“En ik doar te sizzen dat wat myn libbensskôging oanbelanget, dat ik dochs myn earste foarming net alderearst út de Fryske Beweging krige haw, mar dat ik dy opstutsen haw by dûmny Swart.”
Dat sei yn 1970 yn in fraachpetear de Fryske dichter en skriuwer Douwe Hermans Kiestra oer dr. Willem Swart (1879-1937). Nei tips fan André Looijenga, Kees Draaisma en Elske Kampen kaam Swart, dêr’t ik neat oer fine koe, boppe wetter. Ut it LC-argyf en op ynternet kin ik no it neifolgjende oer him byinoar swylje.
Willem Swart wie in boeresoan út Gryptsjerk, in bern fan de út Bûtenpost ôfkomstige lânbouwer Anne Swart en Wietske Noord, foar har trouwen tsjinstfaam, út Ezinge. Willem syn âldere broer Gerrit Albert Swart (1878-1956) soe ek predikant wurde. Hy wie troud mei in Kuitert út Grins.
Swart troude yn 1909 mei Aaltje Fokkes de Zee (1879-1968) út Aldeboarn. Hy wie doe al twa jier dûmny fan de Ned. Herf. gemeente Húns-Lúns, syn earste (?) stânplak. Se krigen twa bern, de dochters Wiek en Jeltje. Yn 1907 hat er sollisitearre (fergees) nei de funksje fan learaar Hebrieusk oan it gymnasium te Ljouwert. Doe wie er al dwaande mei syn promoasjestúdzje oan de universiteit yn Grins, dêr’t er yn 1908 promovearre op De invloed van den Griekschen Geest op de boeken Spreuken, Prediker, Job, in proefskrift dat hjir te lêzen is. Syn ynspirator dêrby hat west prof. dr. Gerrit Wildeboer (1855-1911), heechlearaar yn Grins en dêrnei yn Leien.
Folle letter (1968) sil Douwe Kiestra in Fryske oersetting yn it ljocht jaan fan it bibelboek Spreuken.
Fan 1912 oant 1931 is Swart dûmny yn Sijbrandabuorren-Tersoal; fan oktober 1931 ôf oant syn dea op 25 septimber 1937 yn Bitgum. Yn 1919 kin in tasein berop nei Winsum-Baard gjin ferfolch krije, mooglik om’t it predikantstraktemint fan dy gemeente oan de meagere kant blykt.
Yn syn jongere jierren komt Willem Swart – foar safier’t de LC-fermeldingen in byld jouwe – nei foarren as in enerzjike predikant. Yn de winter fan 1910-1911 helpt er jild yn te sammeljen foar in tal húshâldingen yn Húns, dy’t dêr sa bliid mei binne dat se in adfertinsje yn’e krante sette: “Dankbetuiging. De gezinnen te Huins, welke tien weken een ondersteuning ontvingen, betuigen hiervoor aan de gevers hun hartelijken dank, in ’t bijzonder aan den heer ds. Swart, die hiertoe krachtig heeft medegewerkt.”
Swart is lid en propagandist fan de Nederlandse Protestantenbond (dêr’t ds. Sybe Kornelis Bakker, dêr’t ik hjir earder oer skreau, fan 1908 oant 1918 bestjoerslid fan wie). Op 7 novimber 1911 is er de sprekker op in iepenbiere gearkomste fan de ôfdeling Baarderadeel yn Easterwierrum. “Als spreker trad voor een stampvolle zaal op de heer dr. Swart, predikant te Huins, met ’t onderwerp: Waarom ik van orthodox modern ben geworden. Oosterlittens, Winsum, Baard, Mantgum, Jorwerd, Rauwerd, Irnsum, Bozum, Wieuwerd, Britswerd, al deze dorpen waren vertegenwoordigd. Algemeen roemde men het gesprokene.”
Alwer in literêr detail: foarsitter fan de ôfdeling Baarderadeel is ds. Cornelis Hille Ris Lambers, de heit fan Heleen, de earste grutte leafde fan dichter Jan Jacob Slauerhoff (sjoch Wim Hazeu, Van een liefde die vriendschap bleef, 2007).
Yn syn twadde gemeente, Sijbrandabuorren-Tersoal, ûntjout Swart him fierder as foarfjochter fan de frijsinnichheid. Sa komme wy him tsjin yn juny 1914 op it bûten De Klinse yn Aldtsjerk dêr’t er preket op in “openluchtbijeenkomst in vrijzinnig godsdienstigen geest” en yn july 1916 by in ‘hagepreek’ yn Wikel, besocht troch hast fiifhûndert minsken, holden “onder het dichte looverdak van ’t schoone Du-Tourbosch”; hy sprekt dêr oer “Gods woord”. Yn 1917 wurdt er lid fan in ‘comité voor openluchtsamenkomsten in vrijzinnig godsdienstigen geest’. Letter is er noch aktyf as bestjoerslid fan de Vereeniging tot Verbetering van Predikantstractementen in Vrijzinnige Gemeenten der Ned.Herv. kerk in Friesland (beneamd yn 1923), as lieder fan de godstsjinstoefeningen fan de Vereeniging van Vrijzinnig Hervormden yn Menaam (1931, 1932) en as bestjoerslid fan de ôfdeling Menaldum en Omstreken fan it Nederlandsch Bijbel Genootschap.
Yn 1928 komt er yn it nijs nei oanlieding fan in moard yn Aldskou by Jirnsum. Op Pinkstermoandei fynt dêr in leafdesdrama plak: in 19-jierrige jonge stekt syn 18-jierrige freondinne Ynskje Speerstra dea. Ds. Swart fan Sijbrandabuorren wurdt ynskeakele om it treurige nijs oan de âlden te melden. De twa pasten net byinoar en der wie drank yn it spul, sa docht bliken. Yn in ynstjoerd stik yn ’e LC (30 maaie 1928) hat Swart it oer in “liefdesdrama”, mar hy merkt ek op “dat dit drama naar alle waarschijnlijkheid niet zou hebben plaats gehad indien de toch al onevenwichtige jongeman niet door te veel alcoholgebruik het stuur helemaal was kwijt geraakt”.
Dûmny, sels al jierren geheelûnthâlder, “zou de vraag willen stellen of het geen tijd wordt dat de overheid een groot deel der kermissen zoo niet alle en de als paddestoelen uit den grond verrijzende drink- en dansgelegenheden met haar demoraliseerend genot gaat uit den weg ruimen. Dit zou zeker een daad van groote opvoedende beteekenis zijn voor het jongere geslacht en alle weldenkende ouders zouden er zich zeer over verheugen.”
De ynstjoerde brief komt him te stean op in lilk ynstjoerd stik fan de kastlein fan Aldskou.
Yn syn perioade yn Bitgum, fan oktober 1931 ôf, fernimme wy fierder net folle mear fan ds. Willem Swart. It kin wêze dat er yn de tritiger jierren lijen mei syn sûnens krijt, of faaks slacht de krante gewoan minder acht op aktiviteiten fan dûmnys. Feit is dat Swart jong stjert, hy wurdt mar 58 jier. Hy leit begroeven op it hôf te Bitgum. By de begraffenistsjinst steane Korinten 13 : 8-13 en Psalm 103 : 8-9 sintraal; ds. K. de Jong fan Britsum preket nei oanlieding fan Matteus 25 : 23: “Syn hear sei tsjin him: Tige, do froede en trouwe feint! Oer net folle hasto trou west, oer folle sil ik dy sette; gean yn ta dyn heare feestnocht.”
*
[Foto: de eardere Herf. pastory te Bitgum.]
.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten