donderdag 6 februari 2014

De Huisman-fariant

De rjochterfleugel – of faaks is dat yn dit ferbân in ferkearde oantsjutting – fan de Fryske beweging is bliid dat Fryslân Fryslân bliuwe kin yn de nijste weryndelingsplannen fan minister Plasterk. Ek Brabân en Limboarch bliuwe sa’t se binne, de rest wurdt gearfoege en komt der oars út te sjen. Grinslân en Drinte moatte tegearre. Fan de tolve provinsjes bliuwe der sân oer, is it idee. 

Opteine reaksjes op Facebook ûnder de Fryske ideologen. De protesten tsjin in earder idee fan it regear om in ‘lânsdeel Noard’ te foarmjen ha dochs mar moai fertuten dien. Lykwols is it de rjochterfleugel, ik neam it no sa mar even, noch net genôch. Benammen Kerst Huisman, âld-sjoernalist fan de Leeuwarder Courant, makket gjin geheim fan syn takomstfisy. Hy skriuwt: 

“Mar wy moatte ús no net yn sliep widzje litte. Us doel heart fierder te lizzen. Wy moatte yn Fryslân sels oer folle mear dingen sizzenskip hawwe. Neam it mar in (diel)steat. In hjir en dêr wat optúgde povinsje, dêr hawwe wy neat oan. Wy moatte ús doel heger stelle.” 

En:

“Dochs fyn ik dat wy yn Fryslân as ‘folk sûnder steat’ fêsthâlde moatte oan it stribjen nei ûnôfhinklikheid, al soe it allinnich mar wêze om dêrmei ris in folle wêzentliker ûnderwerp op de wurklist te krijen as de diskusje oer de fiertaal fan plaknammebuorden. Want by it stribjen nei ûnôfhinklikens moatte jo ek antwurden formulearje op de fragen nei it wolwêzen en it bestean fan de minsken en de mooglikheden dêrta.” 

In stikmannich saken falle my dan op oan sokke tekstkes. Op it foarste plak, as ik yn in Frysk ferbân ‘wy’ skriuw – ik ha it juster ek noch oan nasjonalist Willem Schoorstra útlein – dan bedoel ik yn ’e regel (al bart it net sa faak) ‘elkenien dy’t himsels Fries neamt’ cq. elkenien dy’t himsels Frysk fielt. Huisman bedoelt der hjir wat oars mei, ha ik it idee. Syn ‘wy’ lês ik as in oantsjutting fan in polityk-striidbere groep nasjonalistyske Friezen dy’t folle fielt foar in ûnôfhinklik Fryslân. 

It twadde dat my opfalt is de relative ûnbepaaldheid fan it politike doel fan Huisman. It kin gean om in ‘steat’, mar ek om in ‘deelsteat’. Yn dit ferbân soe ik de ûnbepaaldheid ek noch geografysk sjen wolle: it kin gean om Fryslân op himsels, om Fryslân plus Grinslân plus Drinte, of minus Drinte, en om Fryslân plus Grinslân plus hele stikken fan Noard-Dútslân en Denemarken. 

Yn alle gefallen komt it der op del dat ‘wy’ yn de Huisman-fariant in polityk-territoriale ienheid foarmje wolle yn lytsere of gruttere fersys, yn Fryskere of ynternasjonalere fersys, en dy ienheid dan op ien of oare wize ôfskiede cq. losser meitsje wolle fan de hjoeddeistige polityk-territoriale konstruksjes dêr’t dy gebieten deel fan útmeitsje. 

It tredde is dat sokke plannen bedoeld binne, net allinnich foar ‘wy’ yn de Huisman-fariant, mar fansels benammen foar ‘wy’ yn de De Vries-fariant. Foar elk dy’t himsels Fries fielt, dus. Want it giet der fansels om dat de rjochten fan ‘wy’ yn De Vries-fariant better boarge wurde – dat is teminsten de bedoeling – yn ien of oar, mear of minder, ûnôfhinklik Fryslân - better boarge as dat se binne yn de hjoeddeistige sitewaasje. 

It giet dus dúdlik net sasear om de rjochten fan al dy ynwenners fan Fryslân dy't har net spesifyk Frysk fiele (al gau in pear hûnderttûzen minsken, rûs ik). 

It fjirde dat yn it each rint, en no net mear sasear by beide niis sitearre tekstkes mar by ditsoarte fan diskusjes yn ’t generaal, is de meagere útlis fan dy bettere boarging. Wat Nij Fryslân better foar ‘ús,’ yn myn fariant bedoeld, regelje sil, wurdt ús noait helendal dúdlik makke. Dêr soene jo as Fries dochs wol graach in antwurd op hawwe wolle, foar’t jo beslute om entûsjast te wurden oer de Huisman-fariant. 

En it fyfde, en lêste: dat der noait keihurde sifers presintearre wurde oer Nij Fryslân - kinne wy dat allegear wol bestuiverje? - is ek de muoite wurdich om ris te sinjalearjen. Huisman neamt it hjirboppe wol efkes – “fragen nei it wolwêzen en it bestean fan de minsken en de mooglikheden dêrta” – mar syn utopy moat it neffens my al fyftich jier sûnder sifers dwaan. Dat ik soe sizze, it wurdt no hast tiid. 

Plasterk oer de brêge, dan Huisman ek.







.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten