maandag 1 oktober 2018

Utgjalp fan in âld roek, oer ’t útroegjen fan it slot en bosk Tjessens, te Holwert

   Ik bin in âlde roek; 
’k Wurd hâlden foar moai tûk, 
   In wolberekk’ne fûgel. 
No sit ik yn ’e need; 
   Ik ha sa’n eangstme en leed, 
As kwynde ’k oan in kûgel. 

   Want sjuch, ús bosk giet fuort, 
Ja, dat sil nou yn ’t koart 
   Alheel útroege wurde. 
Fansels, dan misse wy 
   Us taflecht, rom en frij, 
En dat kin ik net hurde. 

   Wy hiene hjir alear 
Ferskate beammen mear, 
   Te wenjen en te brûken. 
 Mar Aylva stoar, dy hear; 
   Doe klonk it ús yn ‘t ear: 
,,Oppakke, âlde roeken!” 

   Dêr hâldt it net mei op, 
Wy hearre wer de rop 
   Dat wy ferfarre kinne. 
Nou sis ik: dit is raar! 
   ’k Bin hjir fan faar ta faar. 
Wêr moat ’k nou foartoan hinne? 

   Fier fuort! Dat giet net oan; 
Wy hawwe ’t hjir sa skoan, 
   Wy fine ’t nearne better. 
Want siker! ús âld laach, 
   Dat wennet altyd graach 
By ’n echte roekefretter. 

   O, geane wy ris fuort, 
Dan rekket hjir yn ’t koart 
   It hele spul fan aaien. 
Wa sil op ’t nôt tasjen, 
   Dat dat ferwurde kin, 
Noch kâns het fan ferwaaien? 

   Wa sil de stûken telle 
En wa de einaaien stelle 
   Of pakke in hinnepykje? 
En sis my sûnder ligen, 
   Wa sil de hynstefigen 
Skeikundich ûndersykje? 

   En folle dingen mear, 
Dy’t wy hjir kear op kear 
   Sa heel behindich dogge. 
Ja, tsjen wy fier hjir ou, 
   ’t Sil wûnder wêze hoe gau 
Se ús graach werkommen sjugge. 

   Noch wat út myn gemoed: 
Wy tankje jo foar ’t goed, 
   O Jonker! dat je ús dien ha. 
Nou roppe wy mei nocht 
   (Gjinien, dy’t net meidocht): 
Lang libje Harinxma. 

W.                               J. 

Noat: De Holwerters wurde útskeld foar roekefretters. 

Ut: Friesch Volksblad 4-197 (11 april 1880)

Geen opmerkingen:

Een reactie posten