zondag 8 december 2019

The Doors Live in Detroit 8-5-1970

Frysktaligens folle grutter as tocht wurdt

Dy't witte wol hoefolle persint fan de ynwenners fan Fryslân harsels as Frysktalich beskôgje, is noch net jierdei. Dat sit sa: men wit it net. Undersiken binne der by 't soad, mar oft se allegear like betrouber binne is mar de fraach. Boppedat binne se net goed mei elkoar te ferlykjen: ûndersyksfragen en ûndersykspopulaasjes rinne útinoar en de ûndersyksmetoaden binne faak ek net ideaal. 

De Partoer-ûndersikers befregen yn 2014 it Fries burgerpanel op har memmetaal. Fan de panelleden joech 47 persint oan it Frysk as memmetaal te hawwen. 

'In 2014 sprak nog 32% van de ouders en kinderen meestal Fries', konkludearre Geert Driessen (eks-Radboud Universiteit Nijmegen) yn 2016 út in ûndersyk ûnder bern yn it primêr ûnderwiis. 

Yn 2017 publisearre de Fryske Akademy de taalsosjologyske survey Taal in Fryslân: de volgende generatie. It oantal húshâldens mei Frysk as memmetaal is 'onder de 50 procent gezakt', wie it nijs. In symboalyske grins wie alarmearjend trochbrutsen: foar it earst soe minder as de helte fan de Friezen it Frysk as memmetaal hawwe. De provinsje Fryslân reagearre mei in (net mear beskikber) parseberjocht dat de kop meikrige: 'Minder frieszinnig, meer meertalig' (as hat it ien wat mei it oar te krijen). 

Mar no hawwe wy, sûnt 5 desimber, in moai sinteklaaskado, ek noch de sifers yn it rapport fan de ryksynspeksje oer it Frysk ûnderwiis. En dat rapport liket dochs wat in oar ljocht op de saak te smiten. 

De ynspeksje hat 10.109 learlingen fan de groepen 6, 7 en 8 fan it primêr ûnderwiis mei in enkêteformulier befrege en 1.025 learlingen út de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. Dit ûndersyk hat de grutste ûndersykspopulaasje fan allegear. Ien fan de fragen wie nei de thústaal: wat wie har memmetaal? Yn it ljocht fan de hjirboppe oanhelle eardere ûndersiken binne de útkomsten op syn minst opmerklik: 

Fan de learlingen yn it primêr ûnderwiis seit goed 56 prosint dat se Frysktalich binne. (side 26) 

Fan de learlingen yn it fuortset ûnderwiis [ûnderbou] seit trochstrings 6 op de 10 dat se Frysktalich binne. (side 28) 

No efkes wat redenaasjes fan in, tajûn, statistyske leek. Wy kinne - sjoen wrâldwide ûntjouwingen as globalisearring en massamediatisearring, sjoen de tanimmende sosjale druk op foaral jonge minsken om Hollânsk te praten, en sjoen de lege maatskiplike status fan it Frysk - leau 'k wol feilich oannimme dat de Frysktaligens ûnder âldere minsken grutter is as ûnder jongere. 

Twads witte wy ek dat de populaasje Friezen âlder as in jier as fyftjin folle en folle grutter is as de populaasje Friezen ûnder dy leeftydsgrins. 

Ergo: as de sifers fan de ynspeksje klopje, dan leit it yn 'e reden dat de Frysktaligens ûnder de hiele befolking yn Fryslân noch in stik heger leit as de 56-60 persint út it rapport fan de ynspeksje - sifers dy't al folle heger binne as de risseltaten fan de hjir earder neamde ûndersiken. Dat soe dan prachtich nijs wêze.

Dat de Fryske taal hieltyd minder faak troch âlden trochjûn wurdt oan har bern, sa't Driessen konkludearre, makket blykber net hiel folle út. Henk Wolf hat earder alris op dy paradoks wiisd.  It soe in goed ding wêze as de provinsje Fryslân foldwaande budzjet frijmakke foar in ûndersyk dat oan alle twivel in ein makket. Sis mar, de mem fan alle ûndersiken. 

Kennis is macht, is it sizzen. Of jildt te uzes: macht fart wol by ûnwissens?

.

vrijdag 6 december 2019

Ryksynspeksje is in segen foar it Frysk ûnderwiis

Sizzen is neat, mar dwaan is in ding. Frysk yn it primêr en fuortset ûnderwiis. Sa hjit it rapport dat de ûnderwiisynspeksje fan it ryk juster publisearre hat oer de te beskriemen stân fan saken yn it Frysk ûnderwiis. It is hjir del te laden. It is in oer alle boegen ferûntrêstigjend rapport, en alle leafhawwers fan it Frysk en de Fryske kultuer soenen it eins út 'e holle leare moatte. Wat sis ik: it soe side foar side oan de foardoar fan it Provinsjehûs spikere wurde moatte. 

Ik sil it hjir net gearfetsje. Elk kin der sels kennis fan nimme (hâld dan wol de bûsdoek by de hân). Oft it no oer de hâlding fan skoalbestjoeren foar it ûnderwiis yn it Frysk oer giet, of oer de 'learsumens' fan de lessen Frysk, of oer it tal learkrêften Frysk mei foech, of oer it responspersintaazje fan skoalhaden en -direkteuren op de ryksenkête, of oer it tal learlingen fan hafû en twû dat Frysk as eksamenfak kiest - men moat derfan gûle, en werklik net fan it laitsjen. 

Ien ding wol ik hjir wol neirinne, en dat is wat de ynspeksje seit oer it provinsjale ûnderwiisbelied. Want dát belied is ommers it dúdlikst ynset fan polityk: fan direkte demokratyske beslútfoarming yn Provinsjale Steaten en fan de amtlike ferwurking dêrfan. It giet dan foaral oer it fêststellen fan de saneamde 'kearndoelen' foar it Frysk ûnderwiis en oer de ûntheffingen dy't de provinsje ferliene kin oan skoallen (fia it takennen fan saneamde 'taalprofilen') fan de ferplichting om alle kearndoelen ek nei te stribjen, dat wol sizze, dêr passend ûnderwiis foar oan te bieden. 

De kearnpassaazje oer it kearndoelebelied fan de Provinsje is dizze: 

Omdat de kearndoelen doeldoelen binne en gjin behearkingsdoelen, kinne skoallen by Frysk - krekt lykas by de oare fakken - mei alle learlingen oan deselde kearndoelen wurkje. Yn 'e (ferwachte) behearsking fan de ûnderdielen fan it fak kin dan ôfhinklik fan de learlingepopulaasje differinsjearre wurde. Sa bart dat ek by oare fakken. 

Efkes tebek nei 2005. Doe hat de Provinsje de kearndoelen yn it Frysk ûnderwiis ferlege, om't soks 'realistysker' wêze soe, sjoen it tanimmend tal bern dat net-Frysktalich grutbrocht wurdt en men de latte foar sokke bern net te heech lizze moast. Der kaam in 'trepke' mei fjouwer treden yn de kearndoelen: fan, boppe-oan, de taal prate, lêze en skriuwe kinne, ta, ûnderoan, wat sympaty foar de Fryske kultuer hawwe. Yn 2015 waard dit systeem yn in bestjoersmaatregel dellein, sadat de provinsje fia it takennen fan taalprofilen de skoallen dy't derom fregen frijstelling (ûntheffing) foar de meast ambysjeuze - no ja... - doelen ferliene koe. It idee wie dat der sadwaande better sicht komme koe op de werklike stân fan saken yn it Frysk ûnderwiis, en skoallen har prestaasjes stapke foar stapke ferbetterje kinne soenen. 

De ryksynspeksje feit yn it nije rapport mei dit systeem de flier oan en folget yn feite de krityk dy't de aksjegroep Te Mâl yn 2005 en de aksjegroep SisTsiis yn 2016 en 2017 al formulearren: dat it provinsjaal ûnderwiisbelied delkomt op diskriminaasje. De ynspeksje wol dat mei alle learlingen oan deselde kearndoelen wurke wurdt. Sa bart dat ek by oare fakken. Fansels sil dan de iene learling better skoare as de oare, mar dêr kin yn de besifering mei rekkene wurde. 

De ynspeksje sjucht dêrneist ek dat it provinsjale taalprofilesysteem just nét liedt ta stap-foar-stap ferbettering fan it nivo fan it Frysk ûnderwiis, mar ta stagnaasje en ûnderprestaasje: 

It effekt fan it takennen fan de taalprofilen is lykwols faak dat skoallen dan krekt nét ambisjeus wurde en de besteande situaasje fêsthâlde wolle. Regelmjittich hearre we fan skoallen en bestjoeren dat it takennen fan in taalprofyl mei ûntheffings foar ien of mear kearndoelen net late ta it formulearjen fan ambysjes. 

De ynspeksje advisearret dêrneist om yn alle gefallen it 'leechste' kearndoel, it hawwen fan in 'positive attitude' foar it Frysk oer, ôf te skaffen en te yntegrearjen yn werklik talige doelen. De skoallen dy't inkeld it attitude-doel neistribje, en de skoallen dy't it ek it dêrnei kommende doel neistribje (harkjen yn it primêr ûnderwiis en it fieren fan ynformele petearkes yn it fuortset ûnderwiis) jouwe yn feite gjin Fryske les, seit de ynspeksje. Sokke skoallen tropje har ferplichtingen meast yn in projektwike of in ekskurzje, 'aktiviteiten (..) likernôch altyd loskeppele fan taalûnderwiis'. De learlingen sels ûnderfine dy aktiviteiten net iens as lessen yn it fak Frysk! 

De ynspeksje sketst in byld fan gaos yn it ûnderwiisfjild: 

Sûnt de takenning fan de taalprofilen ûntstie der ûnder skoallen in grutte fariëteit yn it ferplichte oanbod. Guon leararen yn it primêr ûnderwiis sizze dat se net goed op 'e hichte binne fan hokfoar kearndoelen by it taalprofyl fan harren skoalle hearre. Guon direkteuren yn it primêr ûnderwiis litte witte dat se it takende taalprofyl net gaadlik fine foar harren skoalle, bygelyks om't der noch gjin sprake is fan in trochrinnende learline of om't der allinnich mar yn ien groep Frysk jûn wurdt. Yn 'e petearen dy't de ynspekteurs fierden mei leararen en direkteuren die ek bliken dat somtiden in taalprofyl takend is op grûn fan it oanbod yn de groep dy't it fierst ûntwikkele wie, wylst der yn oare groepen minder kearndoelen ûnderwiisd waarden. Wy konstatearje dat de bedoeling fan it belied om oan te sluten by de werklike situaasje op de skoallen net altiten goed útfierd wurdt. Dêr komt by dat de romme fariëteit oan taalprofilen hanthavening op it foldwaan oan de kearndoelen dreech makket. 

Wylst de taalprofilen oanslute moatten hiene by de praktyk om ferbetteringen makliker te meitsjen, wurdt dat troch de skoallen net sa field. It belied op it mêd fan it waaksmodel is sadwaande net goed ymplemintearre. Dêrnjonken makket de fariëteit oan ûntheffings it dreech om te hanthavenjen op it oanbieden fan de kearndoelen. 

Lykas sein, der stiet noch folle mear nijsgjirrichs yn dit rapport - mar ik bin gjin ûnderwiisekspert en lit it oare graach oer oan 'it fjild'. Mar as deputearre Poepjes no seit dat de Provinsje tenei graach de rol fan de ynspeksje oernimt, op Omrop Fryslân, en sa'n soundbite wurdt dan sûnder fierder kommentaar ek noch oernaam op ItNijs.frl, dan is dat miskien te ferklearjen út it te uzes tradisjonele stribjen nei 'mear foech foar ús Provinsje' - mar it hat neat te krijen mei it belang fan it ryksynspeksjerapport. En it liket sels in bytsje op it neffens populistysk resept jinsels wytwaskjend fertocht meitsje wollen fan sa'n 'Haachsk' rapport. 

It sit oars: dit rapport is in segen foar it Frysk ûnderwiis. No is it oan Provinsjale Steaten om dy segen te fersilverjen.

.

zondag 1 december 2019

Noam Chomsky, Manufacturing Consent

Ljouwert City of Literature: it Frysk moat syn plak(je) witte


Net al te lang lyn, om krekt te wêzen op 30 oktober, kaam it 'grutte' nijs nei bûten dat de oanfraach fan Ljouwert om byskreaun wurde te meien op de lange list mei UNESCO 'Cities of Literature' goedkard is. 

Ljouwert is dus no 'City of Literature', yn gewoan Frysk: literatuerstêd. 

Dy status hat, neffens bidbookskriuwer Afûk, grutte foardielen. Ik sitearje: 'Als City of Literature wil Ljouwert-Fryslân literatuur nog beter ontsluiten, minderheidstalen en verhalen uitlichten en met hulp van vertalingen een dialoog op gang brengen. Met de ervaring van onder andere Lân fan taal op zak zijn er al mooie plannen gesmeden [sic]. De Afûk maakte deel uit van het team dat het bidbook heeft geschreven en wil een actieve rol spelen in de nieuwe plannen voor de Friese literatuur en literatuur in Fryslân.' 

In projektmanager, Marleen Nagtegaal - dy't ek by Explore the North wurket - seit it sa: 'Met City of Literature schrijven we een belangrijk hoofdstuk in het geschiedenisboek van de Friese literatuur.' 

Okee. In belangryk haadstik. Yn it skiednisboek. Fan de Fryske literatuer. En ik wit fan neat! Gau op syk nei dat revolúsjonêre bidbook. Gelokkich hat Amearika Google útfûn, dat skeelt tiid. Ik googelje. Nei dat bidbook. It is net te finen. 

Oer it programma - as it dat is - fan Ljouwert City of Literature stiet gelokkich wol in rigelmannich op de webside fan Lân fan taal. Lân fan taal? Nee, dat litte wy sitte, yn gewoan Frysk: Don't get me started. Wy sjugge nei it programma. Dit is it, yn it Ingelsk en it Frysk:

Creative writing programme 
Different organisations will work together to create new opportunities for writing and translation talent from Friesland. Young writers and journalists, for example, will receive training, authors and translators will be supervised in projects, and translation and translation lessons will be offered to young professionals. 
Ûnderskate [gewoan Frysk hat gjin diakrityske tekens op haadletters] organisaasjes wurkje gear om skriuw- en oersettalint út Fryslân ekstra kânsen te bieden. Sa wurde jonge skriuwers en sjoernalisten oplaat, auteurs en oersetters begelaat by projekten en wurde der (fer)taallessen oan young professionals oanbean. 

Love letters to Europe 
We are happy to expand upon an installation bearing the same name that was part of Edinburgh City of Literature, where texts were transformed into projections. In 2018 Leeuwarden-Friesland also gained extensive experience with literary (and multilingual) projections, as part of Lân fan taal. The knowledge of both cities will be combined into a beautiful, multilingual sequel. 
Wy breidzje graach fierder op [yn gewoan Frysk: oan] in ynstallaasje mei deselde namme dy’t diel útmakket fan Edinburgh City of Literature, wêrby’t teksten omset wurde nei projeksje. Ek Ljouwert-Fryslân hat in soad ûnderfining mei literêre (en meartalige) projeksjes, as ûnderdiel fan Lân fan taal yn 2018. De kennis fan beide stêden wurdt kombinearre ta in moai, meartalich ferfolch. 

Boekeman 
Boekeman turns up like the circus – in a class, village, neighbourhood or festival. In this multilingual project we investigate (based on themes and with art as the foundation) how our own stories can form a bridge to literature. Everyone’s mother tongue and the exchange and unlocking of one’s own language are paramount. The result: a long term creative writing programme for young and old, the less literate and the gifted, the newcomer and the veteran! 
Boekeman strykt as sirkus yn in klasse, doarp, wyk of op in festival del. By dit meartalige projekt ûndersykje wy (oan de hân fan tema’s en mei keunst as basis) hoe’t eigen ferhalen in brêge nei literatuer foarmje kinne. Sintraal stiet it respekt foar en it ûntsluten fan de memmetaal fan elk. It resultaat: in lange line fan kreatyf skriuwen [gewoan Frysk hat in wearzge fan anglisismen] foar jong en âld, mei beheinde taalfeardigens en heechbejeftige [gewoan Frysk is hjir hielendal de tried kwyt], nijkommer en âld rôt! [yn gewoan Frysk: âlde rôt] 

Fish 
From 2022, fish from the Wadden Sea will swim freely through the world’s fish migration river. Free to swim into The Netherlands and – via rivers – into Europe. And vice versa. A wonderful reason for an international project in which writers and translators will visit people who live along the migration path. A collaboration with local artists, cities and festivals along the route. 
Fan 2022 swimme fisken út de Waadsee wei fia de dan realisearre fiskmigraasjerivier (de earste yn ‘e wrâld!) frij Nederlân en – fia de rivieren – Europa yn [yn gewoan Frysk swimme dy fisken al hiel lang fia de fiskhevel by Roptasyl de provinsje yn]. En oarsom. In prachtige oanlieding foar in ynternasjonaal projekt, wêrby’t skriuwers en oersetters minsken besykje [yn gewoan Frysk: op besite gean by] dy’t lâns de migraasjerûte wenje. In gearwurking mei lokale keunstners en stêden en festivals oan ‘e rûte. 

Story valley 
Friesland as a sustainable, creative hotspot where literature, storytelling, (technical) innovation and craft go hand in hand. Exploring new ways to unlock languages and identity through different channels – from writer’s houses, training and a storytelling fund, to projects around podcasts and vlogs. 
Fryslân as duorsume, kreative hotspot dêr’t literatuer, storytelling, (technyske) ynnovaasje en ambacht hân yn hân geane. Alles om talen en ferhalen op in nije manier te ûntsluten. De manieren om dat te dwaan binne hiel ferskillend. Fan skriuwershûskes, opliedings en in storytelling fûns oant aktiviteiten wêrby’t bygelyks oan podcasts en vlogs wurke wurdt. 

Residency programme 
This programme coordinates existing initiatives and develops new ones whereby writers and translators come into contact with artists, knowledge hubs, heritage and residents from other countries. Frisian writers and translators will travel from and around Friesland (in the cities and through the countryside) as we welcome their colleagues from other countries. Special attention will be given to those new to The Netherlands. 
Dit programma koördinearret besteande en ûntwikkelet nije inisjativen, wêrby’t skriuwers en oersetters yn kontakt komme mei keunstners, kennisbanken, erfgoed en ynwenners oer de grins. Fryske skriuwers en oersetters geane op reis en yn Fryslân (yn stêden en yn de natuer) ferwolkomje wy harren kollega’s út oare lannen. Der is spesjaal omtinken foar nijkommers yn Nederlân. 

That's all, folks. Yn gewoan Frysk: mear is it net. Skriuwlessen (binne der al), diaprojeksjes op gebouwen (wurde al dien), teksten lâns in literêre rûte (wat gemeente hat se net?), wat faachs mei nije media, en in útwikselingsprogramma foar skriuwers (lykas it eardere Other Words). 

Gelokkich is der wol omtinken foar 'nijkommers yn Nederlân', mar nuver, it âlde begryp 'Fryske literatuer', yn gewoan Ingelsk: Frisian literature, komt net yn de plannen foar. Hoewol't de skiednis fan dyselde literatuer neffens de propaganda in 'belangrijk hoofdstuk' taheakke krije sil. Begripe jo der noch wat fan? 

Ik wol. It moat allegear net te gek wurde en it mei neat kostje. En it moat foaral net te 'Frysk'. Ljouwert hat Explore the North, dy dogge al wat mei literatuer. 

In foar de hân lizzend idee om opnaam te wurden yn in City of Literature-programma is fansels in ynternasjonaal literatuerfestival. Mar krekt dat komme wy net tsjin. Explore is al festival genôch ommers, ek al lûkt it fierstente min besikers, ek al kostet it tonnen, ek al kin sa'n stedsfestival tenei prima twajierliks sadat om it jier ek in ynternasjonaal literatuerfestival yn Frjentsjer en Harns plakfine kin, ek al soe Explore dat hiel goed ek sels organisearje kinne. 

Dy Fryske literatuer? Dy moat syn plak(je) witte.


.

vrijdag 29 november 2019

Nei in nij Selskip foar Fryske Taal en Literatuer

Wy kenne it noch út de skiednisboeken: it romrofte 'Selskip foar Fryske Taal en Skriftekennisse'. Oprjuchte yn 1844 troch Tiede Dykstra, Harmen Sytstra, Jacobus van Loon en in hantsjefol oare entûsjastelingen foar Fryske taal en kultuer. Al gau koartwei it 'Frysk Selskip' neamd, letter ek wol it 'Ald Selskip'. It hat fan ûntwittend grut belang west foar it behâld en de fersprieding fan it Frysk en Fryske literatuer, foaral yn de njoggentjinde ieu. En - hoe is 't mooglik - it bestiet noch hieltyd! 

Nei de Twadde Wrâldoarloch hat it Selskip him stadichwei deljûn by en yn de feroarjende wrâld. It is no inkeld noch in bestjoer dat kontakt hâldt mei in pear Fryske kriten en dat stipe jout by Fryske foarlêsaktiviteiten foar bern. Wylst syn grutboargerlike tsjinhinger, it Hollânsktalige Friesch Genootschap (1827), earne ûnderweis it predikaat 'Koninklijk' krigen hat, en mei syn rike besittingen ûnder mear fia it publisearjen fan tydskriften in rol fan betsjutting spylje kin yn it befoarderjen fan ûndersyk nei foaral de Fryske skiednis, is it Frysk Selskip sa njonkelytsen dochs in bytsje ûnsichtber wurden. 

Soe dat net oars kinne? Is der yn it fjild fan Fryske organisaasjes romte en plak foar in nij, in fernijd Frysk Selskip, dat in eigen rol en funksje hat yn it fermidden fan de ûnderskate spilers dy't har al dwaande hâlde mei Fryske taal en kultuer? Mei oare wurden: kin sa'n feriening of stifting yn in ferlet foarsjen, en is it de muoite wurdich om de dream dy't trije lju 175 jier lyn hienen - jawis, 2019 is in jubileumjier! - in nije jas oan te mjitten? 

Is der ferlet fan in Selskip foar Fryske Taal en Literatuer

It taaladvysorgaan Dingtiid hie it okkerdeis oer fersplintering fan Fryske organisaasjes. Yn it Frysk ûnderwiis heart men wolris praat oer it grutte belang fan ynformele kontakten by it ûntwikkeljen en fan 'e grûn krijen fan nije ideeën. Dat rint net altyd like noflik. De provinsje kommunisearret foaral mei útfieringsorganisaasjes. Dy organisaasjes sjugge op it foarste plak en foaral nei har eigen direkte belang. Gemeenten skriuwe notysjes. De keunstwrâld sit meast om 'e tafel mei subsydzjejouwers. De Ried fan de Fryske Beweging sit op it politike finketou. De Jongfryske Mienskip hat syn eigen symbolyk. It Skriuwersboun wurket mei konkrete inisjativen om de posysje fan Fryske auteurs te ferbetterjen. De kulturele fûnsen wachtsje ôf wa't der no wer oan de doar skillet. 

Al dy bubbles hawwe belangrike, nuttige, ûnmisbere funksjes. Mar se behinderje miskien ek it ûntstean fan fiersichten. En bubbles - dat haw ik lêzen by Explore the North - binne der ek om sa út en troch trochpript te wurden. Sadat men inoar moetsje kin, fan leafhawwwer ta leafhawwer, frijút prate, in dûnske weagje. Inoar meilûke byneed, fûnkjes ferspriede, fjurkestoke, inoar nije moed ynsprekke as it moat. Skriuwers en lêzers, dosinten en studinten, amtners en ûndernimmers, hurde wurkers en flierefluiters, politisy en boargers. Se nimme der ien op en feroarje tagelyk de wrâld. 

In Fryske sosjéteit. In nij Selskip foar Fryske Taal en Literatuer. En fansels ek foar kultuer yn bredere sin. Kinne de earste stappen dêrhinne net set wurde yn dit jier, yn dit, jawis, jubileumjier?


.

woensdag 27 november 2019

In dream: in ynternasjonaal literatuerfestival yn Frjentsjer en Harns

Fisy op de takomst wurdt frege. Fiersichten, iepen finsters, dreamerij, perspektyf. Wat ik foar my sjuch, is in twajierliks literatuerfestival yn Fryslân, twa, trije dagen yn de âlde universiteitsstêd Frjentsjer en de moaiste havenstêd fan Nederlân: Harns. 

In literatuerfestival dat plak jout oan skriuwers, dichters, lêzers, útjouwers, boeken út Fryslân en de wrâld. Mei keunstners út Fryslân, Nederlân en de minderheidstalen yn Europa. Grutte en lytse literatueren dy't mei inoar kennismeitsje en faninoar leare. Wat soe dat net in opstekker, in bliuwende stimulâns wêze kinne - net inkeld foar it Frysk en de Fryske kultuer, mar foar lêzers, leafhawwers, tinkers. Foar de keunst yn dizze keale, neakene úthoeke. 

Frjentsjer en Harns. Dy meie bytiden bekfjuchtsje as hûnen en katten - se hearre byinoar. De lêzingen, workshops, boekemerken yn de histoaryske strjitten fan Frjentsjer. De optredens, spektakels, it rûge libben yn de havenkroegen fan Harns. Hinne en wer is fiif minuten mei trein of bus. Amsterdam is tichtby. Utstapkes nei de eilannen binne mooglik.

Net alles hoecht yn Ljouwert en Ljouwert is net it sintrum fan alles. Sa'n literatuerfestival soe miskien wol, of krekt hiel goed, ûnder de paraplu fan Explore the North kinne. Wêrom net? As men der oer neitinke wol. Dêr hat men ûnderfining, kontakten. Fan it eardere projekt Other Words/Oare Wurden kin ek profitearre wurde. 

Mar it komt al oan op lef. Op politisy dy't it idee omearmje. En op golle provinsjale stipe - net foar ien jier, mar foar jierren. Op gearwurking - fan alle grutte kulturele ynstituten en organisaasjes yn dizze provinsje. Net om it safolste feestje fan de grûn te tillen, mar om in wrâldfestival del te setten. Yn Fryslân.

De fierte is fiif minuten rinnen. 

*

Een droom: een internationaal literatuurfestival in Franeker en Harlingen 

Visie op de toekomst wordt gevraagd. Vergezichten, open vensters, dromerij, perspectief. Wat ik voor mij zie, is een tweejaarlijks literatuurfestival in Fryslân, twee, drie dagen in de oude universiteitsstad Franeker en de mooiste havenstad van Nederland: Harlingen. 

Een literatuurfestival dat ruimte geeft aan schrijvers, dichters, lezers, uitgevers, boeken uit Fryslân en de wereld. Met kunstenaars uit Fryslân, Nederland en de minderheidstalen in Europa. Grote en kleine literaturen die met elkaar kennismaken en van elkaar leren. Wat zou dat niet een opsteker, een blijvende stimulans kunnen zijn - niet alleen voor het Fries en de Friese cultuur, maar voor lezers, liefhebbers, denkers. Voor de kunst in deze kale, naakte periferie. 

Franeker en Harlingen. Die mogen dan soms bekvechten als honden en katten - ze horen bijelkaar. De lezingen, workshops, boekenmarkten in de historische straten van Franeker. De optredens, spektakels, het ruige leven in de havenkroegen van Harlingen. Heen en weer is vijf minuten met trein of bus. Amsterdam is dichtbij. Uitstapjes naar de eilanden zijn mogelijk. 

Niet alles hoeft in Leeuwarden en Leeuwarden is niet het centrum van alles. Zo'n literatuurfestival zou misschien wel, of juist heel goed, onder de paraplu van Explore the North passen. Waarom niet? Als men er open voor staat. Daar zit de ervaring, zijn er contacten. Ook van het eerdere project Other Words/Oare Wurden kan worden geprofiteerd. 

Maar het komt wel aan op lef. Op politici die het idee omarmen. En op ruimhartige provinciale en gemeentelijke steun - niet voor een jaar, maar jarenlang. En op samenwerking - van alle grote culturele instituten en organisaties in deze provincie. Niet om het zoveelste feestje van de grond te tillen, maar om een wereldfestival neer te zetten. In Fryslân. 

De verte is vijf minuten lopen.

.

dinsdag 26 november 2019

It Frysk hat gjin Lieder noadich mar belutsen politisy

'Heeft het Fries een boegbeeld of een regisseur nodig', dy kneppel hat Dingtiid, in provinsjaal advysorgaan op it mêd fan Fryske taal en kultuer, juster yn it hinnehok smiten. 

Yn de Leeuwarder Courant: 'De bestaande instellingen op het gebied van het Fries zijn teveel met zichzelf bezig. (..) Kan een Fries boegbeeld helpen de status van de Friese taal te verbeteren? Of een goede ambassadeur? Een centraal onderzoekspunt misschien? Of een gezaghebbend onafhankelijk regie-orgaan?' '

'It ûntbrekt oan in helder perspektyf op de takomst', seit Dingtider Freddy Weima yn it Friesch Dagblad. 'It is dus net ferrassend dat de kennisynfrastruktuer no net optimaal funksjonearret.' 

Dingtiid is in organisaasje dy't troch de problematyske provinsjale polityk yn it libben roppen is om de problematyske bal by Fryske organisaasjes del te lizzen ynstee fan by himsels. It nijste haadstik yn dat tredderangs drama is no blykber de oprop om mei in Lieder op de proppen te kommen. 

'It fjild' praat braaf mei - de sinteraasje moat feilich steld wurde. 'Der wurdt wol gearwurke, mar de fersplintering is grutter', seit Afûk-direkteur Alex de Jong. 'Wy tinke gauris dat wy it sels better witte as al dy oare ynstellings.' 

Fersplintering? De Afûk is in leechdrompelige kursus- en ûnderwiisynstelling anneks útjouwerij anneks boekhannel. Tresoar is in bibleteek anneks argyf anneks dokumintaasjesintrum. De Fryske Akademy is in wittenskiplik ûndersyksynstitút. De stúdzje Frysk oan de Ryksuniversiteit Grins fersoarget universitêr ûnderwiis yn it ramt fan meartaligens. Fersplintering is hielendal net oan 'e oarder. 

Oan 'e oarder is in inkeld yn jild en besunigingen ynteressearre provinsjebestjoer dat syn ferantwurdlikens foar it Frysk ôfskowe wol op de minsken dy't alle dagen en tsjin de stream yn wer sjen litte dat se leafde hawwe foar Fryske taal en kultuer. 

Oan 'e oarder is in provinsjaal belied dat sûnt 1980 in binde makke hat fan it Frysk ûnderwiis, ek net fan doel is dêr mei op te hâlden, en no by it 'Friese kennisveld' ferhaal helje wol. 

Oppakke, tink ik dan. It Frysk hat gjin ferlet fan in Lieder. It hat ferlet fan politisy mei belutsenens, mei fisy, mei respekt, mei ynset, mei lef - miskien kin Dingtiid dát boadskip nei deputearre Poepjes stjoere.

.

maandag 25 november 2019

Explore the North 2019: zwaar tegenvallende bezoekcijfers

De zevende editie van het driedaagse Leeuwarder stadsfestival Explore the North heeft in het festivalweekeinde zo'n duizend betalende bezoekers getrokken, die in totaal zo'n vierduizend bezoeken aflegden (bron: Vincent Meininger en Arjan Hut, 'Een weekeinde lang literatuur en muziek', Friesch Dagblad, 25 november 2019, pagina 3). 

Daarnaast waren er volgens de krant 'nog vijftienhonderd mensen die op de een of andere manier bij het festival waren betrokken en ook zelf naar de shows op de elf locaties in de stad kwamen kijken'. Maar die hoefden dus niet te betalen. 

De cijfers zijn, als ze kloppen, opmerkelijk: ze vallen zwaar tegen. De organisatie heeft haar subsidieverstrekkers vantevoren gemeld uit te gaan van vijfduizend betalende bezoekers voor het festival, en 1500 bezoekers 'voor de overige projecten' (Projectplan 2019, pagina 16). 

In 2018 trok het driedaagse festival volgens zichzelf drieduizend bezoekers, in 2017 volgens Meininger in het Friesch Dagblad 2250 en volgens Jacob Haagsma in de Leeuwarder Courant 2000. Eerdere (tweedaagse) edities trokken 1500 (2016) en 1750 (2014) bezoekers. Op de eerste aflevering in 2011 (één dag) kwamen 1500 mensen af. 

Het sterk achterblijvende bezoek dit jaar is des te opvallender gezien de juist zeer sterk toegenomen budgetten van Explore the North. Zo ontving het festival van de provincie Fryslân en de gemeente Leeuwarden voor 2017 en 2018 in totaal 85.000 euro van beide overheden; voor 2019-2020 staat Explore the North voor 200.000 euro in de boeken. 

'Het is allemaal erg behoudend; de cultuurnota's van Friesland en Leeuwarden zitten muurvast', had Explore-directeur Mark Hospers in 2017 in De Moanne geklaagd.

Behalve van provincie en gemeente krijgt het festival structurele bijdragen van het Nederlands Letterenfonds (137.000 euro in 2018; dat was 80.000 euro in 2017) en het Fonds Podiumkunsten (52.500 euro in 2018). Andere subsidiënten zijn de Nederlandse Taalunie, Vlaams Fonds voor de Letteren, It Popfabryk, Het Nieuwe Stadsweeshuis, VSB-fonds, De Harmonie, en meer dan tien andere organisaties (bron: internetsite Explore the North). 

Het is overigens niet eenvoudig om als belangstellende burger gepubliceerde bezoekcijfers te achterhalen. Die zijn amper te vinden. Anders dan bijvoorbeeld het festival Welcome to the Village publiceert Explore the North geen jaarverslagen en de festivalleiding laat zich er in interviews op internet niet citeerbaar over uit.

Ter vergelijking: de organisatie van het jaarlijkse Iepenloftspul Jorwert schijnt eveneens de beschikking te hebben over 'een paar ton', afkomstig van allerlei subsidieverstrekkers, maar trok daarmee dit jaar in negentien voorstellingen in totaal wel meer dan 10.000 bezoekers. 

De bijdrage van de provincie was daarbij minimaal. Uit de provinciale subsidieregeling Fryske literatuer kreeg it Iepenloftspul voor de productie Stjer yn 't tsjuster 2.000 euro; uit de provinciale subsidieregeling kultuer en mienskip maximaal 5.000 euro.

N.B. Om een reactie is gevraagd bij de festivalleiding van Explore the North. Mocht die volgen, dan leest u hem hier.

.

zaterdag 23 november 2019

Ferlet fan in literatuerfestival yn Fryslân

Op it gefaar ôf wer allerhanne politike en amtlike lju yn de gerdinen te jeien: it steand provinsjaal belied om Fryske literatuer 'mear sichtber' te meitsjen troch skriuwers en dichters de poadia fan popfestivals op te stjoeren, wurket foar gjin meter. It docht net inkeld de follesidigens fan de Fryske literatuer ûnderstek: it docht skea oan literatuer en lêskultuer séls. 

De formule wurdt no al in jier as wat útprebearre troch it stêdpromoasjefestival Explore the North, dit wykein wer op ûnderskate plakken yn Ljouwert te bewûnderjen en te genietsjen. Dêr bart in boel nijsgjirrichs, mar net op it mêd fan Fryske literatuer, sa't Eeltsje Hettinga okkerdeis terjochte sinjalearre yn in opinystik yn de Leeuwarder Courant

En de foargeande jierren wie dat net oars. Yn de tradisjoneel yntinsive ferslachjouwing oer Explore fan Jacob Haagsma yn niisneamde krante - ik haw de jiergongen 2016, 2017 en 2018 besjoen - treft men mar in inkelde kear in Fryske dichter of skriuwer oan. 

Tsead Bruinja joech acte de présence yn 2016, mar oft syn optreden Hollânsk- of Frysktalich wie, wurd ik net gewaar. Ek it kollektyf Tsjinlûd mocht doe meidwaan, mar dat helje ik inkeld út in cd-resinsje. Yn 2017 kaam ik net ien namme tsjin. En ferline jier brocht Elmar Kuiper teksten op muzyk fan in Japanske band. In optreden fan de bruorren Kleefstra - mei teksten fan dichter Jan - waard inkeld fermeld yn in, alwer, cd-resinsje. 

'Literatuur op festivals, het gedijt het best in de crossover met andere uitingen en dan liefst muziek', skreau Haagsma ('Transformatie door technologie en snacks', Leeuwarder Courant (24 november 2018, 38). Haagsma bedoelt: dat is de formule dêr't Explore foar kiest, mei op de achtergrûn his master's voice fan de sunige provinsjale subsydzjejouwer. 

It risseltaat fan it mei alle macht 'wat' Fryske literatuer op dit festival bringe te wollen, is marzjinalisearring fan dyselde Fryske literatuer. Wat partisipaasje oanbelanget: inkeld keunstners dy't de ambysje hawwe om har wurden mei muzyk oan te foljen, komme yn byld - en dat binne der mar in pear. Explore bringt jierliks tsientallen, miskien wol hûndert acts, en dêr sitte dan ien of twa literêr-Frysktalige tusken. Ek djipgong is it slachtoffer: 'ympresje' en 'belibjen' stean foarop en wurde de noarm, sanksjonearre troch de status fan in popfestivaloptreden. 

Hat Fryslân dan oare plakken dêr't it publyk wól kennismeitsje kin mei skriuwers en dichters en har wurk? Dien de Boer har literêre jûn Dichter op de Deel yn Eksmoarre komt my yn 't sin, mar de lêste edysje dêrfan wie yn 2017. Eartiids hie Jaep Meems yn Twizelerheide moaie jûnen by him oan hûs. Peter Vermaat yn Slappeterp organisearret wolris wat yn syn tún. En sa sille der mear leafhawwers wêze mei in lokaal inisjatyf. In literatuerfestival yn Fryslân hawwe wy lykwols net. 

Om ús hinne dogge se dat oars. Literatuerfestivals wurde om utens ynset to promote a culture of reading. Yn lannen en gebieten mei massa's minsken binne sokke festivals fansels goed foarinoar te krijen. De grutste literatuerfestivals (yn Amearika bygelyks it Boston Book Festival of it Bay Area Book Festival) presintearje regionale, nasjonale en ynternasjonale skriuwers en bringe in skala oan aktiviten: foarlêzingen, lêzingen, workshops, debatten, paneldiskusjes, slam-battles, iepen poadia, boekemerken, moetingen mei auteurs, sinjearsessys, aktiviteiten foar bern, filmfestivals, en ja, ek live muzyk. 

It is net earlik om de Fryske mei de Amerikaanske sitewaasje te ferlykjen. No, sjuch dan nei Wales. Fan 't jier wiene/binne dêr op syn minst fyftjin (15) literêre festivals, en dan tel ik de aparte festivals foar bern en foar crime-literatuer noch net iens mei. Googelje mar efkes nei it Seren Cornerstone Poetry Festival (Cardiff), Brilliant Books (Cardiff), Laugharne Weekend (Laugharne), Abergavenny Writing Festival (Abergavenny), The Carnival of Words (Wrexham), Llandeilo Lit Fest (Llandeilo), Lampeter Book Festival (Lampeter), The Hay Festival (Hay-on-Wye), Llansteffan Literary Festival (Llansteffan), Welshpool Poetry Festival (Welshpool), Montgomeryshire Literary Festival (Gregynog Hall), Penarth Literature Festival (Penarth), R.S. Thomas & M.E. Eldrige Poetry & Art Festival (Aberdaron), Llangwm Literary Festival (Llangwm), Gladfest (Flintshire). 

Wales hat trije miljoen ynwenners; Fryslân 650.000. Dat is gau útrekkene: getalsmjittich soenen wy hjir 4,6 literêre festivals hawwe moatte, wolle wy likefolle dwaan oan de promoasje fan literatuer en lêzen fia festivals as dêr. 

Mar de werklikheid is oars. Fryslân hat nul (0) literatuerfestivals. Dat komt net om't de minsken te uzes net fan literatuer en lêzen hâlde, dat komt om't merkpartijen (útjouwers bygelyks) hjir te swak binne, en, dat is hjir it punt, ús provinsjale oerheid oan it stypjen fan sokke aktiviteiten gjin nocht hat en leaver krekt docht as is it saneamd bubble-brekkende Explore al literatuerpromoasje genôch. 

Wie it net heechlearaar Fryske taal en kultuer Goffe Jensma dy't, in pear jier lyn alwer, mei it idee kaam foar in jierliks of twajierliks literatuerfestival yn Fryslân dêr't it aksint lizze kinne soe op literatuer út Europeeske minderheidstalige gebieten? Dêr soenen Grinslân en Drinte faaks ek yn meidwaan kinne. It is tiid om dêr wurk fan te meitsjen.


.

donderdag 21 november 2019

Hâld tenei de Fryske beweging by de Gysbert wei


Oer de net al te bêste organisaasje, troch de provinsje Fryslân, fan de útrikking fan de Gysbert Japicxpriis oan Aggie van der Meer, ferline wike sneon, is troch Friduwih Riemersma yn de Leeuwarder Courant al it ien en oar sein en skande fan sprutsen. Gjin algemiene útnoeging, gjin tydstip fan útrikking op ynternetsiden, de útrikking op deselde dei as eat mei Sinteklaas, gjin omtinken foar 'disability protocol', koartsein, dat hie allegear better kinnen en moatten. 

Ien ding moat dêr yn alle gefallen, liket my, noch oan taheakke wurde. Dat is dat net in literêr ekspert - in skôger fan keunst - mar de foarsitter fan de Ried fan de Fryske Beweging - in taalstrider - de laudatio (lofrede) hâlden hat. Pier Bergsma hat him dêr aardich mei rêde kinnen, dat is net it punt. Sawol de ferkoarte, útsprutsen fersy as de 'long read' binne tagonklik makke fia de site ItNijs.frl

It punt is wol dat Van der Meer har wurk keunst is, en yn it ramt fan 'de Gysbert' út dát eachweid wei lof fertsjinnet. De Ried fan de Fryske Beweging mei dat wurk dêrneist fansels wurdearje om syn taalbefoarderjend effekt, mar dat is gjin reden om fan de priisútrikking in taalfeest te meitsjen en in bekend 'beweger' te freegjen foar de laudatio. Nochrisom, Bergsma treft gjin ferwyt. It is de provinsje dy't - alwer - syn belangrykste literêre priis yn in ferkeard deiljocht set en ûnderstek docht. 

Wienen der gjin lofsprekkers fan rang en status beskikber mei it foech om oer Fryske literatuer te praten? Fansels wol. Ik tink dalik oan Goffe Jensma, heechlearaar Fryske taal en kultuer, Jelle van der Meulen, literêr resinsint, Doeke Sijens, literêr resinsint, Jelle Krol, literatuerhistoarikus en eks-literêr resinsint, Ernst Bruinsma, útjouwer en literêr resinsint, en oan Friduwih Riemersma, útjouwer, tydskriftredakteur en literêr resinsint, of Teake Oppewal, earder literatuerbefoarderer by Tresoar. En der binne grif noch wol mear minsken te betinken. Iksels ha yn 2016 in lytse lêzing hâlden oer Van der Meer har nominearre roman De Achttjin, dy't ik ek redigearre haw. 

It wol my net oan dat al dy lju frege binne troch de provinsje mar om watfoar reden dan ek net woenen of koenen. It wol my wol oan dat de provinsje op haren en snaren in ad hoc oplossing fûn hat, doe't immen earne yn dat ûnbidige Provinsjehûs derachter kaam dat der fan 't jier ommers ek in Gysbert Japicxpriis útrikt wurde moast. Ik sis net dat dat sa is, mar sa komt it yn alle gefallen wol oer. En allinnich dát al is eat om efkes by stil te stean. 

It seit wat oer it leechachtsjen fan Fryske literatuer dat dit kolleezje fan Deputearre Steaten suver provokatyf fertoant. 

.

Frysk en fakatueres: ssssssssst, neat sizze!

'Fries ontbreekt in vacatures bij de provincie Fryslân', melde juster it Friesch Dagblad. Mei as oanlieding dat sels kandidaten foar de twa resinte fakatueres foar in 'adviseur cultuur' en een 'adviseur podiumkunsten en festivalbeleid', hielendal gjin Frysk hoege te kinnen. 

Ek is in fakatuere iepensteld foar in 'beliedsmeiwurker Frysk yn it ûnderwiis' ('overigens de enige die in het Fries beschikbaar is', skriuwt de krante) en sels dêr lit de provinsje it mar by damp en dize. 'Yn it gefal datst it Frysk noch net folslein aktyf behearskest, ferwachtsje wy datst dy dat hiel gau eigen meitsje wolst', meldt de adfertintsjetekst. 

Ik tocht, foar de feroaring: efkes wachtsje. Sjen oft ek eat of immen reagearret. Ja, je kinne it noait witte, no? Miskien in FNP-Steatelid. Of in skriuwer op de ynternetside fan de Ried fan de Fryske Beweging. It Skriuwersboun dan? Of in Fryske auteur? Of samar in boarger? 

Neat, nothing, niente, nichts. Hoewol't it Frysk de memmetaal is fan mear as de helte fan de ynwenners fan de provinsje, hoewol't dyselde provinsje him ferplichte hat om de Fryske taal 'zelf ook in al haar facetten te gebruiken en uit te dragen' (Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer), hoewol't de Fryske taal alle stipe noadich hat dy't er krije kin, hoewol't alle bestjoerders en politisy de mûle altyd oerrinnend fol hawwe fan 'culturele diversiteit' en 'mienskip' en oar reklamepraat - neat , nothing, niente, nichts. 

Frysktaligen hearre dus net by de 'mienskip' - in wurd nota bene út har eigen taal. Se meie by de graasje Gods oanskowe, mar dan moatte se al har foegje en skikke yn figuranterol en folkloare-foarbyld. Der wurdt net troch, mar oer har kediisd - séls op it stik fan oerheidsbesluten oer har eigen taal en kultuer. 

En it slimste is: se hâlde har de bek ek noch. 

Offisjele beliedsdoelen blike mar wer ris kletsika. Draachflak foar mear Frysk komt sa net ta stân, krekt net: it provinsjaal bestjoer stjoert it Frysk sa inkeld mar fierder it driuwsân yn. In positive hâlding fan de ynwenners fan Fryslân foar de Fryske taal oer wurdt sa net befoardere, krekt net: je krije der net iens in luzich baantsje by de provinsje mei. 

Oantrunen om Frysk te studearjen op nivo (universiteit, hegeskoalle) hawwe sa ek gjin doel. Wêr soenen se jin diploma wól op priis stelle, as sels de provinsje der jo-witte-it-wol mei docht? Hoe sille gemeenten, bedriuwen en stichtingen it yn 'e plasse krije en freegje fan har wurknimmers behearsking fan it Frysk? 

Deputearre Poepjes (CDA) makket har leaver drok oer de fraach oft de provinsje wol in oantreklike wurkjouwer wêze kin foar resinte ymmigranten fan bûten Nederlân, dy't dus ek it Nederlânsk noch net goed machtich binne. Foar sokken is twataligens 'dubbel zo lastig', skreau se okkerdeis yn antwurd op fragen fan de PvdA. 

Gelokkich wurdt hjoed bekendmakke wa't de nije 'Dichter fan Fryslân' wurdt. Deputearre Steaten kinne wer efkes moai waar spylje en punten skoare yn de media. Spitigernôch stiet tiim Twabaksmerk mei 10-0 achter.

.

vrijdag 1 november 2019

De Brykfryske Mienskip. Lêzing hâlden foar de Jongfryske Mienskip, Oerterp, 1 novimber 2019

De Brykfryske Mienskip

Bestjoer, dames en hearen, tank foar de útnoeging oan my om hjir te kommen en wat te sizzen oer de 'Brykfryske Mienskip', sa wie de suggestje dy't my oan 'e hân dien waard troch bestjoerslid Wolter Jetten. 

It moast foaral 'in kritysk lûd' wêze, wie it boadskip. Dat, as guon fan jim aansen reade pompeblêden op 'e snút krije fan lilkens en argewaasje, of my útmeitsje wolle foar in 'smoarch Hollânsk dweilstik' of in geheim agint fan de AIVD - is my ek al ris bard -, tink dêr efkes oan. Myn skuld is it net, ik set hjir fraachtekens op oanfraach. Mar ik mien wol wat ik sis, al sil it der neffens guon wol wat sljucht en rjucht út komme. 

Miskien moat ik earst wat oer mysels fertelle. Ik bin in Frysktalich sjoernalist en einredakteur by it Frysk Deiblêd, dichter, skriuwer en literatuerûndersiker by de Fryske Akademy. Dêrút folget al dalik dat de Fryske taal, net as in museumstik mar as alle dagen te brûken ark, foar my myn wurk en myn libben is. 

It twadde ding dat ik yn dit fermidden dalik bekenne moat, is dat ik âlderwetsk links wie, bin, en bliuw. Dat ik Domela Nieuwenhuis de grutste fan de njoggentjinde, en Joop den Uyl de grutste Nederlânske politikus fan de tweintichste ieu achtsje, beynfloedet myn blik op fan alles en noch wat. Net elkenien hoecht it mei myn politike kleur iens te wêzen, mar ús mem silliger sil wol glimkje. 

Wêrom in 'brykfryske' mienskip? Lit my ris, om wat natuerlikwei by myn ûnderwerp te kommen, út ein sette mei in blik op de ynternetside fan de Jongfryske Mienskip. Dy sjucht der prachtich út en yn it algemien binne de digitale presintaasjes modern, oantreklik en faak profesjoneel foarmjûn. Mar op de iepeningsside treffe my wol dalik trije ynhâldlike boadskippen, dy't de muoite wurdich binne om earst efkes te sinjalearjen. 

It earste is it ûntbrekken fan de Fryske flagge. Ik sjuch fjouwer flaggen dy't ik net ken, al leau 'k dat ien dêrfan de saneamde en net sa hiel lang lyn ûntwurpen 'ynterfryske flagge' is, mar ik kin mis wêze. 

De promininsje fan dy flagge is grif om de ferbûnens dy't de Mienskip fielt mei de ûnderskate noch besteande Fryske taalfarianten pratende befolking bûten Fryslân oan te jaan. Mar, mei alle respekt, 'das war einmal' - der is net folle mear oer om jin mei ferbûn te fielen ommers. Fryskpraters bûten Fryslân binne óf emigranten, of se wenje yn trije doarpkes yn 'e buert fan Oldenburg, of se hâlde ta yn in pear âldereinhuzen yn Ostfriesland, of se hokje noch gear mei in stik as tsientûzen die-hards yn in úthoeke by de Dútsk-Deenske grins. 

Bêst, tink ik. Mar hat de Jongfryske Mienskip neat driuwenders en belangrikers te dwaan as de jierlikse pelgrimsreis nei de Upstalbeam en it oanwizen fan allerhanne wetenswaardichheden oer de skiednis fan in oait, hiel lang lyn Frysk bûtenlân? Wêr is, mei oare wurden, de Fryske flagge bleaun? 

Twadde ding dat opfoel: de Jongfryske Mienskip is oprjuchte troch Douwe Kalma. Stiet dêr. Yn it ramt fan de altyd ferliedlike heldeferearing is it taskriuwen fan dy oprjuchting oan ien persoan in boppeslach, mar yn werklikheid wienen der yn novimber 1915 in pear mear oprjuchters yn it Oranjehotel yn Ljouwert. Rintsje Sybesma bygelyks. Pieter Sipma. Net de minsten. 

Tredde ding: de dichtrigel. 'Aldfaers erf wy weitsje oer dy'. Dy rigel komt as ik my net fersin út it bekende liet 'It Heitelân' fan Jan Linses van der Burg: 

Dêr't dij 't âlde folk biwarre, 
Trou tsjin stoarm en twinglandij; 
Scille wy as Friezen swarre: 
Aldfaers erf, wy weitsje oer dy! 

De tekst komt út 1900 en is skreaun nei in foarbyld fan de joadsk-zionistysk-kommunistyske Snitser Sam de Wolff, dy't hope hie dat syn tekst it nije Nederlânske folksliet wurde soe. 'O Canada, we stand on guard for thee', sjonge de Kanadezen yn har folksliet, dat datearret fan tweintich jier earder. Noch altyd is 'It Heitelân' ien fan de meast draaide Frysktalige nûmers op kremaasjes yn Fryslân. 

Ik nim no efkes in gothic rûte: fia dy kremaasjes kom ik op de ûndergong fan it heitelân as we know it. Wat docht no de Brykfryske Mienskip anno 2019 foar nuttichs om dy ûndergong te kearen en oer it âldfaars erf te weitsjen? 

Dat liket nijsgjirrich om út te finen. Ik stap dêrta oer nei de Facebook-side fan de Mienskip, om te sjen hoe't men tinkt it publyk te berikken. Myn each wurdt dalik lutsen troch in bloedmoaie healneakene boerefaam en de fûlreade lippen fan wrâldmodel Doutzen Kroes. Ha! tink ik, de hearlikheden fan it Fryske folts sille hjir riinsk foar it fuotljocht brocht wurde. 

Mar dat falt ôf. Want ik lês fierder foaral bydragen oer hoe't Brabânske boeren it Fryske folksliet mei-âlje, oer kening Finn, Beowulf, de Slach by Warns, 'the origins of the Frisian freedom', 'das historische Ostfriesland', Noarske goaden, de Deenske keninginne, Helgolân - nim my net kwea ôf, Hilgelân - Wij Vikingen yn it Frysk Museum, en dat allegear ôfwiksele mei melodieuze muzyk fan etno-metalbands as Baldrs Draumar en Jitizer. 

En dan bin ik noch mar tebek gien oant ein augustus. Earlik is earlik, in pear kear komt ek de Fryske taal nei foarren. Mar dat mei suver gjin namme hawwe. Dan moatte jo de eagen wol hiel goed iepen ha, oars sjugge je it net en binne je der al foarby. 

Ik sis it mar sljucht en rjucht: wat ik tsjinkom is allegear hiel folle midsieuwen, hiel folle wy oait Friezen fan it Swin oant Moermansk, en in hiel soad byinoar fantasearre romantysk nasjonalisme ferpakt yn moaie plaatsjes en pakkende teksten. Mar mei relatyf mar in hiel lyts bytsje each foar de Realiteit. 

No kin de Jongfryske Mienskip der foar kieze om in soartemint histoaryske re-enactment feriening mei Frysk karakter te bliuwen. Gewoan in gesellige boarreltafelklup, bearenburch, droege woarst, dúmkes, Deensk bier en wat kwartette mei de sân seelannen en har lânsflaggen. En dan is der mei de koerts fan hjoed fansels neat mis. 

Ik tink lykwols dat soks sûnde sûnde en skande skande wêze soe. It âldfaers erf hat gjin boarreltafelklup, mar weitsers noadich. Noch altyd, nee, mear as ea. Mar - en dat is myn punt - miskien nét it soarte fan weitsers dat jim blikens sosjale media foaral wêze wolle. 

'Fryslân vs. de Rânestêd', dat boadskip wurdt bygelyks ek útdroegen. It is de moderne oersetting fan it bekende anty-Hollân sentimint. De realiteit is lykwols dat fierrewei de measte Friezen, sis mar 99 persint, har sawol Fries as Nederlanner fiele. Dy dûbele identiteit wurdt yn 'e rûnte dêr't ik no foar praat meast oan kant skood, mar dêr wurdt de saak net oars fan. De ynbring fan Friezen yn de Nederlânske polityk en skiednis is net lyts. It Fryske Nederlannerskip giet werom op de gloarjejierren fan de Republyk, mar ek doe al wie Amsterdam de motor en de ûnmisbere skeakel yn 'e fertsjinst. 

Myn punt is: in al te swier oanset wy-sy tinken wurket net, en sterker noch, ûnderwrot datjinge wat wy graach wolle yn it ûnderwiisbelied, in bettere posysje foar de Fryske taal. Krekt dêrop, op dy taal, moat de Fryske beweging de minsken oansprekke, wol dy beweging himsels lang om let net oerstallich en betsjuttingsleas meitsje. 

De boaiem ûnder it Frysk fielen hat foar gewoane minsken lykas wy binne, altyd west de Fryske taal. Net op it foarste plak it plattelân, dat hawwe se earne oars ek. Net op it foarste plak de histoaryske helden, dy hawwe se earne oars ek. Ek net it deaslaan fan Hollanners mei in roastich swurd of in ein hout út in âlde hikke. Dat is, hoe befredigjend dy praktyk ek west hawwe mei, krekt wat te lang lyn. 

Nee: dy boaiem ûnder it Frysk fielen is op it foarste plak, op it twadde plak en op it lêste plak de Fryske taal. 

Dy taal is spitigernôch in krimpend fenomeen: dy ferdwynt en ferdialektisearret bytsje by bytsje, troch globalisearring, massamedia, migraasje, desynteresse, ekonomyske ûntbetsjuttenens, mar ek, en foaral, en dat kin noait genôch beklamme wurde, troch bewust belied. Troch it gebrek oan goed en ferplicht ûnderwiis yn dy taal, in grutte flater yn ús demokrasy dy't ferankere sit yn skealike wet- en regeljouwing, net allinnich fan de Nederlânske nasjonale mar likegoed fan de Fryske provinsjale oerheid. 

De polityk yn Fryslân hat op dat stik de lêste desennia mar al te dúdlik in koerts keazen. Dy makket fan it Frysk in aardichheidsje, dêr't, no toe dan mar, in healoerke yn 'e wike mei hinne giet. Dy komt mei leardoelen om 'e hoeke dy't neat om 'e hakken hawwe. Dy etnisearret it ûnderwiis en skeint de minskerjuchten troch mear ûntheffingen te ferlienen oan skoallen yn gebieten dêr't minder Frysk praat wurdt as earne oars. 

Mar dy paait ús wol mei kitsj en folkloare. Dy set mei opljochtsjende koweletters it wurd 'Wolkom' del yn de greide lâns de súdlike yngong fan Ljouwert, dat is sa aardich foar de toeristen. Mar dy skrapt tagelyk sûnder euvelmoed suver alle Frysk fan betsjutting út it Ljouwert-Fryslân Kulturele Haadstêd 2018-programma. 

Nee, de provinsjale polityk wol ús leaver gidse troch it moaie - ha, ha - Fryske lânskip. En as it oer helden gean moat, leaver Grutte Pier as Piter Jelles. Leaver 'de Fryske frijheid', sis mar regionaal adelik eigenbelang fan seis-, sânhûndert jier lyn bewierrikje, as Frysk- en Hollânsktalige bern yn Fryslân ferplichtsje, goeiegodskes, om fatsoenlik Frysk te learen. 

Ik haw yn Sis Tsiis yn it begjin tegearre mei Friduwih Riemersma besocht om in oare stratezjy yn de striid foar Frysk ûnderwiis te krijen. Dat is it útstel om ûnderwiis yn de eigen taal tenei suver te besjen as in minskerjucht of bernerjucht, hoe't je it mar neame wolle. En om út dy posysje wei krityk te leverjen op it oerheidsbelied, sawol út De Haach as út Ljouwert wei. 

Koartsein: wy wolle graach dat Frysktalige bern goed ûnderwiis krije yn de eigen taal, net om nasjonale aspiraasjes foar in Frysk 'folk' te befoarderjen, of om de neitins fan Grutte Pier te earjen, mar om't bern - en oeral op 'e wrâld is dat sa - better leare yn har eigen taal. En dus op achterstân set wurde as se twongen wurde om te learen yn in oare taal. 

Mar o heden, dat wie mis. Nei ien súksesfolle en histoaryske manifestaasje waarden de spanningen SisTsiis al tefolle. De rjuchterflank wol dat ûnderwiis nammentlik leafst besjen as in folksrjucht en nimt net de konkrete perspektiven en rjuchten fan it yndividu as útgongspunt, mar de net besteande neden fan in imazjinêr folk. 

Nasjonalisten misbrûke yn myn eagen de striid foar it ûnderwiis as in ynstrumint yn har striid foar hiel wat oars, neam it ûnôfhinklikens, autonomy of simpelwei Hollân-bashing. Risseltaat: nergens komt in bliksem fan telâne, net fan dat Frysk ûnderwiis, en ek net fan SisTsiis. 

Mei de Fryske politike earm stevich mar net al te talich op it plúsj, en mei de Jongfryske fleugel foaral op syk nei nostalgy, sjucht it der foar wat perspektiven op better taalûnderwiis oanbelanget dêrom net hiel bêst út. Sa sille úteinlik ek - tink ik - begripen as 'Fryslân', 'Frysk' en 'Friezen' en de eigen provinsjale organisaasje oait in kear yn 'e knipe komme. 

Is der ferset? Protest? Lilkens? Oeral ride se tsjintwurdich de trekkers foar út de boereskuorren. Stikstofbelied, fersmoarge grûn-belied, Swarte Pyt, en wat sille wy noch allegear belibje. Mar mei krij 'm beet hûndert trekkers it Provinsjehûs en/of de Twadde Keamer blokkearje yn it ramt fan aksjes foar it Frysk ûnderwiis? Dat is der net by. Mei twahûndert man en frou nei in skoallemienskip om't dy neat of fierstente min oan it Frysk docht, ek net. 

Hie myn taal mar trekkers. Hie myn taal mar sprekkers dy't der wat om joegen. 

Om it safier te krijen, sil der wurk ferset wurde moatte. Dat wurk hjit, ik sis it efkes amtlik, sadat it Provinsjehûs der ek wat fan meikrijt, yn geef Frysk: it kreëarjen fan draachflak. Wat docht de Fryske beweging yn it algemien, en de Jongfryske Mienskip yn it bysûnder, oan it kreëarjen fan draachflak foar it Frysk en Frysk ûnderwiis? Wat men oan de iene kant mient op te bouwen mei reklame foar trijetalige skoallen, brekt men dat oan de oare kant net like hurd wer ôf? 

Foarbyld ien. De Ried fan de Fryske Beweging hat in nijswebside, ItNijs.frl. Ik tink dat dat in goed inisjatyf is, dêr't folle mear jild hinne kinne soe, en dat it wurdich is om fierder út te bouwen en te profesjonalisearjen. Mar dat yn syn publyksbelied bystjoering noadich hat. De lêzers- en reageardersrûnten wienen, oan de reaksjes ôf te lêzen, oant net sa lang lyn foaral te finen ûnder in espeltsje Fryske nasjonaaltinkers dy't it har libbenstaak achtsje om foar de islam, moslims en bûtenlanners te warskôgjen. Hielendal it PVV en FvD-resept, mar net dalik gaadlik, yn myn eagen, foar brede neifolging. 

Wat mist, is belutsenens fan in bredere groep minsken, mei mear ferskaat, en ek fan lju mei in hegere oplieding. Wat mist, is in besykjen om middengroepen te berikken ynstee fan ôf te stjitten. It idee fan de Afûk foar Fryske opskriften yn supermerken hat dat wol yn him, ik lies dat dat idee al earder yn Jongfryske rûnte oppere wie. Mar no begjint it fansels krekt: hoe sille provinsje en gemeenten in grut oantal supermerken sa fier krije? 

Foarbyld twa. Ik tink dat ek de Jongfryske Mienskip bytiden dwaande is om it bytsje draachflak dat der noch is, fierder ôf te brekken ynstee fan op te bouwen. Sa't ik earder sei, fierrewei de measte Friezen sjugge har Frysk-wêzen net yn in skerpe tsjinstelling mei har Nederlânsk-wêzen. Sjuch my dêr net op oan, it is sa. Stratezjyen dy't wól in tsjinstelling en sels in fijânskip tusken de twa 'identiteiten' suggerearje, slute mei oare wurden in hieleboel minsken út en sprekke inkeld de lytse groep lju oan dy't al sa tinkt. 

Sokke stratezjyen fan eksklusyf-Fryske identiteitskonstruksje dogge neat om de grutte kliber oer de streek te heljen, neat om har tinken oer Frysk ûnderwiis te beynfloedzjen, neat om de minsken de wearde en de skjintme fan har eigen taal beseffe te litten. Neat om mear draachflak foar en yn it ûnderwiisbelied te krijen. Se meitsje inkeld mar dat in boel Friezen har omdraaie en har noch fierder ôfkeare fan har eigen memmetaal. 

Alles wat dat feroarsaket, neam ik 'brykfrysk'. 

Wat ik, en dit oan 'e ein, de Jongfryske Mienskip ferwyt is in tefolle oan romantyk, nostalgy en Fryslân boppe ropperij, en in te min oan maatskiplike relevânsje. Bûtenlânske reiskes nei histoaryske plakken, ynterfryske flaggen, heldeferearing, Vikingen, dat allegear is grif tige gesellich en groepsbinend, mar it is ek in bytsje selsbedroch en spielerei. It liket wol o sa Frysksinnich, mar is it dat wol? 

It is net ûnskealik. It spilet dy lju yn 'e kaart, dy't de striid foar it Frysk leafst nét stride, en dy't o sa bliid binne as Fryske aktivisten harsels en har eigen saak mar wer ris trivialisearje en bûten spul sette. 

Aldfaars erf, dêr wol de Mienskip oer weitsje. It stiet op syn ynternetside. Lit ik der in ein oan breidzje mei in strofe út in gedicht fan sa'n âldfaar. Wat skreau Waling Dykstra oan 'e ein fan syn lange libben? 

Altyd mar onbidich roppe: 
,,Fryslân boppe! Fryslân boppe!" 
'k Freegje, docht dat lûd gegei 
Foar ús taalbelang wat mei?

Ik tankje jim foar jim oandacht en ik winskje inkeld mar ús taal in bettere takomst ta as aansen noch de fiertaal te wêzen yn in pear âldereinhuzen, earne ta pún ferfallend op de keale, iensume flakte fan in ik-lul-mar-wat dialekt. 

En ik hoopje ek dat de Jongfryske Mienskip der nochris oer neitinkt, hoe't er it bêste helpe kin.

-----------------------------------

Noat: It wie in noflike jûn, dêr yn Oerterp, en de útnoeging fan it bestjoer om lid te wurden haw ik oannaam.