woensdag 19 februari 2014

Van Sinderens 2: De tragyske grofsmid fan Holwert

As der ûnder al dy Van Sinderens ien húshâlding is mei in ferhaal, dan moat it wol dy fan Sipke Annes van Sinderen wêze, de master-smid fan Holwert, en syn frou Christina Stelwagen, de dochter fan de doarpsdokter. 

Allinnich, dat ferhaal moat stikje by bytsje tefoarskyn tovere wurde út de argiven, en dan noch bliuwt it fragmintarysk. Der hat noait ien west – by myn witten – dy’t it opskreaun hat. Ek Waling Dykstra net, hoewol’t dy him dochs mar in dikke fyftich jier nei dato nei Holwert te wenjen sette.


Sipke Annes van Sinderen wie de tredde soan fan Anne Freerks, de weiwurden skipper, en Hendrikje, de dûmnysdochter. Hy waard yn 1749 berne yn Beetstersweach en stoar yn 1818 yn Starum. Syn heit hat er noait kennen en syn mem foel wei doe’t er 18 jier wie. It liket der op dat in neef fan syn mem, dus fan de Halbetsma-kant, dûmny Scipio Halbetsma (1709-1780), de âldste soan fan syn omke Theodorus Halbetsma út Ternaard, Sipke yn it libben wat op wei holpen hat. It rint yn alle gefallen yn it each dat Sipke him yn 1771 fêstigje koe as master-smid yn Holwert, dêr’t Scipio Halbetsma al sûnt 1740 dûmny wie. 

In treauke yn ’e rêch 

It kin bêst wêze dat de Halbetsma’s - noch sûnder -r - har wol mear as sljochtweihinne bekroadzje woene om de bern fan Hendrikje. Sy wie ommers neamd nei Hendrikje Halbetsma, net allinnich de frou fan dûmny Ulbe Hotses van Sinderen mar ek de muoike fan Scipio Halbetsma. Dêr kaam noch by dat Sipke fansels neamd wie nei syn oerpake, de Scipio Halbetsma dy’t abbekaat west hie oan it Hôf fan Fryslân. 

Soks telde wol mei. En wie it net in sneue boel mei dy weirûne skipper? Dat der moast perfoarst in treauke yn ’e rêch komme foar dy bern. Sipke syn broer Ulbe kaam bygelyks yn ’e lear by syn omke Hotse yn Dokkum en fêstige him dêrnei as sulversmid yn Amsterdam. (Allinnich syn broer Hotse woe sa’t skynt net om lyk. Dy wie krekt as syn heit skipper en hy wie de iennichste fan Hendrikje har bern mei in soan dy’t Anne hjitte, nei de houliksbrekker.) 

Wat op dat stik fan saken ek opfalt, is dat Sipke in sa op it each geweldige houlikspartner trof. Dat wie de yn 1752 berne Christina Stelwagen, in dochter fan de doarpsdokter (‘meester chirurgijn’) en doarpsrjochter fan Holwert, Johannes Jacob Stelwagen (1729-1806). Hoe’t in foar smid learende jonge út Beetstersweach en de dochter fan in akademysk foarme doarpsnotabele út Holwert inoar troffen liket in riedsel; ek dêr kin it netwurk yn Noardeast-Fryslân fan de Halbetsma’s goed wurk dien hawwe. Hoe’t dat ek wêze mei: op 21 april 1771 troude yn de Ned.Herf. tsjerke fan Holwert smid Sipke Annes van Sinderen mei syn Christina Stelwagen. Nei alle gedachten waard it houlik sletten troch dûmny Scipio Halbetsma himsels (hy gie pas acht jier letter mei emeritaat). 

Boppeslach 

Sipke like in boppeslach dien te hawwen. De Stelwagens hiene oansjen yn it noarden fan Fryslân. De iene nei de oare Stelwagen wie nammentlik chirurgijn, net allinnich de âlde Johannes Jacob Stelwagen hie dat berop, mar ek dy syn soannen Leendert (1749-1808), Bauke (1756-1829) en Hendrik (1758-1825) en syn pakesizzers Johannes Jacob (1774-n.1816), in soan fan Leendert, en in Dirk, in soan fan syn dochter Janke. De Noard-Fryske Stelwagens stamme wierskynlik út Emden. Neamd wurdt dêr in Johann Adolph Stellwagen – in “aus Mecklenburg gebürtigen Konvertiten” – dy’t syn hûs as skûltsjerkje beskikber stelde foar katoliken. De yn 1690 yn Emden berne Leonardus Stellwagen soe dan syn soan west hawwe. Hy troude yn 1722 op 22-jierrige leeftyd yn de Grutte Tsjerke fan Ljouwert mei Christina Weelingh, de beppe fan Sipke van Sinderen syn frou. 

Op it stik fan it leauwe liket it dat Sipke syn sweager Leendert wol wat foar de mennisten fielde. Oft er lidmaat west hat fan de doopsgesinde tsjerke yn Dokkum wit ik net – syn bern waarden yn de Ned.Herf. tsjerke “by de calvinisten” doopt – mar syn soan Johannes Jacobs wie yn alle gefallen wol mennist. Dizze soan wie befreone mei bekende mennisten as de predikant Marten Martens fan Holwert (?-1852) en abbekaat Evert Oosterbaan (1760-1823). Hy gie yn 1798 “een zeer aanzienlijk huwelijk” oan mei de rike menniste Sjoukje Brouwer fan Warkum, it plak dêr’t er ek hinne ferhuze. Dizze omkesizzer fan Sipke van Sinderen wurdt dêr noch sa yn it omtinken holden: 

“In 1811, toen ons land een provincie van Frankrijk werd, zweert Johannes Stelwagen, in de herberg onder het stadhuis, trouw aan Napoleon en wordt hij lid van de municipaliteit (stadsbestuur) van Workum. Na de Franse tijd maakt hij ook deel uit van de nieuwe gemeenteraad. In 1813 doet Johannes Stelwagen met succes examen voor vroedmeester. Hij bezit een ‘panwurk’ (dakpannenfabriek) in Workum. Op de erelijst van inwoners van Workum, die zich hebben onderscheiden door ‘kunde, braafheid en vermogen’, staat ook de naam van Johannes Stelwagen.” 

En en passant hat er ek noch efkes de mennistegemeente fan Warkum foar de ûndergong behoede… Nei in bulte ynterne strideraasje yn de patriottetiid siet dy tsjerke yn 1811 op swart sied. Under mear in grutte donaasje fan de siktaris fan de doopgesinde gemeente, J.J. Stelwagen, brocht yn 1815 útkomst. 

Rampen 

Sipke van Sinderen en Christina Stelwagen krigen alve bern, dêr’t fjouwer dalik of heel betiid fan stoaren. En op syn minst trije hellen de 40 jier net. De âldste soan, Johannes, is noait troud. De twadde soan, Hendrik, waard net âlder as 36. De tredde soan, Hotze, krige mar ien bern – Sipke Hotzes van Sinderen (1798-1849), dy’t yn 1845 yn Swol oppikt waard troch de plysje en troch de Maatschappij van Weldadigheid yn Feanhuzen/Ommerskâns fanwege earmoede en ‘landloperij’ tewurksteld waard. De earste dochter, Baukje, ferstoar binnen it jier. De twadde dochter, ek Baukje, krige in bern fan in ûnbekende heit. De tredde dochter, Margaretha, ferstoar binnen twa jier. De fjirde dochter, ek Margaretha, kaam óf yn ’e kream om of hat harsels tekoart dien nei’t har earste soan as jonkje kaam te ferstjerren.


Noch gjin rampen genôch? 

De fyfde soan waard neamd nei de woldwaner fan de húshâlding: hy is as Scipio Halbetsma van Sinderen yn de boeken kaam. En stoar binnen twa jier. Mei de sechsde soan waard op ’e nij besocht de dûmny te ferneamen. Wer stoar in Scipio Halbetsma van Sinderen binnen twa jier. Alsa liket it der sterk op dat Sipke en syn frou Christina werklik alles út de kast helle hawwe om harren Halbetsma-ferwant eare oan te dwaan. Mar it lêste bern, Janke Hofmans van Sinderen, neamden se nei in húshâldster… nei de frou dy’t Sipke syn pake, dûmny Ulbe Hotses van Sinderen te Beetstersweach, fersoarge hie yn syn lêste jierren: Janke Hofmans (in nicht fan de dûmny, mar dat tusken twa heakken). 

Wêrom dat wanhopige besykjen om mei útwrydske foarnammen ear te bewizen oan it foarteam? En oan de Halbertsma’s yn it bysûnder? Ut tankberens? Dûmny Scipio Halbetsma wie yn 1780 ferstoarn, in jier foar’t Sipke en Christina foar it earst in jonkje nei him neamden. Of wie it út wanhoop, as in skreau om oandacht? Dy’t de wederwaardichheden fan Sipke syn bern oer in ôfstân fan mear as twahûndert jier hinne besjocht, dy sjocht earmoede, pech, needlot en ûngelok. Hie in lytse erfenis it tij keare moatten, en kaam dy mar noait? 

Hoefolle dea kin in mem eins ferneare? Fan de ûngelokkige Christina Stelwagen is my gjin akte fan ferstjerren bekend; nergens wurdt neamd wannear’t sy ferstoar. Dêrom kinne wy der noch wol in slach nei slaan. Yn 1792 betellen de tsjerkfâlden Sipke noch in bedrach út foar izerwurk, mar in jier letter ferskynt der in nije ‘meester-smid’ yn de boeken: Piebe Feddes Stienstra. Sipke wie mei syn dochters Baukje en Janke Hofmans, beukertsjes noch mar, nei Starum ferfearn, dêr’t er him as ‘grofsmid’ fêstige. It leit yn ’e rede dat syn Christina der doe al net mear wie. Oft se in natuerlike dea stoarn is, of harsels fan ellinde en fertriet tekoart dien hat, is net út te meitsjen. 

Halbetsma-Van Sinderen myte 

Fan harren soannen soene allinnich Hendrik (1773-1809) en Ulbe (1779-1850) de achternamme Van Sinderen ta yn de 20ste ieu fuortsette. De oerbleaune dochters Margareta (1788-1822) en Janke Hofmans (1791-1849) trouden mei Starumer jonges; de lêste bleau dêr wenjen, mar de earste teach mei har man Marten Bartle Heeres (1788-?) nei Den Haach. Marten wie in soan fan de Starumer turfskipper Bartle Heeres Swart en dy syn frou Uilkje Jacobs. Margareta neamde harsels yn it deftige Den Haach ‘Halbetsma van Sinderen’, en liet sadwaande in let wjerlûd hearre fan in tema dat har famylje sa yngeand en sa tragysk dwaande holden hie. Doe’t har soan Hendrik Jacobus Heeres yn 1822 kaam te ferstjerren, folge sy him in pear moanne letter op 34-jierrige leeftyd yn ’e dea. 

Wilens hie it Halbertsma-laach him fuortset yn ûnder mear de yn Grou berne Fryske skriuwer Joast Halbertsma (1789-1869) en syn bruorren Eeltsje (1797-1855) en Tjalling (1792-1852). Oft sy of ien fan harren der weet fan hân hat dat yn Den Haach in dochter fan in Van Sinderen libbe dy’t harsels toaide mei harren achternamme, dat wit ik net. Wol wit ik dat Sipke syn dochter Janke Hofmans en har Starumer man Rienks Rein de Jong yn 1818, doe’t de âld grofsmid kaam te ferstjerren, yn ien klap ôfweefden mei de hele Halbetsma-Van Sinderen myte. 

De akte fan ferstjerren fan Sipke Annes van Sinderen waard op it stedhûs yn Starum opsteld op basis fan ynformaasje fan De Jong. “De ouders van deze overledene zijn Anne Sipkes, de moeder onbekend,” stiet dêr te lêzen. 

Anne Sipkes? Moeder onbekend? Ek nei twahûndert jier hakt sa’n folsleine ûntkenning fan jins heit, fan jins mem en fan de skiednis der noch yn.


[Moarn deel 3]

Geen opmerkingen:

Een reactie posten