zaterdag 5 juni 2021

It anty-literêre advys fan de Ried

 


Foar my leit de nijsbrief Maitiid 2021 fan de Ried fan de Fryske Beweging. 

Dêr docht út bliken dat de Ried de ôfrûne tiid mar leafst fjouwer kear in byienkomst, al of net digitaal, hân hat mei de deputearre fan Kultuer: yn april 2020, en yn jannewaris, febrewaris en april fan dit jier. De earste kear gie it op fersyk fan de Ried oer it nije learplan Frysk, en de oare trije kear woe de deputearre graach witte wat de Ried – en oare partijen – tocht fan ‘it literêre fjild’ yn Fryslân.

Ja, goede fraach. Dat wolle wy ek wol witte, wy sette kofje en begjinne te lêzen. It grutste probleem mei it Fryske ‘literêre fjild’ is neffens de Ried, ik sitearje, ‘net hoe’tst mear skriuwers krijst en mear boeken produsearje kinst, mar wêrom’t der sa’n bytsje Frysk lêzen wurdt en hoe’tst dat oars krijst’.

Om dat probleem te bestriden hat de Ried in tal goede suggestjes dien, sa docht bliken. Bygelyks it beneamen fan in literatuerûndersiker oan de Fryske Akademy en it jaan fan lessen oer Fryske literatuer yn basis- en fuortset ûnderwiis (en oan de pabo fan NHL/Stenden, foar safier’t dat noch net regele is). En de Ried seit noch mear ferstannige dingen. Mar dêr giet it hjir fierder net oer – myn each foel op wat oars.

City of Literature is moai’, hat de Ried nei foarren brocht, ‘mar it moat net tydlik wêze, of te folle rjochte op de yntellektuele Fries’.

En, noch moaier:

It ferskaat moat grutter: faaks wat minder literêr en wat mear ferdivedaasje en funksjoneel Frysk!’ (It útropteken is fan de Ried.)

Mar dan ek wer:

Soargje dat der foar elke doelgroep wat te lêzen is, yn syn eigen “format”. Rjochtsje dêr de subsydzjestreamen ek op yn.’

No like it my goed om yn dizze ôflevering fan ‘Altyd dwers, altyd ferkeard’ efkes langer stil te stean by de hjirboppe neamde advizen fan de Ried fan de Fryske Beweging, ommers in belangrike organisaasje en in oerkoepeling fan noch folle mear belangrike organisaasjes.

De Ried docht nammentlik in hiele nuvere suggestje – de Ried jout in foarstelling fan saken sa’t dy inkeld mar troch in besleine bril waarnommen wurde kin.

Want City of Literature – warskôging – moat net ‘te folle rjochte [wêze] op de yntellektuele Fries? Ut watfoar hege hoed – miskien dy fan de deputearre sels? – toveret de Ried it idee dat ‘de yntellektuele Fries’ earne wennet? Lit stean dat de kommersjele marketing-ûndernimming City of Literature de kâns rinne soe om him – as er al bestiet – te faak te geriven. Op kosten fan ‘de gewoane Fries’ – gjin sitaat – dy’t syn gerak net krijt?

Binne bewenners fan fersoargingstehuzen, klanten fan de fiedselbank en húskebrûkers – dy groepen hawwe it ôfrûne jier allegear presintsjes krigen fan City of Literature – ynienen kollektyf promovearre ta yntellektuele Friezen?

It ferskaat moat grutter, mient de Ried. Wêr krekt fan stiet der net by, mar bedoeld wurdt, leau ik, dat de provinsje te folle jild útjout of omtinken besteget oan literatuer.  Je krije it idee dat de Ried óf sa hurd mooglik út ’e bocht fleane wol, óf dwaande is om de deputearre op ’e lije side oan te krûpen mei it each op winsklike takomstige besluten.

Mar útsutelje dat de provinsje op ien of oare manear ‘te folle’ oan literatuer dwaan soe is der fansels fier by troch. Krekt it tsjinoerstelde is de wierheid. De grutte mearderheid fan de ‘literêre’ Fryske boeken dy’t ferskynt is gjin ‘hege literatuer’, it is allegear hiel tagonklik, begryplik, werkenber, mear of minder meinimmend skreaun en absolút prachtich foar ‘de gewoane Fries’ dy’t de Ried net neamt mar o sa graach betsjinje wol.

No kin it fansels wêze dat wy sokke dingen yn ferhâlding sjen moatte. Dan soe it net gean om minder jild foar literatuer yn absolute mar yn relative sin. Dan moat der simpelwei méar jild komme, neffens de Ried, foar ‘ferdivedaasje en funksjoneel Frysk’. Sjoch, dat is sympatyk. Mar ek wer net hielendal, want wat is no wer ‘funksjoneel Frysk’? En wêr is al dat ‘net-funksjonele Frysk’? En wat hat dat bysûndere taaltsje - in dialekt of de oertaal, wat is it - te krijen mei literatuer en ‘it literêre fjild’?

Om in lang ferhaal wat yn te koartsjen, de Ried hat by de deputearre op syn minst trije en miskien wol fjouwer kear yn ’e pleit west foar subsydzje foar syn eigen nijs- en opinywebsite ItNijs.frl. Byneed op kosten fan de Fryske literatuer.

Dy Frysktalige site is it ‘format’, brocht yn ‘funksjoneel Frysk’, foar de gewoane Fries. Dy’t lykwols rjocht hat op better, want it wurkjen mei frijwilligers hat syn beheiningen en de Ried soe mei ItNijs.frl graach in profesjonalisearringsslach meitsje wolle. Sadat noch mear gewoane Friezen by steat steld wurde om gewoan Frysk te lêzen, dat wol sizze, net-literêr en net-yntellektueel Frysk.

Mear jild nei ItNijs.frl is bêst genôch. Mar de anty-yntellektuele en anty-literêre ûnder- en boppetoan fan it advys oan de provinsje en de byhearrende ferkearde foarstelling fan saken wat ‘it literêre fjild’ oanbelanget, dy kinne wy inkeld mar sinjalearje en beskrieme.


.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten