Ik jarre hoop yn bange dagen,
ik skiet sân kleuren dy't ferfagen,
myn opkeamerpop en weinhokrock
nei sneons ús mem har grientesop.
Myn dongoplizzers weagerij
die ek wat bargestront derby.
Campina hat it rap ferjûn -
de wielde hat de greide fûn.
De Rabo derûnder, strontstruie mar!
It stonk wol oars, mar 'k hie gjin kar:
wer alle fuotten fan 'e grûn,
de maityd is foargoed begûn.
No wol it oars ús lânsregear:
ammoniak, dat mei net mear.
Ik stjer as ik it riedling wit -
wêrhinne moat ik mei myn shit?
Guon sizze: op nei 't haadkantoar!
Mei bus en trein, oer dyk en spoar,
of nee, yn trekkercabines fansels,
sa noflik airconditioned rebels.
Mar 't grutkaptaal docht poen derby,
gjin stront mar bûter yn de brij!
Ik stean wer klear foar de ôffalrace
yn tsjinst fan jinse poepsinees.
As de lêste fûgels op 'e hikke
noch efkes langer hjir oer kikke,
dan, fuck them all, krij ik myn buks
en banjo beet en sjong ik grutsk:
ik bin in redneck dy't neat wit,
sjuch hoe 'k de ljip syn nêst út shit,
ha argewaasje by de fleet -
it paradys boeit my gjin reet.
Mei alle tsjinstân út 'e wei,
tink ik gjin tel mear langer nei.
Ik toets de krekte sifers yn
by maitydswaar en sinneskyn.
De druk nimt ta yn alle slangen,
de kleur ferdwynt fan elkmans wangen,
neat krûpt of hipt of rint hjir mear
om't Frankenstein krijt 'n liening klear.
De hobbel moat de grûn gelyk,
de flear derút foar 't molkfabryk,
de sleat sil rjuchter foar de fla
op wei nei kommunistysk Sina.
Dan stap ik yn myn pick-up truck,
ik bin in boer en what the fuck.
Ik bin sa rjuchts as it mar kin,
op kij ha hippys gjin ferwin.
Ek amtners en har moaipraat net:
it is de boer dêr't elk fan fret.
Fertsjinje ik neat yn 'e oere;
wolsto my yn it ûnleech stjoere?
Folumeknop giet no op tsien.
Wat hawwe wy wol net gemien:
as 't net derút wol, rinn' wy bryk,
stiet alles stil op 'e autodyk.
Ik jarre hoop yn bange dagen,
de wite wask koe oer de hagen.
It spul dat is rjucht ta rjucht oan
ta yn de grûn alhiel bedoarn.
Systemen dêr't ik yn skûlje kin
wol oant ik frij noch boer mear bin,
mar subsidiearre ammoniakredusearder
of dikbetelle natuerbehearder.
En siedzje 'k blommen yn 'e grûn
fan hegerhân te bloeien jûn,
dan komt it folk út buorrens wei
mei 't nijs en lege flessen mei;
de luchtmacht hat de boerebetsjoening
werombombardearre ta biobedoening
mei syn sirurgyske presisy
en ek in hântaast fan de plysy.
Sa komt de regionale merk
yn 't boek fan de Campina-klerk,
en bliuwt de bliksemse bargestrontstank
op 'e burelen fan 'e jarrebank.
De rintmasters hawwe wierheid sein.
Dit grapke rint al hast nei d' ein.
De kwestje fan ammoniakútstjit
net skytrich oanpakt nei 't ik wit,
strykt greiden oer in frisse wyn
mei eat fan pypkeniel deryn.
Dêr yn dy hoeke fan it fjild
stiet stil de man fan 't grutte jild;
it fearreguod yn 't nije jier,
it fljucht en wrakselt, tsjettert, tsiert,
de ljippen ha piken, wa wit fan wa,
Beitske hat ien en Bjoekje hat twa!
.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten