donderdag 20 februari 2014

In fraai bewyske Sovjetfrysk


6 oeren lyn troch Sytze T. Hiemstra 
De Feriening Frysk Underwiis is saakkundich genôch om it grutte belang yn te sjen fan in... 

Sa begjint in oankundiging fan in reaksje op ItNijs.nl – mar dy’t it linkje oanklkt, komt op in side dy’t net bestiet… 

Ik nim oan dat Sytze T. Hiemstra yn syn reaksje, dy’t dus gjin reaksje is, of wêze mei, alle beswieren en arguminten efkes bydel rint dy’t benammen Henk Wolf en Pieter Breuker ferline jier én dit jier ynbrocht hawwe tsjin de troch de Fryske Akademy útstelde staveringsferoaringen, en tsjin it folslein bjusterbaarlik fan de wrâld losse útstel fan deselde Akademy om de Fryske taal koart te knippen mei in ferplichtsjende ‘standertwurdlist’, en ik nim oan dat Sytze T. Hiemstra út namme fan de Feriening Frysk Underwiis yn itselde stikje efkes protest hearre litte woe tsjin de wize sa’t de Fryske Akademy en in pear amtners op it Provinsjehûs, dy’t inoar goed of yn alle gefallen better as sljochtweihinne kenne, in amtlik útstel yninoar draaid hawwe dêr’t de hûnen gjin bôle fan luste – leste, sil Hiemstra wol tinke – mar dat – dat útstel dus – likegoed yn earste oanlis troch Provinsjale Steaten oannaam waard… 

Spitich dus dat dy reaksje no net te lêzen is. Wat no wol te lêzen is… dat is ûndersteand fraai bewyske Sovjetfrysk fan in yn de tritiger jierren al wegens oerstallich opheven Tytsjerksteradeelster politburo:

“De Feriening Frysk Underwiis is saakkundich genôch om it grutte belang yn te sjen fan in fierdergeande standerdisearring fan it Frysk en hat fertrouwen yn de Akademy-meiwurkers. Hindrik Sijens en syn kollega’s hawwe dus ús stipe. In Grien Boekje sil aanst grif fan betsjutting wêze foar de learmiddelproduksje en der (hooplik) ta bydrage dat der regaad makke wurdt yn de besteande tizeboel op dat mêd (ûnnedich dialektysk ferskaat en net needsaaklike ynslûpsels yn lesmateriaal en toetsen). Dy wyldgroei makket in taal slim ûnderwiisber en makket learlingen ûnwis. In Grien Boekje (foar taal en teken) is needsaaklik foar de fierdere ûntjouwing fan it Frysk as kultuertaal/standerttaal yn ûnderskate maatskiplike domeinen en wurket boppedat statusbefoarderjend. Om dat te betinken hoecht men gjin grut ljocht te wêzen."

En sa is 't mar krekt!


Geen opmerkingen:

Een reactie posten