zondag 16 februari 2014

In potsje Spreuken 2: fiif-nul foar Douwe Kiestra

Nochris oer de Spreuken fan Salomo, de oersetting fan it bibelboek troch Douwe Kiestra, makke yn 1946-47, útjûn yn 1968. De oersetting waard resinsearre yn de Leeuwarder Courant fan 19 oktober 1968 troch Marten Sikkema. Blykber sit dy resinsje my dwers. 

Sikkema frege him ûnder mear ôf wêrom’t Kiestra it wurk fan sa’n oersetting eins oanfette hie, want der wiene ommers prima proazateksten foarhannen. It antwurd op dy fraach ha ik yn it stik ‘Bibeloersetting as boetedwaning’ besocht te jaan. No wol ik in tel stilstean by de fierdere krityk fan Sikkema: by syn kommentaar op de poëtyske oersetting sels. Behalve dat er fynt dat it bibelboek Spreuken “gauris ek frijwat prozaysk” is, en him dus net geweldich liene soe foar in poëtyske oersetting, komme syn beswieren hjir op del: “Wol is de dichter de proazatekst tige benei bleaun, brûkt er goed Frysk en hat er soms goede fynsten, mar dêr stiet foaroer dat de twang fan rym en mjitte him soms ek ta rimelderij bringt. Bytiden is de taal troch dyselde twang wat te âldfrinzich, mar steurender is it dat om deselde reden de taal faken te mastereftich, te saaklik en te min poëtysk is.” 

Koartsein, de oersetting wie net werklik de muoite wurdich, miskien “inkeld noch mar, om’t [Kiestra] der sa’n flyt op dien hat”. 

Ik ha it wol ris earder skreaun: Sikkema doarst it wol op te sizzen. By einsluten hie er it net oer de earste de bêste skoaljonge, dy’t er as learaar Nederlânsk wol efkes it leksum lêze koe. Kiestra wie en is ien fan de grutte Fryske dichters. Ien fan de ‘foute’ Fryske dichters, dat dan wer wol. Om neigean te kinnen oft Sikkema syn krityk oerein bliuwe kin, sammelje ik hjir earst in tal teksten dy’t har ferlykje litte. Ik nim Spreuken 2 as de ferlikingstekst, dy’t ik hjirûnder jou yn de Nederlânsktalige Statenvertaling (SV, 1637), de oersetting fan Wumkes/Folkertsma (WF, 1943), de Nederlânsktalige NBG-oersetting (NBG, 1951), de Nije Fryske Bibeloersetting (NFB, 1978) en ta beslút fansels de Kiestra-oersetting (DHK, 1947/1968) 

Spreuken 2, Statenvertaling 

1 Mijn zoon! zo gij mijn redenen aanneemt, en mijn geboden bij u weglegt; 
2 Om uw oren naar wijsheid te doen opmerken; zo gij uw hart tot verstandigheid neigt; 
3 Ja, zo gij tot het verstand roept, uw stem verheft tot de verstandigheid; 
4 Zo gij haar zoekt als zilver, en naspeurt als verborgen schatten; 
5 Dan zult gij de vreze des HEEREN verstaan, en zult de kennis van God vinden. 
6 Want de HEERE geeft wijsheid; uit Zijn mond komt kennis en verstand. 
7 Hij legt weg voor de oprechten een bestendig wezen; Hij is een Schild dengenen, die oprechtelijk wandelen; 
8 Opdat zij de paden des rechts houden; en Hij zal den weg Zijner gunstgenoten bewaren. 
9 Dan zult gij verstaan gerechtigheid, en recht, en billijkheden, en alle goed pad. 
10 Als de wijsheid in uw hart zal gekomen zijn, en de wetenschap voor uw ziel zal liefelijk zijn; 
11 Zo zal de bedachtzaamheid over u de wacht houden, de verstandigheid zal u behoeden; 
12 Om u te redden van den kwaden weg, van den man, die verkeerdheden spreekt; 
13 Van degenen, die de paden der oprechtheid verlaten, om te gaan in de wegen der duisternis; 
14 Die blijde zijn in het kwaad doen, zich verheugen in de verkeerdheden des kwaden; 
15 Welker paden verkeerd zijn, en afwijkende in hun sporen; 
16 Om u te redden van de vreemde vrouw, van de onbekende, die met haar redenen vleit; 
17 Die den leidsman harer jonkheid verlaat, en het verbond haars Gods vergeet; 
18 Want haar huis helt naar den dood, en haar paden naar de overledenen. 
19 Allen die tot haar ingaan, zullen niet wederkomen, en zullen de paden des levens niet aantreffen; 
20 Opdat gij wandelt op den weg der goeden, en houdt de paden der rechtvaardigen. 
21 Want de vromen zullen de aarde bewonen, en de oprechten zullen daarin overblijven; 
22 Maar de goddelozen zullen van de aarde uitgeroeid worden, en de trouwelozen zullen er van uitgerukt worden. 

Spreuken 2, Wumkes/Folkertsma (1943) 

1 Myn soan, asto myn redenen oannimst en myn geboaden by dy sels bewarrest, 
2 om dyn ear harkje te litten nei wiisheid, dyn herte te niigjen ta ferstannigens, 
3 ja, asto ropst om begryp, dyn lûd útsetst ta de ferstannichheid, 
4 asto dêrom sikest as om sulver, en har neigiest as ferburgen skatten, 
5 dan silsto de freze des Heare ferstean en de kennis fan God fine. 
6 Want de Heare jout wiisheid, út syn mûle komt kennis en begryp. 
7 En Hy hat help benefter foar de oprjochten, Hy is in skyld dyjingen dy’t yn oprjochtens wannelje. 
8 Want Hy hoedet de paden fan it rjocht, en befeiliget de wei fan syn geunstlingen. 
9 Dan silsto gerjochtichheid en rjocht ferstean en rjochtfeardichheid, alle goed paad. 
10 Want wiisheid sil yn dyn herte komme, en de wittenskip sil dyn siele leaflik wêze, 
11 de foarsichtichheid sil de wacht oer dy hâlde, de ferstannichheitd sil dy behoedzje, 
12 om dy te rêden fan ’e kweade wei, fan ’e man dy’t ferkearde dingen sprekt, 
13 fan dyjingen dy’t de paden fan ’e oprjochtens ferlitte, om te gean op ’e wegen fan ’e tsjusternis, 
14 dy’t har fermeitsje yn kweadwaan, dy’t jubelje fanwegen falske streken, 
15 waans paden ferkeard binne en waans gongen besiden ôfwike; 
16 om dy to rêden fan ’e frjemde frou, fan ’e ûnbekende dy’t flaaiket mei har wurden, 
17 dy’t by de freon fan har jonkheid weigiet en it ferbûn fan har God ferjit; 
18 want har hûs sakket wei yn ’e dea, en har paden rinne del nei de ferstoarnen; 
19 allegearre dy’t ta har komme, komme net werom en fine de paden fan it libben net wer; 
20 datsto wannelje meist op ’e wei fan ’e goeden, en hâlde de paden fan ’e rjochtfeardigen. 
21 Want de oprjochten sille it lân bewenje, en de rjochtfeardigen sille dêryn oerbliuwe.
22 Mar de goddeleazen sille út it lân roege wurde, en de trouweleazen sille der út weiskuord wirde. 

Spreuken 2, Nederlands Bijbel Genootschap-oersetting (1951) 

1 Mijn zoon, indien gij mijn woorden aanneemt en mijn geboden bij u bewaart, 
2 zodat uw oor de wijsheid opmerkt en gij uw hart neigt tot de verstandigheid, 
3 ja, indien gij tot het inzicht roept en tot de verstandigheid uw stem verheft; 
4 indien gij haar zoekt als zilver en naar haar speurt als naar verborgen schatten, 
5 dan zult gij de vreze des Heren verstaan en de kennis Gods vinden. 
6 Want de Here geeft wijsheid, uit zijn mond komen kennis en verstandigheid; 
7 Hij bewaart hulp voor de oprechten, Hij is een schild voor wie onberispelijk wandelen, 
8 terwijl Hij waakt over de paden van het recht en de weg zijner gunstgenoten beschermt. 
9 Dan zult gij gerechtigheid en recht verstaan, ook rechtschapenheid, elke goede weg. 
10 Want de wijsheid zal in uw hart komen en de kennis zal voor uw ziel liefelijk zijn; 
11 bedachtzaamheid zal over u waken, verstandigheid zal u behoeden, 
12 om u te redden van de boze weg, van de man die verkeerde dingen spreekt, 
13 van hen die de rechte paden verlaten, om op duistere wegen te gaan; 
14 die in kwaaddoen zich verheugen, juichen over boze draaierijen, 
15 wier paden krom zijn en die op hun dwaalwegen gaan; 
16 om u te redden van de vreemde vrouw, van de onbekende die gladde woorden spreekt, 
17 die de echtvriend van haar jeugd verlaat en het verbond van haar God vergeet; 
18 want haar huis zinkt weg naar de dood, haar paden voeren naar de schimmen; 
19 niet één van allen die tot haar gaan, keert weder, en zij bereiken de paden des levens niet; 20 opdat gij de weg der goeden bewandelt en de paden der rechtvaardigen bewaart. 
21 Want de oprechten zullen het land bewonen en de vromen zullen daarin overblijven, 
22 maar de goddelozen zullen uit het land worden uitgeroeid en de trouwelozen zullen eruit worden weggerukt. 

Spreuken 2, Nije Fryske Bibeloersetting (1978; wurk deroan begûn yn 1967, alsa in jier foar de ferskining fan Kiestra syn Spreuken-beriming) 

1 Myn soan, asto myn wurden oannimst en as myn geboaden dy oan it hert geane 
2 troch dyn ear nei de wysheid te hâlden en dyn hert nei ferstannigens ta te bûgen, 
3 ja, asto lûd ropst om ynsjoch en mei útset lûd om ferstân, 
4 asto dêr nei sikest as nei sulver, asto dêr om graafst as om ferburgen skatten, 
5 dan silsto witte wat ûntsach foar de Heare is en komme ta de kennis fan God. 
6 Want de Heare is it, dy’t wysheid jout, út syn mûle komme kennis en ynsjoch; 
7 Hy stiet klear om de oprjochten te helpen, en is in skyld foar earbere minsken. 
8 Hy hoedet de paden fan it rjocht en befeiliget de wei fan syn geunstlingen. 
9 Dan silsto gerjochtichheid, rjocht en oprjochtens begripe en altyd de goede wei hâlde, 
10 want wysheid komt yn dyn hert en kennis silst ynlik bliid mei wêze, 
11 hoedenens sil de wacht oer dy hâlde en ynsjoch sil dy bewarje. 
12 Dan silsto bewarre bliuwe foar de ferkearde wei, foar de man dy’t gemiene dingen seit, 
13 foar minsken dy’t it rjochte paad ferlitte en dy’t tsjustere wegen geane, 
14 dy’t nocht hawwe oan kweadwaan en it útjubelje om falske streken, 
15 dy’t op kronkelpaden geane en fan ’e rjochte wegen ôfwike. 
16 Dan silsto bewarre bliuwe foar de frjemde frou, foar de ûnbekende mei har flaaikjende wurden, 
17 dy’t de man út har jonkheid ferlitten hat en it ferbûn mei God fergetten, 
18 want har paad rint del nei de dea, har wegen komme út by de skimen; 
19 nimmen dy’t nei har ta giet, komt oait werom, en noait berikt er de paden fan it libben. 
20 Dan silsto de wei fan ’e goeden gean, de paden fan ’e rjochtfeardigen hâlde, 
21 want de oprjochten sille yn it lân wenje en de rjochtskepenen sille deryn bliuwe, 
22 mar de sûnders wurde út it lân útroege en de trouweleazen derút weisleept. 

Spreuken 2, Kiestra 

1 Myn soan, wa’t oannimt myn goerie en reden 
En myn geboaden by himsels weileit, 
2 Dy sil syn wei gean, bliid en woltefreden, 
En niigje ’t hert ta stille ynbannichheid. 

3 Yndied, rop óan ’t ferstân, sykje it as sulver, 
4 As ‘t eal metaal yn stiengroeve en rots, 
5 Slach alle wjerstân mei dyn wil ta pulver, 
En do silst fine dêr de kennis Gods. 

Ferstean d’ earbiedenisse foar de Heare, 
6 En wysheid jout Hy dy yn mannichfâld, 
Wa’t folget syn gebod, net eigen faai begearen, 
7 Hy is in skyld foar him en in behâld; 

8 D’ oprjochten jout Hy ’n fêst, bestindich wêzen, 
Dat hja har hâlde oan paden fan it rjocht, 
As wiene hja stokblyn en ûnbelêzen, 
Sa sil Hy hoedzje har yn ‘t fel wrâldsk ljocht. 

9 Gerjochtichheid en rjocht en binlikheden, 
En alle goepaad sille hja ferstean, 
10 Waans herten tagong jouwe oan wize reden, 
Waans sielen ynsjoch is in leaflik lean; 

11 Betochtsumheid sil wacht oer harren hâlde, 
Behoedzje docht him de ferstannichheid 
12 Foar faaie en wiffe wegen, mannichfâlde, 
En foar de bruier, dy’t kweadingen seit; 

13 Om him te rêden foar d’ ynflústeringen 
Fan wa’t it paad fan ’t rjocht ferlitten hat, 
Net om te gean yn tsjusternis mei jinge, 
Waans siele lyk is oan it nachtlik swart; 

14 Dy’t yn it kweadwaan harren jit ferbliidzje, 
15 Behagen hawwe yn in oarmans tsjoed, 
Waans wei ferkeard is en dy’t altyd biidzje 
In spoar te finen, wikende fan ’t goed. 

16 Datst dy te wacht nimst foar de fine netten 
Fan in frjemd frouminsk, dat dy troait en flaait, 
17 Sa’n ien, dy’t it ferbûn, foar God oer sletten, 
Ferjit en har oan neat gelegen leit. 

18 Har jonkheidsfreon troubrekkende ferlitten, 
Sakket har hûs oer nei de grime dea, 
Nei de ferstoarnen rinne al har strjitten, 
19 Dy’t by har yngean wylgje wei as hea, 

Dy bliuwe net op paden fan it libben, 
20 Mar datsto hâlde meist de goede wei 
Fan harren, dy’t rjochtfeardichheid bestribben, 
Riigje by sokken, folgje harren nei! 

21 It fromme folk, dat sil behâlden bliuwe, 
En de oprjochten wreidzje d’ ierde oer, 
22 Utroege wurde goddeleaze ljuwe, 
De trouweleazen weiskuord op ’en doer. 

In tal saken sil elkenien dalik opfalle dy’t boppesteande teksten oereidet. Dat is op it foarste plak dat alle oersettingen proaza-oersettingen binne, behalve dy fan Kiestra. Earder ha ik nei foarren brocht dat de orizjinele Hebrieuske tekst ritmyske aksinten befettet en organisearre is yn kûpletten en strofen; dat it alsa om Hebrieuske poëzij giet. Ut de hjir toande teksten blykt dat allinnich Kiestra him rekkenskip jûn hat fan dat gegeven yn syn oersetting en dêr wat mei dien hat. 

Op it twadde plak falt op dat de beide oare Frysktalige oersettingen, de Wumkes/Folkertsma en de Nije Fryske Bibeloersetting, fierhinne streekrjochte oersettingen binne fan respektivelik de Nederlânsktalige Statenvertaling en de oersetting fan it Nederlands Bijbel Genootschap. Der sit net folle eigen tinkkrêft en kreativiteit by. Wumkes (de oersetter fan it Alde Testamint) hat net folle oars dien as de Statenvertaling letterlik oersette, en sa hawwe de Fryske oersetters fan de Nije Fryske Bibeloersetting net folle oars dien as hast letterlik de oersetting fan it Nederlands Bijbel Genootschap oersette. Allinnich Kiestra hat besocht – en hy moast dat fanwege de rymjende foarm dêr’t er foar keazen hie fansels ek wol besykje – om wat orizjinelers mei de bibeltekst te dwaan. 

Twa-nul foar Kiestra, liket my. (Doelpunten dêr’t poëtysk ferslachjouwer Marten Sikkema, nuver genôch, gjin melding fan makket yn syn resinsje.) 

Lit ús dan no ris nei yn it each rinnende kreative mominten sjen. Kinne wy yn de Fryske teksten formulearringen of passaazjes oanwize dy’t n geunstige sin ôfwike fan de boarnetekst, om’t se wat ekstra’s bringe, om’t se in fersterking betsjutte, om’t de oersetter op dat plak yn ús eagen in plom fertsjinnet? 

Wumkes jout in wurdlike oersetting fan de Statenvertaling en komt mei gjin inkelde eigen fynst, of it moat yn Spr. 2 : 3 wêze: ‘asto (..) dyn lûd útsetst ta de ferstannichheid’, dêr’t de SV jout: ‘zo gij (..) uw stem verheft tot de verstandigheid’. Allyksa komt de NFB mei gjin inkelde fynst of fersterking ferlike mei de boarnetekst fan it NBG, miskien allinnich dizze yn Spr. 2 : 14: ‘dy’t (..) it útjubelje om falske streken’, dêr’t de NBF hat ‘die (..) juichen over boze draaierijen’. 

By Kiestra springe lykwols de prachtige, eigen passaazjes samar yn it each. Hjir is it priissjitten, wat in feest foar de lêzer dy’t yn bibelteksten de krêft fan it poëtysk byld wol sa belangryk fynt as de korrektheid fan de letterlike oersetting. DHK Spr. 2 : 5 seit: ‘Slach alle wjerstân mei dyn wil ta pulver’ om it sulver te finen, dêr’t de NFB ‘der om [graaft]’, en WF it ‘[neigiet]’, SV it ‘naspeurt’ en NBG ‘naar haar speurt’. Spr. 2 : 6 belooft wiisheid ‘wa’t folget syn gebod, net eigen faai begearen’ en bringt dêrmei as iennichste in tsjinstelling oan. Spr. 2 : 8: ‘stokblyn en ûnbelêzen’, ‘hoedzje yn ’t fel wrâldsk ljocht’; Spr. 2 : 15: ‘behagen hawwe yn oarmans tsjoed’; Spr. 2 : 16: ‘te wach nimst foar de fine netten’; Spr. 2 : 19: ‘dy’t by har yngean wylgje wei as hea’ – stik foar stik eigen, poëtyske formulearringen dy’t yn gjin fan de oare hjir presintearre bibeloersettingen oantroffen wurde kinne. 

Trije-nul foar Kiestra. Noch even hear. 

Op wurdnivo is der nammentlik ek noch in nijsgjirrige ferliking te meitsjen. Dan giet it om de twadde omskriuwing fan de ‘frjemde frou’, de ‘vreemde vrouw’, yn DHK ‘in frjemd frouminsk’. Alle teksten brûke dan ‘de onbekende’/‘de ûnbekende’, ‘die met haar redenen vleit’ (SV), ‘dy’t flaaiket mei har wurden’ (WF), ‘die gladde woorden spreekt’ (NBG) of ‘mei har flaaikjende wurden’ (NFB). DHK lit in twadde haadwurd fuort, mar omskriuwt it mei ‘dat dy troait en flaait’. ‘Troaie’ betsjut ‘ferliede’ en dat is presys wat de bibeltekst bedoelt te sizzen oer de ‘frjemde frou’: sy is de frou fan in oar, alteast, net dyn eigen frou, dêrsto mar better net al te yntym mei omgean moatst. Willem Swart brûkt yn syn gearfetting fan Spreuken 2 it âlde wurd ‘boeleerster’, neffens myn Van Dale betsjut dat ‘een overspelige minnares’. Wy sjogge dus dat Kiestra better de kearn rekket fan ‘de frjemde frou’ yn Spr. 2 : 16 as alle oare hjir oanhelle teksten. 

Fjouwer-nul foar de Fryske poëzijfersy fan Spreuken. 

Yn it gefaarlike karakter fan dy ‘frjemde frou’ is wol in allegory sjoen mei de Grykse geast dy’t mei de feroveringen fan Aleksander de Grutte ek de joadske mienskippen berikte. Alsa Michaël Friedländer, sitearre by Swart: “(..) dass hier auch der neue Geist in seiner gefahrbringenden Gestalt uns allegorisch dargestellt wird und zwar in dem fremden Weibe, dessen bezauberndes Wesen den Abfall vom Bunde Gottes verkörpert”. Ek is yn de ‘frjemde frou’ wol in joadske ferwurking sjoen fan de Babylonyske goadinne fan leafde, oarloch, fruchtberheid en seks, Ishtar, en har ôfwiisd wurden troch Gilgamesj op de sechsde tafel fan it epos dat syn namme draacht. 

Mei syn útdrukkelike ferwizing nei de ferliedingskeunst fan de frjemde frou leit Kiestra de klam op har gefaarlike karakter – en wiist er faaks ek op in persoanlike ferarbeiding fan de allegory, sa’t ik yn ‘Bibeloersetting as boetedwaning’ suggerearre ha. Foar him soe sy stean kinne foar syn ferblining yn de fjirtiger jierren, doe’t er it kwea fan de Dútske nazi-ideology te let ynseach. 

Alsa fiif-nul foar Douwe Kiestra. Marten Sikkema hie mear flyt dwaan moatten op syn resinsje. Faaks hie er de âld boer serieuzer nimme moatten. Of wie er belutsen by de (earmoedige) Nije Fryske Bibeloersetting dêr't in jier foar syn stikje yn de krante mei út ein set wie? Ik wit it net. Yn alle gefallen (fluitsinjaal):

Game over.


.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten