dinsdag 5 november 2013

Chiesa di Santa Margherita dei Cerchi


"Op it alterstik fan ’e hân fan Neri di Bicci nei, dat de Hillige Faam útbylde, wiene hast alle oarspronklike keunstwurken ferfongen troch hjoeddeistige wurken dy’t de twa ferneamden, Dante en Beatrice, foarstelden en dy’t foar de measte besikers de reden wiene om nei de lytse kapel te gean. Op ’e measte skilderijen stie de langjende Dante ôfbylde by syn ferneamde earste moeting mei Beatrice, doe’t de dichter – yn syn eigen wurden – op slach fereale wurden wie. De kwaliteit fan ’e skilderijen wie frijwat ûngelyk, en de measten wiene foar Langdon syn smaak kitscherich en mispleatst. Op ien fan 'e petretten seach Dantes ikoanyske reade hollebedekking mei de opfallende earlapen derút as hie de dichter him fan 'e Krystman stellen. Likegoed liet it heeltyd weromkommende tema fan ’e langjende blik wêrmei’t de dichter seach nei Beatrice, syn muze, der gjin twifel oer bestean dat dit de tsjerke wie foar de leafde dy’t sear die – de ûnferfolle, ûnbeäntwurde, ûnberikbere leafde."

Dan Brown, Ynferno

2 opmerkingen:

  1. "represintearre" soe ik wat oars fan meitsje, dêr klinkt my noch wat tefolle it Ingelsk yn troch. "útbylde"? "foarstelde"? "foarstelle moast"?

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Hast gelyk. En yn in boek fan 480 siden binne der nochal wat fan dat soart wurden... konstatearre, manouevrearre,

    BeantwoordenVerwijderen