dinsdag 4 februari 2014

In nije, omstavere, monumintale útjefte

De Fryske Bibel fan oersetters Geart Ailco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma út 1943 is sûnder mis ien fan de 20ste-ieuske taalskatten fan it Frysk. Ut literêr eachweid wei besjoen is ‘de WF’ ien fan de belangrykste klassikers yn de Fryske literatuer. 

Lykwols is dizze ‘bibel fan it Frysk’ allinnich noch te besetten yn de foarm fan in lyts, ûneachlik boekje, printe yn in letter dêr’t men it loerizer byhâlde moat, yn in stavering boppedat dy’t net fan dizze tiid is en dy’t de taalrykdom fan de oersetting foar de lêzer fan hjoed út it sicht hâldt. As dy lêzers it boekje al fine kinne – dit topstik út de kanon fan it Frysk kin ommers allinnich mar treddehâns oantroffen wurde op ynternet, of weistoppe op de boppeste planke achteryn stoffige antikwariaten. 

Dat soe oars moatte. Kultuerskatten fertsjinje it om koestere te wurden. De bibeloersetting fan Wumkes en Folkertsma fertsjinnet in nije, omstavere, prestizjeuze, monumintale útjefte

Is der in útjouwer dy’t dat aventoer oandoart? Binne der fûnsen dy’t har meiferantwurdlik fiele? Binne der lêzers dy’t sa’n projekt yn ’t foar mei in bedrach stypje wolle? Soks soenen wy útsykje moatte. Dy’t dêroan meidwaan wol, wit my te finen – dy noegje ik by dizzen út foar oerlis.


Geen opmerkingen:

Een reactie posten