zondag 23 januari 2022

Foar Lady


Foarby Willemshavens rint it rak

fan twa krektniis opkalefatere passanten,

nijmakke âld – do wer sá sjarmant en

ik besteand by, dit hjir, bric-à-brac.

Ik bucolicus en do bacchante,

sa lavearje wy oer ’t smelle flak:

op ’e fok nei dok en ûnderdak,

op ’e swalk nei in chapelle ardente.

Ik ha grif, wa net, foar dy in swak:


t Liuwebrechje yn myn almanak

(mar in skets yn grizich nouvelle vague)

makket my oer alle silen mak,

no’t er iependraait foar myn migrante.

Opheind út in fiskferpakkers krante,

famke, weagerider, gouvernante,

hjirsa bisto – tekenje is in fak –

sjongster, sjongster, sâlt hout en savante,

stoarmwaar, tij en lijen treast teplak. 


.