vrijdag 14 februari 2014

Boeken fan Fryslân hat stichting Tsjil in poat útdraaid

Der sil wer sutele wurde yn 2014. Dat wie okkerdeis it boadskip fan de Stichting Tsjil, dy’t ferline jier 5000,- euro omsette troch in pear oeren te suteljen mei Fryske boeken yn Bitgum, Bitgummole en Ingelum. Moai berjocht fan de foarsitter himsels, Ferdinand de Jong, yn de Leeuwarder Courant. It toant oan dat der yn Tsjil in stik mear kriich sit as yn de troch de provinsje subsidiearre Stichting Boeken fan Fryslân.

Dy hie it suteljen fansels op 'e noed nimme moatten nei’t er yn 2010 by syn ûntstean mar leafst twa ton fan deputearre De Vries meikrige. Mar Boeken fan Fryslân, koartwei BfF, fertsjinnet it leaver op in oare manier. BfF kaam ferline jier ûnder oare oan de kost troch de út te suteljen boeken fan útjouwers net iens te ferpleatsen nei, mar beskikber te stellen foar Tsjil. En dêr dan in aardich poepke jild foar yn rekken te bringen. 

Want wat lês ik yn itselde berjocht? Fan elk troch Tsjil mei suteljen ferkocht boek gie mar 10 persint fan de ferkeappriis nei Tsjil en mar leafst 15 persint nei BfF. Ast dan witst dat de normale boekhannelskoarting op in boek minimaal sa’n 40 persint is (it persintaazje fan de ferkeappriis dat foar de ferkeapjende boekhannel is), dan leart in koarte rekkensom op it foarste plak dat de útjouwer by dit sutelmodel spekkeaper is: dy krijt gjin 60 mar wol 75 persint fan de ferkeappriis. 

Dat is al heel diskutabel yn myn eagen. Mar dan! Yn de 25 persint dy't dan oerbliuwt komt de stichting dy’t alle war docht om frijwilligers byinoar te regeljen, de stichting dy’t yn waar en wyn by de doarren del giet, de stichting dy’t mei doazen fol boeken omsjout, presys, dy stichting komt mei 10 persint oan de krappe ein. It is dus BfF, sis mar de provinsjaal bekostige boekebeskikbersteller fan de provinsjaal bestuivere Afûk, dy’t him mei dy 15 persint slap gniist! 

Soks kin natuerlik yn 2014 net wer. Ast der even in tel by stil stiest is it godgeklaagd dat de Afûk en syn hantlanger Piter Boersma (foarsitter fan BfF) it doarden te bestean om sokke smoarkontrakten op te lizzen oan de warbere idealisten fan Tsjil. Soe immen by de provinsje dêr net ris in fraach oer stelle moatte? 

Logysk dat Tsjil – dêr’t yn twadde ynstânsje ek neitocht wurden is – diskear yn see sil mei Bornmeer as leveransier fan boeken foar it suteljen. Ik mei hoopje nét mei deselde persintaazjes.



.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten