zaterdag 22 februari 2014

De Frisia's út Harns: geen hots en knots maar een prettig wijsje

Harns hie yn de fyftiger jierren in bloeiende orkestjekultuer, dêr’t de akkordeon in foarnaam plak yn hie. Rinus Beuker, Jan Roukema, Wim Kroon, Ko Bonnema, de toetsetovenaars spilen yn neifolging fan de Rotterdamse Three Jacksons foar it faderlân wei op brulloften en partijen, yn bandsjes mei yllustere nammen as De Notenkrakers en De Frisia’s. 

Al dy muzyk, lei it oan Harns, de haven, de matroazekultuer? “Of het nu komt doordat ze groot worden met de zang van de zee in hun oren, blijft een open vraag, maar in ieder geval zijn er onder de Harlingers velen, die hun sporen op het gebied van de lichte muziek met ere hebben verdiend,” notearre de Leeuwarder Courant – wierskynlik sjoernalist S.J. van der Molen – op 28 oktober 1960. Mar, iroanysk: doe wie it hast al foarby mei de opbloei fan de lichte muzyk yn it havenstedsje. 



(Foto: Rinus Beuker, Jan Roukema, foaroan Ko Bonnema)

Fan de Harnzer dûnsorkesten yn dy tiid binne De Frisia’s it bekendst wurden. Se bestiene út de bruorren Jan en Jopie Roukema en in tredde muzikant, meastentiids ek in akkordeonist, lykas Johan Bok út Snits, Dick van Rijnberk, ôfkomstich út Apeldoarn, en letter Ko Bonnema, mar ek wolris mei in slachwurker (Johannes Michels), in sjonger-humorist (Kees van der Woude, Abe de Vries) of in sjonger (Jopie van der Woude). Letter diene De Frisia’s – of ‘De Originele Frisia’s’, sa’t se harsels it leafst betitelen – it ek in skoft sûnder Jan Roukema, dan spile Rinus Beuker mei. En noch wer even letter dûkt Jan wer yn it orkestje op, en is Jopie derút. 

Beide Roukema’s hiene ein fyftiger jierren neist it orkest ek in eigen bedriuw, Jan in kafee-restaurant oan it Havenplein yn Harns en Jopie in muzyksaak yn de Jongemastrjitte yn Boalsert. It spyljen hiene se leard fan harren pake Jan de Bruin, dy’t in saneamde ‘diatoanyske harmoanika’ hie. It bysûndere is dat se beide gjin noaten lêze koene, se diene alles op gehoar en muzikaliteit. Se hiene “earen as oaljefanten”, hat Van Rijnberk, letter muzyklearaar yn Koevorden, wol sein. 

Harren aktiviteiten foelen gear mei de opkomst fan de grammofoanplaat; benammen Decca seach wol brea yn it fleurige akkordeonspul. Yn de perioade 1958-1961 hawwe De Frisia’s aardich wat e.p.’s, 45-toeren singles en ek in lp opnimme kind, en guon dêrfan ferkochten as it spoar, net allinnich yn Fryslân mar yn heel Nederlân. S.J. van der Molen fan de Leeuwarder Courant wie optein dat der ek muzyk fan Fryske artysten op de swarte skiif ferskynde en folge it orkest yn de krante op de foet. Doe’t de boargemaster fan Boalsert, mr. J.A. Geukers, yn febrewaris 1958 in eksimplaar fan de earste Decca-skiif fan De Originele Frisia’s oanbean krige, sei er “dat in Bolsward het oude het nieuwe de hand geeft en dat op deze muzikale manier Frieslands naam weer eens op een andere wijze wordt uitgedragen.”



De Frisia-hits nûmers 3 en 4, e.p.’s, ferkochten yn acht moanne tiid 20.000 stiks. De LC ferklearre it súkses sa: “Wie accordeon zegt en De Frisia’s, zegt geen Bach of Beethoven. De Roukema’s kennen de grenzen van hun kunnen en weten wat in hun genre het publiek vraagt”. Ien fan beide ljochtet ta: “Een melodietje dat de mensen na één keer luisteren al fluiten, zingen of neuriën. Geen hots en geen knots maar een populair nummertje met een prettig wijsje. Dat mag best dertig of veertig jaar oud zijn.” 

Ommers, de oarloch hie der foar de harkers tusken sitten. En dat hie foar in protte minsken net in tiid west foar amusemint en lichte muzyk. Sa lei it foar de hân om werom te gripen op de muzykkultuer fan de tritiger jierren. Fryske sankjes as ‘Sliep sêft myn berntsje’, ‘Dan is it maityd’ en ek wol in pittige Skotse trije kamen oan bar by De Frisia’s, mar harren earste lp, presintearre yn novimber 1959, hjitte ‘Wir machen Muzyk’. Hy befette meldijen út de foaroarlochse Dútske Schlagerwrâld fan komponisten as Franz Doelle, Theo Mackeben, Werner Heymann, Franz Grothe, Robert Stolz, Paul Abraham, Hans May en oaren. Op de lp stiene nûmers as ‘Das gibt’s nur einmal’, ‘Das muss ein Stuck von Himmel sein’, ‘Wir zahlen keine Miete mehr’ en ‘Wenn der weisse Flieder wieder blüht’. “Zodoende zal de muziekvriend van de wat oudere lichtingen plezierige herinneringen ophalen (..),” skreau de LC. Jan Roukema die oars net mei; op de plaat (Decca LQ 60406) spilen Jopie Roukema, Rinus Beuker en Dick van Rijnbek. 

Yn juny 1960 krige Jopie Roukema fan de boargemaster fan Boalsert de Phonogram-medaille, in jierlikse ûnderskieding fan de plateyndustry dy’t earder al gien wie nei Teddy Scholten, Corry Brokken en Willy Alberti. Hy siet doe tritich jier yn it amusemint. Yn 1960-1961 parste Decca seis singles yn stereo – dêrnei holden se dêr foarearst mei op, want it wie djoer. By de seis sieten fjouwer fan The Blue Diamonds, ien fan De Spelbrekers (‘Parijs ligt aan de Seine’) en ien fan De Frisia’s (‘Frisia Hits no. 7’). 

Yn de hjerst fan dat jier wie der praat dat De Frisia’s meidwaan soene oan it earste Grand Gala du Disque, de Edison-útrikking yn it Concertgebouw yn Amsterdam dy’t in tradysje wurde soe. Se hiene al alve platen makke en wiene “als enige accordeontrio uit Nederland en als enige artiesten uit onze provincie” útnoege, mar my is net bekend oft se úteinlik ek optreden hawwe op 22 oktober op it Gala. De LC, dy’t wol melding makke hie fan de útnoeging, neamde it orkest net yn it ferslach fan de jûn. It opnimmen fan muzyk gie wol troch. Yn oktober 1960 hat in ploech Harnzer muzikanten yn in studio yn Amsterdam yn opdracht fan de platemaatskippij Tivoli in tal Frysktalige nûmers opnaam: ‘Krysttiid yn Fryslân’, ‘Winterwille’, ‘De fleurige ûngetiid’ en ‘De clivia’. Jan Roukema spile no al mei en Ko Bonnema wie ek fan de partij.  Jitske de Boer (‘De Zingende Huisvrouw 1957’) en Minne Huizinga tekenen foar de sang. “Wijs geworden door ervaring wisten ze welke strenge eisen er gesteld zouden worden” yn de studio, skreau de krante – wat der op tsjutte kinne soe dat it net meidwaan oan it Grand gala du disque dochs wat in teloarstelling west hie. 

Dêrnei rûn it mei De Frisia’s al gau nei de ein. Nije orkesten, bygelyks dat fan Ko Bonnema en de Rinsema's, namen de merk oer. Yn jannewaris 1962 stiene De Frisia’s foar it lêst yn de krante ûnder dy namme, doe't se spilen yn ‘De Tipeltange’ fan de RONO, neffens de omrop “in fleurich program fan wat spylderij, praterij en sjongerij” mei ûnder mear ek Akke Radsma en S.J. van der Molen. Yn alle gefallen Jan Roukema hat noch jierren solo-optredens dien, dan komme wy him yn ’e krante noch tsjin as “Jan Roukema met zijn wonderorgel” of “Jan Roukema met zijn magisch wonderorgel”.

Mar sa’t it mei de foardragerij as utering fan folkskultuer gie, sa gie it ek mei it akkordeonorkest. It koe langer gjin stân hâlde. Massamedia, massakultuer en popmuzyk namen yn it begjin fan de sechstiger jierren it stokje oer.


.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten