dinsdag 11 februari 2014

In nijboud ynstrumint of in Guarneri?

Yn de seal ‘Moscow’ fan it WTC Expo yn Ljouwert ha ik freed 10 jannewaris foar Dan Brown, syn frou Blythe en in selekt selskip fan útjouwers- en hynderminsken de prolooch fan Ynferno foarlêzen, earst yn it Nederlânsk, doe yn it Frysk. De sneons dêrnei by in sinjearsesje yn boekhannel Van der Velde frege Omrop Fryslân oan Brown wat er fan it Frysk tocht. “It’s beautiful,” antwurde er flotwei, “I can't understand it, but the Frisian language sounds beautiful, I heard the translator read from Inferno last night, in Frisian, and it sounded like poetry. I thought: ‘I wrote that?’ That’s pretty good!” 

De ‘sound’, dy’t yn it Frysk benammen fuortkomt út de twa- en trijelûden, dat is wat bûtensteanders in earste yndruk fan it Frysk jout. Mar as Dan Brown Frysk studearre hie, dan hie er miskien opmurken dat it Frysk yn Ynferno wat kealer en wat sprektaliger is as wenst, ferlike by de measte Frysktalige boeken. As taal muzyk is, en de sprekker, skriuwer of dichter is de fioele, dan ha ik mysels foar it oersetten fan it bêst ferkochte boek yn Nederlân fan 2013 feroare yn in nijboud ynstrumint, iepen, helder en tagonklik fan klank, mei hjir en dêr in swym fan in wat âldere sonoarens. 

Brown is op taalnivo in funksjoneel skriuwer, dy’t der foar oppast om it omtinken fan syn lêzers weidwale te litten fan de hanneling, de aksje, de spanning en it plot. Syn taal is net bedoeld om ‘moai’ lit stean ‘geef’ te wêzen, mar om de lêzer mei te nimmen yn it ferhaal. Myn oersetting sil wat klank oanbelanget net ôfwike fan in mear literêre tekst, mar op it mêd fan wurdkar en konstruksjes ha ik besocht om lykas Brown earder funksjoneel as estetysk te skoaren. Dêr komt boppedat noch by dat de oersetting, foar my, as belangrykste besteansrjocht hat it besykjen om nije lêzers foar it Frysk te winnen, lêzers dy’t oars net gau in Frysktalich boek oantuge mar dy’t, no’t in ynternasjonale superbestseller yn it Frysk beskikber is, miskien tinke sille: ‘Ja, ik besykje it dochs in kear!’ 

Sokke lêzers moatte jo no ienris net in tekst foarsette dy’t har twingt om by elke sin twa of trije kear it wurdboek der by te krijen. Dat, gjin achttjinde-ieuske Guarneri of Stradivari diskear – it soart fioele dat ik graach wêze wolle soe as it om Fryske poëzij giet, mar in nijboud ynstrumint. Ek mei fjouwer snaren, mar beskate wurden litte har der net sa moai troch ferklanke. Sa ha ik nochal wat snijd yn fokabulêr dat yn myn eagen op de doelgroep fan begjinnende Frysklêzers al gau in ‘âldfrinzige’ yndruk makket. Ik doch in greep: ‘barre’, ‘barren’, ‘benammen’, ‘ea’, ‘nea’, ‘earne’, ‘nearne’, ‘eat’, ‘efter’, ‘faaks’, ‘hokker’, ‘immen’, ‘nimmen’, ‘lofts’, ‘ris’, ‘sêft’, ‘tige’, ‘tinzen’ – foar al dy wurden, dy’t faak foarkomme, ha ik sprektalige alternativen brûkt of, as dat net koe, ik ha se omskreaun. 

Alternativen: ‘oait’, ‘noait’, ‘ergens’, ‘nergens’, ‘wat’, ‘achter’, ‘miskien’, ‘watfoar’, ‘ien’, ‘net ien’, ‘links’, ‘in kear’, ‘sacht’, ‘heel’, ‘gedachten’. En in foarbyld fan in omskriuwing: Brown skriuwt heel faak ‘Robert Langdon wondered (..)’. Om no foar te kommen dat soks iderkear ‘Robert Langdon frege him ôf (..)’ wurdt, ha ik farianten brûkt: ‘liet yn him omgean’, ‘beprakkesearre oft’, ‘wie der net wis fan oft’ (stel Henk Wolf op Facebook in fraach, en de farianten komme mei de kearende post). Sokke oplossingen ha ik ek socht foar ‘barre’ – ‘gebeure’ woe ik út noch yn net skriuwe. Der binne grinzen oan it ynfieren fan sprektalichheid fansels, al sille dy foar elk wer oars lizze. 

Sprektalich (mar ek wol gongber yn de skriuwtaal) is ek it brûken fan de apostrof-e konstruksje foar ‘de’: ‘fan ’e’, ‘yn ’e’, ‘op ’e’, ‘út ’e’, ‘om ’e’. In taalpolitiker beslút wie it om guon –ie wurden (fan komôf in skriuwwize út it Wâldfrysk) te ferfangen troch –ee wurden (Klaaifrysk): ‘heel’, ‘helendal’, ‘heeltyd’. Tsja, je komme út de Bouhoeke of net. As de Fryske Akademy ferline jier net de diskusje oer dialektfoarmen en standerdisearring iepene hie, yn dy beruchte brief oan de provinsje, hie ik der faaks net iens by stilstien. Mar wol de Akademy it folle faker yn de skriuwtaal foarkommende ‘romte’ as preferinte foarm ferfange troch ‘rûmte’, dan meitsje ik as skriuwer en dichter myn eigen standert wol… 

As Dan Brown sa’n sprektaliger oersetting as wenst dan nóch oan poëzij tinken docht, dan kin ik net oars as mei in brede glimk op ’e troanje yn hûs om pantoffelje. Wie ik Gerard Reve, dan luts ik no in blommich boesgroentsje oan. 

It plan om in Fryske oersetting fan Inferno op ’e merk te bringen, sil by útjouwerij Luitingh-Sijthoff ûntstien wêze nei de simmer, doe’t achter de skermen al tariedingen troffen waarden foar de besite fan Brown & Wife oan de hynstekeuring yn Ljouwert. De Nederlânske oersetting wie doe al in pear moanne út; dêr wie troch fjouwer oersetters fjouwer wike lang oan wurke, yn it djipste geheim yn in bewekke en elektroanysk befeilige souterrain yn Londen. Yn foarkommend gefal soe it foar ‘ús’ fansels gaadliker wêze as de Fryske oersetting tagelyk mei de Nederlânske makke wurde koe. No rint de Fryske edysje dochs trijekwart jier achteroan en sille in protte Brown-leafhawwers it boek al lêzen hawwe yn it Nederlânsk. 

De fraach oft ik Inferno oersette woe, berikte my ein july 2013. Yn septimber bin ik dermei út ein set, begjin novimber moast de tekst klear wêze. Der wie sadwaande (foar my, dy’t gjin Ingelsk studearre hat) tiid te min om út it Ingelsk wei oer te setten, ik ha de Nederlânske oersetting as basis brûkt en sa út en troch it Ingelske orizjineel derby hân. Rekkene yn wurkwiken ha ’k der fjouwer wike mei oan ’e gong west. Dêrnei hat de ûnfolpriizge Anne Tjerk Popkema de korreksje foar syn rekken nommen – net sasear op wurdnivo, mar op oare ûngerjochtichheden – en my foar mannige flater behoede. Ek Luitingh-Sijthoff hat de sokken deryn set: op 3 desimber wie de Fryske fersy al yn of fia de boekhannel te keap! 

It publisearjen fan bestsellers yn it Frysk kin in ynstrumint wêze by it befoarderjen fan it Frysk-lêzen, helendal as de Nederlânske en Fryske ferskining fan sokke boeken lykop rinne. It Frysk hat, as ûnder druk steande minderheidstaal, in breed lêzerspublyk noadich, wol it net ôfglydzje ta in taal mei inkeld in elitêre en profesjonele lêzersgroep. Wat dat oanbelanget is it resinte inisjatyf fan It Skriuwersboun om in oersetprogramma te begjinnen fan grut belang. Yn dat ramt sil ek neitocht wurde moatte oer it soart taal dat de oersetters brûke. It Frysk mei syn grutte ferskil tusken sprek- en skriuwtaal twingt wat dat oanbelanget in oersetter ta in antwurd op folle mear fragen as dat it fierhinne standerdisearre Nederlânsk dat docht. Ik hoopje yn dat ramt mei myn oersetting fan Ynferno de diskusje oer fioele en doelgroep iepene te hawwen.


[Yn: Skanoskrift, febrewaris 2014]

Geen opmerkingen:

Een reactie posten