zondag 19 april 2026

Befoarderje, nije styl


Marije de Lange ynterviewt Tsjerk Bottema, tsjintwurdich sjef fan it provinsjeblêd de Moanne, earder lange jierren amtner by deselde provinsje. Tsjerk B. is it managemintbroerke fan Ernst B., dy sitte yn deselde gebouwen. Krekt, Bûterhoeke, Blokhûspoarte, Twabaksmerk. It binne Afûkers. En se ha mar ien opdracht: skaf de Fryske literatuer ôf en rop de ‘literatuer yn Fryslân’ út.

Yn dy fariant fan blyn provinsjalisme kombinearre mei behyplik kosmopolitisme kinne ek Hollânsktalige ‘makkers’ dy’t yn it Frysk analfabeet binne, gading meitsje oan subsydzjejild dat foar it behâld fan it Frysk ornearre is. Wie. Oait.

Marije de Lange – ek mar efkes in yntro – is berne en opgroeid yn Mûnein, dêr’t se as jong famke de boeken fan de byb wol oant trije kear ta lies. Lês ik. En sûnt se in pear jier lyn it poadium op stapte mei eigen gedichten ‘is syn [sic] Fryske oarsprong no, úteinlik, in boarne fan grutskens wurden’. Slach acht op dat ‘no, úteinlik’.

De ynterviewster hat yn alle gefallen in protte boeken faak opnij lêzen. Folle doel hat dat oars net hân, want út dy berch lektuer hat se ûnder mear oppikt wat se no oan Tsjerk Bottema foarleit: ‘Friese boeken gaan vaak over dezelfde thema’s: grutskens, de dorpen, de boer… Een beetje navelstaren?’

Je binne noch wat nayf; je fertrouwe op it goede yn de minsken. Je ferwachtsje dan dat Tsjerk Bottema, sels soan fan in Frysk skriuwer, en sjef fan in kultureel highbrowblêd, dêr wol wat tsjinyn lizze sil. Wolnee! Al dy universele tema’s yn al dy universele Fryske boeken, dêr hat net inkeld Marije de Lange noch noait fan heard, ek Tsjerk Bottema fielt him net roppen om derop te wizen.

‘Ja,’ antwurdet er, ‘maar het is ook de vraag: Wat is Friese literatuur? Is dat literatuur in het Frysk, of is dat literatuur in Friesland? Wat mij betreft is het allebei. Dan wordt het al wat minder navelstaarderig.’

Dus, efkes foar de notulen. Nederlânsktalige literêre teksten skreaun tusken Dokkum en Wolvegea moatte tenei ek ta de Fryske literatuer rekkene wurde. Of moatte se, lykas de troch fa. Bruinsma & Bottema o sa priizge roman Geller fan Gabriëlle Terpstra, dan earst noch wol yn it Frysk oerset wurde? Letter hoecht dat oersetten miskien ek net mear. Hell yeah, wêrom net dalik ek mar alle Ingelsktalige húsflyt tusken Surch en Appelskea derby belûke?

Mei sok suïsidebelied is de Ljouwerter literatuerdiktatuer al sûnt de blomlêzing Swallows and floating horses fan Ernst Bruinsma út 2018 oan ’e gong. It sjueryrapport by de Gysbert Japicxpriis fan ferline jier wie wat dat oanbelanget in twadde tryste mylpeal. En no dus Bottema yn ’t spier foar it ferhûddûke Nederlânsk yn ús skoandere meartalige provinsje. Dêr’t altyd wol in sympatike Rixt-dichteresse yn ’e buert omfytst, ree om yn de Moanne inketswart provinsjaal belied wyt te waskjen.

Allegear moai en aardich, mar komt der nochris in serieus petear op gong? Gean dêr mar net fanút. Us folk is sprakeleas fan bewûndering. Want de provinsjale Fryske taalbefoardering is no safier trochkrongen yn de delikate keunst fan it befoarderjen, dat it hielendal net mear noadich is om te befoarderjen dat it Frysk befoardere wurdt. Dát is pas befoarderjen!


Foto: Marchje Andringa/LC

.