zondag 26 augustus 2012

donderdag 23 augustus 2012

Deep Purple - When A Blind Man Cries

Skriuwerskalinder 2013


Der is wer in skriuwerskalinder foar 2013!

De Skriuwerskalinder is dit jier wer opstarten op inisjatyf fan It Skriuwersboun, yn de mande mei Tresoar. Der steane 41 literêre bydragen yn en 12 hiel ferskillende, mar allegearre tige goed passende ôfbyldings fan ferskillende keunstners: foto's, skilderijen, en grafysk wurk.

Op it omslach in stedslânskip fan skriuwer/fotograaf Abe de Vries. 

Los jildt de skriuwerskalinder € 7,50, mar yn de Moanne fan it Fryske Boek by oankeap fan € 10,00 oan Fryske boeken is de ferkeappriis € 5,00.

[Boarne: It Skriuwersboun]

zondag 12 augustus 2012

Osip Mandelstam - *

*

White light falls in cold measure
In damp forest on summer day
In my heart I am slowly carrying
Sadness, like bird colored gray.

What to do with a bird that is wounded?
She went silent, then died as well.
From a fogged-over belltower
Someone has stolen the bell.

And here stands the silent
Muted and orphaned height
Like a tower white and empty
In foggy and quiet night.

Morning abysmally tender
Semi-awake, semi-dream,
Foggy ringing of thoughts,
Oblivion like a scream.


(Osip Mandelstam, út Tristia. Oersetting: Ilya Shambat)


Byld: tsjerke fan Damme (by Brugge)

vrijdag 3 augustus 2012

Symposium Jan Wybenga 28 septimber Warten

(parseberjocht)


Utjouwerij Frysk en Frij organisearret op 28 septimber o.s. in symposium oer de dichter Jan Wybenga mei de oanbieding fan syn Samle fersen + in kleurkatalogus fan syn byldzjed wurk + CD. Plak en tiid: Grutte Tsjerke Warten, 16.30-18.30 oere

Oanbieding: Samle fersen fan Jan Wybenga oan S. Wybenga-Post

Sprekkers:
1.Teake Oppewal fan Tresoar: ien en oar oer de poëzij fan Jan Wybenga
2.Abe de Vries: oer syn ynlieding by de Samle fersen fan Jan Wybenga
3.Albertina Soepboer: poëzy Wybenga en Jung
4.Piter Yedema: poëzy Wybenga en it Frânse eksistinsjalisme
5.Jabik Veenbaas: poëzy Wybenga en it modernisme
6.Huub Mous: Wybenga syn byldzjend wurk

Foarum û.l.f. Thijs Feenstra: Wybenga syn wurk en it modernisme

Utstalling: Wybenga yn byld en wurd

Yn Museum De Súdwâl, in oersicht fan Wybenga syn byldzjende keunst (gouaches en akwarellen) en syn libben en literêr wurk. Iepening útstalling: Hermien de Haan-Laagland, wethâlder fan kultuer Boarnsterhim. Oan Museum De Súdwâl wurdt as bliuwend oantinken in plakette oanbean mei in selsportret fan Jan Wybenga, in koarte biografyske skets en syn gedicht 'Wonderful Warten'.

Muzyk: Greetje Bijma bringt poëzy fan Jan Wybenga ( www.greetjebijma.nl). Oargel: Folkertsma anneks Antsje mei it tsjil.

Deklamaasje en algehele lieding: Jelle Bangma

Iten en drinken út de folop

Menu:

Amoebesop (fleis noch fisk en te sûne kleur, mar smakket iensellich)
Foksejachtsop (yn it absurde bestevige mei wyld flesk)
*
Barakkekampkes kajeetsjes (wat yn blêden)
Easterstreekjes
Griene en koaningsblauwe prinseskes
Fergetten Ferskes (as in plant)
Net Fergetten Ferskes (net as in plant)
lytse fryske deadebroekjes (‘n koeky fan eigen deeg)
*
Wybengawyn (bloed en droech/wiete snie, sit wat fan ‘e kat yn)
Wartenzer bier
Moaiwaarsop
Langedagensop
Jan 1 kleare
Kowedrinken (lekker, mar Cecilia is der yn fersopen)

ELKENIEN IS WOLKOM TAGONG EN KONSUMPSJES FERGEES FOL IS FOL

Bob Dylan - It Ain't Me Babe

Vrrrrrroemmmm!

www.flickr.com/photos/abedevries

Joan Baez - Love Is Just A Four Letter Word