dinsdag 2 oktober 2012

Fryske literatuer: Unskuldich fermeits

Goeiemoarn letterfreonen. Foar't juster it nijs kaam oer de nije kultuernota, hie ik ûndersteande kollum skreaun as Skroeier foar takom woansdei. Miskien wol aardich om dy tekst dochs efkes mei jim te dielen.

Unskuldich fermeits

Auck Peanstra, skriuwster en bestjoerslid fan It Skriuwersboun, sjocht it glês it leafst healfol, lit se op FaceBook witte. Kollega-skriuwers as Hilda Talsma en Ferdinand de Jong dogge aardich war om mei opfallende boadskippen op ynternet omtinken te lûken foar harren boeken. It is de Moanne fan it Fryske Boek, der binne optredens, moetingen fan literatuer en muzyk, it moat nó wêze. Spitigernôch dogge boekwinkels der noch net bot oan mei. Se sjogge it Fryske boek as in plicht ynstee fan in kâns en nimme gjin kommersjele inisjativen.

Tagelyk is it ek literêr besjoen in nijsgjirrige tiid. Meikoarten wurdt troch deputearre Jannewietske de Vries bekendmakke dat it prizestelsel op ’e kop giet, en dan is der noch de útrikking fan de Fedde Schurer- en Obe Postma-prizen oer twa wike. Op ensafh.nl nimt redakteur André Looijenga alfêst de feroaring by de prizen ûnder skot, en mei reden. “De provinsje fynt de Fryske literatuer net mear sa hiele wichtich,” skriuwt er. “En kulturele prizen binne ynstrumintalisearre ta befoardering fan produksje yn de kreative ekonomyske sektor.”

Likegoed moat ek ûnder eagen sjoen wurde dat de belangstelling en wurdearring foar Fryske literatuer al in tal jierren yn it delgean is. De nominaasjes foar de Fedde Schurer Publykspriis bygelyks ha gjin inkeld effekt hân op de publike diskusje, noch yn kranten noch yn it literêr sirkwy fan blogs en blêden sels. It is dus op himsels net sa nuver dat ús op risseltaten en effysjinsje en jildstreambehearsking rjochte bestjoerders en plannemakkers wat nijs betocht hawwe. Mar beurzen foar debutanten? Ien grutte literêre priis?

It is yn skriuwerslân wenst en sangerje om op de provinsje, en de boekhannels, en dit en dat, mar faak bliuwt de eigen rol bûten skot. De provinsje sil skriuwers serieus nimme foar safier’t se harsels serieus nimme; ik stim it Goffe Jensma mei, as dy stelt dat skriuwers en Fryske taalbrûkers yn it algemien har tefolle yn it definsyf triuwe litten hawwe. As de kniper op ’e skine komt, hat dat ek mei in te min oan ambysje te krijen. Wurdt soks net wjerspegele yn de media en de kultuerkommersjele sektor, dêr’t, neist Bildungsidealen, geniet en relatyf ûnskuldich fermeits foarop stean?

‘Letterlike ynnovaasje,’ ferwachtet Looijenga fan skriuwers. En ‘nije lûden en nije ferhalen yn in âlde taal’. Ik woe dat eins noch wat oanskerpje. Ik wol fan dy skriuwers yn myn eigen taal graach wat opstekke oer mysels. As dat net mear slagget, lit dan mar.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten