woensdag 26 februari 2014

In hearehûs yn Brooklyn en in idee foar Tresoar

Der is fansels íen hûs dat absolút ideaal is foar in Fryske writer-in-residence om utens – stel dat de provinsje of in stichting ris om wat oars siket as it arkje fan Rink as skriuwersûnderkommen om it ûntstean fan nije Fryske literatuer te befoarderjen.

Dat hûs is The Van Sinderen House op it adres 70 Willow Street yn Brooklyn, New York. It is te hier foar rike toeristen yn ’e simmer-, foarjier- en neijierfakânsjes.



It is it hûs dêr’t de Amerikaanske skriuwer Truman Capote (1924-1984) syn klassikers Breakfast at Tiffany’s (1958) en In cold blood (1966) skreaun hat. Capote hierde it yn de perioade 1955-1965. En it is it hûs dat yn 1839 boud is troch Adriaen van Sinderen, de pakesizzer fan de Fryske dûmny Ulpianus van Sinderen, deselde dy’t yn 1747 nei in reis fan seis moanne fan board stapte yn King’s County, in gemeente fan New York, earder Nieuw-Amsterdam.

Sadwaande hat it ek noch wat Frysks oer him, it kin net moaier...

Yn 2011 is it monumintale pân ferkocht foar de rekordpriis (foar in wenhûs yn Brooklyn) fan 12,5 miljoen dollar. It is boud yn de Amerikaanske ‘Greek Revival’ styl mei plantaazje-aksinten en soe alsa yn it suden fan de Feriene Steaten net misstien hawwe. As typyske ‘urban villa’ foar dy dagen hat it in skitterjende draaitrep, in prachtige feranda oan de achterkant en in gigantyske tún. En dat alles mar ien strjitte fierder as de ferneamde Brooklyn Promenade, mei syn spektakulêre útsjoch op Manhattan en de Brooklyn Bridge.



Adriaen van Sinderen (1772-1843) wie in smoarrike hanneler dy’t yn 1806 syn business beskreau yn in brief oan syn neef Hotse van Sinderen, in sulversmid yn Dokkum: “We are sellers wholesale of most kinds of English and East Indian wares, such as wool, cotton, linen, and silk (..) From here is shipped rice, tobacco, coffee, sugar, etc. The return is mostly genever and linens, as well as some fine cloth, glass, iron and copper wares, oil, and a lot of small wares.” Adriaen van Sinderen wie ek de oprjochter fan de Brooklyn Savings Bank en de stichter fan de Long Island Bible Society.



Hy hat it hûs neilitten oan syn pakesizzer en namsgenoat Adrian Van Sinderen (1833-?), in abbekaat dy’t oan Yale studearre hie, mar dy’t in minder fraai hearskip bliek te wêzen. Ein tachtiger jierren fan de 19de ieu waard ferfolging tsjin him ynsteld, om’t er mei jild spekulearre hie út fûnsen mei in wearde fan 200.000 dollar dy’t ûnder syn behear steld wiene; hy kocht ûnder mear oandelen yn it spoar nei it Wylde Westen. Doe't it op in proses útdraaide flechte er nei Berlyn. The New York Times makke yn 1892 in baas flater mei de melding dat er stoarn wie - mar wat der fierder al fan dizze Van Sinderen wurden is, bliuwt oant de dei fan hjoed ûnbekend.

Sa’t de famylje sa’t it liket graach beklamje wol, wie dizze Adrian Van Sinderen in oarenien as de Adrian Van Sinderen (1887-1963) dy’t letter in súksesfolle bankier wie, boeksammeler en foarsitter fan de American Horse Show Association.

Yn 1886 waard it hûs ferkocht oan William Allen Putnam, in rike bankier en filantroop. Syn frou Caroline Haines Putnam makke der in sintrum fan fan de saneamde ‘Anti-Suffragette Movement’, in organisaasje fan froulju dy’t tsjin (!) it kiesrjocht foar froulju wiene. De mannen koene de froulju ommers prima fertsjintwurdigje.



Nei de dea fan frou Putnam yn 1940 waard it hûs skonken oan it Reade Krús, dat der keunst- en braillelessen joech en itensiederslessen foar froulju fan oarlochsfeteranen. Yn 1953 kaam it hûs yn eigendom fan Oliver Smith, in bekende dekorûntwerper foar Broadway-produksjes lykas West Side Story. Hy wie it dy’t in appartemint yn it hûs ferhierde oan Truman Capote – mar dy die krekt as wie it hele hûs fan him as de ferhierder net thús wie.

Op dit plak wurdt 70 Willow Street oanbean foar ferhier yn ’e fakânsjes. Miskien in idee foar Tresoar om der ris nei te sjen?




.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten