
Courant. Yn de ekonomyske bloeitiid op it plattelân yn de jierren sechstich
en santich giet it de firma Kuiken foar de wyn. Jan Kuiken moat in tûk en
warber sakeman west hawwe, neist syn posysje as oertsjûge frijsinnich tsjerkfâd.
Alteast, dat tûke dûkelje ik op út de notariaatsargiven; hy keapet yn 1861 in
hûs yn Sint Anne, yn 1872 noch ien, yn 1877 huzen en in cichoreidrûgerij yn
Feinsum en Hallum (tegearre mei twa oaren) en yn 1881 in hûs mei timmerskuorre
yn Aldsyl. Yn 1874 kin er in hiel nij hûs bouwe litte foar de winkel en de
printerij. Ek stiet er gauris fermeld as skuldeasker.
Yn 1883 – de opgeande tiid hat dan west – makket Jan Kuiken
syn testamint. Dat feit en it sterk sosjaal-polityk rjochte fûns fan de firma
Kuiken fan 1884 ôf betsjutte, liket my, dat Kuiken junior net krekt yn 1890 mar
al hiel gau nei syn kommen yn it bedriuw yn 1880 de leie oernaam hat fan syn
heit. De ekonomyske krisis lit him al dalik fiele en saaklik sil er it yn de
jierren tachtich en njoggentich net hiel maklik hân hawwe. Hy reagearret mei it
útjaan fan in protte lytse wurken, faak oerprintsels út blêden, bedoeld foar minsken
dy’t it net rom hawwe: syn saaklik doelpublyk is behalve de middenstân ek de
arbeidersklasse dêr’t er ideologysk partij foar kiest.
Yn 1891 int er de stipejeften út it hiele lân foar de
stakers fan Broedertrouw. Pleatslik is er ek warber as siktaris fan de grutte
ôfdieling fan de Bond voor Algemeen Kies- en Stemrecht, en letter as
gemeenteriedslid. Ek heakket er oan by nasjonale netwurken. Hy is fan 1892-1897
lid fan it haadbestjoer fan de Nederlandsche Bond voor
Landnationalisatie en hy wurdt lid fan it haadbestjoer fan de Nederlandsche
Vereeniging tot Afschaffing van Sterken Drank. Fan beide klups jout er tydskriften
en losse publikaasjes út.
‘De boekhandel,
waarin ook zijn zuster Trijntje werkte,’ skriuwt Frieswijk, ‘verloor klandizie
en de drukkerij kreeg minder orders, maar kon deze compenseren met drukwerk van
buiten de gemeente’. Yn 1897, as de ekonomyske krisis fierhinne oer is, heakket
Kuiken in nije leat ta oan syn bedriuw: hy set útein mei ‘De
Friesche Inktfabriek’, nei’t er in inketsaak yn Stienwyk oernaam hat. In grut
sukses wurdt it lykwols net; nei 1901 binne der yn kranten gjin advertinsjes
mear foar te finen.
De
publike saak
Kuiken sil him polityk net oanslute by de SDB, net by de SDAP en net by de VDB; hy bliuwt syn libben lang in frije sosjalist fan it Volkspartij-type. Yn 1891 wurdt er bestjoerslid van de Friesche Volkspartij, wat er oant de opheffing dêrfan begjin 1897 bliuwe sil, de lêste twa jier as siktaris en ponghâlder. It lêste jier wie syn Georgistyske bûnsmaat Oebele Stellingwerf foarsitter.
Nei de Earste Wrâldoarloch ferflaut de belangstelling
yn it lân foar utopistyske ideeën oer grûnpolityk en komt der ferdieldheid ûnder
de lânnasjonalisearders. In groep wol ta op de foarming fan lokale assosjaasjes
en fersmyt privaat lâneigendom alhiel, de oare groep (mei Sevenster en Kuiken)
hâldt fêst oan de ‘single tax’ ideeën fan Henry George. Yn 1926 heart Johannes
Kuiken by de oprjochters fan in nije beweging, de Bond tot Hervorming van de
Grondeigendom dy’t ûnder lieding fan Daniël de Clercq en Arjen Sevenster komt
te stean. Tink dêrby oars net oan tûzenen leden; miskien al mei al in fiifhûndert,
de measten wennen yn it noarden fan Fryslân, Ljouwert en Grins.
Weromsjend liket it as komt der gjin ein oan de ynset fan Johannes Kuiken foar de publike saak. Oan ús ferskynt er net as in Biltse patrisiër, mar as in sosjaal belutsen geast dy’t foar eigen rekken wurk makke fan syn oertsjûgingen oangeande in bettere en earliker maatskippij. Dat koe er dwaan op de stevige basis fan in famyljebedriuw-mei-úthâldingsfermogen en behalve in sterke Bilt-sinnige ek in sterke liberaal-frijsinnige famyljetradysje. Syn namme sil it meast ferbûn bliuwe mei de lânkwestje. As printer en útjouwer fan Georgistyske literatuer hat syn firma op nasjonale skaal in rol spile, neist útjouwerijen as W. Hulscher yn Dimter, H.D. Tjeenk Willink yn Haarlim, Joh. G. Stemler yn Amsterdam en S.L. van Looy yn Amsterdam. Dy bedriuwen joegen de earste Nederlânske oersettingen fan wurk fan Henry George út, mar in protte praat oer dat wurk rôle fan de parse yn Sint Anne.
In prinsipjeel, mar ek praktysk, sympatyk, beskaafd en belêzen man, sa beskriuwt Frieswijk him. Idealistysk, fêsthâldend en rjochtlinich binne wurden dy’t ek opkomme meie. Op Johannes Jans Kuiken hiene de rigels slaan kind dêr’t Waling Dykstra syn anonym publisearre gedicht ‘My tinkt’ mei einiget. It fers ferskynde yn it Friesch Volksblad fan 9 novimber 1884 en stiet ôfprinte dalik nei de earste brief fan Piet Ploeger oan Jan de Zaaier. Ik lês it as in oanmoediging om in idealistyske saak te bepleitsjen, mar ek as in warskôging dat soks lang net altyd tafalle sil:
‘Wêr’t ea de moed en krêften sakken, / Wa’t ek de holle hingje liet, / Him gyng de moed net nei de hakken: / Wat men him foar de skinen smiet, / En hoe’t de skoech him soms ek twong, / Hy seach op ’t doel en gyng syn gong.’
Aldsyl, 12
juny 2024
Bylage:
selektive fûnslist
Flürscheim,
Michael. Open brief aan Zijne Heiligheid Pauls Leo XIII. Uit het Duitsch.
Uitgegeven van wege den Nederlandschen bond voor landnationalisatie (Sint Anna
Parochie, 1892) (Bron: NvdB 59-12, 9-2-1892)
Flürscheim,
Michael. Individualisme en socialisme, of de werkelijke betekenis van het
grond-vraagstuk. Uit het Engelsch vertaald door J.J. Duijntjer. Nagezien, onder
toevoeging van aanteekeningen door J. Stoffel (St. Anna Parochie, 1892) (Bron: NvdB
59, 4-10-1892)
George, Henry. Sociale vraagstukken. Nieuwe druk. Vert. J.
Stoffel (St. Anna Parochie, 1895)
[Kuiken, Joh.]. Brief
aan alle Bildtkerts en niet-Bildtkerts, naar anlaiding van ’e slechte tijd,
schrewen en op eigen kosten drukke laten deur ’n Bildtkert (St. Anna Parochie,
1884) (Bron: NvdB 51-91, 24-10-1884)
[Kuiken, Joh.] Groote
vooruitgang – maar blijvende armoede (St. Anna Parochie, 1927) (Bron: NvdB
94-33, 26-4-1927)
Mansholt, D.[erk] R.[oelof]
[1842-1921]. Mijne zelfverdediging. Een antwoord op de aanvallen van de
Redactie van ‘Recht voor allen’ (St. Anna Parochie, 1892) (Bron: NvdB 59-12, 9-2-1892)
Mansholt,
D.R. Internationale arbeidsverdeeling en de prijsvorming van het broodkoren (St.
Anna-Parochie 1896)
Oppenheimer, F. De toekomst
der Liberale Partij (St. Anna-Parochie, 1901)
[Rauwerda, A.[nne Melles] [1859-1945]. [Veritas] Dekt de
vlag de lading? Een woord over verbetering van maatschappelijke toestanden,
naar aanleiding van het oprichten van Boterfabrieken (St. Anna Parochie, 1886)
(Bron: NvdB 53-34 (27-4-1886)
Rauwerda, A. Het wetsontwerp Van Houten en de
landnationalisatie (St. Anna Parochie, 1890) (Bron: NvdB 57-56, 15-7-1890) (overdruk
uit ‘De grond aan allen’; 15 p.)
Rauwerda, A. De toestand van de arbeiders in
Friesland. Uitslag van het onderzoek van de Volkspartij. 2 deeltjes
(St. Anna, Parochie 1890-1891)
Rauwerda, A. De werking van het privaat- en van
het gemeenschappelijk grondbezit (St.
Anna Parochie, 1891)
Rauwerda, A. Armenzorg en gemeentegrondbezit (St. Anna, Parochie 1892)
Rauwerda, A. Scheikunde voor den jongen landbouwer (St. Anna
Parochie, 1895) (Bron: NvdB 62-6, 18-1-1895)
Rauwerda, A. Red. Grond en arbeid. Maandblad ter aanbeveling
van het gemeentelijk grondeigendom. Jrg. 1. (Bron: NvdB 61-1, 3-1-1894)
Rauwerda, A. Het gebruik der armengelden (St. Anna Parochie, 1895)
Rauwerda, A. De Heer Treub en
landnationalisatie. Beantwoording van een viertal in het Sociaal Weekblad
verschenen artikelen (St. Anna Parochie, 1895)
Rauwerda, A. Hoe tot gemeenschappelijk
grondbezit te komen, hoe het te gebruiken? (St.
Anna Parochie, z.j.)
Reinders, L. Grondwaardebelasting! Geen socialisatie! Open
brief aan de redactie van het religieus-socialistische weekblad ‘De Blijde
Wereld’ (St. Anna Parochie, 1927) (Bron: NvdB 94-33, 26-4-1927)
Sevenster, A.[rjen] [1881, Stiens - 1973]. Landbouw en
maatschappij (St. Anna Parochie, 1922) (Bron: NvdB 89-37, 9-5-1922)
Stap, Jan A. [1859-1908]. Het ontstaan en de werking der
vereeniging ‘Broedertrouw’ te St. Jacobi-Parochie. Aan ’t volk verteld (St.
Anna Parochie, 1891) (Bron: NvdB 58-44, 2-6-1891) (Overdruk uit Friesch
Volksblad)
Stellingwerf, Oebele. It húsbisiik by Goasseboer. Blyspil yn
ien útkomst (Utjown for rekken fen de skrjuwer) (St. Anna Parochie, 1881)
(Bron: Brinkman’s Alphabetische Lijst, 1-1-1888)
Stoffel, J.[an] [1851-1921]. Landnationalisatie.
Antwoord aan de Protestantsche Noordbranter (St. Anna Parochie, 1894) (Bron:
NvdB 61-29 (6-4-1894)
Stoffel, J. Op den verkeerden weg (St. Anna Parochie, 1899)
(Bron: NvdB 66-34, 28-4-1899)
Stoffel, J. De toekomst der liberale partij (Sint Anna
Parochie, 1901) (Bron: NvdB 68-34, 26-4-1901)
Vlugschriften. Uitgegeven door het Centraal bestuur der
Nederlandsche volkspartij (St. Anna Parochie, 1897) (Bron: NvdB 64-74, 14-9-1897)
Volkspartij (De Friesche). Statuten van het friesch comité
van de volkspartij (St. Anna Parochie, 1895) (Bron: NvdB 62-9, 29-1-1895)
Geen opmerkingen:
Een reactie posten