‘Hora ruit, tempus fluit,’ seit it Latyn: de oere raant wei, de tiid floeit fuort. En ek: ‘hora fugit’, de tiid fljocht.
Foardatst it witst, is it libben foarby en kinst allinnich noch mar omsjen. It is ien fan de meast yn it each rinnende skaaimerken fan ús tiid: noch noait waarden wy sa âld, en noch noait hawwe der safolle minsken sa faak achterom sjoen. Want ek noch noait streamde de tiid sa hurd, net fan har wei, mar krekt nei har ta.
Ik moat ek sizze, it is in aardichheid, dy genealogy. Sterker noch, de wittenskip dy’t de foarâlden bestudearret is gâns in sport. Mei wat mazzel hoecht in begjinneling lykas iksels der de doar net iens mear foar út, gewoan thús op de kompjûter kinne der al fassinearjende risseltaten boekt wurde. Tresoar bygelyks hat in grut part fan it befolkingsregister digitaal stean. Sjoch ek ris op de website Allefriezen.nl, dêr’t akten fan berte, houlik en ferstjerren sammele binne. Of nim Werelate.org: dêr leit in skat oan gegevens, mei it yndrukken fan in pear toetsen berikber.
De tiid fljocht op jin ôf, sa’n spultsje is it. Ynternet makket de wrâld hieltyd lytser, heart men wolris sizzen, mar dat is praat om ’e nocht. It is oarsom: de wrâld wurdt hieltyd grutter. Ommers, mei elk stikje kennis dat my berikt, wurdt myn honger nei méar kennis grutter. En myn besef fan wat noch mist, pynliker.
No ha ik wol gelok dat ien fan myn foarâlden in Van Sinderen wie. De wrâldreizigers, dûmnys, sulversmeden en abbekaten oan it Hôf fan Fryslân fleane my om de earen. En fia harren blyk ik ek noch in heel lyts bytsje fan itselde bloed yn ’e ieren te hawwen as ús eartiidske Fryske skriuwersikoanen Joast en Eeltsje Halbertsma – ik wol mar sizze, it is kultuerhistoarysk absolút ferantwurde om dizze Skroeiers wat mei in heal each te folgjen.
Wol iroanysk, tink ik gauris: de minst populêre beppe blykt it meast nijsgjirrige foarteam op te smiten. Mar no wol ik fansels ek witte wêrom’t dat laach no krekt op ’en stuit yn ’e bedelte rekke en ferfoel ta it boerearbeiders- en kollumskriuwersbestean. Ik ha efkes tiid by de fleet en ik sil derachter komme. Dy’t it hjoed net yn de hân hat, kin it altyd noch besykje mei de dagen fan juster.
.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten