zondag 25 november 2012

David Oistrakh plays Vitali, Chaconne

Pier fan Holwert


Wa wit wa't de byldhouwer is fan dizze Don Quichotte, Pier fan Holwert?

C.O. Jellema - Aurora borealis (oersetting Goaitsen van der Vliet)

Hoe't it begûn – in hast net te bespeuren ferkleuring,
in wolkje as in manljushân, mar no net
opstiigjend út 'e see, fan ergens yn de lege,
iiskâlde poalnacht boppe ús tusken de stjerren
in flek. Wy seagen der fan op, sa oars as
boppe de krúswegen thús in neongloede,
en nuver, wy seagen de stjerren der noch trochhinne.

Hurd groeide dan dy flek út ta in brede,
de romte oerspannende gielgriene bân,
him útrekkend, omkrôljend, wjukkelwynderjend
in baaier dy't gjin ljoch joech, it ljocht wíe,
in wale fan strielen dy't it tsjuster tsjuster liet.
It griep ús oan, dat sil 'k dy fertelle, wy,
yn ús waarmste klean en, it wie net te hurdzjen
en bliuw stean, lizzend op it achterdek –
it skip fear kalm tusken kust en eilân troch –,
wy tochten ‘sjen is de siele, is nei de stjerren sjen
en dêrhinne stadich optild wurde' miskien.

Neam it ûntsach foar wat wy seagen foar it earst,
in bytsje waarden wy doe bern, foar ús gefoel
wie ús ierde wer plat flak en dêrop de see,
de rotskust en it eilân hoedzjend oerwulve
troch wer de himeltinte, in koepel dy't it skynsel
trochliet van dêrjinsen, en wat wy wisten fan
laden dieltsjes ôfstjitten troch de sinne,
fan de poalmagneetkracht, gleon dampkringgas,
waard spoarleas yn ús sjen útwiske. Nee, foto’s
woe 'k net meitsje, want gjin wale, tink ik,
hoe lang ek iepen fangt in berte fan ljocht sa
yn it oanbegjin op, do silst it mei it wurd
sels dwaan moatte en dan dyn foarstelling dêrby,
ek al dielt net ien dy mei dy, mar leauwe: dat
jout in soarte fan ivigens in glimp. – Tiid ferfljocht,
hjir wurdt it maityd no, titelroazen bloeie, knoppen
fan de kastanje tine; soms bewarret ien oere
in lingte libbenslang, lykas dêre nachts oan dek
dat stjerrendekâlde ûnder ûntelbere stjerren
mei doe dat ljocht, en wy dy't seagen hoe't it begûn.


woensdag 21 november 2012

Wybenga-feestje sûnder de ynlieder

Sneon wurdt it saneamde ‘Samle wurk’ fan Jan Wybenga presintearre yn Warten. In útjefte yn twa dielen fan Frysk en Frij, aansen te keap foar it freonlike pryske fan 125,- euro. Diel 1 befettet de samle fersen, mei in ynlieding fan sa’n 50 siden (18.000 wurden) fan my. Plus ek noch koartere tematyske stikken oer syn poëzij fan Teake Oppewal, Albertina Soepboer, Jabik Veenbaas en Piter Yedema. Diel 2 befettet allerhanne proazawurk en in stikmannich net al te nijsgjirrige skilderijen/tekeningen fan Wybenga, mei in ynliedende tekst oer syn byldzjende keunst fan Huub Mous.

Utjouwerij Frysk en Frij neamt it yn útnoegings en parseberjochten it ‘samle wurk’. Ik ha de ynhâld net sjoen – net it proaza en ek de stikken fan oaren oer Jan Wybenga net. De grutte kenner fan Wybenga’s proaza, Goaitsen van der Vliet, is ek net by de gearstalling belutsen. Syn samling It hûs en oar neilitten wurk (1998), is dy opnommen yn diel 2? Goaitsen wit yn alle gefallen fan neat.

Diel 2 moat it sûnder ynlieding fan dizze (iennichste) saakkundige dwaan. De útjouwer fan Frysk en Frij hat alles op syn eigenwize houtsje dien. Sammelje, besoargje, ferantwurdzje. It projekt is spitigernôch út syn naad skuord sûnt ik yn desimber ferline jier fan de útjouwer te hearren krige dat allinnich de yn bondels en tydskriften publisearre fersen sammele wurde soene. Ik lei dêr tsjin yn dat ik yn it letterkundich argyf fan Tresoar bysûnder weardefol en belangryk wurk tusken de net-publisearre fersen oantroffen hie, 18 jier nei de dea fan de dichter. Dêr woe er ynearsten neat fan witte. Sitaat: “Dat stelt allegear net folle foar.”

Op ien of oare wize is it Teake Oppewal en Goaitsen van der Vliet doe slagge om de útjouwer derfan te oertsjûgjen dat er ferkeard siet. Gefolch: ik moast myn ynlieding, dy’t begjin jannewaris al klear wie, oanpasse en útwreidzje. Gefolch twa: de ‘samle fersen’ blike ynienen transformearre te wêzen yn it ‘samle wurk’. Ik winskje de dielnimmers oan it sympoasium en de besikers in noflike sneon.

dinsdag 20 november 2012

Jake Bugg - Country Song

Moarn yn it Friesch Dagblad: Lesboekjes Afûk moai sa litte

Moarn fansels wer in Skroeier yn it Friesch Dagblad, diskear oer in mooglike staveringswiziging op kommendewei. In tal taalwittenskippers fan de Fryske Akademy tinkt dêr oer nei. Fia it appelhôf hearre wy al sizzen dat de Afûk syn learboekjes oanpasse sil. Mar Provinsjale Steaten tinke hooplik wol twa kear nei foar’t se beslute dat it allegear wer oars moat mei de –u’s en de –û’s: 

"(..) De fraach dêr’t de gearstallers [fan it Fryske ‘groene boekje’ – AdV] foar stean, is oft de ‘û’- en ‘oe’-regel út 1945 no wer op ’e nij fêststeld wurde moat. Of moat de besteande praktyk sanksjonearre wurde? Moatte de lesboekjes fan de Afûk miskien oanpast? Provinsjale Steaten hawwe it foech om dat te besluten. 

It liket my gjin goed plan ta. Dat in stavering net folslein basearre wurdt op konsekwinte regels, wêrom is dat slim? Taalbrûkers binne prima by steat en werken útsûnderingen. En dy’t in taal leare wol, wit dat er sa út en troch in rychje útsûnderingen deryn stampe moat. It iennichste werklike alternatyf is in folslein fonetyske stavering, lykas yn it ferline wol útsteld is troch skriuwer en taalkundige Trinus Riemersma. Mar te min woene dêr in bek op sette. Frysk grien boekje of net, de Afûk moat syn lesboekjes mar moai sa litte."

maandag 19 november 2012

Kletsmajoar yn 'e skynwerpers

Steven de Winter (‘Provinciale steun voor Fryske Kultuer is geldverspilling’, de Moanne, juny 2012 mar noch altyd prominint op de ynternetsite) ‘zit niet op een nieuwe cultuurnota te wachten die vooral het Friese oergevoel wil uitdragen’. Dat skriuwt er út namme fan himsels, mei ik oannimme. Mar it kin ek wêze dat er dat docht út namme fan ‘wij, inwoners van deze provincie’. Hoe’t dat ek wêze mei, ik slút my fan herte by him oan. It ‘Friese oergevoel’, brrr.

In pear tellen letter hat er it sels oer in ‘chauvinistich-regionalistische ideologie’, en dat sa’n ‘ideologie’ fansels net tsjinje kin as kritearium foar de wurdearring fan kultuer. Alwer hat De Winter grut gelyk. Asjebleaft gjin ideology.

Allinnich: wêrom trapet er sa graach iepen doarren yn? Allinnich: wêr kin ik dat ‘Friese oergevoel’ fiele? Allinnich: wêr kin ik wat mear te witten komme oer dy ‘chauvinistisch-regionalistische ideologie’ yn it keunstbelied?

Dêr jout De Winter allegear gjin antwurd op. Hy suggerearret – mar it bewiis is fansels poater – dat de Provinsje miskien wol allinnich kulturele uteringen subsidiearje wolle soe dy’t de Fryske taal befoarderje. Wêr’t dy eangst weikomt, nimmen dy’t it wit, útsein De Winter. Miskien moat er de Provinsje efkes skilje. Gewoan freegje hokfoar kulturele uteringen allegear wol net mei in protsje provinsjaal jild mei mooglik makke wurde. Dêrnei sliept er grif gerêster.

Kwaliker is de suggestje dat de Provinsje hielendal gjin jild útjaan moatte soe oan kulturele uteringen dy’t yn it Frysk dien wurde en dy’t miskien wol in taalbefoarderjend effekt hawwe. Yn de bla-bla fan De Winter giet soks sa: ‘Een culturele ervaring, een boek, een theatervoorstelling, een concert, moet vanwege de inhoud voor ons bereikbaar zijn en vooral niet omdat de Friese taal erdoor bevorderd zou kunnen worden.’

Dêr feroaret menhear efkes fan in guodlik skiep dat oer syn lammen yn noed sit, yn in wolf dy’t de oare fauna wat ûntnaderje wol. Noch efkes ôfsjoen fan it konseptuele probleem fan foarm en ynhâld dêr’t er foar it gemak mar oan foarby giet – yn talige keunst fynt men taal werom yn beide kategoryen –; hoe krijt De Winter it yn ‘e plasse en slút beskate soarten keunst út fan subsydzje, allinnich net de keunst dy’t himsels noasket?

En noch even ôfsjoen fan de spesjale ferantwurdlikheid fan sawol Ryk as Provinsje foar it Frysk en dus ek foar keunst yn it Frysk: ik kin net ien-twa-trije oanwize wa’t yn dizze provinsje (beliedsmakkers, keunstkenners, sjoernalisten, resinsinten?) ‘cultuur waarderen vanuit een chauvinistisch-regionalistische ideologie’.

It omkearde foarbyld dêr’t De Winter mei oansetten komt helpt my ek net in sprút fierder. Net allinnich Eeltsje Hettinga net, mar net ien serieuze Fryske dichter wol graach wurdearre wurde ‘omdat hij Fries is, of in het Fries schrijft’.

Wêr hellet De Winter it lef wei om te suggerearjen dat it oars is? En wêr de feiten, wêr de arguminten?

Koartsein, it is in tizeboel yn de holle fan Steven de Winter. Wierskynlik hat er hjir en dêr ris in stikje Mous preaun en in rigel Hettinga opfongen, en no tinkt er dat er ek wat yn itselde ponkje dwaan moat. Spitich dat in blêd as De Moanne sa’n kletsmajoar yn ‘e skynwerpers set.

maandag 12 november 2012

Woansdei yn it Friesch Dagblad: Frege: oanjeier Fryske literatuer (m/f)

Woansdei wer in Skroeier yn it Friesch Dagblad, oer it plan fan de provinsje om in 'yntindant' foar de Fryske literatuer oan te stellen, dy't soargje moat dat Fryske boeken bûten de provinsje en yn it bûtenlân omtinken krije:

"Ut ‘it fjild’ komme lûden dat no earst thús mar ris de boel better beoardere wurde moat. Dêr sit fansels wat yn. Skriuwers moatte hjir oan de útjefte fan eigen boeken meibetelje, oars ferskine se net. Boeken berikke hieltyd minder keapers. Literêre tydskriften moatte op syk nei sponsoaren. De Frysk-literêre flagge hinget der op eigen hiem suterich by, wat sille wy dan oer de grinzen sjen?

Miskien leit de oplossing yn in útwreiding fan it takepakket fan bedoelde yntindant. Soms kin belangstelling ‘fan bûten’ de eigen literatuer wol deechlik in ympuls jaan. Dat wie bygelyks it gefal mei de Spiegel. Dus ja: besykje it nochris. Mar soargje dan dat de nije funksjonaris ek wat betsjutte kin oan it thúsfront. Lit him of har ék de oanjeier wêze dy’t de stichting Boeken fan Fryslân, de opfolger fan It Fryske Boek, op dit stuit sa jammerdearlik mist."

zondag 11 november 2012

Squirrel Nut Zippers - Hell

Calexico - The Vanishing Mind

Leonard Cohen - Famous Blue Raincoat (Live)

Sint-Martensfjoer 1930

De stoarm en de nacht strûsden tegearre
Op wylde wjokken fan ’t tehaav’ne swurk
En fûle fleagen, as yn grym fergearre,
Oer lege lânen en lyts minskewurk.

Dêr’t allegearre, dy’t har Lok ferwachten
Lôgje te litten yn in sêfte brân,
No skouderskoarjend stiene tsjin de machten,
Of ûnderdienich, inoarren by de hân,

En ’t oansjen moasten hoe’t dy woeste krêften
De flammen fan har skeamel prikkefjoer
Deltwongen en berôven fan har trêften,
Sadat se kroepen, leech it hjerstlân oer,

Soms jitte grôljende yn gleone wille,
Fêstklibbe oan it âlde kranteguod
Dat baarnend oer it fjild stau en fersille;
Kâldfjoer fan wurden, ien stûne en dan fuort…

Mar effen gong de lôge oer de loften,
Doe sonk it fjoer yn jiske en fûnken del.
D’ omstanders sakken ôf yn lytse kloften,
Har lampions dy flikk’ren wif en kjel.

In lêste stipe dy’t hja wiis bewarren,
Glimswiete oantreast ta it walchlik dwaan,
Sjongend te biddeljen by ’n oarmans doarren:
In groetenis oan wanhope en waan!

Sint-Martensfjoer, de dream fan Lok, fergongen
Yn frjemde stoarmen en in tsjuster lot,
It waard de jûns fan tritich in ferwrongen
Bea om it âld en dûnker heil by God.


Douwe Kiestra

donderdag 8 november 2012

Emma Breedveld - Na den beginne

Willie Nelson & Calexico - Senor (Tales Of Yankee Power)

Hjerst

De jûn is rûzich en yn kâlde fleagen
Reint it bytiden oer d’ ûnlij’ge romt’;
De mar brûst bluistrich yn oerstjoere weagen,
It lêste beaken is it ljocht benomd.

Omfierren inkeld jit wat wif geglinster,
In stoarmlantearne sling’rjend oan de mêst
En soms it lampeskynsel troch ’t roefsfinster
Fan in ferwaaide skûte op ’n sânplaat fêst.

Unwennich gûlt de wyn yn de hûshernen,
De smoute hurd kin no gjin taflecht jaan;
Wy sitte by mankoar as krêft-ferlernen;
Wat jout it, dochs de blinen ticht te dwaan?

De keallen bruiden troch de jisterswringe
En komme oan it finster, ien foar oar;
De grutte guodlike eagen freonlik twinge
Om ’n bytke oanhâld mei sa’n nacht yn ’t foar.

Hoefolle fan wat bûtendoar benachtet
Komt nea te stâl en wurdt it libben nomd?
Ja, it is goed, net witte wat der wachtet,
Mar hoe ferriederlik de dea dochs komt.

Is dit de winst fan ’t libbenslange stribjen
Om te behurdzjen ta wrâlds wrede krêft,
Allinken oan illinde te besibjen,
Mar yn te tarren fan ús leafde en trêft?

Dit fan ús djoer talint de skeam’le rinte?
Ik gean nei bûten oft de wyn faaks falt
En strak in stjerre trochbrekt oan Gods tinte…

De kuozzen raze en komme út har klinte.


Douwe Kiestra, 1928

woensdag 7 november 2012

Tim de Vries / Léon Bak play Bruch, Violin Concerto Nr. 1, part 1: Allegro moderato

Hjoed yn it Friesch Dagblad: Fonetysk wâldsk

Hjoed yn it Friesch Dagblad in Skroeier nei oanlieding fan de Facebookside 'Leaver dea as slaef', lykas bekend in útspraak dy't oan Grutte Pier taskreaun wurdt. Nee, it giet net (allinnich) oer de gewearkes:

Harren Frysk is om te gûlen. Dat witte se sels ek wol, mar dêr wat oan dwaan, wolnee. “Wot n eamelderije om hoe't ien syn Frysk skriuwt,” lit in reagearder witte, “it got der om ost dy Fries fielst (..). En yn die taal ha we dialecten, far mie de reden om fonetysk wâldsk te skriûwen omdot we die dialecten ek yn stân hâlde matte. Ot wie ollejer geef prate matte, is de folgjende stap nij de fernederlânsking set.”

De tsjinstelling tusken it nasjonalisme fan dizze minsken en harren non-behanneling fan de taal fernuveret. De reagearder út de Harkema of de Westereen makket gewoan in baas tinkflater. Fernederlânsking leit just op ’e lúster as elk syn eigen eigenwize stavering en dialektyske ôfwikingen hillich ferklearret. Grutte Pier soe him it leksum lêze.

Menear Luuk hâldt audiïnsje yn de foyer


Theater Odeon, Swol

vrijdag 2 november 2012

Fairport Convention - Who Knows Where The Time Goes

De neisimmer yn Jongema-State


DE NEISIMMER YN JONGEMA-STATE

Gjin neisimmer ea
As fan dizze oktober,
De blêden dêrboppe
Waaie net ôf, noch
Fan nachtfroast befongen
Litte se los in kear...
Se ferstjerre hiel stadich
En ferkleurje dêrneffens,
Se ferwylgje, ferdroegje
As ta ronf'lich krêppapier
En falle te'n lêsten,
Nee, falle net feitlik,
Mar dwirrelje en wilewaalje
Stilwei nei ûnderen
As in skulp yn it wetter...
Dy tûzenen fan blêden,
As fan âlde minsken
Tûzenen fan gedachten
Ek kamen nei boppen
Waarden útspûn en weefd
Oant se ek wer fersonken...
Sa lizze no fersille
Dy tûzenen fan blêden
Op hiel stille paden,
Op hiel stille plakken,
Tusken hiel stille beammen...
Sa moasten allegearre
De minsken it meie,
Ek dy frou hjir tichtby:
Blêdstil ferstjerre,
Fuortgean, fertiigje...

Nov. 1969
Douwe Kiestra