zaterdag 1 februari 2014

Provinsje kin net oars as taalplannen ynlûke

• Undúdlike subsydzjetakenning oan Fryske Akademy

• Unfoldwaande ynformaasje foar Provinsjale Steaten 

Moandei sil der foar de tredde kear oerlein wurde op it provinsjehûs oer staveringsferoaringen en in standertwurdlist foar it Frysk. De earste twa byienkomsten, yn novimber ferline jier en jannewaris dit jier, hawwe gjin foarútgong sjen litten. De Fryske Akademy hâldt fêst oan syn yn prinsipe al troch Provinsjale Steaten oannommen ideeën, de kritisy begripe net wêrom en de provinsje doart gjin knopen troch te hakken. Miskien kin it neifolgjende oersjoch fan de ûntrochsichtige, en earlik sein, de Provinsje Fryslân ûnweardige beslútfoarming behelpsum wêze op dat mêd. 

It mistige ferhaal begjint op 8 novimber 2011, as de FA in subsydzjeoanfraach by de provinsje docht foar de ûntwikkeling fan yn feite trije produkten: in digitale staveringshifker, in Grien Boekje foar it Frysk en in digitale ‘oersethelp’. 

Yn de takenningsbrief fan Deputearre Steaten, dd. 6 desimber 2011, wurdt wat dat Grien Boekje oanbelanget in neiere omskriuwing jûn. Dêr wurdt steld dat it giet om in “(digitaal) Grien Boekje, sa’t we dat ûnder dy namme kenne foar it Nederlânsk, as wurdlist foar de Fryske taal sadat dêrmei foar de taalbrûkers in offisjele (foarkar)stavering beskikber is”. 

Dat is al wat in nuvere formulearring, in “offisjele (foarkar)stavering”. Ommers, it Frysk hat net, lykas it Nederlânsk, in ‘foarkarstavering’ en in ‘talitten stavering’ (ferg. yn it Nl. ‘contact’ en ‘kontakt’). It liket der op dat der op dizze wize alfêst preludearre wurdt op wat even fierderop te lêzen is, nammentlik dat DS ferwachtsje dat “de nije staveringshifker/Grien Boekje” (merk op dat de twa produkten hjir oaninoar keppele wurde) “breed droegen” wurdt, “mar wol romte lit foar regionale ferskillen”. Like nuver, want it Frysk ken wol dialektyske regionale ferskillen op wurdnivo (‘romte’ op ’e Klaai, ‘rûmte’ yn de Wâlden) mar gjin regionale ferskillen op it mêd fan stavering. 

Wurdt der yn de subsydzjebeskikking alsa ymplisyt en bedutsen foarútwiisd nei in Grien Boekje dat ek oan dialektseleksje dwaan sil en yn feite delkomt op in normearringslist mei ‘standertwurden’ (dit wurd hat de foarkar, dat wurd net)? Dat soe yn striid wêze mei it Griene Boekje-konsept sa’t DS it yn dizze selde brief in pear sinnen earder dellizze, ommers in boekje “sa’t we dat ûnder dy namme kenne foar it Nederlânsk”. It Nederlânske Groene Boekje docht net oan it oanwizen fan standertwurden. It normearret net. It notearret simpelwei de besteande staveringspraktyk. 

Witte DS wol wêr’t se no krekt subsydzje foar jouwe? Is de provinsje op de hichte mei it grutte ferskil tusken in Grien Boekje en in standertwurdlist? Ik vrees met grote vreze. 

En komt de aap út de mou, as de saak yn 2013 nei Provinsjale Steaten brocht wurdt en der ynienen praat is fan in regeloanpassing fan de Fryske stavering en fan in ‘Standertwurdlist (mei haadletter mar leafst) Frysk’? Ut it advys fan de Fryske Akademy oan PS dd. 18 jannewaris wurdt dúdlik dat de dizige formulearrings fan DS dd. 6 desimber 2011 in reden hawwe kinne soene. Ynienen stiet dêr it folgjende: “De Provinsje hat de Fryske Akademy (FA) frege om, en dat is foar it earst yn de skiednis fan it Frysk, in Standertwurdlist Frysk gear te stallen”. 

Pardon? No kin it fansels wêze dat de FA yn de tuskentiid de ôfdieling Kultuer en Mienskip fan de Provinsje sa fier krigen hat, dat dêr letter yndie om frege is, mar blikens de subsydzjetakenning fan 6 desimber 2011 hat de Provinsje net eksplisyt oan de FA frege om in standertwurdlist gear te stallen en is it jild dêr ek net foar beskikber steld. 

Op syn heechst soe de taaldize yn de brief fan 6 desimber de stelling talitte dat de subsydzjetakenning de mooglikheid fan in standertwurdlist iepenlit. Feitlik is it fansels oars: de FA hat jild frege oan de Provinsje foar it gearstallen fan, ûnder mear, in Grien Boekje nei Nederlânsk foarbyld. En de FA hat dêrnei blykber op eigen manneboet betocht dat sa’n Grien Boekje foar it Frysk mar in ‘standertwurdlist’ wurde moast. 

Dat smyt de fraach op oft de FA de Fryske folksfertsjintwurdiging goed en kompleet foarljochte hat. De steller fan dat part fan it Advys oan Provinsjale Steaten, Anne Dykstra fan de FA, sprekt ommers net of net de hele wierheid. De opstellers fan it Advys, te witten Akademywittenskippers Dykstra, Frits van der Kuip en Pieter Duijff, jouwe in betsjutting oan de brief fan DS fan 6 desimber 2011 (steller dêrfan is E. Duijff fan de ôfdieling Kultuer en Mienskip) dy’t by neiere skôging net oerein bliuwe kin, as helder bestjoer teminsten noch in kritearium is op it provinsjehûs. Fan opset sin hoecht dêrby gjin sprake te wêzen, foar alle dúdlikheid. Oer de tillefoan en fia de mail kin fansels heel wat bepraat wurde, dat letter net of net dúdlik genôch yn provinsjale brieven ferwurde wurdt. 

Hoe’t dat ek wêze mei, yn de gearkomste fan Provinsjale Steaten fan 24 april 2013 wurdt it ûnderwerp behannele ûnder de noemer ‘Wiziging staveringsregeling Frysk om te kommen ta in standertwurdlist foar it Frysk’; it útstel is amtlik taret troch H. Akerboom en falt ûnder it beliedsprogramma Kultuer, Taal en Underwiis. 

Al út de formulearring fan it ûnderwerp docht bliken dat de amtners op it provinsjehûs (noch altyd) gjin idee hawwe wêr’t it eins oer giet. Staveringswizigingen hawwe nammentlik neat te krijen mei standertwurdlisten. De FA hat neffens dit skriuwen “in projektoanfraach yntsjinne oangeande it ûntwikkeljen fan in standertwurdlist”, wat net wier is, sa’t wy seagen. Ynienen is der no ek praat fan in staveringswiziging, om’t “de hjoeddeistige staveringsregeling net konsistint en net folslein is”. Dêr wie yn de subsdyzjeoanfragen fan 2011 helendal gjin praat fan. Wilens is it troch DS honorearre projekt fan de FA blykber útwreide en moatte no ek “ynkonsekwinsjes” yn de stavering oanpakt wurde. Dat ‘moat’ fansels helendal net, want in Grien Boekje kin ek prima wurkje mei in list mei útsûnderingen op besteande staveringsregels, mar de trije taalwittenskippers fan de FA kieze op dit stik nei eigen sizzen foar ‘konsistinte’ regels. 

Provinsjale Steaten hawwe likegoed as de provinsjale amtners gjin benul wêr’t dit allegear oer giet. PS stimme dan ek unanym yn mei it foarstel. De FA seit dat it goed is foar it Frysk. Dan sil it wol goed wêze foar it Frysk. Hoe kin it dan dat der in wike letter in stoarm fan ferûntweardiging opstekt ûnder skriuwers en wittenskippers dy’t net troch de FA betelle wurde? 

De earste reden: in protte leafhawwers en kenners fan it Frysk tinke, oars as de FA, net dat de taal makliker leard wurde kin troch it ynfieren fan nije saneamd logysker regels. Se wize derop dat in taal leare mear mei wurdbyldwerkenning te krijen hat as mei it ûnthâlden fan regels. Se binne bang dat staveringswizigingen yn in ûnder druk steande taal skealik binne foar dy taal. De twadde reden: in protte leafhawwers en kenners fan it Frysk wolle absolút net dat fan boppe-ôf foarskreaun wurdt hokfoar wurd ‘goed’ Frysk is en hokfoar wurd ‘minder goed’ Frysk. 

Ferline jier hawwe dêrom mear as hûndert promininte Frysk-brûkers út kultuer, wittenskip en ûnderwiis oanjûn dat de troch Provinsjale Steaten oannommen útstellen sa gau mooglik fan tafel moatte. De FA jout sûnt lykwols gjin belies. Yn de patstelling dy’t ûntstien is, hawwe der oan no ta twa oerlizzen west tusken provinsje, FA en kritisy: op 25 novimber 2013 en op 13 jannewaris 2014. Op 3 febrewaris sil noch in lêste oerlis plakfine, mar it liket der net op dat de partijen byinoar komme kinne. 

Boppesteande rekonstruksje lit lykwols dúdlik sjen dat de provinsjale ôfdieling belêstige mei de subsydzjetakenning oan de Fryske Akademy nét frege hat om de twa produkten dêr’t de FA no sa oan fêsthâldt, nammentlik in staveringswiziging en in standertwurdlist. De provinsje hat foar dy twa saken gjin mienskipsjild beskikber steld. De provinsje hat mienskipsjild beskikber steld foar in Grien Boekje nei Nederlânsk foarbyld en foar in staveringshifker. Nét foar projektútwreidingen dy’t út de koker komme fan de FA sels en dy’t net yn de subsydzjetakenning werom te finen binne. Mei oare wurden: de FA hat besocht om eigen putsjes der troch te drukken. 

Boppedat lit de gong fan saken sjen dat Provinsjale Steaten, yn harren gearkomste fan 24 april 2013, op syn bêst ûnfolslein en op syn minst foutyf foarljochte binne troch sawol de eigen amtlike ôfdieling as it Advys fan de FA. Dat is earnstich. Dizze twa saken byinoar nommen kin it net oars as dat it oerlis oer staveringswiziging en standertwurdlist staakt wurdt, dat de plannen sa’t se formulearre en oannommen binne fan tafel gean, en dat der in nij oerlis yn it libben roppen wurdt om te kommen ta de produkten dy’t it Frysk noadich hat: in Grien Boekje, in staveringshifker en in oersethelp. Mar dan op basis fan besteande staveringsregels en de besteande wurdbylden en op basis fan it Frysk sa't dat no skreaun wurdt, dus mei alderhanne dialektyske en oare farianten.

Bart dat net, en set de provinsje fierder troch op de heilleaze wei dy’t ynslein is, dan ferbine sawol provinsje as FA net allinnich harsels oan útstellen en regelingen dêr’t net genôch draachflak foar is yn de Fryske maatskippij. Dêr bliuwt ek it byld fan in relaasje fan hingjen dy’t net basearre is op heldere ôfspraken, mar op mislieding, eigenwilligens en ûnkunde. Soks smyt sawol foar FA as PS mear skea en gesichtsferlies op as it alternatyf: gewoan even slikke, de boel resette en opnij begjinne.



.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten