dinsdag 30 januari 2024

In feilichheidspakt foar hiel Europa


Dêr't twa harsensskrabje, hawwe fiif skuld

Oekrayne ferliest de oarloch mei Ruslân. Nederlânske topmilitêren wolle dat wy ús tariede op it slimste. Tsjingas: it wurdt tiid om de NAVO by de dyk te setten en te wurkjen oan in pan-Europeeske feilichheidsregeling, ynklusyf Oekrayne en Ruslân.

Jannewaris 2024 is in tsjustere moanne. As in reuseftige inketfisk, sa slacht it militêr-yndustrieel kompleks syn tentakels om ús hinne. Nederlânske boargers moatte har tariede op oarloch. Sjen dat se in radio yn hûs helje. In tûne mei drinkwetter yn ’t hok sette, foar need. Miskien moat de tsjinstplicht wer ynfierd wurde. Sok skokkend spul spuide de foarsitter fan it Militêr Komitee fan de NAVO, in Nederlânske admiraal mei namme Bauer, okkerdeis yn ûnder mear De Telegraaf.

De Nederlânske ekonomy, mient Bauer, moat omfoarme wurde ta in oarlochsekonomy. Want de NAVO hat net genôch wapens mear om te ferklapbûtsen yn Oekrayne, en de Russen stean dus takom jier op it strân fan Skeveningen. Yndie sjit Ruslân alles út ’e loft en op ’e grûn yn ’e brân wat ‘wy’ al sûnt rûchwei 2017 oan moardtúch nei Kyiv stjoerd hawwe. Yn feite hat de NAVO himsels ûntwapene; alle âlde rotsoai dy’t de hâldberheidsdatum al foarby wie is dy kant út gien of sil dy kant út, en wat wy sels oerhâlden hawwe, dêr kinne wy noch net iens de Houthi’s mei sear dwaan. Dat, it Nije Werbewapenjen moat noadich begjinne.

Fertsjinnet soks gjin tsjingas? Blykber is alles better as ûnderhannelje mei Moskou. It is in útkomst dêr’t de neo-cons dy’t oare kant de Atlantyske Oseaan de macht hawwe al oan wurkje sûnt Biden op it plúsj bedarre. De Oekraynske boargeroarloch sûnt 2014? Prate wy net oer. Minskerjochten foar etnyske Russen yn Oekrayne? Gjin ûnderwerp. De Minsk-akkoarten? Fan tafel. De petearen yn Istanboel? In streek dertroch. Goedkeap gas foar Dútslân? In bom derûnder.

Mar Amerikaanske en Britske beloften fan ûneinige stipe foar Oekrayne hawwe inkeld mar resultearre yn in pear hûnderttûzen begraffenissen en noch mear amputearre earms en skonken. It Westen is yn de dearinnende steech fan syn eigen hubris bedarre. En achterútride is net syn forte. Mar gelokkich is it grutte publyk yn Europa en Amearika net hielendal op ’e achterholle fallen. It sjocht hoe’t de ekonomyske oarloch tsjin Ruslân de gasprizen opdreaun hat. It kin hieltyd minder keapje foar itselde jild. It krijt foar ’t snotsje dat Dútslân, de ekonomyske motor fan Europa, himsels de-yndustrialisearret. It frezet dêr ek in reis fan mei te krijen. En it wurdt sa njonkelytsen deawurch fan alle nepnijs en alle framing en alle winsktinken yn de berjochtjouwing.

De PVV wint. AfD wint. Trump wint. En mismanager Biden is yn novimber exit, tegearre mei de Kâlde Oarloch-entûraazje dy’t him (letterlik) oereinhâldt. Soks hat oarsaken. Krije wy no aansen in tiidrek fan westersk isolasjonisme, sil ‘de demokrasy’ wrâldwiid belies jaan, sille ‘de autokraten’ wrâldwiid de slach winne? Mei bangmakkerij besiket de oarlochspartij de minsken har werklike problemen ferjitte te litten en it jild út de beurs te praten. Idealen kostje wat, yn dy trant.

Nee, wat jild kostet, en ûntelbere libbens dêr nochris oerhinne, is it idee dat it Westen oeral baas spylje mei, oeral bombardearje mei, heale lannen yllegaal besette mei (Syrië), om’t it moreel superieur wêze soe oan alles en elkenien. Europa is in tún, it oare fan ’e wrâld in jungle. Dat yn ’e grûn rassistyske idee kommunisearre EU-bûtenlânsjef Josep Borrell twa jier lyn. Op dy misfetting is it monstrum fan de ‘rules based international order’ basearre, it westerske alternatyf foar it ynternasjonaal rjocht. Skande, skande roppe as in Russyske raket by ûngelok twa boargers deadet, swije as it grêf as freon Israël yn in pear moanne tiid mear as twa kear safolle boargerdeaden feroarsaket op in pear kante kilometer Gaza, as Ruslân en Oekrayne yn dik twa jier dien hawwe oan in tûzen kilometer lang front.

Gjin wûnder dat it omsittend laach, ek wol de Global South neamd, dy westerske morele mearderweardichheidspretinsjes op in pypfol hat. Dêr wit men al lang: demokrasy is eat dat Washington as it sa útkomt omearmet, en as it sa útkomt ek like gau wer falle lit. Sjoch Vietnam, Libië, Irak, Afghanistan.

Dat hâldt admiraal Bauer net tsjin en meitsje de nuverste kattesprongen. Hy wol in ‘samenlevingsaanpak’. In ‘oorlogsvoeringstransformatie’. Bygelyks: it soe goed wêze as Nederlân mear tanks oantuge soe, mient de seebonk. ‘Tanks behoren tot het arsenaal dat we nodig hebben om ons actief te kunnen verdedigen.’ Dat type rottekrûddjoere wapensysteem ha ‘wy’, moai wat jierren lyn alwer, suver hielendal ôfskaft. Logysk. Oan it Oekraynske front wurde tanks alle dagen yn âld izer feroare troch spotgoedkeape, mar o sa effektive drones.

Wat wérklik de feilichheid yn Europa befoarderje soe, wyld idee, is de NAVO ôfskaffe en in pan-Europees feilichheidsmeganisme yn it plak dêrfan sette. In pakt dêr’t ek Oekrayne én Ruslân diel fan útmeitsje. Yndie, it âlde plan fan Gorbatsjov, dêr’t de Amerikanen doedestiids spûkbenaud foar wiene, dat dus gjin skyn fan kâns hie. In fisionêr plan. As antwurd krige it de bekende searje útwreidingsfjildtochten fan EU en NAVO rjochting de Russyske grinzen dêr’t wy no de soere fruchten fan plôkje.

Om opnij romte te meitsjen foar in pan-Europeesk inisjatyf is it saak en wês in kear reëel oer de oarsaken fan de oarloch yn Oekrayne. ‘Wy’ ha de wierheid net yn pacht. Dêr’t twa harsensskrabje, hawwe fiif skuld. Elites yn Washington, Londen en Brussel hawwe allesbehalve skjinne hannen, sa’t hieltyd mear wittenskippers doarre te sinjalearjen. Doubling down is it iennichste antwurd yn har wurdboek. Se hawwe blynseach har russofobe patrûljes de frije hân litten. Se hawwe de Europeeske ekonomy yn ’e fernieling holpen. Se hawwe Oekrayne yn ien grutte greppel feroare. Se hawwe Ruslân yn ’e earms fan Sina dreaun. Se etalearje de slimste diplomatike en morele ympotinsje sûnt de 19e iuw stomprûn op de Earste Wrâldoarloch.

Oant wy aansen ta binne, mei admiraal Bauer en konsorten as ynstekkers, oan wrâldoarloch nûmer trije?