vrijdag 14 februari 2014
De reade flagge fan Rindert van Zinderen Bakker
Ik ben een rebel. ‘k Veracht in ’t hart
Hen, die voor Mammon kruipen,
Die zich ontmannen voor het geld!
Ja, ik verfoei hun gluipen,
Hun vleien om een stukje brood.
Ik ben rebel. Ik vrees geen dood.
Timmerman, oannimmer, sosjalistysk foaroanman, bejeftige sprekker, en dichter. Rindert van Zinderen Bakker (1845-1927), berne yn Koartsweagen, stoarn yn De Gerdyk, wie it allegear. Foarsitter fan de pleatslike ôfdeling fan de Provinciale Friese Werklieden Vereniging, de Sociaal-Democratische Bond, de Bond van Algemeen Kies- en Stemrecht, haadbestjoerder fan de Friese Volkspartij. En, krekt al is dat noch net genôch: hy wie ek it earste sosjalistyske gemeenteriedslid fan Nederlân (1891).
Van Zinderen Bakker plante takom wike woansdei 127 jier lyn, yn 1887 op de 70ste jierdei fan kening Willem III, tegearre mei ien fan syn wurknimmers in reade flagge op de tsjerketoer fan De Gerdyk. It is sûnder twifel, njonken al syn konkrete krewearjen foar de arbeidersklasse fan syn dagen, syn ferneamdste symboalyske fersetsdied. Yn Recht voor Allen, it blêd fan de SDB, stie op 26 febrewaris 1887 in berjocht: ‘Zaterdag 19 febr. heeft de roode vaan eenigen tijd van de kerk te Gorredijk gewapperd. Er behoorde grooten moed toe en veel liefde voor onze banier om hem daar te plaatsen. Ook waren eenige biljetten aangeplakt, luidende: “Dood aan koning Gorilla. Amnestie voor Domela Nieuwenhuis”.’
Domela Nieuwenhuis siet doe finzen yn Utert foar in net troch him skreaun artikel yn Recht voor Allen. By syn feroardeling hiene ’12 Friezen’ oanbean om elk in moanne foar Nieuwenhuis yn ’t plak te sitten; dat hawwe wierskynlik leden fan De Gerdykster ôfdeling fan de SDB west, dêr’t Van Zinderen Bakker op dat stuit siktaris fan wie.
Yn de Strikel fan novimber 1989 skreau Ernst Huisman in nijsgjirrich stik (‘It read op ’e toer’) oer it flagjen fan Van Zinderen Bakker; dêryn komt er ek efkes op de dûbele achternamme fan de Gerdykster oannimmer: “Syn heit en mem hiene beide bern út in earder houlik, sadat se tocht ha moatte dat harren soan Rindert as in tredde soarte de namme fan har beide drage moast. Se joegen him dêrom as twadde foarnamme de achternamme fan syn mem, Van Zinderen.”
Oer de namme Van Zinderen soe ik graach noch it folgjende taheakje. De letter –Z yn de achternamme fan syn mem, Fokjen Rinderts van Zinderen, hat nei alle gedachten in fersin west fan de amtner dy’t har yn 1800 yn it befolkingsregister ynskreau. Yn 1811 komt men nammentlik de namme fan har heit yn datselde register tsjin as Rindert Ulbes van Sinderen (1764-1823), dus mei in –S. Dêrút folget dat Rindert van Zinderen Bakker ta it neiteam hearde fan dûmny Ulbe Hotses van Sinderen (1672-1753) út Beetstersweach – de hûspedagooch fan de grytman fan Opsterlân, jonkhear Augustinus Lycklama à Nijeholt (1670-1744) – en dy syn frou Hendrikien Halbetsma (1676-1720), dochter fan Scipio Halbetsma, abbekaat oan it Hôf fan Fryslân en de stamheit fan de skriuwers Joast en Eeltsje Halbertsma. Syn komôf gie wat dat oanbelanget werom op harren dochter Janke van Sinderen (1716 - ?). Janke har broer Ulpianus Ulbes van Sinderen (1707-1796) wie de lêste dûmny dy’t yn New York, foarhinne Nieuw-Amsterdam, noch yn it Nederlânsk preke.
Rindert van Zinderen Bakker syn bekearing ta it sosjalisme en syn ôfwizing fan de tsjerke, yn it begjin fan de jierren 1870, binne alsa opfallend yn it ljocht fan syn komôf út in famylje mei in tige religieuze achtergrûn en mei histoaryske bannen mei de pleatslike machthawwers yn Opsterlân. De notabele en de dûmny binne it mikpunt yn syn iere sosjalistyske poëzij, sa’t Gerrit Komrij sa moai sjen litten hat yn it essay ‘Dichtende arbeiders’ yn de bondel Papieren tijgers (Arbeiderspers, Amsterdam 1978):
“R. van Zinderen Bakker vertelt ons in een van zijn bundels, op rijm, het verhaal van de uitgebuite Klaas. Als kleine jongen moest Klaas, ‘dienstbaar in het huis / Van vaders rijken broodheer Baron Van Hogersluis’, al de kastanjes uit het vuur halen voor 't jong baronnetje, en later, bij de loting, voor hem soldaat zijn. Daarna moest Klaas trouwen met het door de jonge baron ‘beetgenomen’ Klaartje, enz. Zo ging het zijn leven door. Maar altijd bleef Klaas tevreden:
En hadden dikwijls anderen
ook kwestie met den baas
om hooger loon of werktijd,
daaronder was nooit Klaas.
Klaas prees immermeer de leiding Gods, en hij kreeg op zijn begrafenis door de dominee de hemel toegezegd omdat hij zijn last zo geduldig had gedragen. Maar de baron werd ten grave geleid als een ster van de eerste grootte; een waarachtig mens in daad en woord.”
Men kin fansels net mei wissichheid sizze dat Rindert van Zinderen Bakker weet hie fan de achtergrûn fan syn famylje. Mar famyljeferhalen hawwe bytiden in lang bestean. Sa waard my as jonge altyd troch myn beppe fan heitekant Klaske van Sinderen sein dat ik letter wol dûmny wurde soe. Wêrom dûmny? Doe’t ik folle jierren letter de stambeam fan de Van Sinderens útsocht, ha ik my ynbylde dat it sizzen fan beppe faaks wat te krijen hân hat mei de tiid, de 18de ieu, dat de Van Sinderens noch in echte dûmnysfamylje wiene, en dat beppe dêr op ien of oare wize weet fan hie.
Letter yn syn libben bedaarden Rindert syn sosjalisme en syn útsprutsen antytsjerklike hâlding wat; nei syn ferhuzing nei Bussum (1906) waard er sels lid fan de Nederlandse Protestantenbond en skreau er sa út en troch in stikje yn it kristen-sosjalistyske blêd De Blijde Wereld, mooglik ûnder ynfloed fan de bekende ‘reade dûmny’ Sybe Kornelis Bakker. De tiid dat er in reade flagge sette op de tsjerketoer fan De Gerdyk lei doe al fier achter him. Foarby wie de tiid dat er oer de al te folchsume arbeider sokke strofen dichte:
Ei! Ziet eens om u henen
toe! beurt uw hoofd eens op!
Des jonkheers nakroost zit u
te lang reeds op den kop.
En trok de leepe priester
van Rome of van Dordt,
U 't vel ook over de oogen,
maakt dat gij ziende wordt!
Want meer nog dan zoovelen
in hermelijn en goud,
Zijt gij het die de vrijheid
van allen tegenhoudt.
“Een socialistisch volkslied van Van Zinderen Bakker,” skreau Gerrit Komrij, “ontlokte een dominee in 1893 de verzuchting dat hij niet wist wat erger was: de proletarische opstand of de cholera, die in ‘de gedaante van den vorst des doods gezien wordt, op het vale paard, jagende van St. Petersburg naar Madrid, met zijn geesel zijn geraamtehengst zweepend, en grijnzend lachend tusschen de tandelooze kaken’.
Het troetelkind van de rijken, dat de werkmanspoëzie in de negentiende eeuw was, leek heel even op een monster.
Heel even. 't Is allang weer het troetelkind.”
.
Abonneren op:
Reacties posten (Atom)
Geen opmerkingen:
Een reactie posten