Omballingen? Gelokkich al, want oars hie der oer it lânarbeiderslaach De Vries út Bitgum oant 1904, it bertejier fan pake Abe, net folle nijsgjirrichs te melden west. Myn âldste noch te trasearjen foarfaar yn it De Vries-laach húsmanne yn Deinum, dat wie in ‘meester schoenmaker’ Kornelis Pieters, troud yn 1696 mei in Jetske Minnes. Fierder tebek wol net, want dy Deinumer doopboeken binne der net mear. Lit my dêrom mar begjinne yn it jier 1845, as Lieuwe Pieters de Vries, 32 jier, arbeider te Bitgum, trout mei Grietje Meinderts Dijkstra, 26 jier, tsjinstfaam te Bitgum. Grietje hie gjin mem mear, dy wie stoarn yn ’e kream. Har pake wie de grofsmid fan Bitgum, Jan Johannes de Lang.
Wat no sa aardich is: Grietje sit yn direkte line yn it foarteam fan myn pake Abe, en har âldere suster Aaltje Meinderts Dijkstra (1813-1885) yn dat fan dy oare humorist mei Bitgumer woartels, Tetman de Vries.
Mar earme minsken, allegear. En tragyske húshâldingen. Nim no de âldste soan fan Lieuwe Pieters en Grietje Meinderts: Pieter Lieuwes de Vries (1846, Bitgum – 1924, Mullum). Hy trout op 24 april 1870 yn de gemeente Menameradiel mei Antje Geerts Hempenius (1845-1922), dochter fan Geert Sikkes Hempenius en Wytske Kornelis Hoitsma. Se krije tsien bern:
Lieuwe (1871), hat alve moanne libbe;
Grietje (1872), hat fjouwer moanne libbe;
Lieuwe (1873-1909), myn foarfaar, 35 jier wurden, “hat himsels dea meand”, ha ik fan ús heit;
Wytske (1875-1901), 26 jier wurden;
Grietje (1877), hat njoggen moanne libbe;
Geert (1879), hat noch gjin moanne libbe;
Geert (1880), hat twa moanne libbe;
Geert (1881-1926), is 45 jier wurden;
Krelis (1883-1913); neffens oerlevering yn Dútslân fan in tsjerkesteiger fallen, 29 jier wurden;
Grietje (1886-1971).
Ien jier ‘koopman’
It binne de anonime wurklju yn de 19de ieu dêr’t wy net folle fan op it spoar komme kinne. In pear basisgegevens en grutte linen: bertejier- en plak, berop, troud of net, bern of net, ferhuzingen, jier fan ferstjerren, plak fan ferstjerren. Alles dêr noch oerhinne is moai meinommen. Sa sjoch ik dat de heit en mem fan Antje Geerts, de frou fan Pieter Lieuwes, yn maart 1839 trouwe moasten. Hy wie in 19-jierrige ‘boerenknecht’ yn Ingelum, sy in 19-jierrige tsjinstfaam yn Froubuorren. Syn heit hie ‘potschipper’ west, dus in keapman yn potten en pannen dy’t syn negoasje per skip nei de doarpen brocht, en wie ‘overleden in een vaartuig’. By it houlik fan beide minderjierrigen wie in plysjeman tsjûge, de 70-jierrige Johannes Geerts Santhuizen. It gong blykber net allegear yn harmony. Trije moanne letter waard it earste bern berne.
Pieter Lieuwes en syn húshâlding binne lange tiid yn Bitgum bleaun, oant wy se yn 1897, as dochter Wytske trout, oantreffe yn Doanjum. Yn 1909, by de dea fan soan Lieuwe, wenje se yn Mullum, dêr’t se fierder bliuwe sille. Pieter Lieuwes hat syn hele libben boerearbeider west, al hat er yn de Grutte Agraryske Krisis al besocht om in poat oan de grûn te krijen yn de hannel. Want yn 1880, by de oanjefte fan syn twadde Geert, jout er as berop op: koopman. Mar by de tredde Geert yn 1881 is it alwer: arbeider. Syn besykjen om te ûntkommen oan de grûn is mislearre.
Soan Lieuwe, krekt as syn heit boerearbeider, trout op 22 maaie 1897 mei Grietje Alkema (1878-?), dochter fan boerearbeider Abe Hendriks Alkema (1844-1941) en Aaltje Pieters Hoekstra (1845-1921). Se krije twa soannen: Pieter (1898-1922) en Abe (1904-1996). Grietje Alkema bliuwt earst allinnich achter mei twa bern nei’t har man Lieuwe yn 1909 ferstjert. Pas yn 1913 trout se op ’e nij, mei de 37-jierrige Seisbierrumer opperman Jan Leyen, in soan fan in smidsknecht. Har soan Pieter wurdt mar 23 jier; hy ferstjert yn 1922 yn it sikehûs yn Ljouwert oan de ferwûningen fan in ûngemak op it wurk. Mem Grietje wennet dan al yn Winaam.
Slach oan de Berezina
Genealogysk ûndersyk lit jin bytiden ferbannen sjen dy’t ferrasse. Abe Hendriks Alkema, de pake fan myn pake Abe, wie in grut part fan syn libben boerearbeider yn Doanjum. Ien fan de tsjûgen dy’t meikaam om de berte fan syn earste bern Hendrik (1870) by de gemeente oan te jaan, wie in boer – ik nim oan, it wie de boer dêr’t er doe by wurke. Dat wie Gerlof Riemers Terpstra (1803-1873), de pake fan boer Gerlof Fokkes Terpstra dy’t yn 1901 – nei de dea fan Klaas Sybes Okkinga, dêr’t ik op dit plak oer skreaun ha – op Okkinga State yn Winaam kaam te buorkjen – de pleats dêr’t myn heit yn de santiger en tachtiger jierren fan de foarige ieu arbeider west hat, doe ek noch (altyd) by in Terpstra.
Abe Hendriks wie ek de man dy’t myn pake syn foarnamme joech. Syn soan Pieter troude yn 1903 mei Luutske Dijkstra út Seisbierrum, en harren earste soan Abe Alkema stoar fiif moanne âld op 17 jannewaris 1904. Pake Abe waard op 10 oktober 1904 berne en krige deselde foarnamme, sadat Abe Hendriks Alkema dochs ferneamd waard.
In âldere broer fan Abe Hendriks, Anne Alkema (1835-1921), wenne te Winaam; doe’t syn omkesizzer Grietje Alkema mei har soannen Pieter en Abe allinnich kaam te stean, wie Winaam foar har in logysk plak om hinne te ferhúzjen. De Alkema’s hawwe sa’t it liket hast oeral yn Westergoa wol wenne: Hjerbeam, Mullum, Doanjum, Ried, Winaam, mar ek Wûns, Engwierrum, Tsjom. In omke fan Abe Hendriks Alkema sloech wat de ferhalen betreft alles. Dizze Duurdt Hendriks Alkema (1790, Wûns – 1877, Tsjom) wie soldaat yn it nasjonale leger fan 1808 oant 1818. Yn 1822 wie er tichelaar te Mullum, yn 1829 boerearbeider, dêrnei opperman te Tsjom, yn 1849 kalklasser yn Mullum, en letter kalkbrâner. Hy is wierskynlik einige yn it Tsjommer earmehûs.
Mar yn de Frânske tiid is er desertearre, sa wolle de ferhalen, út it leger fan Napoleon by de rivier de Berezina achter Minsk yn Ruslân, yn de Slach oan de Berezina (1812) tsjin de Russen. Duurdt waard finzen nommen yn Dresden en die mei oan oarlochshannelingen tsjin de Prusen. Op ’e flecht krige er in sabelhou yn ’e nekke doe’t er op in hynder in rivier ynsprong. Hy siet doe yn it 9de Rezjimint Lânseliers. Letter waard er kanonnier 2de klasse by de 4de Batterij Artillery te Venlo yn Limboarch by de Nasjonale Milisy. Hy foel doe ûnder it distrikt Ljouwert, kanton Frjentsjer fan 1811-1821. Yn 1820 wie er legere yn it garnizoen Grave by Nijmegen. Yn 1814 makke er in foettocht fan Graz yn Eastenryk nei Almenum yn Fryslân, hy woe doe 24 jier. Dit alles optekene op www.genealogieonline.nl.
In sinjalemint fan Duurdt gie sa: “Lengte 5 voet, 7 duimen en nog iets, smal gezicht, blauwe ogen, grote neus, ordinaire mond, ronde kin, ligtbruin haar en wenkbrauwen; merkbare tekenen: pokdalig.”
In omke fan ‘Jan-ien’
Noch in ferrassing: ik kin no ek wat mear sizze oer it foarteam fan de dichter Jan Wybenga, dêr’t ik op dit plak earder oer skreaun ha. In dochter fan Duurdt, Eekje Duurdts Alkema (1827-1913), dus in nicht fan myn pake syn pake, troude yn 1865 mei skipper Pier Jans Wybenga, dy’t doe yn Almenum wenne. Foar beide wie it in twadde houlik. Pier Jans Wybenga wie in omke fan de pake fan Jan Wybenga, alsa in omke fan ‘Jan ien’ út de dichtbondel kj 3 (1972).
De heit fan ‘Jan ien’ wie Albert Jans Wybenga (1816-1902), syn mem Baukje Douwes Bakker, berne yn Arum, stoarn 1866. Dizze Albert Jans wie wer in soan fan Jan Alberts Wybenga (sa. 1782-1821), troud mei Wytske Piers Hibma (1784-1854). En dy Jan Alberts wie in soan fan Albert Jans Wybenga (sa. 1749-1821), berne te Achlum, arbeider, troud mei Jetske Watzes Andela. Dit Wybenga-laach gie nei de Herfoarme Tsjerke en is dus in oar laach as dat fan Aaltje Wybenga (1753-1824), de frou fan de bekende mennistepreker Pieter Stinstra (1747-1819) út Harns.
Op ien of oare wize hechtsje ik no nóch mear wearde oan de ynlieding dy't ik by de Samle fersen fan Jan Wybenga skreaun ha.
Doodbaarshuisje
Werom nei pake. Abe de Vries bedarre yn Winaam, wierskynlik net lang nei it trouwen fan syn mem Grietje Alkema yn 1913 mei Jan Leyen út Seisbierrum. Leyen en syn famylje hawwe belangryk west foar pake, sa’t it liket. Jan Leyen wie in soan fan Jochum Leyen, in grofsmidknecht yn Seisbierrum; de grofsmid dêre wie Pieter Leyen, alsa famylje. De Leyens wiene in famylje út Harns; in Pieter Cornelis Leyen wie oerkaam út Winkel yn Noard-Hollân en wie blok- en mastemakker, dus skipstimmerman.
It liket derop dat Jan Leyen stipe hân hat fan syn famylje yn Harns; hy wenne yn 1928 op it adres Hofstraat 28, flakby Hofstraat 39 dêr’t timmerman C. Leijen wenne en wurke. (Dat pân stie yn 1814 te boek as ‘doodbaarshuisje’, dêrnei as ‘turfdragershuis’ yn eigendom fan de stêd, en yn 1905 as ‘woonhuis en pakhuis’.)
No seach ik dat der ek in Leyen/Leijen foarkomt yn de genealogie fan S. Elsinga yn Harns. Ik moat dat noch fierder útsykje, mar de lêzer fan myn petret fan pake yn de Harlinger Courant wit dat pake Abe yn de koekjehannel gien is op oantrunen fan syn mem Grietje, want “sa hie pake ommers ek syn brea fertsjinne”. Watfoar pake bedoeld waard, is net helendal dúdlik: in Alkema? Of in Leyen? Dat lêste leit mear foar de hân. Faaks hie der al in Leyen foar bakker Elsinga mei bôle en koeke sutele, noch foar’t pake Abe dêr yn de tritiger jierren mei begûn.
As ik wer ris wat aardichs opfandelje út de genealogyske grotten, meld ik my wol wer.
.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten