vrijdag 2 september 2022

Carrickfergus yn 'e fierte



’t Wie justerjûn – de hjerstmoannejûn

flijde syn jurken oer de pearse sambuca nigra,

doe’t ik in âld Iersk folkslietsje hearde,

en ik tocht oan dy. Oan dy! in amerij,

myn noait desperearjend moedich breidske.


Ik hie it as in bij yn ’e blommen by dy;

nee, as in wjerweide op ’e sjempôt,

as in houtdo yn ’e flearbeien.

Mar ’k wie ek in kniper oan ’e line,

in kweltse platpoat foar de tsjilploech,

in muntsjesiker op in tsjinstribbige jikker –

it libben wierre tsjin en mei.


Doe die ik it achterkeamersrút wer ticht.

Hjoed ha se my fiif kear yn ’e earmen prikt,

foar’t in willige ier sei, lit my mar bliede.

Wa wit wat eintsje bestean noch bliuwt?

Jûts ik in nudle yn myn murch,

dan bestean ik noch wol even

en wit ik op slach wer wat wy

(mei gjin inkeld rjocht dêrta!)

as deagewoan beleefden.


De see is breed by Carrickfergus

en einen swimme kin ’k net mear.

Fleugels om te fleanen bin ’k brek

en elke boat dy’t driuwe wol slacht lek.


Wat tij, lot en tiden skiede, wa sil ’t heel wer meitsje?


Inkeld dizze waarmste, justjes oerstjoere groet

ferstjoer ik nei dyn lippen,

likegoed foargoed.




.

1 opmerking:

  1. Alle tank oan dizze geweldige man mei de namme Dr. Agbazara, de grutte tsjoender, dy't de freugde yn my werom brocht hat troch my te helpen myn leafste werom te bringen dy't fjouwer moannen lyn mei my útmakke hat, mar no by my is mei de help fan Dr. Agbazara, de grutte leafdes tsjoender. Alle tank giet út nei him, jo ​​kinne ek kontakt mei him opnimme foar help as jo him nedich binne yn tiden fan problemen fia: 📧 ( agbazara@gmail.com ) jo kinne ek WhatsApp: ( +2348104102662 )

    BeantwoordenVerwijderen