donderdag 20 februari 2014

Van Sinderens 3: Troch de mangel fan de ivige earmoed

It wie yn it ûnrêstige earste jier fan de ‘Bataafsche Vrijheid’ dat myn foarfaar Hendrik Sipkes fan Sinderen (1773-1809) de stap weage. Likegoed sil it in ienfâldige plechtichheid west hawwe, syn trouwen mei Klaaske Thomas Hoekstra (1772-1842) op sneon 7 maaie fan it jier fan ús Heare 1795 yn in úthoeke fan de nije republyk, Ternaard. 



Hendrik wie 22 jier, arbeider. Op de akte stiet dat er út Blije kaam. Klaaske wie in jier âlder en kaam út Ternaard. It stel troude yn it doarp fan de breid, want wat hie Hendrik yn Blije? Faaks allinnich wat seizoenswurk by in boer, en miskien hierde er dêr in keamer fan famylje of kunde. Syn pake, dokter Johannes Stelwagen, hie oait yn Blije wenne. Hindrik syn mem wie by syn trouwen al wei en syn heit, de grofsmid Sipke van Sinderen, wie in pear jier earder mei de lytste bern nei Starum ferhuze. Yn Holwert wennen noch ien âldere en twa jongere bruorren, mar dy hiene de hannen fol oan harsels, of wiene te jong om wat foar him betsjutte te kinnen. 

Ternaard dus. It houlik sil sletten wêze troch dûmny Bartholdus Folperus Bornaeus (Foudgum, 1719-Ternaard, 1809), dy’t mar leafst 46 jier, fan 1758 oant 1804, de Ned.Herf. gemeente fan Ternaard tsjinne hat. Fan him witte wy net folle mear as dat er besitter fan in sjees wie. En hy wie in oerpakesizzer fan dûmny Everhardus Bornaeus (1622-1680, foto), dy’t te Boalsert stien hat, de skriuwer fan De Getrouwe Harder, ofte Een voorstel van alle de principaelste plichten die een dienaer Jesu Christi waerneemen moet (Leeuwarden, 1669). Everhardus Bornaeus hearde by de ‘Nadere Reformatie’, in befynlike streaming yn it protestantisme dy’t as foarrinner sjoen wurde moat fan de befynlik griffermearden. It leit yn ’e rede dat syn oerpakesizzer yn Ternaard net folle lichter leaude en dêr sil er ek op de kânsel blyk fan jûn hawwe.



Fan útkearing nei hûsbesit 

Hendrik en Klaaske keazen alsa foar in takomst yn Ternaard. Hy sil mei line hawwe op syn skoanfamylje yn it nije wenplak. Skoanâlden Thomas Klazes en Tietske Klazes wiene nei de berte fan harren earste bern yn 1751 (se hiene trouwe moatten) út Hantum, Hantumhuzen of Hantumerútbuorren nei Ternaard ferhuze. Oft se yn 1795 noch libben is ûnwis, mar yn Ternaard wenne doe noch al syn âldere sweager Jouke Thomas Hoekstra (1764-1815) en dy syn frou Eelkje Simons. Eelkje har suster Klaaske Simons (Terpstra) hie in winkeltsje yn it doarp en har broer Jacob Simons (Terpstra) wie gardenier – dat alheel sûnder stipe sille Hendrik en Klaaske net sitten hawwe. 

Se krije seis bern: de twaling Sipke (1795-1854) en Thomas (1795-1846), Sije (1800-1878), Christina (1803-1852), Klaas (1805-1881) en Tjitske (1807-?). Alsa ferneamt Hendrik sawol syn heit Sipke as syn mem Christina; de nammen Sije, Klaas en Tjitske ferwize respektivelik nei in suster Sijke, broer Klaas en mem Tjitske fan Klaaske. Likegoed giet it de húshâlding net foar de wyn. Dat docht bliken as Hendrik yn 1809 op 36-jierrige leeftyd komt te ferstjerren en der by syn namme dizze notysje makke wurdt: “De overledene was gehuwd, laat zes kinderen na en was gealimenteerd.” Dat lêste betsjut dat Hendrik in útkearing krige fan de earmfâlden fan Ternaard. 

Mem Klaaske Thomas moat no oant har dea yn 1842 mar sjen hoe’t se it roait. It kroast is dan respektivelik 13, 13, 8, 6, 4 en 2 jier âld. Klaaske – en nei alle gedachten de skoanfamylje fan har broer – moat toverje kinnen hawwe, want sa op it each dogge de bern it net sa min. It is wilens in opgeande tiid yn de lânbou, der is wurk, de befolking waakst oan en de Grutte Agraryske Krisis sil noch oant it midden fan santiger jierren op him wachtsje litte. Fan it ein fan tritiger jierren ôf sjogge wy bern fan Hendrik werom yn de notariële argiven. De earste is soan Sipke, mar ek Sije en Klaas dogge al gau mei. Sipke keapet yn 1839 in hûs mei hiem yn Ternaard, Klaas yn 1841 yn Wierum en Sije yn 1854 yn Ternaard. 

Kick-off troch Tsiendaagse Oarloch? 

Mar soene se allinnich troch op it lân te wurkjen foarút buorke wêze? Of hat der faaks ek noch wat oars meispile? Dat lêste is heel goed mooglik. Under de dikke fjouwertûzen Friezen dy’t as militêr meidien hawwe oan de Tsiendeiske Fjildtocht tsjin België yn 1831 sieten in stik as acht mannen út Ternaard en omjouwing. En hoe is it mooglik: ien fan dy acht wie de 26-jierrige Klaas Hendriks van Sinderen (soan fan Hendrik), en in oar fan dy acht wie syn 39-jierrige neef Simon Joukes Hoekstra! 

En wa die der ék noch mei oan dy nochal nutteleaze ekspedysje om de Belgen in leske te learen? Dat wie Klaas Hendriks syn 29-jierrige folle neef Jan van Sinderen út Starum, it bern fan syn muoike Baukje en in ‘onbekende vader’. 



Dy’t wit dat de tsjinstplicht doedestiids gau foar mannen fan 18 oantemei 24 jier, dy kin hjir de faktor ‘tafal’ mei in gerêst hert útslute. It sjocht der earder nei út dat dizze trije skuttersneven yn tsjinst fan de kening har betelje litten hawwe om foar in oar tsjinst te dwaan. Foar sa’n ‘plakferfanger’ waard yn dy tiid troch goedbuorkjende famyljes (boeren, patrisiërs en adel) in protte jild delteld. En as der no yn Ternaard en omkriten ien húshâlding wie dy’t dat jild wol brûke koe, ien húshâlding dy’t yn it earste fearnsdeel fan de 19de ieu troch de mangel fan de earmoed helle waard, dan wiene it ommers wol widdofrou Klaaske Thomas en har seis bern sûnder heit. En sa pragmatyk sille ek Jan van Sinderen út Starum en syn allinnichsteande mem Baukje tocht hawwe. 

Earder al hie in âldere broer fan Klaas Hendriks, Thomas (1795-1864), it paad nei it leger fûn. Thomas van Sinderen hat in skoft beropsmilitêr west. It hat him gjin gouden bergen brocht, of hy hat it te mâl dien mei potfertarren. By syn dea moast nammentlik oer him opskreaun wurde: “Gepensioneerd militair, certificaat van onvermogen. Er behoorde geen onroerend goed tot de nalatenschap.” 

Gernier 

Sije Hendriks van Sinderen (1800-1878), myn foarfaar, troude yn 1824 yn Ternaard mei Aaltje Stevens Wierstra (1801-1836). Doe’t har mem Aaltje Libbes Haga yn 1834 kaam te ferstjerren, wie se widdofrou, ûnfermogend, en krige stipe fan de earmfâlden fan Ternaard. It stel krige seis bern, dêr’t twa fan betiid stoaren. Oer bleaune Klaaske (1825-1910), Steven (1828-1862), Hendrik (1831-1904) en Sipke (1838-1902). Sipke krige fjouwer dochters, dat de namme gie inkeld fierder fia Steven en Hendrik. 

Steven blies it langjierrige bûn tusken fan Van Sinderens en de Hoekstra’s – syn beppe wie ommers in Hoekstra – nij libben yn doe’t er yn 1854 te Holwert troude mei de 23-jierrige yn Rinsumageast berne Eelkje Simons Hoekstra, in dochter fan syn neef Simon Joukes Hoekstra en Akke Sydses van der Wal. De skoanheit wie deselde Simon Joukes dy’t lykas syn omke Klaas meidien hie oan de Tsiendeiske Fjildtocht yn 1831. 

Ek yn dat jier 1854 begûn it jierrenlange wrotten foar heit Sije fruchten op te smiten. Einlings koe Sije in hûs mei hiem yn Ternaard keapje foar 200,- gûne. En fan 1855 ôf sil er elke safolle jier in nij kontrakt slute by in notaris foar it hieren, yn ’e mande mei oaren, fan stikken boulân. By syn dea yn 1878 hearde der ek ûnreplik guod ta de neilittenskip. 

Mei oare wurden, Sije hie himsels foarút bealge fan arbeider ta gernier. 

In sydpaadsje om hjir efkes by stil te stean is in pakesizzer fan niisneamde Steven van Sinderen, Jetske van Sinderen (1897-1985). Sy wie in ferpleechster dy’t yn de Twadde Wrâldoarloch út religieuze motiven wei eigenhannich ûnderskate ûnderdûkte joaden út Amsterdam wei begelate nei skûlplakken yn ûnder mear Rockanje yn Súd-Hollân, Terwispel, Nijmegen en Balkbrug. Ek betocht se falske identiteiten en betelle se soms foar harren ferbliuw. Op 27 novimber 1981 waard Jetske van Sinderen troch Yad Vashem, de Israëlyske betinkingsorganisaasje, oanwiisd as ‘Rjochtfeardige ûnder de Naasjes’. 

De flok fernijd 

Mar foar Sije syn twadde soan, myn foarfaar Hendrik Sijes van Sinderen (1831-1904), soe it libben minder fraais yn petto hawwe. Ja, it like wol as waard yn syn bestean de flok wer manifest dy’t ek hongen hie oer de húshâlding fan syn oerpake, de grofsmid Sipke van Sinderen yn Holwert. Yn ’t koart: Hendrik syn earste frou Grietje Rinderts Jouksma stoar twa wike nei de befalling fan harren earste bern. It jonkje, Rindert, stoar ek – en ek hjir spile wer in nammekwestje: blykber woe Hendrik syn heit net ferneame, mar ferneamde er de heit fan syn frou. En hoe is it mooglik: ek syn twadde frou, Trijntje Freerks Eisenga, stoar binnen it jier nei de berte fan harren twadde bern, Hendrik syn iennichste soan, myn oerpake Freark (op ’e nij ferneamde Hendrik syn heit net, mar de heit fan syn frou…). 

Noch gjin rampen genôch? 

Nee dus. Myn oerpake Freark van Sinderen (1874-1963) syn earste frou Dieuwke Hendriks de Boer stoar yn of flak nei de kream fan harren earste bern, soan Hendrik yn 1900. It berntsje stoar dêrnei ek, sân moanne âld. 

Ik doar my hast net yn te tinken hoefolle fertriet en eangst Freark hân hawwe sil om’t it leafste yn syn libben no samar ék dûbel by him weifallen wie. Om’t de skiednis him ommers werhelle. Hy makke itselde mei wat syn heit meimeitsje moatten hie. En hy moast dêrom no wol freezje dat der noch mear ellinde komme soe… Mar gelokkich, syn twadde frou Trijntje Bouma soe him fiif bern skinke (hoewol’t de lêste, Ale, yn 1927 op 11-jierrige leeftyd yn Ljouwert yn it sikehûs kaam te fertsjerren). 

Tel dêrby op de mangel fan de ivige earmoed, dêr’t sawol Hendrik as syn soan Freark trochhinne helle waarden – doe’t Freark in jonge wie, yn de tiid fan de Grutte Agraryske Krisis, gie alles en elkenien op it plattelân ommers sawat fallyt en moast mannige húshâlding it brea letterlik yn triennen dope, want der wie neat oars om it yn te dopen, net iens it fet fan bûter – en ik kin my in lyts bytsje better yntinke wêrom’t ús beppe – en hoe oars wie ús pake! – it libben faak net fan de ljochtere en lichtere kanten opnimme kinnen hat. 

Alwer: remplacant 

It is nuver, mar bytiden liket it as is de skiednis in spegelpaleis fol bylden dy’t har werhelje yn oare bylden. It ûngelok fan grofsmid Sipke wjerspegelet him yn dat fan lânarbeider Hendrik. It mei alle macht ferneame wollen fan dûmny Scipio Halbetsma wjerspegelet him yn it krekt nét ferneame wollen fan gernier Sije Hendriks. En de opgong fan in laach nei de Tsiendeiske Fjildtocht yn 1831 wjerspegelet him yn de blide hoop fan Freark, de hoop op in moaie takomst, de hoop dy’t er hie doe’t er as 19-jierrige jongfeint yn de winter fan 1897 in plakferfangerskontrakt sleat mei in rike boerinne út Wytmarsum dêr’t de boer by weifallen wie. 

It kontrakt waard sletten mei Elske Aelzes de Jong-Sinnema (1844, Hichtum-1906, Winsum), widdofrou fan boer Nammen Obbes de Jong (1827-1880), sa’t it yn de boeken stiet “voor haar zoon Symon Sinnema, loteling”. Blykber hat de notarisklerk dy’t it opskreau sliept, want soan Simon fan Nammen en Elske wie doe al lang stoarn, nammentlik yn itselde jier (1880) as syn heit… It jonkje waard mar sân dagen âld en is neffens in genealogy op ynternet tegearre mei syn heit begroeven yn ien kiste. It kin dêrom wêze dat de ‘loteling’ yn kwestje soan Eelze (1875) west hat. 

Wierskynlik wie myn oerpake Freark alsa de lêste yn Fryslân, of yn alle gefallen wie er ien fan de lêsten, dy’t sa’n remplacantekontrakt oangeande de tsjinstplicht oangie. In jier letter koe dat by wet net mear. De tsjinstplicht waard doe oan ien persoan bûn. 

Hoe’t dat ek wêze mei: earmoedsaaier Hendrik Sijes sil in moai poepke jild krigen hawwe, wat goed útkaam, want soan Freark hie trouplannen mei Dieuwke Hendriks de Boer, dochter fan Ytje Klazes Ritsma en de Ljouwerter fabryksarbeider Hendrik Klazes de Boer. Yn 1898 waard it houlik sletten, yn Ljouwert, dêr’t it stel wierskynlik earst by de âlden-De Boer ynwenne hat. In jier letter ferhuzen Freark en Dieuwke nei Ternaard – en it tryste ferfolch ha ik hjirboppe al sketst.



PC-winner 

Oer de 20ste ieu sil ik koart wêze, ek al om’t der noch in protte neiteam fan Freark van Sinderen yn libben is. Freerk en Trijntje Bouma hawwe sa’t skynt op aardich wat plakken omhúsmanne, ûnder mear yn Holwert, Alde Leie, Minnertsgea, Tsjummearum en Froubuorren. Sa kaam der yn alle gefallen in ein oan it hûndertjierrige ferbliuw fan syn laach yn Ternaard. Opfallend is dat syn twadde frou Trijntje Bouma (1881-1956) wer út… Holwert kaam. Se wie in dochter fan Hendrik Annes Bouma en Maaike Feikes Agema. Holwert waard ek it earste plak dêr’t Freerk en Trijntje har nei wenjen setten. 

Harren earste bern wie myn beppe Klaske (1903-1995). Se waard neamd nei de âldste suster fan Freark syn heit Hendrik. It twadde bern, Hendrik (1905-1990), krige de namme fan beide heiten. It tredde bern, Anne (1906-1996), waard neamd nei de pake fan de mem. De twadde dochter, Maaike (1908-1984), nei de mem fan de mem. En it lêste bern, Ale (1916-1927), nei de pake fan heitekant fan de mem. Of te lêzen oan de nammen hie Freark net folle op mei syn foarâlden – it liket wol as helle er der in streek trochhinne, sa’t earder Rienk Rein de Jong en Janke Hofmans van Sinderen yn Starum op syn akte fan ferstjerren in streek hellen troch har heit Sipke van Sinderen.



Parallellen, wjerspegelingen, refleksjes. Twa soannen fan Freark binne nei de Twadde Wrâldoarloch troch it tribunaal feroardiele fanwege kollaboraasje – wylst harren fiere achternicht Jetske van Sinderen krekt eare wurden is fanwege har fersetswurk. It wol my noch altyd net oan dat ik pas ferline wike begriep dat in broer fan myn beppe, Anne van Sinderen (foto), yn 1933 mei de PC yn Frjentsjer wûn hat. It heucht my net dat it my oait ferteld is. En dat wylst ik sels keatst ha fan myn 8ste oant myn 18de. 

Minsken skrasse út de boeken, oan dy earmoed doch ik net mei. 


[Ein]

Geen opmerkingen:

Een reactie posten