Woansdei in Skroeier yn it Friesch Dagblad oer de noardlike boargemasters, dy't meigean yn it idee fan de plysje dat it personeel fan de noardlike alarmmeldkeamer gjin Frysk hoecht ferstean te kinnen.
"Soks is in direkt gefolch fan in blyn stribjen fan de oerheid nei ‘noardlike’ wurk- en bestjoersstruktueren. Yn 2011 moast der sa noadich ien noardlike meldkeamer komme, dat wie ommers ‘effysjinter’, lês: goedkeaper. Yn in stikje foar de Moanne sloech Bart Kingma fannewike de spiker op ’e kop. ‘Ik kin mis wêze,’ skreau er, ‘mar neffens my binne wy der net om jim bedriuw yn stân te hâlden, mar binne jim der om ús yn libben te hâlden.’
Yn Brabân moatte se by de meldkeamer Dútsk ferstean kinne. Dat is dêr in funskje-eask. Tink jo ris yn, der sil ris in Dútse toerist belje dat syn Beijerland yn ’e ljochte lôge stiet. Hjir yn it noarden fan it lân lizze de saken krekt wat oars. De plysje ferprest hjir it Frysk en de boargemasters kin it neat skele. Dêr komt it op del, moaier kin ik it net meitsje. Hoesa taalwet, hoesa lykberjochtiging? As it derop oan komt, hat it Frysk gjin plak."
Geen opmerkingen:
Een reactie posten