zondag 22 maart 2015

Krekt ferskynd: nije essaybondel oer Fryslân en Fryske literatuer


Krekt ferskynd by útjouwerij De Contrabas yn Utert! Priis 17,50, 205 siden. Ek te bestellen by de skriuwer. Meitsje it bedrach oer op rekkennûmer NL56 INGB 0002 8901 94 û.f.m. namme en adres, dan wurdt in eksimplaar jo tastjoerd.

zaterdag 21 maart 2015

Waling Dykstra - It krantefrijen

As immen ’t yn ‘e holle het
In faam ta wiif te krijen,
Dan is ’t in âlde stielen wet,
Dan moat er earst oan ’t frijen.
Dan moat er om gjin muoite jaan,
Dan moat er him yn al syn dwaan
Nei ’t sinnich froufolk skikke.
Hy moat him klaaie nei de swier,
En swalkje soms wol oeren fier,
Wol hy syn wyt berikke.

Mar grut is by dat frijerswurk
’t Ferskaat yn de manearen;
In Fries dy frijt net as in Turk,
De boeren net as hearen.
Ién wyt gean se allegearre nei,
Mar elk giet net deselde wei;
’t Sil altyd wol sa bliuwe.
By alle folken fan ‘e wrâld
Besteane brûkmen fêst en âld:
Dêr koe men in boek fan skriuwe.

It gyng foarhinne soms al bryk;
Neam mar de queesterijen,
Grif seit men, ’t wie gjin spul allyk,
Dat wie gjin styl fan frijen!
Dan slûpte in feint, stil as in mûs,
By nacht by ’n frijster yn ‘e hûs
En by har op ‘e tekken;
Hy bleau der faak de hele nacht,
Mar naam de sedichheid yn acht,
Oars krige er op syn nekke.

En ’t liket fêst ek gek en sleau
By ’t jongfolk fan ús dagen,
Hoe’t men mei fammen hannel dreau
Te Skermerhorn en Skagen.
Jit folle núv’re dingen mear
Hiene by ’t frijen pleats alear
Dy’t nou yn ûnbrûk binne.
Mar altyd hien’ se dit bestek:
Men kocht gjin katten yn ‘e sek,
Dat wie der fier fandinne.

Mar ’t sil nou yn ús wûnder-ieu
Der hast in aard fan krije;
Nou ommers brûkt men ’t krantgeskriuw
Ta’n middel om te frijen.
Men noeget nou de fammen út
Te kommen hjir of dêr: de gút
Dy’t ’t docht, ferswijt syn namme.
Mar giet in frijster der op ta,
Dy moat wis frijwat graachte ha;
Wat sizze jimme, fammen?

Mar ien dy’t op har eare stiet,
Men kin ’t mar stellich leauwe
Dat dy der nimmer hinne giet.
En manlju dy’t soks skriuwe,
Al is har skriuwen echt en wier,
Beledigje yn it iepenbier
De fammen allegearre.
Mar kom, ‘k haw okkerdeis fernomd
Hoe’t dat hear Nihil is bekomd;
Dat sil’ jim nou ris hearre.

Hear Nihil hie syn faars kaptaal
Ferbruid mei mâle flinken;
Nou wie syn ynkomst al wat skraal
En hy begûn te tinken
Dat hy syn steat net hâlde koe
As hy net hongerlapje woe.
Dat wien’ twa slimme dingen,
Dy noasken alle beide ‘m net;
En dochs syn post wie net sa fet
Om folle troch te bringen.

In muoike hie ‘r, in ryk âld faam,
En as dy kaam te stjerren,
Dan kaam hy mei as erfgenaam.
Nou hie ‘r it al prebearre
As der wat los te krijen wie;
Mar muoike sei him dêr’t ’t op stie:
,,Do silst fan my net toppe;
Dyn eigen hest al op en wei
En deeld’ ‘k nou fan mines mei,
Dan hiest my handich roppe.”

Dêrby kaam jit it drigemint:
,,Asto dy net wat mijste,
Dan meitsje ‘k yn myn testemint
Datsto gjin grevel krijste.”
Hy seach dat hy ’t dêr licht bedoar:
Dat hja nou mar wat skielk stoar,
Dat wie syn grutst ferlangen.
Hy sei: ,,’k Woe dat se op it tsjerkhôf lei;
Mar se is ek as in murd sa taai,
Dy âlde gier’ge tange.”

,,Nou wie der lykwols jit wol rie,
Koe ‘k mar in wiif beloere
Dy’t jit wat yn te struien hie;
Dan koe ‘k myn spul wer stjoere.
Dêrop ha ‘k ek al setten dien,
Mar ’t is my altyd min fergien.
‘k Lit dochs it jit net sitte;
Komoan, de krant te bate nomd,
Licht dat der dan wol gau ien komt:
Men kin it net ris witte.

Jild moatt’ se ha, dat sprekt fansels,
Oars kinn’ se my net bate.
Al wie se krom, al gie se kwels,
Al koe se net goed prate;
Al wie ’t it âldermâlst bestek;
Al wie se net wiis, ja stapelgek,
Ik liet se der net om rinne.
Mar as der sûnder jild ien kaam,
Al wie ’t ek de âldermoaiste faam,
Ik stjoerd’ se grif wer hinne.”

Mei gauwens hie m’n yn ’t nijspapier
It folgjende te lêzen:
‘In manspersoan fan tritich jier
Soe wol genegen wêze
Te trouwen mei in faam. Syn post
Jout jit wat mear as deiske kost;
Hy libbet ûnbeskromme
En sjocht dêrom op rykdom net;
Mar lykwols ien dat jit wat het,
Sil net fan ûnpas komme.’

In freonlik, gol en sedich aard
Dat soe dochs boppe driuwe.
Tink wat in koal der útfeild waard,
Men soe it hast net leauwe.
Dêr’t har in faam ferfoegje koe,
Dy’t der nou mar nei stikje woe,
Dat die men er by te witten.
En wienen se oer ’t gepraat yn noed:
Geheim soe ’t bliuwe trou en goed,
Dat waard der by ûnthjitten.

De fammen op ‘e rygle wei,
As hja dat lêzen hiene,
Dan hien’ se moai de gek dermei.
En as der al guon wiene
Dy’t dat wol aardich klonk yn ’t ear,
Hja kamen dochs der net oer gear
Om der ris nei te rinnen.
Ién âlde strider fan in faam,
Wit ik, dy’t it weachstik ûndernaam;
Hja reizge dêr ris hinne.

Hja tocht: ,,Ik bin nou sechstich jier,
Mocht ik ris tachtich krije,
’t Wie in hele rek, sa wier!
Fan heukerjen en lijen.
As ik dy jonge keardel krij
Dat wurdt in hele steun foar my.
Mei ‘k him nei ’t sin net wêze,
Myn jild kin dochs in bulte dwaan;
En wol er soms my ’t sin net jaan,
Dan sil ik him it leksum lêze.”

Hja gie dan nei de kepler ta
En joech har winsk te kennen;
En mei in bûgemint of twa
Brocht har dy man nei binnen.
Doe waard de frijer dêr ûntbean;
Dy seach se al skielk foar har stean.
Mar hy ferbriek syn stimme,
En om’t hja swak fan eagen wie
En doe, fansels, gjin bril op hie,
Koe hja gjin kwea fernimme.

Mar hy, hy seach wol wa’t dêr siet,
Hy doarst gjin wurd hast sizze.
Och fij! Syn eigen muoike wie ‘t:
Hoe soe er dat belizze?
,,It spyt my,” sei er op it lêst,
,,Mar juffer, ‘k leau it is mar bêst
Dat wy ’t ferkearen mije.
Want jo binne âld, ik yn myn fleur,
Dat lekken skeelt tefolle yn kleur;
’t Sil net mei elkoar flije.”

Hja sei: ,,Dit is gekoanstekkerij!
Datst my hjir komme litste.
Mar ‘k wrekje my jit wol op dy;
‘k Wol witte wa’tsto biste.
Dyn stimme is my net ûnbekend,
Ik haw der earder net op sind;
Ik sil de bril opsette!”
Wêrop’t hy flink de doar útfleach;
Mar dat hja daalk efter him teach,
Dat koe er net belette.

Hy naam ôfgryslik hakken op;
Hy woe har graach ûntrinne,
Mar hja brocht mei in lûd gerop
De jonges om him hinne.
Dy tochten dat er stellen hie,
En ’t holp net dat er nidich wie;
Hja namen him te pakken.
En muoike skold, as wie se dol,
De pochel op ‘e strjitte ‘m fol;
Dêr’t hja har mei fermakken.

Der kaam in keppel minsken by.
Mynhear wie poer en razen;
Want oer syn krantefrijerij
Stie hja mar út te blazen.
Elk tocht: dat minske het in roes,
Men brocht op ’t lêst har yn ‘e hûs,
Dat hja wer wat bedarre.
En Nihil hie der dit by wûn:
As hy ris oer de strjitte rûn,
Waard hy fan jonges narre.

Dat achte er lykwols net sa slim,
’t Wie gau wer wat besakke;
Mar muoike stoar, en hja hie him
De hele boel ûntmakke.
Doe klaude er alles byelkoar,
Al wie ’t meast eindom fan in oar,
Hy hâlde ’t mar foar sinen.
En mei in tûzen gûne twa
Ferhuze er nei Amearika
Om dêr syn lok te finen.

Dat Fryske fammen, it is gjin saak
Te gean nei ’t krantefrijen.
’t Is meast in sokses of in snaak
Dy’t in frouminsk helpt yn ’t lijen
As hy ien kriget yn it net.
En dêrom bliuw by de âlde wet
En frij mei deugd en eare.
Tink ien dy’t mei de krante frijt,
Syn deugden neamt, syn namme swijt,
Dêr moat wat oan mankeare.



(Yn: De Fryske Húsfreon, E. Ippius Fockens, Frjentsjer 1851, s. 39-46; omstavere)