Pake hie fan it midden fan de jierren '50 ôf, doe’t er behalve boerearbeider ek kastlein wie yn de Buorren yn Winaam, in moaie byfertsjinst as foardrager. Dat hat oan 1964 ta duorre. Foar en nei de oarloch sutele er mei bôle en koeke – syn bynamme wie ‘Abe Koekje’ – foar bakker Elzinga yn Harns; in protte minsken yn de omkriten fan Harns koene him dêrfan en sok wurk brocht in protte sosjale kontakten mei, ynklusyf alle ferhalen dy’t dêrby hearden.
Begjin sechstiger jierren besocht er it wat grutter oan te pakken, nammentlik mei in echt selskip. Dat waard it selskip ‘Doch Gewoan’, dat fan desimber 1960 oant de ein fan 1962 bestien hat en dat behalve besteand ek eigen wurk brocht, op benammen brulloften, merkejûnen en feestjûnen fan ferienings. Sawat trije jier lang stie der yn de Leeuwarder Courant, yn it Frysk, hast elke wike wol in lytse adfertinsje: “Ferjit net Abe de Vries en Wim Kroon te freegjen foar jimme feestjoun of brulloft. Eigen wurk. Lyts selskip”, en: “Freegje foar jimme feestjoun of brulloft Abe de Vries en Wim Kroon mei har selskip fan 4 pers.”
‘Doch Gewoan’ bestie út sjonger, foardrager en kabaretier Abe de Vries (1904-1996) út Winaam, muzikant Wim Kroon (1916-1977) út Harns en de sjongeressen Elisabeth (Betty) van der Hoek-Bakker (1922-2011) út Harns en Hanny Dijkstra (1944-1992) út Winaam. Yn it begjin makke ek Coby van Dijken diel út fan it selskip. Yn 1962, doe’t it selskip op syn ein rûn, kaam D. Posthumus út Ljouwert noch foar Kroon yn it plak. Fan Posthumus en Van Dijken ha ik gjin gegevens fine kinnen.
De sterkste punten fan ‘Doch Gewoan’ wiene de leechdrompelige humor, de regionale bekendheid fan pake mei syn fleurich aard en djippe, lûde stim, en de muzikaliteit fan Wim Kroon. Hy wie ien fan de earsten yn Fryslân dy’t muzyk makke op de ‘Cembalet’, in ynstrumint fan Hohner dêr’t sawol in piano as snaarynstruminten op neidien wurde koenen.
De opkomst fan de tillevyzje makke lykwols dat der hieltyd minder emploai wie foar sokke lytse amateurselskippen. Yn 1963 gie pake noch in jier allinnich op’en paad as ‘Cabaret Abe de Vries’; dêrnei wie it dien mei it foardragen. Hy ferhuze yn 1964 mei beppe Klaske nei Frjentsjer en rjochte him tenei mear op de opropperij foar notarissen út Seisbierrum, Frjentsjer en Jorwert.
.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten