Moarn yn it Friesch Dagblad in Skroeier oer jins bern en de taal dy't se prate, yn it ferlingde fan in stikje fan Yvonne Dijkstra yn it FD fan sneon, en in stik fan Liuwe Westra, ek yn de krante fan moarn. Tim en Luuk yn Zaandam prate gjin Frysk.
"Ha ik dêr no spyt fan? Dat se leard hawwe te tellen yn it Frysk, mar mear net? Ja, bytiden al fansels. It is net in heel aardich idee dat je mar ôfwachtsje moatte oft je bern oait in kear jins poëzij lêze en begripe sille. Better sein: oft se jins wrâld oait kennen leare sille. Want is in taal net in wrâld? En is in lûd net in lân?
Yn dy sin bin ik myn jonges dûbel kwyt, sawol fysyk as talich. Fansels ha ik it dêr wolris dreech mei. Gelokkich stiet der ek wat foaroer. Harren wrâld. Harren lûd. Dy’t ik kennen leare mei, en dy’t ik ek neikomme kin, want sa mobyl en sa twatalich bin ik wol. Luuk mei syn Turkse freonen op skoalle libbet yn in wrâldkultuer, en Tim makket wrâldmuzyk. En se witte it: elke twa wike komt Fryslân troch de foardoar. Moatte se wer better op harren Nederlânsk lette…"
Geen opmerkingen:
Een reactie posten