donderdag 20 februari 2014

De lytse man mei de grutte stim

In memoriam: foardrager-opropper Abe de Vries

Yn 1912 stie er foar it earst op ’e planken. Noch mar acht jier âld, yn ûnderbroek en op bleate fuotten. En by dat iene optreden soe it net bliuwe. Yn de fyftiger en sechstiger jierren wie hy de humoristyske spil fan Harnzer kabaretselskippen as ‘Doch Gewoan’ en ‘Amusanta’, nammen dy’t ek bûten de stedsmuorren publyk lutsen. Doedestiids hie elk in bynamme. Koekjekeapman-kastelein-foardrager en opropper Abe de Vries út Winaam wie fier yn ’t rûn bekend as Abe ‘Koekje’. 

Abe de Vries ferstoar ôfrûne moandei yn ’e âldens fan 91 jier yn fersoargingshûs Saxenoord yn Frjentsjer. Fryske foardrachtskeunstners lykas hy, dy’t jierrenlang fan de iene brulloft nei de oare tôgen om mei in hânfol grappen en grollen in pear sinten te fertsjinjen, se binne der net mear (op in inkeling nei as Teake van der Meer). Mylde humor, miskien wat tam yn ús eagen, dat die it yn de fyftiger jierren goed. Samar in graai út de Harnzer en Frjentsjerter krante: 

“Mei syn oankondigingen is Abe net banaal, wat net fan elke conferencier sein wurde kin.” “Abe lit in oanberne gefoel foar humor sjen en kin him ynlibje yn de meast dwylsinnige sitewaasjes.” “Abe’s manier fan optreden wie net basearre op smoarchbekkerij, syn grapkes hiene in oprjocht en tagelyk ûnskuldich karakter.” “Abe de Vries is ûnútputlik yn syn humor, dêrby kin er in skoaljonge delsette, mar ek in frou op hege jierren dy’t 35 jier lyn klant fan him wie doe’t er noch sutele mei de koekjekarre.” 

Arbeider-keapman 

Om’t er de legere skoalle net ôfmeitsje mochten hie (fanwege kattekwea waard er fiif dagen foar de einstreek nei hûs stjoerd) gie Abe mar by de boer yn ’t wurk. Earst yn syn bertedoarp Doanjum, by boer Klaas de Boer. Dy stjoerde him op in goede dei mei in 23-jierrich en dus tige betûft hynder nei Minnertsgea. Wêr’t dat doarp lei, dat wist Abe net, mar de boer sette him op it hynder en sei: “As it hynder stean bliuwt, dan giest der mar ôf, want dan bist teplak.” 

En sa gie it. It hynder sloech midden yn Minnertsgea by it kafee linksôf, sjakte oer it spoar dat der doe noch wie en hold ho earne yn de Minnertsgeaster Mieden by de pleats fan bestimming. 

As jonkje oan it wurk op it lân hold er him ris fansiden yn in sleatswâl en rôp keihurd om help. Doe’t de skrokken arbeiders deroan draven kamen, sei er dealeuk: “Neat oan ’e hân. Wat woene de hearen?” 

Begjin tweintiger jierren ferhuze er mei syn âlden nei Winaam. Nei in pear jier by in boer yn dat ‘reade doarp’ fan Barradiel kaam er in kear by in hynderman yn it Biltse Alde Leie, dêr’t er Klaske van Sinderen tsjin it liif rûn. It stel troude, mar Abe woe al werom nei Winaam. Dat sa barde it ek. Alles – en ‘alles’ is in grut wurd yn dit ferbân – waard op in boerekarre set, ek fjouwer hinnen. Underweis moast noch hoholden wurde om in kleankast mei te nimmen en dêr koene dy hinnen moai yn. By oankomst yn Winaam stie de krekttroude breid Klaske al wat beteutere te sjen, want dy hinnen hiene yn de nije oanwinst bepaald net stil sitten. 

Earmoede wie it yn tritiger jierren, en der moast wat barre, mar wat? Abe syn mem woe mar hieltyd dat har soan yn de koekjehannel gean soe. Sa hie pake ommers ek syn brea fertsjinne. “Do prebearrest it mar,” sei boer Sipke Schat, dêr’t er wurke. “Wol it net, dan kinst elke oere fan de dei weromkomme.” It plan gie troch: der kaam in pakjedrager op ’e fyts, dêr waard in trommel op montearre en sa begûn Abe in eigen saak op te bouwen. Wat letter waard in transportfyts oanskaft, dêrnei in bakfyts en letter sels in moterbakfyts en in bestelauto. 

Al gau hie de Winamer arbeider-keapman mear as 280 klanten yn Harns dy’t er koeke en bôle ferkocht. En by nacht, dan waard gauris noch oannommen wurk ferset. Even in ierdappelbultsje ‘omskeppe’ bygelyks. 

Foardragerij 

Nei de oarloch joech Abe de koekjes deroan, kocht it Winamer kafee en sa waard de arbeider-keapman ynienen kastlein-arbeider. Kastlein yn ’t wykein en op woansdei, arbeider de rest fan ’e wike. Doe, midden fyftiger jierren, sette er ek mei de foardragerij út ein. 

Ien fan de earste kearen wie yn Harns, in brulloft. Hy gie der op de fyts hinne, mar syn ferfiermiddel hie gjin achterljocht en dat seach fansels in al te iverige tsjinner fan de wet. In bekeuring wie it risseltaat. De jûn fan de brulloft makke Abe in praatsje fan syn bekeuring. Ut de seal waard roppen: “Wat kost die bekeuring?” Abe: “Fiif gûne!” It antwurd: “Dan krije jou die vijf gulden d’r overheen!” “It waard in knaljûn,” sei Abe letter. “Ik koe net mear stikken.” 

En hy doarde it ek fierderop te sykjen. In damklup yn Warns socht mei in adfertinsje in humorist. In brief wie gau skreaun, en in pear dagen letter gie de tillefoan by de buorren. De foarsitter yn Warns, om ynljochtingen. “As jo soargje foar in prima programma, krije jo tachtich gûne,” klonk it oan de oare kant fan de line. Abe, selsfersekere: “Foarsitter, dan geane dy tachtich gûne mei nei Winaam!” 

Rinus Beuker út Harns gie mei as muzikant. It waard dêr yn Warns in grut súkses en yn it skoft rôp de foarsitter: “Abe, it wurdt tachtich gûne hear!” Mei blauwe skouders gie er werom nei Winaam: de bestjoersleden hiene wat al te entûsjaste manieren hân om harren lof te uterjen. 

Sûnt dy kabareteske ‘slach by Warns’ wie it kostje fan de kastlein-conferencier kocht. De koppen waarden byinoar stutsen en in cabaretselskip waard oprjochte, mei de Harnzer musikus Wim Kroon, mei Betty van der Hoek en Hannie Dijkstra, mei de Zingende Huisvrouw Jikke Spoelstra. Of mei Jan Roukema en syn wûnderoargel. Sije Boonstra hat wol ris mei west, Henny en Arie Rinsma, Wouter Jorna, neam mar op. 

“Abe de Vries blijft een eenvoudige plattelander,” skreau de Harlinger Courant yn 1958, “die rustig een shagje draait en die zich op zijn gemak blijft voelen, zelfs al zouden Grace Kelly of Nikita Chroetsjov hem met een bezoek vereren.” 

Opropper 

Op lettere leeftyd krige Abe noch in nije kâns doe’t Reinder de Jong, doedestiids ynfloedryk heareboer op Ropta State, oanbelle by huize De Vries. “Wy sykje in nije opropper, dat moatsto wurde.” Deselde boeren dêr’t er jierrenlang foar bealge hie, biten koppe en ierdappelbulten omskept, fregen him no om de ferkeap fan harren guod op de saneamde boelguodden yn goede banen te lieden. 

It earste boelguod yn Winaam wie spannend. Mar it gie goed. “Wy geane no mei twaën, wy grieme net!” 

Abe hie minskekennis en humor. Hy doarde de kandidaat-keapers en de strykjildskriuwers byneed fan snedige replyk te tsjinjen en al gau foel er yn rûnten fan notarissen op. Yn 1967 naam er it oproppen oer fan Rients Beintema, dy’t nei fyftjin jier ophold. “Beintema ferbetterje sille jo dalik net,” sei by dy gelegenheid notaris Van der Wal út Frjentsjer. “Jo binne nou noch reserve-eersteklasser, yn de kommende tiid sille jo je oparbeidzje moatte ta earste klasser.” 

Dat wie Abe, wilens 63 jier, wol tabetroud, want de keunst fan it oproppen ferstie ‘de kleine man met de grote stem’ as gjin oar. Yn 1968, in pear jier foar syn pinsjoen by de ZPC yn Frjentsjer, ferhuze er nei dat plak. Oant midden tachtiger jierren wurke er foar ûnder mear De Groot yn Seisbierrum, Van der Wal yn Frjentsjer, Van der Hem yn Jorwert en Elzer yn Sint Anne. 

It wie in grutte teloarstelling foar him, doe’t er it oproppen opjaan moast om’t it net mear koe. De lêste trettjin jier fan har houlik brochten Abe en Klaske troch yn Saxenoord. Klaske van Sinderen ferstoar ferline jier, op 92-jierrige leeftyd. Abe Koekje hat har net ynhelje kind.  

[Harlinger Courant, 4 oktober 1996; oerset yn it Frysk]

Sjoch ek: Cabaret Abe de Vries

Geen opmerkingen:

Een reactie posten