donderdag 28 september 2017
vrijdag 1 september 2017
Tip foar de Afûk: freegje Eeltsje Hettinga ris foar in sjuery
Dat sjuerys fan Fryske literêre prizen en wedstriden net yn mearderheid bestean kinne út minsken dy’t gjin ûnderfining hawwe mei Fryske literatuer, itsij as skriuwer of dichter, itsij as kritikus en essayïst, moat de Afûk dúdlik makke wurde.
Wat wol it gefal? Foar de Dichter fan Fryslân-wedstryd hat de Afûk advisearre om toanielspylster en teatermakster Tamara Schoppert, Nederlânsktalich dichter Obe Alkema en Nederlânsktalich dichter Peter van Lier te freegjen en de provinsje is dêryn meigien. Dy trije binne dus de sjueryleden fan de Dichter fan Fryslân-wedstryd.
My tinkt dat soks ûnakseptabel is. Net allinnich dat de Afûk ek in útjouwerij is, dy’t dus nét de earst oanwiisde ynstânsje is om sjueryleden foar literêre prizen en wedstriden te freegjen, dat sljochtsje ik no mar efkes oer, al stiet it as in peal boppe wetter. Belangriker noch: net ien fan dy trije, fierder fansels hiel kundige minsken op har eigen terrein, hat in bewiisde affiniteit mei, kennis fan en bestjoer oer it fjild fan de Fryske literatuer en poëzij. Dat wol net sizze dat se dy kwaliteiten net hawwe kinne soene; it wol al sizze dat dizze minsken yn har libben faaks in protte by de serieuze ein hân hawwe, mar Fryske literatuer heart dêr yn alle gefallen net by.
Soe it sa wêze dat der yn Fryslân gjin kundige minsken mei in bewiisde kennis fan Fryske literatuer en bestjoer oer keunst omstapten, dan wie sa’n kar noch wat. Mar dat is fansels net sa. Dêrmei wurdt dus de yndruk wekt dat der mei opset sin foar ‘bûtensteanders’ keazen is. Mar dat witte wy ek wer net, want de Afûk ferantwurdet neat. Wis is wol dat ik – as Frysk dichter en skriuwer – my net serieus nommen fiel, en belangriker noch, ik fiel it sa oan dat de hiele Fryske literatuer by de noas nommen wurdt mei de kar foar dizze trije sjueryleden. Is it net suver as hat de provinsje in koloniaal bestjoer oer syn ‘eigen’ literatuer oansteld? Wurdt dêr net yn feite mei sein: bêste Frysktalige keunstners, jimme binne sa’n eksoatysk folkje, dat in grutte mûle hat mar net wit wat goed en minder goed is, dat wy hawwe mar help fan bûten ynroppen om ien fan jim ynboarlingen op it hynder te hisen?
By de belangrykste prizen yn de Nederlânske literatuer – de P.C. Hooftpriis en de Prijs der Nederlandse Letteren – is der gjin tinken oan dat der ‘minsken fan bûten’ yn sa’n sjuery set wurde. Dat binne allegear spesjalisten, Nederlânsktalige auteurs of literatuerwittenskippers dy’t al hiel wat oer Nederlânske literatuer publisearre hawwe.
P.C. Hooftprijs 2017 (Bas Heijne): Jacqueline Bel, literatuerwittenskipper oan de VU; Kees ’t Hart, Nederlânsktalich auteur, Kristien Hemmerechts, Nederlânsktalich auteur, David van Reybrouck, Nederlânsktalich auteur, Dirk van Weelden, Nederlânsktalich auteur.
P.C. Hooftprijs 2016 (Astrid Roemer): Karin Amatmoekrim, Nederlânsktalich auteur, Sander Bax, literatuerwittenskipper yn Tilboarch, Toef Jaeger, redakteur NRC Handelsblad, Edzard Mik, Nederlânsktalich auteur, Pauline Slot, Nederlânsktalich auteur.
Prijs der Nederlandse Letteren 2015 (Remco Campert): Bert Bultinck, adjunkt-haadredakteur De Standaard; Kris Humbeeck (foarsitter), gewoan heechlearaar Moderne Nederlandse literatuur & Algemene literatuurwetenschap Universiteit Antwerpen; Irina Michajlova, heechlearaar Neerlandistyk Steatsuniversiteit fan Sint-Petersburg, literêr oersettter; Alida Neslo, teatermakker; Aleid Truijens, Nederlânsktalich auteur, kollumnist, biograaf (F.B. Hotz, Hella S. Haasse); Maria Vlaar, literêr sjoernalist, resinsint, redakteur; Theo Witte, fakdidaktikus Nederlânsk, Rijksuniversiteit Groningen, haadredakteur ‘Lezen voor de Lijst’.
Dat, leave meiwurkers fan de Afûk, soene jim tenei elke neokoloniale oanstriid ferpresse kinne, en gewoan Eppie Dam freegje bygelyks, of Goffe Jensma, of Henk Wolf, of Eeltsje Hettinga, of neam se mar op.
No ja, goed, dêr sitte in pear by, dy publisearje by de Afûk, noch in reden om de Afûk gjin sjueryleden sykje te litten...
Mar yn prinsipe is der (gelokkich noch) gjin ein oan de nammen dy’t foar de hân lein hiene en oanwiisd wiene. Dan hoege wy fan de tsjinpartij tenei net wer yn ’e pinne te klimmen om in deputearre mei in nederich asjebleaft te freegjen om rjocht te dwaan oan de Fryske Literatuer en de ear oan in groep fan 24 Frysktalige dichters te jaan. Tankewol.
.

Abonneren op:
Posts (Atom)