Oer Spreuken fan Salomo fan Douwe Hermans Kiestra
Koartby ha ik wat fan de beropsmjittige aktiviteiten sketse kinnen fan dûmny Willem Swart (1879-1937), dy’t neffens dichter Douwe Hermans Kiestra ferantwurdlik west hat foar dy syn “earste foarming”. Yn dy skets kaam nei foarren dat Swart yn 1908 yn Grins promovearre wie op in stúdzje nei de joadske wiisheidsliteratuer, de saneamde chokma. Dat fûn ik in opfallend detail, sjoen it feit dat Kiestra yn 1968 fan ien fan de boeken dy’t ta de chokma rekkene wurde, it bibelboek Spreuken, in berime Fryske oersetting yn it ljocht jûn hat.
Resinsint Marten Sikkema wie destiids min te sprekken oer dy oersetting (‘De “Spreuken” op rym’, Leeuwarder Courant, 19 oktober 1968). Hy fûn it mar “in frjemd kerwei” en frege him ôf hoe’t Kiestra der ta kaam wie: “It hat blykber sa west, dat dizze teksten yn proaza-foarm him wat te sizzen hiene, hy hat der wat mei wollen en nou hat er op dizze wize besocht, se yn ‘e macht te krijen; in oare ferklearring kin ik alteast net fine.”
It kin fansels wêze dat Kiestra al betiid wat opstutsen hie, faaks fan dûmny Swart, oer it bibelboek Spreuken dat Sikkema blykber net wist. Nammentlik dat it by Spreuken om Hebrieuske poëzij giet, net om proaza. Poëzij dy’t yn de orizjinele taal karakterisearre wurdt troch in beskate aksinteritmyk, wylst de rigels organisearre binne yn kûpletten en strofen. Sa nuver wie it besykjen fan Kiestra om de tekst yn it Frysk in poëtyske foarm mei te jaan dus helendal net. Mar de werklike reden foar him om it bibelboek – en krekt dít bibelboek – oer te setten, sil in djippere west hawwe, sa wol ik besykje hjir oannimlik te meitsjen.
Wiisheid
“Fan selsbesinning en gripen nei âlde wiisheid tsjûget ek syn beriming fan it bibelboek Spreuken,” skreau Douwe Tamminga yn syn ynlieding by de Samle fersen fan Kiestra, útjûn yn 1982. De beriming ûntstie al gau nei de Twadde Wrâldoarloch, yn deselde snuorje as de bondel Sinne op ’e striesek (1947), mar waard pas dik tweintich jier letter publisearre, twa jier foar Kiestra syn dea. Alsa late it oersetten fan de Spreuken fan Salomo it tema fan skuld en boete yn, in tema dat Kiestra syn neioarlochske dichtsjen tenei oerhearskje soe, sa’t ik yn de ynlieding by de blomlêzing Skielk beart de hjerst (2006) sjen litten ha.
It bibelboek Spreuken en ek Job en Prediker wurde ta de joadske wiisheidsliteratuer rekkene: ferhalende bibelteksten dy’t ynsjoggen en wiisheden oer it minsklik libben bringe. Yn Spreuken stiet net sasear God (Jaweh) sintraal mar de Wiisheid, as helper fan God. It boek jout in oersjoch fan sosjale deugden en wol troch etyske lessen de lêzer kennis bybringe hoe’t er libje moatte soe. Deugd is kennis. Dat is heel oars as bygelyks by de Profeten en yn de Psalmen, dêr’t deugd folle mear te krijen hat mei it erkennen en it oanbidden fan Jaweh as in nasjonale God. Yn Spreuken giet it om wiisheid, dêr’t godlike funksjes oan taskreaun wurde, en om it begripen fan wierheden yn de praktyk fan it libben.
Dy wiisheid en kennis, dêr hie Kiestra wat mear fan hawwe moatten. Dat fûn er sels, doe’t er weromseach op syn libben. Men heart it him wer sizzen yn syn selsynterview yn 1970 foar de Ynteruniversitêre Stúdzjeried Frysk. Hy hie as jongkeardel graach de kâns hawwe wollen om ris in pear jier yn it bûtenlân te sjen: “En net allinnnich dat jo de talen dan better machtich wurden wiene, mar jo hiene de dingen ek ris fan tichteby better besjoen. En jo wiene faak net sa nayf, idealistysk op allerhande aventoeren ynflein. Hawar, dêrfan genôch.”
Kiestra op lettere leeftyd wie in man dy’t “himsels fernielde mei syn wroeging”, sa’t Trinus Riemersma skreaun hat. Syn oersetting fan Spreuken sjoch ik yn dat ramt as in besykjen om syn lêzers de wiisheid mei te jaan dêr’t it himsels oan ûntbrutsen hie. En miskien ek wol as in boetedwaning, as in selskastijing.
Grieksche Geest
Syn eardere learmaster ds. Swart, yn Kiestra syn jongesjierren dûmny yn Sybrandabuorren en Tersoal, hat him yngeand dwaande holden mei krekt dat bibelboek Spreuken. Yn syn proefskrift De invloed van den Griekschen Geest op de boeken Spreuken, Prediker, Job (1908) hie Swart – doe noch in rjochts-otterdoks dûmny – besocht oan te toanen dat it wiisheidsidee yn dy bibelboeken net sasear op Gryks-Hellenistyske ynfloeden werom te fieren wie, mar earder fuortkaam út it Joadske tinken sels. Dat wie ek de fisy fan syn promotor yn Grins, de otterdokse prof. dr. Gerrit Wildeboer. Swart gie lykwols al gau nei syn promoasje oer nei de ‘modernen’, sa’t mear frijsinnige predikanten yn dy tiid neamd waarden. Doe’t er yn de Legeaën kaam te stean, hie er syn âlde tinkbylden al opjûn.
In liedende ‘moderne’ bibelwittenskipper yn dy dagen wie de Amerikaan Crawford Howell Toy (1836-1919), heechlearaar Hebrieusk oan Harvard. Yn dit ferbân is syn A Critical and Exegetical Commentary on the Book of Proverbs (1899) nijsgjirrich. Toy brocht de klam op wiisheid en kennis yn de niisneamde bibelboeken krekt wól yn ferbân mei it Grykse filosofyske tinken. Hy skreau bygelyks:
“In the West it is only in Greece that we find that identification of knowledge and virtue which is characteristic of the Jewish Wisdom literature – a trait which in Proverbs is especially prominent in chs. 1-9, but appears throughout the Book.”
Toy wiist dan benammen op it twadde haadstik, dat ik hjir yn de beriming fan Kiestra folgje lit:
Myn soan, wa’t oannimt myn goerie en reden
En myn geboaden by himsels weileit,
Dy sil syn wei gean, bliid en woltefreden,
En niigje ’t hert ta stille ynbannichheid.
Yndied, rop óan ’t ferstân, sykje it as sulver,
As ‘t eal metaal yn stiengroeve en rots,
Slach alle wjerstân mei dyn wil ta pulver,
En do silst fine dêr de kennis Gods.
Ferstean d’ earbiedenisse foar de Heare,
En wysheid jout Hy dy yn mannichfâld,
Wa’t folget syn gebod, net eigen faai begearen,
Hy is in skyld foar him en in behâld;
D’ oprjochten jout Hy ’n fêst, bestindich wêzen,
Dat hja har hâlde oan paden fan it rjocht,
As wiene hja stokblyn en ûnbelêzen,
Sa sil Hy hoedzje har yn ‘t fel wrâldsk ljocht.
Gerjochtichheid en rjocht en binlikheden,
En alle goepaad sille hja ferstean,
Waans herten tagong jouwe oan wize reden,
Waans sielen ynsjoch is in leaflik lean;
Betochtsumheid sil wacht oer harren hâlde,
Behoedzje docht him de ferstannichheid
Foar faaie en wiffe wegen, mannichfâlde,
En foar de bruier, dy’t kweadingen seit;
Om him te rêden foar d’ ynflústeringen
Fan wa’t it paad fan ’t rjocht ferlitten hat,
Net om te gean yn tsjusternis mei jinge,
Waans siele lyk is oan it nachtlik swart;
Dy’t yn it kweadwaan harren jit ferbliidzje,
Behagen hawwe yn in oarmans tsjoed,
Waans wei ferkeard is en dy’t altyd biidzje
In spoar te finen, wikende fan ’t goed.
Datst dy te wacht nimst foar de fine netten
Fan in frjemd frouminsk, dat dy troait en flaait,
Sa’n ien, dy’t it ferbûn, foar God oer sletten,
Ferjit en har oan neat gelegen leit.
Har jonkheidsfreon troubrekkende ferlitten,
Sakket har hûs oer nei de grime dea,
Nei de ferstoarnen rinne al har strjitten,
Dy’t by har yngean wylgje wei as hea,
Dy bliuwe net op paden fan it libben,
Mar datsto hâlde meist de goede wei
Fan harren, dy’t rjochtfeardichheid bestribben,
Riigje by sokken, folgje harren nei!
It fromme folk, dat sil behâlden bliuwe,
En de oprjochten wreidzje d’ ierde oer,
Utroege wurde goddeleaze ljuwe,
De trouweleazen weiskuord op ’en doer.
Net-teologysk
“Myn soan,” dat is in oansprekfoarm dy’t Kiestra ek persoanlik handige; hy hie ommers bern dy’t er yn 1945 wat út te lizzen hie. Dy’t er ried jaan woe. De toan is net-teologysk, skreau Toy, mar modern en praktysk. It ferstân is in boarne fan de wierheid, en de morele kapasiteit fan de geast is in kreaasje fan God. Dat is in yn essinsje Grykse kombinaasje, neffens de Harvard-professor: “This larger conception came to the Jews through natural growth under the stimulus of foreign (mainly Greek) thought.”
Foar Kiestra sil it bekende byld fan it “frjemd frouminsk” faaks stien hawwe foar syn ferblining yn de fjirtijer jierren, doe’t er in foaroanman west hie yn de kollaboraasje mei de Dútse besetter. Toy wiist derop dat it hjir giet om in byld út it joadske stedslibben, út de Grykse perioade yn Syrië, Palestina en Egypte, in tiid doe’t de persoanlike frijheid belangriker waard op kosten fan “the old clan-life of Israel, with its definite family-ties and local bounds”. Yn de tekst is de frou de ferliedster, de man de “silly victim”. Priuwt de lêzer fan Kiestra syn oersetting hjir net allinnich wat fan syn pine, mar ek wat fan syn opstannichheid: mar ik wie ek slachtoffer?
It is dochs spitich dat er wierskynlik noait kennis nommen hat fan Toy syn boek (dat ek net foarkomt yn de stúdzje fan Swart). Toy beskriuwt ek skerp watfoar deugden nét bot oan de oarder komme yn de joadske wiisheidsliteratuer, lykas moed, trochsettingsfermogen, gematigdheid, selsopoffering en yntellektuele wierachtichheid. Net dat joaden dy deugden net hawwe soene, mar de pragmatyske skriuwers fan Spreuken fûnen it beklamjen fan oare deugden, “which secure prosperity and happiness”, belangriker:
“Life is contemplated on its external and visible side (..). There is no reference to such inward experiences as swaying between opposed lines of conduct, struggle with temptations, and the mistakes of conscientious ignorance. Men are judged, without allowance, according to their actual conformity to law, and are sharply divided into good and bad (..).”
Bad. Fout, dat wie Kiestra. En dat soe er yn de eagen fan in protte Friezen bliuwe, hoefolle Spreuken oft er ek ferfryske.
.
Abe,
BeantwoordenVerwijderendo seist yn feite - ien kear in bad boy altiten in bad boy, yn ferbân mei Kiestra syn berimings.
Yn dyn stik hellest Marten Sikkema oan dy't de beriming troch Kiestra op in pypfol hie yn syn resinsje yn de LC (1968). Marten Sikkema wie skriuwer, dichter en yn syn gewoane libben (as G. Gezelle Meerburg) Neerlandikus yn Veendam. Hy hie wol aardich kijk op literêre teksten, en skreau nijsgjirrige primêre literêre teksten.
Yn ferbân mei myn besprek fan de biografy oer Brolsma troch Sijens (2007) haw ik kontakt hân mei Marten Sikkema dy't yn de oarloch ûnderdûkt siet, en oan de oare kant fan de Dutse streep libbe.
Hy hat myn fragen oer Brolsma ynteger beantwurde, ik haw him net heard oer de bad boys, wol oer literatuer.
Mei oare wurden, soe it net saak wêze en fergelykje de twa teksten yn in close reading operaesje, sadat oanjûn wurde kin wêrom't in Sikkema it mar neat fûn dêrsto heel posityf bist?
Op dy wize omsile wy de bad boy-gedachte. Tekstanalyses kinne hjir de trochslach jaan op it literêre flak.
Goeie Josse, in tal opmerkingen. Ik leau net dat ik "heel posityf" bin oer Kiestra syn Spreuken; dêr giet myn stik net oer. Ik lit sjen wêrom't K. ta syn ûndernimmen kaam: út wroeging, boetedwaning, selskastijing en faaks út de winsk wei om syn bern wat foar te hâlden. Dat er Spreuken útkeas, is opfallend; oan de ien kant fanwege it feit de 'wiisheid' dêryn sintraal stiet, oan de oare kant fanwege de etysk-morele lessen yn it bibelboek. Ik jou dus antwurd op in fraach dy't Marten Sikkema stelde yn syn resinsje: wêrom dit ûndernimmen? Dat Kiestra om samar te sizzen in 'bad boy' yn de Fryske literatuer wie, dat wie net allinnich neffens partij Friezen sa, mar ek neffens himsels. Wroeging. Dat is it essinsjele punt hjir. It twadde punt dat Sikkema oanrekke, wie dat fan de proazatekst dêr't sa noadich in poëzij-tekst fan makke wurde moast, dat begriep er net. Ek dat lit ik sjen: it Hebrieusk fan Spreuken ís poëzij. Mei oare wurden,, Sikkema skeat dêr in heel ein mis, wat ik eins net goed begryp - hoesa wist er dat net? De rest fan syn resinsje befettet detailkrityk op de oersetting, it giet oer stoplapen, rymtwang, te min poëzij, dat soarte fan dingen. Dêr doch ik yn myn stik fierder gjin útspraken oer, dêr gie it my net om. Mar likegoed is dat in nijsgjirrich punt, dêr't ik my aansen ris oer bûge sil n.o.f. Spreuken 2. Hoewol't ik, noch Kiestra, noch Sikkema it Hebrieusk machtich bin cq. wie, moat it dochs mooglik wêze om dêr wat nijsgjirrige dingen oer te sizzen, ûnder mear troch de Kiestra-oersetting te ferlykjen mei dy fan Wumkes/Folkertsma en dêr dan de eksegytske opmerken fan sawol Swart als Toy neist te lizzen.
BeantwoordenVerwijderen