donderdag 16 december 2010

Tim op Aldjiersdei yn de Volkskrant

Der binne berjochten dy't jin mear sizze as it bliid boadskip dat yn dizze tiid fan 't jier útsutele wurdt... Ien sa'n berjocht kaam twa wike lyn, en dat is dat myn âldste jonge Tim (10) op Aldjiersdei mei in lyts fraachpetearke en in foto yn it Volkskrant Magazine komt.

De krante hat mei fiif bern praat dy't yn it jier 2000 berne waarden en dy't no al in grutte belofte binne yn wat se dogge. Tim spilet sûnt trije jier fioel, waard dizze simmer as jongste oait talitten ta de Academie Muzikaal Talent yn Utert en hat sûnt in pear wike as jongste yn Nederlân de beskikking oer in muzyk-ynstremint yn brûklien fan it Nationaal Instrumenten Fonds, dat sa'n 400 ynstreminten útliend hat. Hy bespilet no in fioel boud troch Willem Paul Kunze yn 1930. Yn oktober wûn Tim in 2e priis op it 24ste nasjonale Concours fan de Stichting Jong Muziektalent Nederland yn Rotterdam.

Bjusterbaarlik. It is my noch net, nei 45 jier net, slagge om in fraachpetearke yn de Volkskrant te krijen...

Op de presintaasje fan Sprankeskyn, by Geertje Kingma en Sieger Rodenhuis thús yn Ljouwert op 14 novimber, hat in lyts tal minsken him ek spyljen heard. Johan Veenstra skreau op syn weblog in dei letter: "Abe het gedichten veurlezen en... zien zeuntien Tim van tien jaor het mit pianobegeleiding op 'e vioele speuld. Prachtig! Dat kiend is dus een wonderkiend. Hier zuwwe ongetwiefeld nog in boel van heuren. Et zol mi'j niet verbaozen a'k him over goed tien jaor op 'e tillevisie zien zal mit een ontroerende vertolking van een sonate van Telemann in The Royal Albert Hall. Een violist van wereldklasse! Een Friese Yehudi Menuhin!"

No der om tinke dat myn jongste, Luuk (8), net yn 'e knipe komt troch al dat omtinken foar syn broer. Luuk hat alle Harry Potterboeken lêzen, mar dêr wurde se by de krante net oars fan... Lykwols is ek hy in lyts wûnder. En mei dizze beide bern yn de skatkeamer fan myn hert kin ik de Krystdagen wol yn.

Tim de Vries (foto: Abe de Vries)

vrijdag 10 december 2010

One More Cup Of Coffee





Your breath is sweet
Your eyes are like two jewels in the sky
Your back is straight your hair is smooth
On the pillow where you lie
But I don't sense affection
No gratitude or love
Your loyalty is not to me
But to the stars above

One more cup of coffee for the road
One more cup of coffee 'fore I go.
To the valley below.

Your daddy he's an outlaw
And a wanderer by trade
He'll teach you how to pick and choose
And how to throw the blade
He oversees his kingdom
So no stranger does intrude
His voice it trembles as he calls out
For another plate of food.

One more cup of coffee for the road
One more cup of coffee 'fore I go.
To the valley below.

Your sister sees the future
Like your mama and yourself
You've never learned to read or write
There's no books upon your shelf
And your pleasure knows no limits
Your voice is like a meadowlark
But your heart is like an ocean
Mysterious and dark.

One more cup of coffee for the road
One more cup of coffee 'fore I go.
To the valley below.