maandag 9 december 2013

'Ter handhaving van de boereneer'

Lânbou en mienskip neffens Sybe Douwes de Jong, 1934-1943

Yn 1940 publisearre Reinder Brolsma syn ferhaal ‘Mame en de grutte boer’. Sybe Douwes de Jong (Stiens, 1897 – Ljouwert, 1951), toanielskriuwer, literêr kritikus, sjoernalist en letter, yn ’e oarloch, haadredakteur fan de Leeuwarder Courant en dy syn opfolger de Friesche Courant, besprekt it op 19 april 1941. Yn syn stik jout De Jong in opfallend wiidweidige beskriuwing fan ien fan de personaazjes yn it ferhaal, de ‘grutte boer’ Freark:

“Set ‘grutte’ benammen tusken komma’s, setter. Want earlik sein, dizze man is allinne mar grut fan komôf. Hy hie in pake, dy’t goed troude en tige by de wâl opklaude, in heit, dy’t it breed hingje liet, wat yn ’e ûngaadlike tiden net lije koe mar dochs jimmer sa’n bytsje boer bleau en jimmer hear. En doe bleau Freark mei in swier ferhypotheke pleats sitten, dêr’t de helt fan it lân by wei miste, de skuorre lekte, de sleatten ticht sieten en it lân fol stikels stie. Sa wie it mei syn grûn. En syn wêzen wie der net folle better oan ta. In man, dy’t better tiden kend hie, fan ’e tsjinstuiten yn it libben net ta ynkear kaam mar himsels opfriet. In pleach foar syn boaden, in ergernisse foar syn wiif, mar poermâl mei syn lytse jonge. Yn it wurk in bolderbast, yn ’e herberge en by it tugen in pommerant. Dat is Freark.”

Yn de figuer fan Freark mei faaks ek in byld fan it Fryslân fan Brolsma en De Jong har dagen lêzen wurde, de krisisjierren fol earmoed en wurkleazens fan foar de Twadde Wrâldoarloch. Fryslân as de “swier ferhypotheke pleats” fan de tritiger jierren, dêr’t de skuorre fan lekte. Mei dat Fryslân wie Sybe Douwes de Jong foar syn gefoel sitten bleaun. It liket as werkent boekbesprekker De Jong himsels yn Freark. Lykas Freark hie De Jong in pake dy’t goed troude. Dat wie de eardere arbeider Sybe T. de Jong (1830-1871), dy’t yn 1853 boaske mei syn boerinne, Saekje Heslinga, widdofrou fan Piter R. Wytema. Alsa waard er yn ien klap grutboer op Aldehûs oan de Haule yn Winaam. In gruttere sosjale stiging wie foar in arbeider yn dy omkriten hast net weilein.

De iennichste soan fan Sybe en syn twadde frou Aukje Brouwer, Douwe Sybe de Jong (1869-1929), troude yn 1894 mei Reinskje Okkinga, in dochter fan Klaas Sybes Okkinga, grutboer op Okkinga-state oan de Foarryp yn Winaam. Aldehûs (dêr't nei de dea fan Sybe pas yn 1882 wer in oare boer op kaam, doe't Aukje op 'e nij troude) en Okkinga-state hearden by de grutste pleatsen yn súdlik Barradiel; it sil yn de boerewrâld fan doe in yn it each rinnende brulloft west hawwe. Mar Douwe Sybe soe gjin boer wurde: hy waard direkteur fan it bûterfabryk yn Aldsyl, letter yn Marrum en noch letter yn Stiens. Oft fabryksdirekteur Douwe Sybe “it breed hingje liet”, lykas de heit fan Freark dat die, dat wit ik net, mar hy sil grif as “hear” besjoen west hawwe.

*

Sybe Douwes de Jong kaam yn 1927 yn tsjinst fan de Leeuwarder Courant as ferslachjouwer. Hy wie ien fan de earste sjoernalisten yn Fryslân dy’t der gauris op út teach foar in reportaazje, dêrby sa út en troch beselskippe fan freelance sjoernalist en fotograaf Jehannes Doedes de Jong út Oentsjerk (gjin famylje). Hy ferwachte op syn minst fan 1935 ôf it heil fan Dútslan by it wer ‘sûn’ meitsjen fan de Fryske lânbou en, yn it ferlingde dêrfan, de Fryske mienskip – dat wie in twa-ienheid foar him. Lykas dy oare lettere Frysk-nasjonale kollaborateur, Douwe Hermans Kiestra, wie De Jong yn ’t earstoan sosjalist mar rekke er yn it begjin fan de tritiger jierren teloarsteld yn de SDAP om’t dy partij te min dwaan soe om de sitewaasje yn de lânbou te ferbetterjen.

Dy’t De Jong syn stikken oer de lânbou yn de Leeuwarder Courant en letter yn de Friesche Courant neirint, falt op dat de skriuwer Fryslân en de Fryske skiednis inkeld mar besjen kin mei de eagen fan in boer. Alles wurdt yn ferbân brocht mei de posysje fan de Fryske boer: de stimulearring fan doarpsmienskippen, de maatskiplike posysje fan de boerearbeider, it yn eare hâlden en fierder ûntwikkeljen fan de Fryske taal en de folkskultuer, en last but not least úteinlik ek de winsklikheid, foar Fryslân, om te behearren ta “de Europeeske romte” – dêr’t er in ekonomysk protektoraat foar boeren mei oantsjut – dy’t Dútslân fan 1939 ôf foarmje sil troch syn oerwinningen yn de oarloch.

Plattelânsekonomy en kultuer geane foar De Jong hân yn hân. Foar in protte fan syn frysksinnige generaasjegenoaten is dat ek sa. In bettere posysje foar boeren betsjut foar him tagelyk ek in opgong fan de Frysktalige kultuer. Boeren praten it moaiste Frysk en hiene yn it ferline – yn alle gefallen yn de jierren fan foarspoed foar de Grutte Agraryske Krisis – tiid, talint en jild oer hân om kulturele uteringen te produsearjen. Om de boer mei syn ekonomyske funksje en kultureel effekt hinne foarme him sadwaande ‘de mienskip’ en de ‘doarpsmienskip’ – sosjale ferbannen dy’t yn it ynterbellum ûnder druk fan ekonomy en de opkommende massa-demokrasy neffens him oan it ôfbroazeljen wiene. De Jong wie yn syn tinken wat dat oanbelanget ek beynfloede, lykas safolle yntellektuelen yn dy tiid, troch Oswald Spenglers Der Untergang des Abendlandes (1918/1923).

By alle heechnedige modernisearring, revitaliserring en ambysje dy’t de Jongfryske Beweging brocht hie, dêr’t De Jong sels ta beheard hie, hie it in grutte flater west fan dyselde beweging om de bân mei de folkskultuer tefolle los te litten en him ûnder lieding fan Douwe Kalma inkeld te rjochtsjen op hege keunst en ynternasjonale foarbylden. “De Fryske skriuwers moatte it Fryske folk wer fine,” skriuwt De Jong yn 1934, “net it folk fan en rûnom de tsjernjende boerinnen, mar it hjoeddeiske folk sa’t it libbet en him deljout ûnder en ferlern driget te gean yn de weagen wrâldkultuer, dy’t it lytse lapke grûn, dat ieuwen lang hast bûten de wrâld lein hat, oerspiele. Hja moatte dit folk wer betrouwen yn himsels jaan, in sfear skeppe, dêr’t it like frij yn sykhelje kin as it leard hat te sykheljen yn safolle oare kultuerstreamen, dy’t yn earder ieuwen op ús tastrûzen kamen en drigen ús mei te nimmen.”

*

Fansels wie De Jong in bern fan syn tiid. As jonkje hie er de treasteleaze ferhalen oer ‘de minne tiid’ yn de lânbou, sa likernôch fan 1878 oant 1890, wol heard. Yn syn besprek fan Brolsma’s roman Saete Humalda (LC, 9 oktober 1934) hellet er sa’n oantinken op: “Hoe lústeren wy as bern as der in prater wie en wy yn ’e hoeke fan ’e keamer kwânskwiis mei ús boartersguod ompielden nei dy ferhalen dêr’t wy fierwei it grutste part net fan begriepen mar dêr’t dan dochs fan hingjen bleau dat grutboer A. nei syn boelguod noch in briefke fan sechstich oer hie en yn ’e herberge in brochje bestelde, it briefke hjir tusken lei, it mei opiet en doe sei: ‘Nou haw ik neat mear’.”

Fan idealisearring fan de goede âlde tiid moat er dan ek neat hawwe, sa docht bliken as er de pinsjonearre skoalmaster fan Menaam, Yme Wiedema, yn de krante ûnderhâldt oer dy syn oanfal op de Jongfryske Beweging yn it boek It eigene. Fryslân en de wrâld, sjoen yn it ljocht fen ús tiid. Wiedema jout neffens De Jong “gjin inkeld perspektyf op de takomst” en leaut noch “oan de heilsteat fan it ferline, dy’t in gearmjuksel is fan it smûke libben op de buorkerij yn ‘e njoggentjinde ieu, fan de tsjernjende boerinne, de beppe mei de holdoek, it suver Frysk petearjende boerefolk en folle net genôch”.

De Jongfryske Beweging hie wol besocht om “it lytse bytsje, dat ús pake en beppe oan âld moais oerlieten” te hoedzjen en te noedzjen en it “as in kostbere skat yn ús moaie keamers te pronk” te setten, mar de Beweging hie út noch yn net yn dat ferline hingjen bleauwe wollen. De kulturele foaroanmannen út it eardere tiidfek fan Waling Dykstra woe De Jong net leechlizze, mar hy wie fan betinken dat se te min foarút sjoen hiene. “Mar hja seagen tefolle nei it Frysk fan it ferline en te min nei it Frysk fan ’e takomst. Mei har tinzen libben hja noch tefolle by it Fryslân fan ’e tsjernjende boerinnen, by de Fryske taal en skriften fan de Halbertsma-skoalle.”

Alsa komt De Jong mei syn tinken oer Fryslân yn in spagaat telâne. Oan de iene kant presintearret er him yn syn krantestikken fan de jierren tritich as in progressive krêft, dy’t de Fryske kultuer en de boerekultuer nei nije tiden bringe wol. Hy is net út op in boere-restauraasje, mar op in boere-renêssânse, soe men sizze kinne. Mar tagelyk wurdt dúdlik dat er, om it feroarjende Fryslân fan it ynterbellum mei te beskriuwen, gjin oar alfabet ta syn foldwaan hat as it 19de-ieuske boere-alfabet. It liket as hawwe de opkomst fan de yndustry, de groei fan de stêden, de útwreiding fan it stimrjocht, de tanommen mobiliteit, en gean sa mar fierder, as hat koartsein de moderniteit yn ’e basis gjin ynfloed op syn maatskippijfisy.

It is by De Jong ommers noch altyd boeren foar en boeren nei. Foar him bliuwt de boer de rêchbonke fan de Fryske kultuer en de Fryske mienskip, ek no’t dyselde boer yn werklikheid nochal wat ynleverje moatten hat oan relative betsjutting. Der skimeret boppedat noch wat fan it âlde stânsbesef troch De Jong syn skriuwen hinne. As Brolsma yn Saete Humalda fan de boer Arjen Anema in linkse boer makket, kin De Jong dêr net goed oer. “Wy hawwe der as criticus neat op tsjin dat Arjen SDAP’er wurdt – al woene jo him Mormoon wurde litte, dat is jo saak, uzes net,” skriuwt er yn syn besprek. “Mar dat in boer fan ’t echte boerelaach SDAP’er wurdt, dat giet net sa maklik yn syn wurk as jo it hjir beskriuwe. Immen mei in sielkundich oanfielen as dat fan jo hie soks better foarberiede moatten.”

Moai dat de skiednis bytiden fiten úthellet. Brolsma’s Arjen Anema is – sa’t ik yn 2008 sjen litten ha – ynspirearre op Jelle Haitze Anema (1882-1967), de ‘reade boer’ dy’t fan 1906 oant 1928 yn Winaam buorke op, nota bene, Nijehûs oan de Haule, deunby Aldehûs dêr’t De Jong syn heit berne wie. Yn syn jonge jierren hat Brolsma de pleats fan Anema ferve, doe’t er in skoft as learling-ferver tahâld by syn broer Jolke yn Winaam. De Jong moat Jelle Haitze Anema kend hawwe, dat kin net oars. Anema hat wol mei Piter Jelles Troelsta op’en paad west te meeting-sprekken, hat omdôch besocht om yn de Twadde Keamer te kommen en hat jierrenlang foar de SDAP yn de gemeenteried fan Barradiel sitten, hat ek lid west fan Provinsjale Steaten, oant er lykas De Jong yn de tritiger jierren ôfdreau rjochting nasjonaal-sosjalisme en letter ek kollaboraasje. De Anema’s, oarspronklik fan Kleaster-Lidlum, hearden yn de 19de-ieu ta de grutste en rykste boerefamyljes fan Fryslân.

*

Dan is it yn 1940 oarloch. Under druk fan de Dútse besetter wurdt Sybe Douwes de Jong, dy’t dêr spesjaal NSB-lid om wurdt, yn it foarjier fan 1942 beneamd ta haadredakteur fan de Leeuwarder Courant;  in pear moanneletter sil er dat ek wêze fan de folslein lykskeakele Friesche Courant. Hy hat oan it alderlêst ta Dútslân stipe; twa dagen foar de befrijing fan Ljouwert warskôge er noch yn de krante foar de “geruchtencampagne” dy’t sei dat de frijheid deroan kaam. Hy rette de lêzer oan om fandatoangeande “zijn nuchterheid te bewaren”.

Us giet it hjir net sasear om it formulearjen fan in oardeel as wol om it finen fan in achtergrûn. Benammen yn 1940 en 1941 lit De Jong mei in rige stikken oer boeretema’s sjen wêr’t it him mei syn kollaboraasje om te dwaan wie: om it berikken fan ferbetteringen yn de Fryske lânbou. It earste grutte stik mei dat tema dat men fan him oantreft yn de besettingstiid, giet oer de Dútse lânbou en de foarbyldfunksje dêrfan foar de Fryske. It sintrale elemint yn it stik is de Dútse ‘Erbhofgesetz’, wêrby’t in protte buorkerijen “onverdeelbaar, onvervreemdbaar, onverpandbaar” ferklearre wiene. En allinnich de man dy’t op sa’n pleats buorke, mocht him de earetitel ‘Bauer’ oanmjitte. 

De erfhôfwet is, mei oanpassingen, neffens De Jong in oplossing foar de sitewaasje yn Fryslân dat in protte pleatsen útinoar falle bywannear’t de boer komt te ferstjerren, dan moatte nammentlik alle neibesteanden in part hawwe. De erfhôfwet giet dêr tsjinyn en stelt dat in pleats ferervje moat oan mar íen opfolger, dy’t de titel ‘Boer’ dan oernimt. De Jong achtet soks foar it Fryske buorkjen in folle bettere sitewaasje: mear kontinuïteit yn it buorkjen betsjut ek mear kwaliteit en ekonomyske foarútgong, en boppedat sil de maatskiplike posysje fan boeren der fan profitearje. Dêr is ferlet fan, neffens De Jong, want mei it imago fan de boer stiet it der yn Nederlân net bêst foar:

“Wij geven toe, dat in vele streken van Friesland en Groningen de benaming ‘Boer’ nog iets van een onderscheiding in zich draagt en dat de manier, waarop arbeiders hun werkgevers neringdoenden hun klanten met dit woord aanspreken, van een zeker respect getuigt. Doch als men in het algemeen beschaafd Nederlandsch zegt: ‘Die of die is een groote boer’, dan heeft het een heel andere beteekenis. En juist door de penetratie van het algemeen Nederlandsch in de Noordelijke provinciën begon ook hier het woord ‘boer’ iets van zijn glans te verliezen.”

Merk op dat De Jong hjir it glânsferlies net taskriuwt oan grutte sosjaal-ekonomyske feroaringen dy’t nei 1900 oeral yn Europa plakfûnen, mar oan it oprukken fan de Nederlânske taal. Dat yn ’e kantline. Mar hy wiist der ek op dat yn Dútslân in boer dy’t syn eigendom misbrûkt, bauerûnfähig ferklearre wurde kin en dan it fjild romje moat foar in oare kandidaat. Belangryk is dat de grûnspekulaasje mei sa’n erfhôfwet tsjingien wurdt, wylst tagelyk de eigners fan de grûn “dienaren van de volksgemeenschap [zijn] en deze laatste van hun doen en laten verantwoording schuldig.”

Mei oare wurden, De Jong pleitet derfoar om wer in boerestân te foarmjen, sa’t dy yn de 19de-ieu bestie. Allinnich, dy befoarrjochte groep komt wol ûnder kontrôle te stean, op ien of oare wize, want dêr lit er him net oer út, fan de “volksgemeenschap”. Yn in stik fan in moanne letter besiket De Jong ek de boerearbeider yn te passen yn syn nasjonaal-sosjalistyske boererevolúsje. Op dat stik fan saken komt er net fierder as de konstatearring dat de boer, as wurkjouwer en as “drager fan in belangrijk stuk volkscultuur”, de plicht hat om te stribjen nei in “goede verstandhouding tusschen boer en arbeider, welke niet alleen blijkt uit woorden, maar ook uit daden”. De boer hat dus net allinnich rjochten, hy hat ek plichten, benammen de plicht om him yn tsjinst te stellen fan de “gemeenschapsgedachte”. Foar De Jong is it boerebedriuw “een der cellen, waaruit een gezond gemeenschapsleven moet worden opgebouwd”.

*

De radikale omearming fan it Dútse korporatistyske lânboumodel komt net út ’e loft fallen. De skaadsiden fan de lânbousitewaasje yn Fryslân binne dan al op syn minst in desennium ûnderwerp fan in protte praat, ûnder boeren, arbeiders, mar ek ûnder sjoernalisten en skriuwers. Yn de stikken fan De Jong treft men ûnderskate klachten oan. De pachten binne heech, op de bedriuwen drukke swiere hypoteken, lâneigners sjogge mar al te faak net om nei harren besit, it erfrjocht fernielt pleatsen, der wurdt tefolle mei de grûn spekulearre, de jongerein wol net oan ’t wurk by de boer, en de mooglikheden foar in arbeider om op te klimmen ta de boerestân binne tige beheind.

Mar foar De Jong spilet ek de ferwachting fan in kultureel-bettere maatskippij mei. Hy wol ta nei in kultuer dy’t syn boeren earet en dat ek ta útdrukking bringt troch genôch foar syn produkten te beteljen. Sadat dy boer lean hat nei wurkjen, mar ek syn arbeiders better betelje kin. Boer en arbeider binne alsa by him de dragers fan in “volksgemeenschap als eenheid”. Yn sa’n mienskip sil “de gewone man” op it kulturele mêd faaks better wjerstân biede kinne oan “de wereld van de grooten der aarde, welke voor hem toch nooit meer dan een droombeeld [kan] zijn”, skriuwt er yn novimber 1940. De wrâld fan de opkommende massakrante en it yllustrearre tiidskrift, bygelyks, hat fan gefolgen hân dat de eigen wrâld as “iets minderwaardigs” bêskôge waard. De Fries ferlear syn eigen lân út it each.

Tragysk fynt De Jong dat ferlies fan de “innerlijke verbondenheid met volk en grond”; it is by him de oarsaak fan in protte kwea. Alde pleatsen waarden samar ôfbrutsen, folkskeunst waard ferkwânsele “en door incourante artikelen van stedelijke galanterie-winkels vervangen”, en it slimste fan alles, der ûntstie “een geestelijke gespletenheid, welke alle inheemsch stijlgevoel verloren deed gaan, een uiterlijke nivelleering, die daar een geestelijke aanpassing achterwege bleef, tegelijkertijd leidde tot een vervlakking, welke den werkelijken vooruitgang en de normale ontwikkeling der volkscultuur zoo niet geheel tegenhield – het bloed kruipt nu eenmaal waar het niet gaan kan – dan toch sterk remde.”

De iennichste remeedzje is “het nieuwe Europa”, dêr’t de boer syn rjochtlik plak yn krije sil. Dêr giet de oarloch neffens De Jong om: “deze oorlog wordt gevoerd om het voortbestaan van een Europa met den vrijen boer en den vrijen bodem”, skriuwt er yn oktober 1943. De alternativen binne it bolsjewisme mei syn kolchos of “het Amerikanisme met zijn kapitaal-hoorigen en geheel aan wereldmarktprijzen overgeleverden farmer”. En wat in foarútgong foar de Fryske boer sil it betsjutte om oan dy kar tusken twa kweaden ûntsnappe te meien. Eartiids, seit er, waard in boer altyd ôfskildere as in wêzen dat it minst kleide yn de moanne febrewaris, om’t dy mar 28 dagen hie en de oare 30 of 31. En sjoch no ris, ûnder de Dútse besetter, “nu gaat het er vaak op lijken alsof de boeren meer geneigd zijn tot optimisme dan tot pessimisme”.

Ja, de boer is wer helendal werom: “’t Is een gelukkig verschijnsel, dat er tegenwoordig weer meer belangstelling komt voor den boer en dat men hem weer kan zien, niet alleen ‘als een mensch, die er koeien op na houdt’, zoals de Friesche schrijver E.B. Folkertsma het onlangs uitdrukte, mar dat men ook weer oog krijgt voor zijn plaats in de volksgemeenschap, in het volksgeheel, voor zijn sociale functie, voor zijn cultuur.” (LC, 18 septimber 1941)

*

Unnoadich te sizzen, dat fan in algehele lânbouherfoarming yn de sin dy’t De Jong foar eagen stie, en dêr’t er frij systematysk yn ’e krante foar pleite, neat op ’e hispel kaam is yn de oarlochsjierren. Fan syn “boerenland in boerenhand” útstellen fernaam men allinnich wat op papier, itselde papier nammentlik dêr’t syn stikjes op ôfprinte waarden. De iennichste maatregel fan de besetters dy’t ek op de aginda fan de Fryske lânbouherfoarmers stie, wie it befriezen fan de lânpachtprizen op it nivo fan 1939. Foar it oare hie de Dútse besetter allinnich belangstelling foar de Fryske lânbou foarsafier’t de sektor ynset wurde koe yn tsjinst fan de Dútse oarlochsynspanning.

De Dútsers brûkten it foarútsjoch op lânbouherfoarmingen as propagandamiddel, wylst De Jong der realiteit fan meitsje woe. Hy hat grif yn alle gefallen oant it neijier fan 1941 miend dat soks mooglik wie. Yn ien stik yn ’e krante, op 22 augustus 1941, skimeret der wat troch fan twifel oan de kâns fan slagjen fan syn ûndernimmen: “Een volgende close-up zal hopelijk demonstreeren, dat men met de tegenwoordige agrarische politiek geen revolutiebouw als een complex van oorlogs-economische maatregelen op het oog heeft, maar dat men wel degelijk de fundamenten wil leggen voor een agrarische politiek, die nog haar volle waarde zal hebben als de generatie, die thans op de slagvelden staat, reeds zal zijn uitgestorven.”

It wurdsje “hopelijk” soe der op tsjutte kinne dat De Jong him yn de neisimmer fan 1941 realisearre dat der neat telâne komme soe fan syn dreamde boere-renêssânse yn Fryslân, dy’t dochs ek in wat nuvere, sa op it each anagronistyske kombinaasje wie fan in gildesysteem, in lienstelsel en in korporaasjestruktuer. Foar in part rêsten syn ideeën hjiroer op de nasjonaal-sosjalistyske boere-ideology, mar foar in part kamen se ek fuort út syn eigen ferline as Jongfrysk beweger en as emigrant út de troch him sa bewûndere Noard-Fryske grutboerkultuer. De Fryske doarpsmienskip fan it twadde part fan de 19de-ieu en de sintrale posysje fan de boer dêryn, sawol ekonomysk as kultureel, hat er kombinearje wollen mei de oerwaaide Dútse ideeën.

Dy’t syn stikken fan nei 1941 neirint, dy't fan 12 septimber 1942 ôf ferskynden yn de Friesche Courant, treft net faak mear in grutte publikaasje oer syn herfoarmingsideeën oan, it binne tenei meast frasen en treasteleaze propagandastikjes yn de trant fan sjoch ris wat der net dien wurdt “ter handhaving van de boereneer”. It is altyd in riedsel wêrom’t minsken har flaters net ynsjogge en net op in stuit fan koerts feroarje; faaks spylje freonerûnten en netwurken dêrby in rol. Alles wat Frysk wie en kollaborearre, die dat neffens eigen tinken en sizzen yn it belang fan de Fryske taal en kultuer en yn de hoop op súkseskes – en wat dy hoop koste, dêr wie gjin each foar.

Mar it giet nei myn smaak ek noch djipper as dat tydlike blyn-wêzen. Under alles leit in ûnbidich stik nostalgy nei de 19de-ieuske bloeiperioade fan de boerestân, in ferlangen nei de tiid fan pake, de tiid fan foar it statusferlies, soe men yn dit gefal ek sizze kinne. It Arkadië fan de plattelânselite. Dat krekt Jongfriezen letter de belangrykste kollaborateurs waarden – Douwe Kalma, Rintsje Sybesma, Douwe Kiestra, Sybe Douwes de Jong – wiist op de krêft fan dy romantyske boeremyte. Wy liezen al hoe hurd De Jong in eigentiidse oanhinger fan de myte, Yme Wiedema, teplak sette. Mar likegoed produsearre de myte syn eigen skriuwers en syn eigen literatuer, de boereroman, it boereferhaal, dêr’t Reinder Brolsma – ek meiwurker oan de lykskeakele Leeuwarder Courant en de Friesche Courant – de master fan is. De romantisearring fan it Fryske boerelibben begjint mei Piter Jelles Troelstra, in moai ûnderwerp foar fierdere stúdzje. 

En de myte produsearre ek syn eigen sjoernalisten, noch yn de jierren tritich en fjirtich fan de tweintichste ieu. Sybe Douwes de Jong is hurd oanpakt nei de oarloch. As Dútsfreonlik haadredakteur fan wat yn feite Dútse propagandakranten wiene, hat er syn talinten en reputaasje ynset foar in ideology dy’t foaral útblonk yn misdiedichheid. Hy ferlear syn publikaasjerjochten foar in perioade fan tweintich jier, hat yn it strafkamp sitten by de Ljouwerter fleanbasis en hat ûnder eigen namme noait wer wat fan him hearre litten. 

Likegoed hat syn mislearre boererevolúsje syn belang hâlden, op it foarste plak as problematyske Fryske skiednis, mar beslist net minder as skeakel tusken werklikheid en literatuer. Sûnder him wie De Wuttelhaven del fan syn soan Steven H.P. de Jong net skreaun (Gysbert Japicxpriis 1992), en by Trinus Riemersma komme wy him tsjin yn De reade bwarre (Gysbert Japicxpriis 1995).

Sa’t ik hjir op in oare wize sjen litten ha, is dizze dochs wat tragyske De Jong sawol mei troch syn biografy as troch syn like stiifkoppige as bline frysksinnichheid yn de oarlochsjierren in willich slachtoffer wurden fan de sprekwurdlike Grutte Fryske Pake: de Arkadyske Oerboer, dy’t yn it ynterbellum, hoewol kroandea en begroeven, noch altyd as kollektive neitins fan it bewegers- en boerefermidden foar master opsloech.

*

PS
No’t ‘mienskip’ op ’e nij in wurd is dat opdûkt, anno 2013, as it sintrale begryp yn it bidbook fan Lwd2018, wurdt it tiid om jin lûdop ôf te freegjen wat it al en net betsjut.

PS 2
Belangrike aspekten fan it lânboubelied binne nei 1945 regulearre troch in gearmjoks fan frije merk en oerheidsyngripen, in kombinaasje dy’t yn in oare foarm en in oare tiid ek Sybe Douwes de Jong foar eagen stien hie.

*

Literatuer

Marcel Broersma, Beschaafde vooruitgang. De wereld van de Leeuwarder Courant, 1752-2002 (Friese Pers Boekerij, Leeuwarden 2002)

Sybe Douwes de Jong, ‘De Boekentafel’, LC, 18 maaie 1934

--, ‘De Boekentafel’, LC, 9 oktober 1934

--, ‘De productieverhoging van den Duitschen landbouw. Kantteekeningen bij den Jaarbeurs 1940,’ LC, 14 september 1940

--, De boerenarbeider, voorheen en thans’, LC, 24 september 1940

--, ‘Een volkseigen geïllustreerd blad. De beide eerste nummers van ‘Hamer’’, LC, 14 november 1940

--, ‘Reinder Brolsma wer productyf, LC, 19 april 1941

--, ‘Onze agrarische productie vóór en na den oorlog,’ LC, 22 augustus 1941

--, ‘De arbeidsverhoudingen in den landbouw. Uit het rapport der Friesche Maatschappij,’ LC, 27 augustus 1941

--, ‘Na den oogst,’ LC, 12 septimber 1941

--, ‘Het Friese Boerenhiem,’ LC, 18 septimber 1941

--, ‘De boerenstand in dezen tijd,’ FC, 15 oktober 1943

--, 'Ter waarschuwing,' FC, 30 april 1945
 
Sjoerd van der Schaaf, Skiednis fan de Fryske beweging (De Tille, Ljouwert 1977)

 

Geen opmerkingen:

Een reactie posten