Miskien is it aardich om ris, as eksperimint, te sjen hoe’t in sjoernalistyk digitaal portaal foar regionale polityk (DPRP) derút sjen kinne soe.
It idee is dat der in doelgroep bestiet cq. yn de takomt bestean sil dy’t betelje wol foar sjoernalistike ynformaasje oer regionale polityk yn Fryslân. No wurdt dy ynformaasje noch jûn troch benammen kranten (op papier), mar yn de foreseeable future sil sokke ynformaasje faaks jûn wurde kinne troch in digitaal portaal (op ynternet).
Sa’n DPRP soe in tal funksjes ferfolje moatte, dat wol sizze, gebrûksmooglikheden biede moatte op in sadanige wize dat de doelgroep dêr jild foar oer hat. In fiiftal funksjes tsjinje har yn earste opslach oan:
• Berjochtjouwing (nijs, reportaazje)
• Analyse (achtergrûn, opiny, kommentaar)
• Undersyk (útsykprojekten)
• Database (argyf, bewurke gegevens)
• Publykskontakt (fia social media)
It ûnderdeel Berjochtjouwing bringt it earstelijnsnijs: melding, ferslachjouwing en reportaazje. In netwurk fan freelance-korrespondinten leveret tekst en byld. Teksten en bylden binne relatearre oan tiid (publikaasjetydstip), plak (lokaasje) en barren (evenemint).
It ûnderdeel Analyse bringt ferdjipping; hjirfoar skriuwe ‘topauteurs’ op freelancebasis. Teksten wolle in rol spylje yn it maatskiplike debat en/of spraakmakend wêze.
It ûnderdeel Undersyk bringt langer rinnende projekten en rekonstruksjes, útfierd troch freelance ûndersykssjoernalisten.Teksten moatte nije ynsjoggen opsmite.
It ûnderdeel Database sammelet safolle mooglik foar it tema nijsgjirrige gegevens en oarderet dy wêr mooglik. It is the place to be foar elk dy’t wat oer it tema witte wol of opsykje moat.
It ûnderdeel Publykskontakt leit fia tillefoan en ferskate social media kontakten mei brûkers fan it DPRP en besiket ek nije brûkers te produsearjen. (Eventueel kin dizze funksje ek tegearre mei it publykskontakt fan oare sjoernalistike digitale portals kombinearre wurde.)
Foar de oanstjoering fan dizze fiif funksjes fan it DPRP is in Redaksjesintrum noadich, dat ynformaasje bestelt (útset), selektearret, bewurket en digitaal publisearret. Utgeande fan in DPRP dat de provinsjale en gemeentlike polityk beslacht, plus relevante lanlike politike ynformaasje regionalisearret, moat al gau tocht wurde oan 2 fte’s: in redakteur-anneks-byldredakteur en in ynternet/social media/database-redakteur. Dêrby gean ik der foar it gemak even fanút dat saken as salarisadministraasje en it útbeteljen fan freelancers earne sintraal regele wurde.
Hoefolle sil soks no kostje? Dêr moat in oar faaks mar efkes nei sjen. It hinget fansels ek ôf fan hoefolle tekst beskikber komme moat/kin cq. hoefolle freelance-opdrachten jûn wurde kinne. Fierder hat it te krijen mei de kosten fan it ûntwerp fan de digitale ynfrastruktuer en it wurk dat der yn it oanlizzen fan in database sitten giet.
Kommentaar wolkom.
.
Abe,
BeantwoordenVerwijderenIk fyn dizze ideeën, opmerkings en analyses belangryk mei it each op in ûnôfhinklike berjochtjouwing. Dat as earste.
Twad bin ik benijd hokker taal (cq talen) asto op it each hast, en dêrby tink ik benammen oan it Frysk dat mear noadich hat foar it fuortbestean as allinne oraal gebrûk. Hoe sjochst dit faset?
Ha Josse, jawis, dat is in belangrike fraach. Ik sjoch yn alle gefallen in Frysktalich sjoernalistyk digitaal portaal foar my, mei op it foarste plak kulturele en histoaryske stikken, mar absolút ek mei aktuele tekst oer polityk, ekonomy, lânskip, natoer. It foardeel is dat hjir ek stikken yn oersetting brocht wurde kinne út oare portalen wei. En dan mar sjen hoe Frysksinnich de Friezen binne.... dat kinne dan ommers goed ôfmetten wurde oan de hân fan de abonneminten. It is trouwens net sa dat ik dy hele ûntjouwing nei digitale deelprodukten as in superwinsklikenien sjoch, fansels. Ik ha leaver in echte krante, fan papier. Mar de wâl keart it skip, netwier? En dan sil it dizze kant wol opgean (moatte). Want der moat al in plak wêze foar goede regionale sjoernalistyk.
BeantwoordenVerwijderen